vrijdag 28 juni 2019

Paradiso



Unferwacht dochs noch nei Fatal Flowers.
Sykte fan de ien (Eddy)
is in gelokje foar de oar (Aant)

Fatal Flowers, in lekkere Amsterdamse rockband,
dy't aktyf wie tusken 1984 en 1990.
No yn 2019 in toernee fan 14 konserten
hast oeral útferkocht.

Juster de lêste yn harren thúsbasis Paradiso,
binnen it kertier útferkocht
en dêrom hjoed noch de alderlêste

Wij (Janet, Pep, Lolke en ik)
wiene bij it lêste konsert
en it wie sublym.
Sa'n geweldich stik muzyk
mei bijsûnder entoesjast publyk
yn sa'n sfearfolle seal.

It klote gewoan allegear.

Opfallend wie de ôfslúter
wêrbij se letterlik de stokken en gitaren oerdroegen
oan (harren) bern.
It publyk wist it tige te wurdearjen

Sjoch dit filmke
en klik troch nei 5 minuten
wêr't jong it plak yn nimt fan âld


donderdag 27 juni 2019

Bijrider

Ik hie der noch nea fan heard
mar it is dus mooglik
dat je útroppen wurde ta "Beste bijrijder"

Raar dat ik der nea fan heard ha
en noch frjemder dat ik net nominearre bin

al 41 jier bin ik bijrider,
bemoui mij sa hast nea mei it riden
en haw ik noch nea ropt
"lit mij mar ride"
Ek wichtich,
ik kin aardich kaart lêze
en haw 41 jier skeafrij bijriden

Ik gean foar de titel fan 2020 en letter



woensdag 26 juni 2019

Samme


Lekker yn it skaad
kofje- en roosvicee drinke
en appeltaart mei slachreamme ite mei Samme:

dan hawwe it der efkes oer......

dinsdag 25 juni 2019

Moaie bermen

In moaie berm
fleuret it (fyts) paad en de dyk op.

Sa as oan de Swette tusken Mantgum en Boazum,
is is wer in aardichheid om te sjen
wat wat kleurige blomkes dwaan kinne mei it lânskip

Tusken it Spannumertunneltsje en Spannum
hawwe bewenners en in stikje berm opfleure.
en om foar te kommen dat oeriverige
neatûntsjende meaners fan de gemeente
it koart meane
hawee sij der in kreas boerd bijsetten

Oan't no ta komt it boadskip goed oer


maandag 24 juni 2019

Gjin foto

In stikje sûnder foto of filmke,
dat komt net sa faak foar.
It stikje giet oer Maarten
en de gekte dy't dat feroarsaakt.

In skoft lyn sette in frou op facebook
dat se "Maarten moe "wie,
neidat hij bekend makke hie
dat er in nije poging dwaan soe
om de 11 stêden lâns te swimmen.

Ik begryp dy frou wol wat,
mar mei dat fansels net lûdop sizze,
want Maarten swimt foar in goed doel
en hellet wer hiel wat jild op foar ûndersyk
en set it allegear yn de belangstelling.

Dus sis ik it mar net lûdop,
mar typ ik it hjir del:
Ja,
ik haw ferline jier twa kear west te sjen,
nee,
ik folch it dit jier net echt
en bin der ek net bij west.

Ik seach op twitter in reaksje fan immen:
"vreselijk dat iemand zich zelf zo pijnigt,
terwijl hij beter binnen zijn eigen politieke partij (VVD)
actie kan ondernemen om meer geld voor onderzoek vrij te maken"

At ik dit skriuw,
is hij ûnderweis nei Bartlehiem
oanmoedige op dizze moandeitemoarn
troch tiidsilers en skoalbern.

At er der is, sil ik sizze
moai dien Maarten,
tige tank foar dyn bijdrage oan ûndersyk nei kanker
en foar it fermaak datst miljoenen minsken jûn hast
en it yn de belangstelling setten fan ús moaie provinsje

Gjin foto dus
want ik bin der net bij west

vrijdag 14 juni 2019

Essent

Moai,
dat komt goed út,
tocht ik
doe't it reklamebriefke fan Essent út de brievebus helle.

In offerte oanfreegje bij harren,
dat moasten je dwaan at je de sinne net oan je foarbij gean litte wolle
en at je plannen hawwe foar sinnepanielen
en at je profiteare wolle fan de BTW werombeteleaksje

Plannen haw ik, in foardieltsje is moai meinommen
dus gelyk mar in offerte oanfreegje bij Essent,
úteinlik leverje se mij no ek gas en elektrys

Binnen 7 dagen in antwurd sa stie yn de befestigingsmail.

En op de sânde dei kaam dy binnen
mei dizze tekst.....



Gelokkich hie ik bij in oaren ek in offerte oanfrege.
"Wij kunnen 11 panelen plaatsen op uw dakvlak dat op het oosten ligt"

Mei oare wurden,
Essent wit it ferskil net tusken súd en east
Essent wol elkenien wol ha as klant om enerzjy te leverjen
mar klant wurde mei sinnepanielen......
dat jildt allinne foar de grutten

donderdag 13 juni 2019

Under de brêge


It is noch net drok mei boaten
yn Wommels.
At de brêge omheech stiet
is der in nijsgjirrich doek te sjen.

Wat soe dit no wer wêze?

dinsdag 11 juni 2019

It reade blokje

Oanmerke bij it keatsen
dat dogge je mei in wyt en read blokje.
In moai putsje wie dat earder
doe't wij fan dy jonkjes fan in jier as 12 wiene.
Foar in ysko of foar wat kwartsjes
hiene wij in moaie en drokke middei.
Wij fleagen wat ôf:
earst it wite blokje te plak bij de boppe
it reade blokje in lytse keats
it wite blokje wer ophelje bij de boppe wei
en dan werom nei it reade blokje.

Dêrnei begong it wer op nij,
smoardrok hiene wij it
om it sa mar te sizzen

Ien oanmerker fan no
kinne wol trije partijen tagelyk betsjinje.
Wat in direkte winst of direkt ferlies
haw ik juster wer sjoen.
Oanmerkers sitte betiden earstenlang te wachtsjen
om yn aksje te kommen.
Yn, út, boppe. kwea, út, ut, boppe, út, ut,
it giet mar troch sûnder keats

De toppartoeren Bitgum en Sint Jabik
makken der hast in partij fan sûnder it reade blokje:
twa , miskien trije kear stie wie der in twadde keats
en moast it reade blokje pleatst wurde.

Keatsen is in stik minder leuk wurden,
dat waard ek juster op de bûnswedstriid wer pynlik duúdlik

donderdag 6 juni 2019

Fierljeppe

Fierljeppen
in typysk Fryske sport,
ien fan de 4,
neist it keatsen, it damjen Frysk spul en it skûtsjesilen.

It is dan wol wat frjemd
dat it grutste part fan de Friezen
noch nea bij it fierljeppen west hat,
alteast dat tink ik.....

Woansdeitejûn wie ik yn Winsum,
mei wat parse, wat famylje en in inkele Winsumer
dy't nei alles giet wat dêr te rêden is.
Ik joech mij del op de bank,
en siet  twa en heal oere
te sjen nei wietsprongen, skeefsprongen 
en in stik as wat fiere sprongen

It is in aardichheid om dat sa no en dan 
yn it echt te sjen.
In ferslach yn in krante lês dan ek mei oare eagen.

Wietspringe en skeefspringe,
dat sjogge je it meast.
Dat hat mei risikonimme te meitsjen.

Wat dat oan giet,
 liket it op keatsen
dêr't hieltyd mear risiko bij de opslach nommen wurdt
mei it gefolch dat er in soad bûten giet.
Bij it ljeppen wolle of moatte je fierder springe
as in oar en nimme je risiko troch de stok wat fierder te setten

Ik siet neist de tiidwaarnimming.
Alle ljeppers hawwe in maksimale tiid om de sprong te dwaan.

Sjoch
dat soene se bij it keatsen ek ha moatte:
Nei in slach,
binnen twa minuten de folgjende slach,





woensdag 5 juni 2019

Punk


Punk jout enerzjy, is myn erfaing.
De punk fan JC Thomaz & the Missing  Slippers wie bizar om te sjen
op Fortarock sneon.
Trije gitaren dat is net ûngewoan mar
en trije drumstellen, it wie ongekend.

De enersjy fan dy trije drummers
sloech oer op it publyk
en it wie 40 minuten holderbebolderhupsakee




dinsdag 4 juni 2019

Fortarock

Sneon wie Fortarock,
in moai festival yn Nijmegen.
Gjin "topband" sa't men op facebook seurde,
mar wol 18 prima bands op trije podia.

Tanksij Jellie ie is op tiid
en koe fanôf de earste toan fan God mother om 12.30 oere
hast alles meibelibje oant 22 oere ta.

It wie wer in hearlike lekker lûde muzyk feest,
mei metal, mei rock en mei ferrassende punk.

In hearlike sfear troch it moaie waar
en allegear relekste lju.
It wie in genot  dizze dei......





 


God Mother (út Sweden) mocht begjinne en sjonger hat hast net op it poadium stien......kopketûmelje, mêstklimme en oare meneuvels


Ne Obliviscaris út Australie

Ferrassend leuk en stevich Atreyu (Californie)

Flink drok bij de Noren fan Enslaved, 



It Deenske Myrkur metal mei de prachtige folkstim fan Amalie Bruun

Foaroan......sa goed,,,,,,de stoner fan Uncle Acid & the Deadbeats (UK)


hearlike punk fan JC Thomaz & the Missing Slippers




Folle bak yn de lytse tinte bij X Raiders....




zondag 2 juni 2019

Oerlibje




Dat is skrikken freedtejûn op de Boppersjûn fan Bob Greidhoek.
Steane je dêr lekker mei syn allen in hapke te iten en in snapke te drinken tusken de druve- en de parrebeammen yn ôfwachting fan it tema en it programma fan it festival dat op 7 septimber plakfine sil, komt der ûnheilsingel Bob Ate de Boer foarbij.
Grutte skrik at hij fertelt dat de freonen fan it bestjoer neitocht ha oer de fergonklikheid, oer de dea en oer it libben.
Samar, sûnder warskôging lit hij witte dat se der echt oer neitocht ha.
Hij hie it net oer “ûnder it genot fan in beugelfleskes” mar nei alle wierskynlikheid in sesje mei wer sa'n Ingelske namme.
Neitinke oer de tiid fan libjen dat doch ik fansels ek, mar ik bin dan ek wat âlder as dizze jongelju.
Ik wol wol tajaan dat ik nachts somtiden wekker lis mei de fraach “ hoe oerlibje ik it idee dat at ik der net mear bin en it Greidhoekfestival wol”.
Dy fraach behearst betiden myn nachtrêst. Wat soe ik dan allegear misse moatte? Ik moat er net oan tinke.
En dan is dêr Ate. Hij rint der wer bij as sit er al midden yn in himelske identiteitskrisis mar op ien of oare wize nim ik him (hast) altyd serieus. Syn wurden Bob is dea….. de lêste kear…..stopje mei dit…..
De teloarstelling dat dit festival ophâldt nei 9 edysjes makket nei in pear sekonden plak foar opluchting, foar opteinens. Bij mij.
Dit sil myn nachtrêst tegoede komme.
Net mear swittend wekker wurde fan dat freeslike foarútsjoch dat sij der langer wêze sille as ik. It idee er in metalbandsje komt en ik bin der net bij.
Dat der punkt wurdt sûnder dat ik efter myn rollator mei beweech en omdonderje Dat idee dat raast oan de protters.
“Rome sjen en dan dea gean” wurdt er wolris sein.
Ik sis 7 septimber helje en dan noch hiel lang trochlibje mei wer oare muzykdingen.
De tekst op myn BOB sjurt (foto's fan Piet Douma )krijt no wol echt in betsjutting.
Ik sil it snein 8 septimber bij it opromjen dan ek útraze: ik oerlibbe it Greidhoekfestival.
Machtich, goed dien jonges….. oant 7 septimber