donderdag 30 april 2020

Muzyk




It is goed bedoeld
en it sil ek fertuten dwaan
dat sjongen bij rêsthuzen foar minsken
dy't er net út meie
en gjin besite krije.

Mar......
rôp immen op twitter,
wêrom moat it no noch altiten
fan dy freeslike ferskes wêze.

De generaasje dy't no efter de ruten sit
is ek opgroeid mei the Beatles en the Stones
mei Led Zeppelin en Boudewijn de Groot

Asjeblyft
at it mei mij sa fier komt
dan graach in oar repertoir
as wat men no docht

oars sit ik leaver yn de keamer
mei de doar en it rút ticht
en mei in playlist fan Deep Purple
op Spotify of JoeTjoep

of in tapaslik klipke fan Boudewijn de Groot



woensdag 29 april 2020

Op de oseaan




Hast twa jier binne wij as frijwilligers dwaande
yn it projekt "Heden is overleden"
Gegevens dy't op akten stean, moatte yn in database brocht wurde.
Ik kom it allegear tsjin
nijsgjirrige nammen,
nijsgjirrige beroppen
en opmerklike plakken fan ferstjerren

Sa doch ik yn april de akten út Boalsert
fan 1848 en fan 1870

It plak fan ferstjerren is meast Boalsert
en inkeld in plak yn de buert at in arbeider of dienstmeid 
op it plak fan wurkjen ferstjert

It wurdt oars at er gjin plaknamme is,
mar in oseaan

Twa foarbylden kaam ik tsjin
fan jonge mannen dyt't ferstjerre op de Atlantyske Oseaan

Gjin plaknamme mar op safolle graden.

Ik haw it mar efkes opsocht
dan haw ik der wat in better byld bij











maandag 27 april 2020

Brecht

Freeds passe wij op dizze lytse faam
en dat is in hiele aardichheid.
Brecht is de dochter fan dochter Anne-Marije en Jelmer.
Brecht is in fleurich famke,
se laket betiden omraak
....... foaral.at se har mem sjocht en heart
of beppe, dan is se ek ien en al fleur

Bij pake wol dat laitsjen noch net echt,
soms in sunich glimke
mar it stiet net yn ferhâlding ta de laits nei mem en beppe

Op dizze foto hat se it best nei de sin
op pake syn skurte
en de kenner en ik sjogge it dúdlik:
der komt in glimke oan.

Foar de earlikens moat ik der wat bijsizze:
tsjinoer mij sit har mem Anne-Marije


zaterdag 25 april 2020

Wurdgrapke



Der komme wat grappen foarbij
yn dizze koroanatiid.
Whatsapp is it middel om flauwe of bisarre grappen
troch te stjoeren nei famylje of freonen.
Foaral filmkes binne om te gnizen
begryp ik wol út reaksjes om mij hinne

Se binne net om mij bestege.
Ik besjoch dy filmkes ek net.
Ik bin mear fan de wurdgrapkes

Sa as dizze.
Geweldich betocht

woensdag 22 april 2020

Dankjewol Mark





Dankjewol Mark
dat is de kop fan dit stikje.
Mark dat is Rutte,
mar wij meie de foarnamme gewoan brûke,
dat dogge alle ministers tsjintwurdich.
Se hawwe it oer Ab en Hugo en Mark.

Dit tankwurd is dus foar Mark
want hij is de grutte baas
dy't ús ien kear yn de wike,
meast op tiisdei
in komplimint jout
en ús agenda leech hellet
troch alles te ferbieden.

Tank sij dizze Mark
hawwe wij thús dizze simmer gjin oerlis
oer de planning fan de fakânsje.
Wannear gean wij fuort en wêrhinne
is sa'n fraach dy't ús yn maart/ april troch de kop mealt.

Wêrhinne is it maklikst mar wannear is in poepetoer.
At je net wurkje kinne je altyd
sille jim sizze,
mar dat is bij lange nei net wier,
want wij wenje yn Fryslân
en dêr hoege je simmers net wei

It begjint al mei de pinksterdagen
dan binne wij thús
want Jellie wol sjen at de 11 stêden der noch lizze.
Der binne mear minsken dy't dat  dogge.
op dy dei
en ek dy fine dat gesellich.

It wykein nei Pinkster
dan hawwe famyljewykein op in kamping.
Ek al in tradysje fan mear as 15 jier ,
dus kinne wij net oars fuort.

De Frysman dêr wolle wij begjin july bijwêze
omdat it sa leuk is
en omdat wij dan wat frijwilligerswurk dogge.

It skûtsjesilen, de PC en de Freule?
It soe moai wêze at wij dan ek thús binne.

Into the Grave, twa dagen metal yn Ljouwert
it is it jierlikse muzikale hichtepunt
en dan kin ik net fuort.

Sa besykje wij alle jierren
tusken al dizze en ek noch oare  eveneminten
trije wiken oanien te finen
foar in fytsfakânsje

2020 is dat net nedich
Fryslân sa dea as wat
en ik haw in agenda om 'e nocht.

Dankje wol Mark
wij binne der dit jier samar út.
De planning is in makkie, tenminste
.........at de kampings iepen gean
.........at de grinzen iepen stean
.........en at de húskes wer fan it slot binne





zaterdag 18 april 2020

Strava

En dan ynienen sit ik wer op Strava,
it sosjale netwurk fan fytsers, rinners en hurddravers.
Jierren lyn ek al ris in skofke
mar no gean ik der foar.

Strava is in prima applikaasje
want it leit alles fêst at je dat wolle.
It wurdt foaral brûkt foar hurdfytsers
dy't op bepaalde trajekten 
de snelste tiid fytse wolle.

Nim no segmint  Krabbedyk



Dêr bin ik yn april 4 kear lâns fytst,
fan de Bieren nei de Littenserbuorren
Dat is in segmint fan 1,48 kilometer.

Strava seit dat myn snelste tiid 3.30 is.
en dat is in gemiddelde fan 25,4.
Dat fyn ik in moai gongje,
want ik wol ek wat sjen.

Der binne guon dy dogge dêr 1,38 oer,
dy hawwe it snot foar eagen
en du sjogge net dat boer Reitsma in wynmûne hat
en in dak fol sinnepanielen

Strava registrearret alles, (net fan dy snot)
en je kinne dat bij thúskomst besjen;
sa kin ik mij foarstelle dat hurdfytsers
alle ritsjes útdaagd wurde
om flugger te fytsen.
Der binne tûzenden segminten 
op alle diken lizze wol in pear.
fan lang oant hiele koarte
en no begryp ik dy haast fan dy reesfytsers

Nei amper in pear wiken
begjin ik te merkbiten
dat it bij mij ek begjint te kriebeljen
at ik dat totaal klassemint sjoch.

Ik haw no ek in doel steld:
Ik wol op gjin inkel segmint de langsumste wêze.

Fan de Bieren nei Littenserbuorren slagget dat prima
ik bin dizze moanne al flugger as 28 oaren



Mar mocht ik in kear op in semint ûnderoan stean
dat wachtsje ik de stoarm út de goeie rjochting efkes ôf;
it soe al raar wêze
dat ik dan net ien foarbij gean yn it klassemint.

Strava
it is suver in fermaak oan it wurden

Letter mear oer de heat.........




vrijdag 17 april 2020

Skillaard

Justermoarn,
noch yn de mist
sette ik ôf foar in koarte,
mar nijsgjirrige "8 útbuorrenstochtje

Spyktille
Skrins
Wiuwens
de Him
Tsjeintgum
Skillaard
Jeth
Kromwâl


Bij Skillaard haw ik efkes stilstien.
De koloonje roeken makken op ôfstân al flink lawaai.
In "pracht" gesicht
en sij meitsje it tsjerkhôf mei de iensume toer
en it fertutearze oarlochmonumint
ta in wat luguber plakje

Gelokkich skynde de sinne





Drone




Ek de Suderhaven yn Wommels kaam yn byld
bij de aksje  "Fryslân fan boppen"
De drone brocht it keunstwurk fan
pakesizzer Jelske moai yn byld.

Makke mei buorfrou Geartsje......

woensdag 15 april 2020

Bijsûnder




Dit is in hearlik boek
om sa no en dan efkes yn te lêzen.

Echt de muoite wurdich
oer al dy bysûndere objekten yn Nederlân te lêzen

Meardere dêrfan haw ik sjoen
omdat se yn de neist omjouwing binne.
lykas de mummies yn Wiuwert.

Ik haw der no 76 belêzen en 
bin alle kearen wer ferwûndere,

Hiel bysûnder fyn ik dizze yn Doetinchem.
Net om de foarm mar fanwege it ferhaal derbij.
It is D-toer, 
dy't de emoasje fan de stêd oanjout mei kleuren.

De dielnimmende bewenners kinne online oanjaan
hoe't se harren fiele,
wêrtroch de kleur fan it ding feroaret.
(hij sil no wol swart wêze)

De foarm is ek in ynspiraasjeboarne foar nammen:
De kowekont, de omkearde boadskipperstas of de kies
dat binne sa de nammen dy't brûkt wurde yn Doetinchem


Mochten wij dizze simmer net nei it bûtenlân kinne op de fyts
dan is it in idee om de measte hjirfan op te sykjen




maandag 13 april 2020

Neidwaan


De iene is hast 4
de oare krekt 2.
Broerkes, wêrbij de jongste in grutte broer hat
dy't folle mear kin en alles dus foardocht

Mar wat hij kin, kin ik ek wol....
Stoepkrytsje
it fleuret de lege strjitten wat op



Fol ferwûndering
sjen nei de grutte broer op de glydsbaan
.....en wat hij kin,
kin ik aansens ek,
 (mei in bytsje help fan pake)

zondag 12 april 2020

Thúsbliuwe?


Sa lang wij noch fytse meie
fytse wij alle dagen.
Wat yn de buert is,
is net sa maklik te sizzen.

Dus op dizze peaskesnein
binne wij aardich yn de buert bleaun
en dochs in respektabel oantal kilometers fytst

Wat opfalt?
Dat it gros fan de senioren op harren E-bikes
no wol efterelkoar fytsen gean
wylst se oars pontififaal neist elkoar fytsen bliuwe "
en der fan útgean dat in oar wol oan de kant giet
at se op in fytspaad "reese"


vrijdag 10 april 2020

Ut myn hert


Ik sjoch nea streekrjocht nei dy goedbedoelde praatprogramma's op TV,
Soms lês ik letter iets op twitter,
wat myn nijsgjirrichheid op wekt
en dan sykje ik it stikje soms op.

Wêrom ik net sjoch
hat te meitsjen mei it feit
dat it in praatprogramma yn in sjo is.
In sjo dy't ek leuk wêze moat
en wêr't oare gasten ek sa nedich in miening jaan moatte
oer iets wat net harren deskundichheid is.

Wij kinne allegear de betweter PR de V
dy't foar 2500 euro syn domme teksten útspuie mei,
oer saken dêr't hij neat fan ôf wit.
Ik tink dat ik jierren lyn ôfheakke bin troch dizze leek

Fouchier,
In wittenskipper
sei it sa moai yn de krante
en dat stikje stiet hjir boppe.
Ik bin it hielendal mei him iens.



woensdag 8 april 2020

In deade boel


Bliuw thús sei Rutte
en at jim al fytse dogge it dan allinne
of mei immen út de eigen húshâlding

Thús bliuwe mei dit moaie waar
is gjin opsje.
Moarns oppast
(wat ha wij wer in wille hân mei de mantsjes)
en middeis fytse fanút Warkum

Trije stêden
en 4 doarpen en de Hel.

De Hel leit fanôf Warkum krekt foar it Heidenskip
en wij komme der sûnder tûkelteammen lâns.

It Heidenskip, Koudum, binnentroch nei Warns.
Yn Starum gjin drokte lykas oars
binnentroch nei Molkwar
en lâns de seedyk,
dy't oars ûntsierd wurdt mei tefolle autos,
nei Hylpen
wêr't it al like stil is.
Lâns de omkearde pleats bij it stajson fan Hylpen
nei it al like rêstige Warkum
wêr't de fiskboer wol iepen is.

Wij fytse troch en meitsje de 38 kilometer fol





zondag 5 april 2020

Tegearre




Se komme alle dagen lâns
"'ús" twa dookes
Earst strike se del
op it hok fan de buorlju.
Altyd tegearre




Net allinne no
mar altiten op oardel meter ôfstân.
Se sitte dêr en sjogge at de kust feilich is.
Se sjogge nei rjochts









en sjocht de iene nei lofts
dan docht de oare dat ek.
Se wolle de tün yn
wêr't wij fûgeliten delsetten ha.
Spesjaal foar harren.

Se sjogge foaral
at dy wite en dy grize der ek binne
want dan bliuwe se sitten
ús twa poezen dy't altyd op de loer sitte




Is de kust feilich
dan komme se.
Tegearre.
Om ús hawwe se skijt
sij sjogge tink
dat wij it fretten yn it bakje dogge

Tegearre
dat is wol in dinkje yn dizze tiid.
In protte minsken moatte harren tegearre
fermeitsje yn hûs of yn de tún.
Gjin gymklup,
gjin praatsje yn de Jumbo

Tegearre oerlibje
of tegearre deagean.

Sjoch dit ymponearjende ferhaal út it AD

donderdag 2 april 2020

Waaksens


At je Lollum sizze

dan falt it wurd Waaksens meast ek.
In twa ienheid,
wylst de doarpen noch mar in pear jier 
yn deselde gemeente lizze.

Lollum hat syn monumint
Waaksens net.

Dus om Waaskens hjir efkes op de kaart te setten
kom je út bij de tsjerke en it tsjerkhôf

Dêr haw ik mar efkes oan toarke,
sjoen nei nammen
en hjir en dêr in foto makke
fan grêfstiennen fan jonge minsken
dy't ferstoarn  binne,
fierstente betiid fansels



















Kupkeeks


Koroana en de berne-opfang is ticht.
Gelokkich binne wij iepen.
Samme en Nyck komme twa kear in lange moarn
en dat jout hearlike ferdivedaasje.

Wij boartsje wat ôf
en snobje
dat dogge wij omraak.

Us sobberssnoepkes binne harren favoryt
en kupkeekjes dy't de jonges meinimme
geane der yn as in preek yn de âlderling

En....
dizze tiid foar peaske
komme se moarn oan mei 4 peaske-aaien,
yn it bakje.
Healwei de moarn ferstopje en dan sykje.
Alle fjouwer ien
it is in aardichheid.