dinsdag 30 maart 2010

Blues

 
Posted by Picasa


Lekkere blues sneintemiddei-jûn yn kafé Bergsma yn Easterein. Moai dat bluesCrew Tsjeard dochs noch in foto makke fan the Blues Kings. Dy't der wiene en dat wiene der te min koene it tige wurdearje en dy't der net wiene hawwe it mist.
De lêste snein yn april noch ien kâns om sjen te litten dat blues yn Easterein bliuwe moat mei BJ Hegen.

zaterdag 27 maart 2010

Fol yn de emoasje

It is net goed om fol mei emoasjes stikjes te skriuwen. It kin mear kwea dan as goed. Dêrom dit stikje skreaun wylst de emoasjes mei dwers troch de kiel spatte. Ik bin lilk, lulk en poer. Op dy freeslike lju fan Ljouwerter Sweltsjes 11 (LS11).
Dy freeslike lju dy't krekt dogge of sitte se op fuotbal. Dy't balje at it harren útkomt. Dy't in tsjinstanner nedich ha mar der leaver sûnder dogge. Dy't it ûnfatsoen ha om sneontemoarn om 10.15 ôf te beljen wylst de tsjinstanner om 10.50 út Easterein wei ôfreizget. Dy lju dy't totaal gjin noarmbesef ha. Dy lju dy't ek op 17 oktober 2009 ôfbellen foar de wedstriid yn Easterein.
En nei de 5 ôflaste wedstriden yn it neijier fan wege te min spilers, en nei de 8 ôflaste wedstriden yn de lange winterperioade en nei de ferline wike ôflaste wedstryd tsjin OuweSyl kin ik fêststelle dat dizze ôflasting mear is as in lieder ferdrage kin. Totaal is it no 16 kear net trochgien.
Asjeblyft tsjinstanners, sis dan gewoan tsjin de fuotbalbûn: wei wolle net fuotbalje tsjin SDS 5. Dan witte wij wer wij oan ta binne. Dit is swier kloaten en swier kut.
En ik kin der fuort wol bij sizze dat alle ynhelwedstriden dy't troch de wike pland wurde, net oan mij bestege binne. Ik sit (miskien is siet wol better) sneons op fuotbal.

vrijdag 26 maart 2010

De dei fan...

Sneon is it de dei fan de sliep. Dat stie yn de krante. Wat ik mij der bij foarstelle moat, wit ik net. Ik wol it ek net witte. Je kinne der fan alles bij betinke. Mar dat se de dei fan de sliep no krekt planne yn it wykein dat de klok in oere foarút moat, liket mij net in útslept plan.
Snein is it de dei fan de lisfyts. Dat is tafallich. At ik mij sneon fersliep om mei te dwaan oan de dei fan de sliep kin ik snein de skea ynhelje. Want as lisfytser bin ik wol wend dat myn wize fan fytsen yn ferbân brocht wurdt mei de sliep. "Net yn sliep falle" ropt men mij regelmjittich ta. Of "krijst net lêst fan de nekke, sit dat wol goed, kinst wol wat sjen, is it net gefaarlik, sjogge se dij wol, is dat handich sa ding".
Myn antwurden: nee, nee, ja, ja,nee, ja, ja.
En nije wike is der al wer in dei fan iets. Woansdei is it de dei fan fytsneidynwurkta. Ek dat is in makkie. Ik ha wurk, ik ha in lisfyts, se ferwachtsje mij woansdei en it is droech of it reint of it waait. Mar fytse sil ik krekt as dy oare 40 * 4 dagen dat ik nei Snits fyts.



vrijdag 19 maart 2010

Dea


Sûnt juster is it dien mei Sibe de Seefûgel. Oan alles komt in ein. Mei de bek, de earen en de eagen fan in fûgel like it mij in útdaging om it fuotbal te relativearen mar ek om wat gek oan te stekken. Fan fûgels wit ik net folle en dat is wol sa maklik. Ik bin raar genôch wol wat begûn te hâlden fan Skrok. It liket soms wol of leaude ik der sels yn dat der echt in Sibe wie. Want nei 12 jier Sibe yn de buert fan Wommels en Easterein, sizze der in soad Sibe tsjin in seefûgel.
En no op 18 maart 2010 is der in ein kommen oan it libben fan Sibe. Omkommen bij in fûgeloerloach. Yn 2000 wie der al foar warskôge dat it sa fier komme soe en no is it dan safier. Mankelyk wurd ik der net fan. Sibe hat in grytte ynspiraasjebron west om te skriuwen. Dat skriuwen dat giet troch, mar dêr haw ik gjin seefûgel mear foar nedich. Ik doar it no sels wol te sizzen. It begruttet mij suver wat foar Sibe dat ik misbrûk makke haw fan him om myn miening te jaan. Oan de oare kant wa hie oars ea heard fan Sibe?
Sibe de Seefûgel is dea en dat fyn ik net slim. Of dochs wol in bytsje.
Snik..snik...snik....

zondag 14 maart 2010

Domste alvetal

Ron Jans, trainer fan Groningen, rôp yn al syn emoasje nei ôfrin fan in wedstriid wêryn in oantal fan syn spilers tsjin reade kaarten oanrûn, dat hij mooglik de intelligentste trainer fan de Earedyfysje wie, mar seker it domste âlvetal hie.
Gelyk sprongen de fuotbalanalitisi boppe op dy útspraak en fûnen it fan Jans net sa'n intelligente útspraak. Se fûnen it dom.
Tiisdei 23 maart komt Ron Jans nei Easterein om foar de sponsers en klupfan50 leden in lêzing te hâlden. It hoop dat trainer Dick Schuurman, lieders René en Marco der ek binne. En ik rekkenje der dan op dat sij dan freegje: "Beste Ron Jans, hoe geane je om mei it domste alvetal fan de twadde klasse I?"
Ik haw der net bij west yn Nijlân mar ik haw allinne mar heard dat in soad SDS supporters harren djip skamje en mei hiele kromme en kâlde teannen nei hûs gien binne. It domste âlvetal of it âlvetal mei de domste spilers?

vrijdag 12 maart 2010

Oandacht

Us katten binne hiel noflik. Se lizze wat, se spinne wat, se ite wat, en se sliepe foaral wat. Mar op bepaalde mominten dan komme se efkes bij je lâns. Geane op myn búk lizzen at ik lis te lêzen, skowe hoeden lâns myn skynbonke of wie it in knuffelfoet en se jouwe kopkes. Se freegje oandacht. Mei hûnen sil dat ek wol sa wêze, mar foar mij binne hûnen it symboal dat der ek wol misgien is yn de skepping. En sa sille alle bisten wol in trukje ha om oandacht te freegjen.
Oandacht dat freegje bern ek. It is ek goed om bern oandacht te jaan, want oars komme se net goed te plak. Peter R.de Vries en ek Freek de Jonge raze om oandacht. It leafst sitte se om é dei bij de Wrâld draait troch of bij Pauw en Witteman. At se mar net op de selde dei oan de selde tafel sitte. Bij politike partijen draait it om macht mar miskien noch wol mear om oandacht.
Agnes Kant (SP) begjint mei de oandachtlûkerij: sij sjocht it ynienen net mear sitten. Kroonprins Eurlings fan it CDA lûkt woansdei alle oandacht mei bylden fan syn moaie Hongaarske en syn moraalferhaal: húske, beamke, berntsje.
In dei letter lit D66 fan sich heare: Hans van Mierlo dea. Hiel ferfelend fansels mar de oandacht op dit momint foar de partij mei in heech demokratysk gehalte komt goed út. Dan kin de PvdA net efter bliuwe. Bos wol syn trije bern ek ris langer sjen as 5 minuten yn de wike en set de PvdA yn de oandacht. Mar it toppunt is dan wol Cohen. Hij sjocht syn kâns en stoppet gelyk mei it boargemasterke boartsjen yn Amsterdam. Kin dat samar. Ja dus.

dinsdag 9 maart 2010

Twitterpolityk

Ik haw leau ik al ris earder oer ús geachte steatelid Rendert Algra (CDA) skreaun. Ik haw wat in leafde haat ferhâlding mei dy man, tink ik.
Om je wat breed te orientearen folch ik in oantal minsken op de twitter. Dat moat net allegear fan it selde wêze. Dat hoecht ek net myn favoryt te wêzen. Sa is it mei Algra ek. Hij is myn favoryt net. Him foardwaan as Fries mar at it kin Fryslân ferkwânselje wêr't er sels bij sit. Ik begryp net wat foar sin it dan hat dat je regionale politisi yn den Haag sitten ha. Ik begryp wol dat dizze Algra graach sitten bliuwe wol yn de Keamer. Hoewol, yn de keamer sitte betsjut neffens mij dat je de measte tiid der net ynsitte. Noch mar krekt te plak en in luzebaan. Wat wurkbesites ôflizze, wat stikken lêze (trochblêderje), wat knikke mei van Geel
en foaral twitterje.
Krekt as hjoed: myn twitterbak sit fol mei wol 50 berjochten yn in pear oeren tiid.
Streekrjocht út de Keamer tink ik. Ik haw gjin idee wêr't it oer giet. It ienige positive is dat de man yn it Frysk twittert. Mar at dat op lange termyn genôch is om folger te bliuwen betwifelje ik.

dinsdag 2 maart 2010

Strontsiik

Ik bin sa bliid dat de winter foarbij is. Hoewol neffens PP krije wij wer snie. Ik haw al in mail stjoerd nei de besitter fan de webside www.hetregentbijnanooit.nl om de namme oan te fulle mei www.maarhetsneeuwtweliederedag.nl
Myn blidens giet de lêste dagen wol wat oer yn trystens. Dy freeslike debatten yn de oanrin nei de gemeenteferkiezings. It giet net oer gemeenten, it giet oer harren gelyk hawwe en krije wolle.
Wat bin ik bliid dat wij net mear streekrjocht sjochjild betelje want it is dizze wike en wierskynlik de kommende moannen weismiten jild.
Moarn stimme, gewoan op in partij dy't mar ien doel hat: Fryslân is moai, hâlde sa.

maandag 1 maart 2010

In strik foar

Prins Claus dêr hie ik wol wat mei. Werom wit ik net krekt.
Of soe it wêze om syn ferneamde "Declaration of the Tie".
Want wie hij it net dy't de strik yn de ban die en de strik fergeleek mei in slang.
Slangen haw ik neat mei. Strikken dêr haw ik dus ek hielendal neat mei.
Sûnder te prebearjen wit ik it wol hast seker.
Se steane mij net.
Of miskien noch better sein, se komme bij mij net ta harren rjocht.
Dat seach ek striptekener DirkJan, dy't it AD alle dagen ferrykt mei humor.