Dat is mar in eintsje
fan Sonnegea nei Nijelamer
dêr't ús folgjende klokkestoel stiet.
Gjin ynfo oer de stoel en de klok te finen dêr.
Wol in hiel moaie grêftrommel
en in klokkestoel wêr't je ûndertroch rinne kinne.
Dat is mar in eintsje
fan Sonnegea nei Nijelamer
dêr't ús folgjende klokkestoel stiet.
Gjin ynfo oer de stoel en de klok te finen dêr.
Wol in hiel moaie grêftrommel
en in klokkestoel wêr't je ûndertroch rinne kinne.
Fan Spangea nei Sonnegea.
De klokkestoel leit oan de trochgeande dyk.
In "dea" tsjerkhôf, want der wurdt net mear begroeven.
It nije tsjerkhôf leit oan de oare kant fan de dyk.
It selde ferhaal as oars wat de âlde klok oangiet,
de nije klok is fan 1947
mei in tekst:
Op de aangewezen tijd van Hem, doe ik mijn plicht, verhef ik mijn stem
Dit is de 49ste klokkestoel/klokkehûs dy't wij besocht ha dit jier
Wij fytse fan Bantegea nei Spangea
In moaie rûte oer rêstige dykjes.
Iets tefolle boerenbuorden en omkearde flaggen.
De teksten op de buorden lês ik al net mear.
"Ik hoor de klok toe luister dan, drie maal drie, het is een man"
"Ik hoor de klok toe luister nou, twee maal drie, nu is't een vrouw"
"Ik hoor de klokken door de wind, hoor ik nu één keer drie, nu is't een kind"
Sa giet it yn Spangea.
Wij binne bij de klokkestoel op it tsjerkhôf mei in famyljeferline.
Jellie har pake en beppe wennen yn dizze Stellingwarver omkriten en lizze op dit tsjerkhôf.
Der binne wol wat suterige grêven.
De klok is krekt as oaren omsmolten ta kûgels of sa yn de oarloch en yn 1949 is der in nije klok pleatst.
Tekst op de klok: Ps.122 Wij zullen in het Huis des Heren gaan. Geroofd 1942 / Nieuw gegoten 1949
Moandei is dizze wike de klokkestuolledei.
In rûntsje troch it suden fan Fryslân.
Bantegea is de earste.
De klokkestoel stiet der sûnt 1923.
De earste klok is stellen troch de Dútsers, sa as de measte klokken
Yn 1948 is de nije klok ophongen mei de tekst:
"De stellen klok dy't liede bij dea sil ferfange yn't nije Bantegea"
Ek no liede se de klok allinne bij begraffenissen
Juster in fasinearjende jûn yn Neushoorn.
Opswypkjende muzyk, mei klassike eleminten yn ôfwikseling mei hurde rock.
Geweldich publyk dat ademleas stiet ta te sjen.
Men is stil en der wurdt allinne mar flústere (mar foaral neat sein) om de mystike sfear net te ferbrekken.
Bars kinne wol ticht, nimmen ferset in foet.
Earste band is A.A. Williams út Skotlân. Mei sang.
Sa moai. De jûn is al slagge.
"Tank you for coming early en for listening" seit A. Williams.
In terjocht komplimint oan it publyk.
Allegear safolle respekt foar de muzikanten en oandacht foar de muzyk.
Dan Mono út Japan.
Selden soks sjoen.
Gjin microfoan nedich.
Sij sjonge net.
Sij sizze neat.
Trije gitaren en ien drumstel.
Alle nûmers duorje lang en begjinne hast klassyk.
Dan ynienen batste se los en komt der in lûd-ekspoasje en dat duorret en duorret.
It publyk skoddet de holle op it ritme fan de muzyk.
Wat in geweldige jûn
Ik neam it foar it gemak mar efkes Dongeradiel,
moai Dongeradiel sels.
Wij moasten moandei yn Dokkum wêze
en hawwe de fytsen mar meinommen
om dêrnei in slach troch Dongeradiel te dwaan,
wat no in diel is fan Noardwest Fryslân.
Yn Dokkum kinne je net om Bonifatius hinne,
de earme man dy't fermoarde waard yn it jier 754
en no flink útbuite wurdt as in toeritysk objekt.
Troch Wetsens foar it klokkeshús
oer prachtige fytspaden
mei oeral blommen yn de bermen.
Sa fytse wij troch Nes en tafallich of net
ik meitsje in foto fan de teatertsjerke,
dy't sa't ik jûns yn de krante lês Russysk besit is.
Ik fyn it prima.
Kilometers lang, yn de stank fan skieppekeutels fytst
oant wij bij Holwert oankomme
Wat in prachtich keunstwurk is dat