donderdag 2 juli 2026

'Brek je fuotten net' tunnel

Okkerlêsten skreaun ik oer de fytstunnel

tusken Deinum en Boksum

Libbensgefaarlik om dêr mei in swiere fyts trochhinne tegean 

Hjoed pikt de LC it op

mei in ferhaal oer de timmerman fan Deinum

dy't eigenhandich in trep makke hat op de trep




Neffens Pro Rail hie it in miljoen djoerder west

at der in fatsoenlike tunnel dellein wie

in pil


'Hasto ek belangstelling foar it boek 'Friezen yn 'e frjemdte'

Ik stimde yn, yn de ferûnderstelling dat it oer sommige friezen giet

It boek hat in omfang fan jewelste,

in oantal siden dêr binne je fuort net mei klear

en it is hast net te tillen

Wêr't en hoe't je it lêze moatte

ik bin der net efter kommen

Yn bêd is útsletten, op'skurte is net fol te hâlden

en op de keukentafel past it hast net iens.

Ik haw it besocht om der trochhninne te blêdzjen

it is mij net slagge.

"kinst it boek wol weromkrije, ik haw it út"

sa lit ik Teade witte

Moai, seit Teade, bring it mar ris werom

it hat gjin haast, miskien kin in oar (ûn) gelokkich meitsje

Dus wa't alles witte wol, oer fryske kriten "all over the world'

kin him melde bij Teade de Boer

hij wol dizze pil noch wol in kear útliene.

Sterkte dan mar

woensdag 1 juli 2026

Boek

 


Ik haw mij kostlik fermakke mei dit boek.

Koarte ferhalen oer minsken en sitewaasjes