donderdag 31 december 2009

Bijhalde

Minske sparje fan alles en hâlde fan alles bij. Pennen, soleksen, kofjesetapparaten, fytsbellen, tillefoans, leppeltsjes kinne fan dy fersammelopjekten wêze. Mei nocht fetelle de minsken de hiele skiednis fan ien kofsetapparaat en foaral hoe't se der oan komme binne. In passy kin it wêze.
Dan binne der ek minsken dy't fan alles bijhâlde. Dat binne meast dingen dy't ferskûle bliuwe yn eigen kast,la, plakboek of kompjoeter. Dat binne dingen dêr't je net mei te keap rinne. Dy fertelle je immen yn fertrouwen yn de hoop dat se net trochferteld wurde.
Ik sil dat fertrouen net beskamje, mar wit fan de gekste bijhâldere
Dizze ynlieding hie ik nedich om jim te fertellen dat it juster (tiisdei) in heuglike dei west hat. Foar mij dan. 10.000 kilometer fytst yn 2009. Earne helle tusken Kramershoeke en Kûbaard. Myn favorite fytsrûntsje om noch efkes wat kilometers te heljen en nei te tinken: Kûbaard om. Jout altyd in foldien gefoel. Wer in idee derbij en 7 kilometer. Sûnder dy rûntsjes hie ik te min ideen hân foar stikjes te skriuwen en hie ik dy 10.000 net helle.
Dy 10023 kilometer (wat dêr slút ik mei ôf) haw ik helle op:
a. Nazca Pioneer(mei boppestjoer): 6086 km - totaal op dizze fyts 31.551 km
b. Sinner Demon (mei ûnderstjoer): 1707 km - totaal op dizze fyts 14.095 km
c. Koga (bukfyts mei hurd sadel): 2070 km - totaal op dizze fyts 6.314 km
d. In oar syn fyts(mei noch hurder sadel): 159 km

Twitterje

Moai wurd. Twitterje. At ik net wist wat it wie soe ik tinke oan kletse, roddelje. Ik wit wat twitterje is. Of better sein. Ik wit hoe´t it wurket en doch der `op proef`oan mei. Sjen at it mij in mearwearde biedt. Tidens de liftwedstryd hat it mij goed foldien. Dat wol sizze it feit dat team Rispens twittere wie net ferkeard. Aktuele ynformaasje: no stean we hjir en no lizze wij dêr yn in hotel. Mei foto en film derbij.
Efkes socht bij wat twitteraars en ik moat sizze tige ynformatyf. Dat de iene te fytsen giet, de oare mei de bern nei de iisbaan yn Wommels en dat wer in oaren de krystbeam ôftuget, is tige nijsgjirrich. No kin ik dy minsken net, dus miskien seit it dan allegear wat minder.
Ik bin behâldend posityf oer myn twittertakomst.
Efkes in tweet: ik harkje nei Radio 2 top 2000 en seker net nei omrop Fryslân. Want de hiele dei harkje nei GvT is neffens mij it selde as in langsume dea. En it kastje fan de tv haw ik opburgen. Want it soe samar kinne dat ien fan myn húsgenoaten tv Fryslân der op set. En dan heare je him net allinne mar je sjogge him ek: kofjedrinke, oaljebal ite en gnize om syn eigen humor. En at hij net efter de mikrofoan sit 79 kear him der mei bemuoie en en toates foar de kamera lâns rinne.
Dit jier krekt noch net op ien:

dinsdag 22 december 2009

Sylwaar

Dat falt mij no echt fan dy Laura ôf. It sylfamke dat sa nedich de hiele wrâld oer farre wol. Dat famke dat har sin net krigen hat omdat se wat oan de jonge kant is om sa'n reis te meitsjen.
Dat se him smeard, dat kin ik noch wol begripe. Elkenien bemuoit sich mei harren. Dat hat se wol sels dien. Troch sokke snoade plannen te meitsjen. No net seure. Nee, flechtsje dat is better. Nei Sint Marten. Allinne yn it fleantúch. En dat lêste dat falt mij sa ôf. Werom net yn de boat? Moai de see oer, fuort fan elkenien en alles.
Fan mij mei se farre. Lit har lekker gean, at se dat sa graach wol. Mar besteed der asjebieft gjin oandacht oan. Wuif har de haven út en wachtsje in jierke. Komt se werom: moai en hoera. Komt se net werom: sneu mar eigen skuld. Sels it risiko opsocht dus net seure. Wat mij yn de flecht nei Sint Marten it meast opfallen is: 14 jier en dan nimme je 3500 euro op! Oan jild is der bij Laura seker gjin gemis.

zondag 20 december 2009

Protesteare

Der stie sneon in nijsgjirrich ynterfjoe yn de Ljouwerter mei 4 minsken dy't fan út in bepaald prinsipe stride foar bepaalde saken. Sij organiseare sels demonstraasjes of sij dogge dêr oan mei. It artikel wie fansels in reaksje op de flop yn Kopenhagen. Mei ôfgriis sjoch ik allegear fan dy freeslike politisi fakansje hâlden yn Kopenhagen, mei tuskentroch sa no en dan in fergaderinkje dy't like goed fia de tillefoan holden wurde koe. En in resultaat helje? Ho, mar.

Neist dy folfretten politisi sjoch ik dêr ek minsken dy't protesteare tsjin dit sirkus. Minsken mei prinsipes dy't op eigen kosten dêr hinne reizge binne, dy't op eigen kosten oernachtsje en dy't yn wurd en gebaar stride tsjin dit politike sirkus.
It soe neat foar mij wêze. Protesteare, de dyk op, ik moat der net oan tinke.
Ien kear haw ik sa gek west. It sil yn 1971 of 1972 of sa west ha, doe't ik op skoalle siet yn Ljouwert. Chris van Veen wie minister fan Underwiis. En dy hie ferkearde plannen. Ik wit net mear hoe slim dat allegear wie, mar it wie wol sa slim dat de learkrêften ús oertsjûgen dat it nedich wie om mei de bus nei Rotetrdam te gean. "Van Veen, ga heen, Van Veen ga heen", dat songen wij, nee dat raasden wij út folle boarst.
De hiele middei, jûn en de heal nacht fuort en ik haw begrepen dat it neat holpen hat. Ik wie yn alle gefallen genêzen fan demonstraasjesucht.

zaterdag 5 december 2009

God fan it waar

Beste waargod

Op dizze al wer suterige sneon kin ik myn ûntefreden gefoel net betwinge en skriuw ik jo dizze brief.
Ik wit net krekt hoe't jo te wurk geane mei it waar mar it is miskien goed dat ik jo sis dat it hjir net mear krekt sa is as earder.
Yn eardere tiden koene jo ús op ierde noch wolris ferrasse mei samar opkommende buien, in ûnferwachte bliksemskicht mei swiere tonger of in Noardwester út it súdwesten.
Mar ik kin jo sizze jo ferrasse ús net mear. Dêr hoege jo gjin aardichheid mear oan te hawwen. Fytsende,yn de tún wrottende en sportende minsken oerfalle mei ien fan jo produkten is ferline tiid.
Wij hawwe no op ierde allegear middelen dy't ús helpe it waar foarôf yn byld te krijen. Foardat je in nbui makke hawwe, is hij op buienradar fjirtjen dagen foarút al te sjen.
Sa hiene wij earst in sekere de Jong en Pelleboer en dogge wij it no wij Paulusma en it KNMI. Mar wij hawwe foaral de buienradar. Dy hâlde wij alle dagen in pear yn de gaten.
En it falt ús op dat jo no al twa wiken lang op freed wat buien nei ús stjoere dy't ús de iere sneontemoarn berikke en tefolle wetter bringe. En dat betjsut dat it fuotbaljen hieltyd ôflast wurdt. En dat kin dochs net jo bedoeling wêze.
No wit ik wol dat wetter der bij heard yn novimber en desimber mar it moat dochs te regeljen wêze dat je de buien wat better oanstjoere. Ik wit hast wol seker dat TomTOM jo wol helpe wol mei it opsetten fan in goed nafigaasjesysteem foar buien. En jou dêr dan bij oan dat se fuotbalfjilden sa folle mooglik mije. Op dizze kaart binne alle fjilden te finen. En ik sjoch dat Tomtom al wat foarwurk dien hat.
En at it dan dochs reine moat, doch it dan sa as yn it ûndersteande filmke

Mei freonlike groetnis
Aant, mei útnamme fan in hiel soad teloarsteld fuotballers.

woensdag 2 december 2009

Skoare

Ik brek mij de kop betiden. Ik sit mar te tinken. Hoe sil ik it dwaan?
It tinken giet sels ten koste fan myn prestaasjes. Ik haw al in oantal kânsen hân, mar ha se net benut. Omdat ik net wit hoe't ik jûchheie moat!!!!!.
Dêrom kop ik se neist, dêrom sjit ik net hurd, dêrom jou ik de bal wer ôf en dêrom stean ik meast dekt.

En dochs wol ik ek dit seizoen wer in kear skoare. Allinne moat ik wol wat útfine at ik skoard ha. De hannen omhecch lykas Jappie en Vlaar is te gewoan. It sjurt út is mij te kâld en levert boppedat giel op. De kornerflagge der útskuorre wurdt net op priis steld troch terreinmaster Willem.
De wigende beweging mei earmen slacht ek as in tange op in baarch, want heit wurd ik net mear en pake liket der ek noch net op.
Myn lieder yn de earms fleane, liket mij foar Eddy syn rêch net goed.
En hielendal nei Klaas de keeper drave is mij te fier. Der bliuwt oer in hânstân of de koprol. De earste haw ik noch nea mei sukses dien en bij it twadde moatte se mij oerein helpe en bin ik wiken útskeakele.
Ik kin ek in slach om de kantine drave mei myn teamgenoaten efter mij oan. Of de kantine yn en dan op de tafel stean gean. Dat lêste moat mar net want dan krij ik wer oare minsken efter mij oan.
Ik wit it dus net. De kommende wedstriden mar wat op it middenfjild hingje bliuwe en yn de winterstop noch mar ris goed neitinke. Earst mar efkes Dropkicke

dinsdag 1 december 2009

Ramses

Yn 1969 wie ik 15 jier. Ik siet yn de tredde klasse fan de Mulo yn Wommels. Ik rûn ek dy tiid altyd al mei in dopkes yn it ear. Harkje nei Radio Veronica. Ik wist alles fan de TOP 40 en de Tipparade. Der wiene wiken bij dat ik net allinne de Ingelske tiidwurden, de dútsje grammatikarychjes en de frânske rotwurden út de holle learde, mar ek de top 40. Foar 10 sint wie dat oersicht te besetten bij fan der Velde en nei ien oere studeare, oerhearden se mij yn it Noard. Nutteleaze ynformaasje mar in moaie tiid. Ut dy tiid komt de Pastorale, in hit fan Ramses en Liesbeth. In prachtich liet, noch altiten. En no is Ramses dea. 1 desimber 2009 40 jier neidat de Pastorale in hit wie. En op dizze dei socht ik wat ynformaasje oer Ramses en kaam ek op in omskriuwing fan de Pastorale út. Ik wol it jim net ûnthâlde"

De tekst van het lied beschrijft een gesprek tussen de zon (Shaffy) en de aarde (List). Shaffy is als "zon" arrogant en vurig (Kometen manen en planeten, alles draait om mij). List is de zonaanbiddende aarde, die het liefst steeds volledig door de zon beschenen wil worden ('k Wil liever branden neem me mee, wanneer je vanavond gaat slapen in zee) en het donker verfoeit (De nacht is te koud, de maan te grijs).

Ik sil it mar earlik sizze. Ik haw nea witten wêr't dat liet oer gie. Ik haw der ek net bewust nei harke. Allinne mar genoaten fan de meldij en de prachtige wikselwurking tusken Ramses en Liesbeth. 40 jier lang. En hopenlik noch 40 jier. Ik moat myn nûmers foar de top 2000 noch opjaan. Ik wit no wa't op op ien komt.

zondag 29 november 2009

In boer

"Schapen moeten minder boeren" dat wie de kop dy't ik yn in krante en op ynternet seach. Ik toch gelyk oan it fersin. "Boeren moeten minder schapen", sil it wol wêze moatte. Op myn bekinde flugge wize fan lêzen is mij dúdlik wurden dat it berjocht klopt. Wittenskiplik ûndersyk (wat is der noch net ûndersocht)hat earst útwezen dat skiep in soad boere. Ik wist it net en hoech it ek net te witten. Ik tink ek net dat it de boer wat útmakket. Omdat je mei in wittenskiplik ûnderwsyk ek wat dwaan moatte, hawwe se no betocht dat de skiep minder boere moatte. Wêrom? ik wit it net en sij witte it ek net. Sil wol mei de CO2 of oare fersmoarging te meitsjen hawwe kinne. Of gewoan omdat sa'n wittenskipper dat fynt.
Mar beste wittenskipper, ik tink dat it wol wat mei falt. At je 500 skiep yn it lân stean hawwe en der is ien dy't it gers wat opbrekt en in flinke boer lit omdat der in ferfelende tiksel tuskensiet, dat is it logysk dat de 499 oare skiep ek in boer litte. Wat jo kinne it sprekwurd dochs wol: at der ien skiep oer de daam is, dan folge der mear. Dat jildt dus ek foar it boeren litten. Foar dizze iepenbiering wie gjin wittenskiplik ûndersyk nedich. Nee, gewoan goed om je hinne sjen at je troch it Fryske lân fytse.
Dream fierder beste wittenskipper.

vrijdag 27 november 2009

Ik wol net werom sjen

Novimber is de tiid fan de jiergearkomsten. Net myn hobby om dêr hinne te gean. Ek net in hobby fan in hiel soad oaren. De opkomst is meast om te janken. Foar de bestjoeren . Sij hawwe it hiele jier harren best dien, wolle dat graach sjen en heare litte en hawwe de lêste dagen lichtelik pine yn é búk hân want it bliuwt fansels altyd spannend. Op de jiergearkomst fan de buertferiening, fan de keatsferiening, fan doarpsbelang en fan de begraffenisferiening kom ik net. Al jierren net. Ik haw neat mei al dy jieroersichten, dy't foarlêzen wurde, mei al dy begruttings dy't klopje, mei deselde fragen as ferline jier of mei oare behearsmatige dingen.
Ik meitsje altyd ien útsûndering. De jiergearkomst fan SDS.
Omdat it dêr oars giet? Nee, dat seker net.
Ek dêr wurdt seurd oer statuten, wurde alle posten fan de jierrekken útlein, wurde ferdigjende antwurden jûn, wêrbij je it gefoel krije dat in fraach net op priis steld wurdt, ek dêr wurdt foaral weromsjoen. En dat werom sjen dat jout mij argewaasje, dêr krij ik gjin enersjy fan. Dat werom sjen moat net langer as 15 minuten duorje, it ofskie nimmen like lang, mar dan moat der foarútsjoen wurde.
Wêr moatte wij hinne mei de klup. Wat foar dilemma's sit it bestjoer mei.
Hoe sjogge wij dit en hoe dogge wij dat.
Yn dat tinkproses hawwe se de leden nedich. Op sa'n jûn dan moatte je meielkoar efkes it bestjoer wêze troch te diskusearen en fantasearen oer de problemen, of leaver de útdagingen.
Dan kinne je echt sizze dat de klup fan de leden is.
Fan acht oant tsjien haw ik mij grouwelich ferfeeld.
Mar gelokkich kaam der noch in toetje dat goed yn te nimmen wie. In presintaasje oer de útdagingen dy't der lizze wat de akkomodaasje fan SDS oangiet. De keuze dy't makke wurde moat, rekkening hâldend mei fan alles en noch wat.
En klik op it filmpke om te sjen wa''t dizze presintaasje die. Gjin lûd? Dat klopt, dat moatte jim sels mar nei sokke bijienkomsten gean.


Van sds-jiergearkomst

vrijdag 20 november 2009

Boargemaster

Tongersdei wie de politike kwis yn ús gemeente. Yn de oanrin hjir nei ta mochten de ploegen harren foarstelle. De measten hiene gjin lêste fan falske beskiedenheid. De moaiste útspraak wie fan Tjerk van der Pol. Hij sjocht him sels as boargemaster fan Littenseradiel yn 2020. Dêr kinne je om spytgnyskje, der kinne je om gnize, der kinne je om laitsje en miskien komme sommigen wol net mear bij fan de wille.
Mar ik net, ik nim dit serieus. Want ik haw al ris earder immen moete dy't sei dat hij boargemaster wurde woe en it no ek noch wurden is.
It sil earne yn 1996 west ha, doe't ik mei in kollega fan doe fan in gearkomst werom kaam en wij it hiene oer it libben en de ambysje. "Ik wol boargemaster wurde", sei hij sûnder in kaam te krijen. "Al is it mar fan Skiermuontseach".
Op syn fraach wat myn ambysje wie, moast ik it antwurd skuldich bliuwe: ik sjoch wol.
No sa'n 20 jier fierder bin ik twa banen en bazen fierder en ik haw it ek no wer goed nei de sin.
Mar Fred dy sette syn paad út. Earst riedslid, doe wethâlder en no boargemaster fan Frjentserteradiel. Per 1 desimber.
En nei Fred hat no ek Tjerk syn ambysje. Efkes tinke; Liemburg fan 1952, soe mei 65 ophâlde kinne, mar is as sosjaliste solidair mei de jongeren dy't ek sa lang trochwurkje moatte en sij giet troch oan 67 jier: 2019. En op dat momint is der wer in diskusje oer weryndieling en ek no wol sij ús wer behoedzje foar it grutte gemeente syndroom. En sa nimt sij yn 2020 ôfskie fan de lytste gemeente fan Nederlân en nimt Tjerk van der Pol it stokje oer.
En ik: ik haw no ek in doel steld. Ik wol in koart ferhaal skriuwe. Dat ferhaal wol ik ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis. En graach ûntfang ik dan de priis út hannen fan boargemaster T. van der Pol, mar ik mei him Tjerk neame. Ik haw noch wol efkes tiid, mar Tjerk sil takemjier fêst op in list fan in politike partij stean. Syn twdde stapke nei de politike kwis.

maandag 16 november 2009

Jim litte it raar sitte

Beste Wommelsers,

It fisyplan fan Wommels 2010-2020 is krekt lyn presintearre. At jim it goed lêze, dan komme jim ta de konkluuzje dat jim as Wommelsers wol aardich tefreden binne en dat de pylken foar de takomst rjochte wurde moatte op behâld fan de dingen dy't der al binne.
Nei in oantal muzykjûnen konkludear ik dat it behâld fan goeie dingen net jildt foar muzyk en teater, sis mar kultuer.
De Troanies, in aktive groep jongeren dy't rockjûnen organiseart, sjogge se jim te min, en dêrtroch binne der te min minsken dy't de kassa passeare. En rop net : ik wist it net. It hat oeral stien en oanplakt west.
Bij Tryater litte jim it ek hielendal ôfwitte. Soms wol in heal folle seal, mar foaral mei minsken fan bûten. It is no al sa fier dat Tryater dit seizoen net in nij stik nei Wommels bringt, mar it âlde Arendz spilet Arents bringt.
En doe wie dêr koartlyn Ted Roozendal dy't Marlene Dietrich spile. Jehannes Hibma krige triennen yn de eagen fan de opkomst en skreau dêr al oer hoe teloarstellend hij dat fûn.
En dan binne dêr de Sneinslûden: Ferline jier wie it jier fan prebearjen, mar no moat it der wol stean. Twa prachtige muzikale middeis/jûnen hawwe der no west en it oantal Wommelsers dat lâns komt, is op in pear hân fol te tellen. En at der te min Wommelsers binne, dan binne der ek te min minsken.
En dan doarre sommigen fan jim ek noch te roppen dat der neat te dwaan is yn Wommels.
Der is fan alles te dwaan yn Wommels, mar je moatte de doar der wol foar út.
At je op de fisyjûnen optekenje litte dat it aksint lizze moat op it behâld wat wij hjir hawwe, dan sille wij der sels ek wat oan dwaan moatte.
Dat betsjut op 'e tiid yn eigen doarp wat keapje en nei kulturele dingen gean, lykas it korps, de toanieljûnen en al dy muzykjûnen dy't der binne.
Of fiele jim no al te âld om út te gean?

De groetnis fan in âld man mei in jong hert en jong gefoel
Aant

vrijdag 13 november 2009

In brief

Dat minsken noch brieven skriuwe ferbaasd mij. Dizze wike kaam yn it nijs dat Anton Geesink in brief skreaun hat nei Maradona. Dizze eardere goeie fuotballer en hjoeddeiske net serieus te nimmen koach fan Argentinie hie wat rare kreten dien oer de parse. Geesink begrypte dat allegear hiel goed. Wij litte Geesink mar yn de waan dat Maradona de brief iepent, mar wij witte wol better. Anton Geesink hat wol wat mei brieven.

In goeie wike

Kom krekt bij de brievebus wei. In geweldich berjocht fan de Postkoade lotterij. Ja, ik doch mei, allinne fanwege de buorlju. Ik soe it net oansjen kinne dat de hiele buert de priis hat en ik net. Ik hannelje dus krekt sa't it betocht is, dêrom dogge der ek safolle minsken mei. 8731CV is net in gelokkige postkoade oant no ta. Noch net in priis wûn. Nee, ek gjin bakje iis, te heljen bij Murk de slachter. Mar no haw ik it lok oan myn side. Want der stiet yn de brief: "u bent geselecteerd door de centrale computer om kans te maken op 1 van de 500 studioplaatsen".
Neffens it skriuwen in deiarransjemint , mei in lunch en kâns om neist Linda de Mol te eingjen yn de finale. Der sit in "Uitrijkaart Parkeergarage" bij. Wat in bofkont bin ik. Allinne spitich dat ik nea oan geloksspultsjes en shows foar tv meidoch ek al kin ik in miljoen winne. Nee, dit wurdt neat. Helaas kin ik jim de kaart net oanbiede, hij is persoanlik. Foardat ik de brief yn de griene kontainer smyt lês ik him noch ien kear troch. Datum fan it feest: 11 desimber 2008. In flaterke sille wij mar sizze.
It oare gelok helle ik dizze wike bij Albert Heijn wei. In sparlampe, oanbean troch dy selde Postkoadelotterij. Neffens it omslach normaal 25 euro, mar nijsgjirriger wie de tekst: besparret op syn meast 425 euro yn 20 jier. Dat is pas in finansjeel foardiel. Ik haw him der gelyk yndraaid, oansetten en de skeakelaar fuorthelle. Want at ik 75 bin haw ik mar moai 425 euro fetsjinne.
Noch mear gelok dizze wike: gjin meksikaanse griep, mar twa kear it reinpak oanhân, de partij wûn op training en ik hoechde mar ien kear nei de doar bij sint marten.

vrijdag 6 november 2009

Rampen kome...kent skele ju

Doe't ik yn it ferline mei de bus nei Ljouwert reizge, riden wij bij de Boksumerdaam lâns. En dêr stie in elektrisiteitshokje mei dêrop de tekst: Rampen komen.....kent skele ju. 6 novimber gyngen der wer hiel wat sirens ôf. En tocht gelyk oan de krekt neamde tekst en skriuw it folgende stikje foar stjoerder.nl

Wat in ramp
Wommels, Freed 06 Novimber 2009, 16:32 oere
Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de earste fan de moanne ek net freed de tretjende. En foardat ien him ek mar ôffreget wat der is, geane alle remmen los.

Alle helptsjinsten wurden rjochting Dronryp delegeard. Ambu’s dy’t ûnderweis binne mei oare pasjinten wurde leechhelle, brânwachten dy’t dwaande binne mei oare brannen meie de boel de boel litte en bonnen útskriuwende plysjes meie echt oan de bak. De ANWB melt in file mei in heech blau swaailjocht gehalte rjochting Dronryp.

Boargemasters fan alle gemeenten wurde op harren lintsjeknipdei nei it gemeentehûs dirigeard om neffens it protokol “grutte rampen” lieding te jaan oan elkenien dy’t mar harkje wol. Sporthallen wurde ûntromme en elkenien moat binnen bliuwe en harkje nei de radio mei it needpakket bij de hân.

Omrop Fryslân, de kranten, stjoerder.nl en alles wat filmje en skriuwe kin fljocht nei Dronryp. Foar sa fier se it rampgebiet noch berikke kinne. Bij de Omrop setten se gelyk in oantal minsken efter de mikrofoan dy’t it Nederlâns wat machtich wiene. En ferslachjouwers Hayo B en Gerrit H wurde yn oarlochpakken hesen om ferslach te dwaan op de lokaasje mei gefaar foar eigen libben.

Balkenende wurdt belle, Obama krijt in sms-ke en de loftmacht stjoert 4 F-16 fleantugen de loft yn. Want it is ûnderwilens dúdlik. Der is in slang kapot gien en der is wat saltpetersoer lekt yn en bij de sûvelfabryk. Ferfelend at je it ynademje dus mûle en noas ticht, soe it adfys wêze kinne.

Op it selde stuit wurdt ek noch in waarsintrum ynrjochte mei Piet Paulusma oan it haad dy’t assisteard wurdt troch wyndeskundigen, wolkdeskundigen en atmosfeardeskundigen. Hiene wij hjoed te meitsjen, mei in súdweste-, in flap- of en hurde wyn. Waarkompjoeterdeskundigen wurde ynhierd om it paad fan de gifwolk te folgen.

En yn de studio fan Omrop Fryslân is it in kommen en gean fan oare deskundigen: in rampedeskundige, in sâltpetersoer deskundige, in gifwolkdeskundige en in slangdeskundige.

Psychiaters, psychologen, haptonomen en gebedsgenêzers stiene klear om help te bieden.

Nei in goed oere wurdt it sein master jûn. Omrop Fryslân besiket it noch in oere te rekken mar de helpferliners taaie ôf. Ambu’s sykje de earder út de auto smiten ferwûnen wer op, brânwachten geane wer nei in heabroeike en de boargemasters slaan harren sels op de boarst want dizze ramp hawwe se mar moai tsjingas bean.

En Cambuur siket noch kontakt mei de KNVB en mei Excelsior. Kin it jûn allegear wol trochgean? Is de feilichheid fan ús spilers en ús hûnstrouwe publyk fol garandearre. “Ja”, seit de KNVB. “Geen probleem”, sizze se bij Excelsior, “zo iets gebeurd hier dagelijks op de Maasvlakte, daar worden wij niet anders van.”

En jûn en moarn dan komme de fragen. Earst komme der allegear suggestive fragen fan de Omrop: wie dit net wat oerdreaun, werom net dit, werom net dat.

En dan komme der fragen fan ien fan de fraksjes yn de Steaten: wêr wie de kommisaris? En de fragen fan Atsma of de Rouwe yn de Twadde keamer sille fêst ek wol wer hout snije.

En ik? Ik bliuw ek mei in fraach sitten. Hoe is it dochs mooglik dat troch ien ferkearde druk op de knop der sa’n grut sirkus optúgd wurdt ?

Aant


Reklame

Lit mij no mar ris earlik wêze. De bledsiden fan adfertinsjes fan minsken dy't ferstoarn binne slaan ik nea oer. Ik ha sa wie sa wol wat mei nammen en boppedat je moatte dochs ek wat bij bliuwe. Nijsgjirrich yn adfertinsjes fyn ik ferwizings nei lieten. En dan net de psalmen of gesangen mar de moderne lieten. Lieten dy't wat sizze oer de persoan, oer de ferhâlding dy't men mei elkoar hie en soms oer it werom. Meast knip ik dy út en ik sjoch se sa no en dan troch. Blof, Tom Waits, Bruce Springsteen, Bob Marley, Van Morrison en Gerrit Breteler. Se hawwe allegear wat besongen wat immen rekket. Moai is dat.

Minder moai binne de reklame útingen yn deagean adfertinsjes. Dêr stoar ik mij allemachtich oan. Efkes reklame meitsje oer de dea hinne.
Sa as dizze. It mankeart der noch krekt oan dat men in hiele moaie kolleksje begraffenisklean hat. Spesjaal foar dizze gelegenheid.

vrijdag 30 oktober 2009

Geitewollensokken

(Sis mar Durk) Skeringa is de man fan de geitenwollen sokken. No't it wat minder mei de man giet, wurdt dat stik fan saken der hieltyd bijhelle as in negatyf punt. Of omdat it sa apart is. It is dochs te mâl foar wurden dat in sok in ûnderwerp fan petear is. Dat selde jildt foar klean. Ik sis altiten it giet om de minsk en net om hoe't er der bij rint.
Mar werom nei de sokken. Neffens in algemiene omskriuwing yn de enseklopedy beskermt in sok tsjin kjeld en it foarkomt it de wriuwing tusken foet en skoech.
(Sis mar Durk) Skeringa dy woe fansels net yn de kjeld sitte en dêrom hie hij altyd lekkere waarme geitenwollensokken oan en dêrneist wurke hij mei hiele skerpe woekerpolissen dy't der foar soargen dat hij de kommende 280 jiernet yn de kjeld hoechde te sitten. Dat oaren dêrtroch wol yn de kjeld komme te stean, is eigen skuld: hiene se mar geiten wollensokken keapje moatte ynstee fan woekerpolissen.
Geitewollensokken hat net allinne in letterlike betsjutting. Figuerlik hat it folle mear betsjutting. De geitenwollensokken kultuer komt út de jierren 70 en it wie de tiid fan de flowerpower fan 'vrijheid, ongehoorzaamheid, vrolijkheid en hoop'. In moaie tiid, soe ik sa sizze.
Ik kin mij dêr hielendal yn fine. Ja, slimmer noch ik fyn mij sels in produkt fan de geitenwollesokkentiid.
Ik haw sels trije ferskillende soarte sokken ta myn beskikking.
1. De enkelsokken foar de simmer en ja seker ek yn de sandalen.

2. De SDS fuotbalsokken út de jierren 70, dy't neffens elkenien foar gjin meter stean mar symboal steane foar it âlde SDS. Ype Burggraaff en ik sille, sa lang wij fuotbalje, dy sokken oanhawwe want wij kinne de sokken der noch goed ynsette mei sokke sokken oan.

3. De legersokken: at dy fan geitenwol makke binne betwifelje ik mar dat is it ienige fan myn legerútrêsting (lichting 75-1)wat mij nea tsjin stien hat. Ik draach se mij genoegen en American Base hat se altiten yn foarrie, yn de selde kleur en maat.

En (sis mar Durk ) Skeringa dy hat wierskynlik safolle ôfdroegen mar noch net fersliten geitenwollensokken lizzen, dat syn hiele kapitaal (sa'n 46 miljoen euri's, (bron Pieter L)) der maklik yn past. En (sis mar Durk) Skeringa is wol hiel raar fan syn sokkel fallen.
Mar efkes rocke op sokken soe ik sa sizze.

zondag 25 oktober 2009

God of de duvel

"Ik ben God niet" sei Louis van Gaal dizze wike neidat syn Dútske ploech ferlern hie. In goeie wike nei it presintearen fan syn boek "de Totale Mens" wie der mar ien dy't efkes tocht dat er God wie. Dat wie Louis sels. Moai dat der nei in wike ta ynsjoch kommen is dat God wierskynlik de totale minsk makke hat en dat hij allinne mar in boek skreaun hat wêryn hij in totale minsk betocht hat nei syn syn idee. En dat ynsjoch fan Louis van Gaal kaam nei in nederlaach en net yn ferbân mei de thomasfiering. Want hjoed wie dat it tema yn in soad tsjerken. Wat ik der fen begryp is dat je op dy dei je twifel wat mear sjen litte meie as oars. "Thomasvieringen zijn er voor twijfelaars met verlangen en voor gelovigen met vragen". Ik wit net at ik wol ta ien fan dy groepen hear, mar it is wol in nijsgjirrich punt.
Op dizze dei fan de Thomasfiering gong ik net nei tsjerke mar nei Sult. It stik Heksershol waard opfierd op in heasouder fan in pleats bij Molkwar.
De prachtige (technyske) fynsten fan Piter Stellingwerf, de aparte lokaasje en it moaie Frysk makke dit stik ta in bysûndere erfaring.
Ek no wer. It wie in tryst ferhaal, wêr't net God de haadrol spile mar de duvel.
It stik wie in frije fertaling fan in ferhaal fan de bruorren Halbersma en stiet yn Rimen en Teltsjes.
En at van Gaal hjir bij west hie, dan hie der fêst fan sein, dat hij it oerfrysk allegear poerbêst ferstean koe en dat hij seker foar de duvel net bang is. Dit froutsje ek net.

vrijdag 16 oktober 2009

Riejouwers

Ik haw it net sa stean op riejouwers. En foaral net at it minsken binne dy't in flinke steat fan tsjinst hawwe bij de selde organisaasje. Nim no dy direkteur fan it Friesland College. Goed syn bêst dien, earst ek wol wat delsetten mar yn it lêst net mear goed foar de ûntwikkeling fan de skoalle. Sokke minsken geane net sels fuort, se krije ek gjin ûntslach mar wurde riejouwer. Fansels krije se in sek jild mei.
Foppe de Haan wie ek riejouwer bij sc Hearrenfean. Sa'n twa en heale dei yn de wike. In bytsje bemuoie mei dit en dat. De skoalmaster wat úthingje en tige frijbliuwend allegear. Riejouwer fan Emmen (stiet ûnderoan) en riejouwer bij it Fean (stiet hast ûnderoan)
Dat Foppe graach op it Wk yn Afrika wêze wol, begryp ik wol. De kâns dat se him freegje as analist wie net sa grut want hieltyd mear minsken fine him net mear echt te leauwen. Dus hoe soargje je dan dat je der wol bij binne en dat je foar en tidens it WK wer yn de belangstelling steane en de alleswitter wer úthingje kinne?
Je wurde trainer yn Sud Afrika. 8 moannen lang. De frou seach it wol sitten. De bern ek wol. Want je regeleje der fansels moai wat tikkets bij sadat de famylje it WK ek meimeitsje kin. Ja Foppe dy is der in master yn om it ek allegear te ferdigenjen. Sa'n kâns, altyd in kear nei it bûtenlân wollen.
En sc Hearrenfean dan? Dy hawwe bekind makke dat de fakatuere net wer ynfold wurdt! Soks seit genôch.

zondag 11 oktober 2009

Tiid

Wol ynspiraasje mar te min tiid, is de reden dat der net folle aksje op dizze blog is. Mar wylst ik dit skriuw moat ik mij sels gelyk mar wer tsjinsprekke. Gjin tiid hawwe is flauwekul. Gjin tiid der foar meitsje wolle omdat oare dingen wichtiger binne, is it neffens mij. (momintsje: efkes de radio sêfter sette,want fan rap rekket myn kop oerstjoer).
At je it iene dogge kinne je it oare net dwaan. At je op fuotbal sitte, dan is de bedoeling dêrfan dat je sneons of sneins fuotbalje wolle. En tsjintwurdich liket it der op dat foar sommigen dat allegear hiel frijbliuwend is. Want der binne ek oare dingen dy't sa nedich op sneon moatte. Dat je as teamsporter oare dupeare dat wurdt faak net realiseard. Je eigen ploechgenoaten mar ek tsjinstanners. Hearemetyd, want binne der dit seizoen al in soad fuotbalwedstriden ôflast om dat der te min spilers binne.
Team sport is mear as tiid hawwe, it is foaral tiid der foar nimme wolle.
Dus dat der hjir efkes neat bij kaam te stean, hie neat mei tiid te meitsjen. it hie mij sleauwichheid te meitsjen en oare prioriteiten. Kubaard om, Hinnaard om, Spannum om, Tsjom om, allegear rûntsjes dy't mij it meast ynspireare om wer wat te betinken.
Oh ja, juster hie ik samar wer tiid oer: it fuotbaljen tsjin Wardy gie net troch. Krekt, te min spilers. En dat hie oars gau 4 oeren koste. Dy koe ik dus moai brûke om Hinnaard om te gean en dit ferhaaltsje te betinken. En ik beloaf betterskip!!

vrijdag 4 september 2009

Minne Piet,


Nei de safolste misser wurdt it dan dochs tiid datst op kursus giest. In kursus om foar te sizzen at ik ek reinen giet. Nee, do hoechst neat te witten fan depresjes bij de Baliaren, fan tongerbuien mei bliksemsketen, fan wynpûsten mei útsjitters, fan barbekjoewaar en hegedrukgebieten.
Nee Piet, asto ús waarman bliuwe wolst, of leaver sein de waarman fan it iepenloftspul fan Jorwert dan wurdt it tiid datst in kear op de buienradar sjochst. Te finen op www.buienradar.nl. En dan is it net dreech om te sjen at it wiet of droech wurdt. Dat griene is it lân, it donker blaue is it wetter, it seewetter wol te ferstean want dat ljocht blaue mei soms wat donkere plakken deryn en soms sels read dat is ek wetter. Reinwetter wol te ferstean. En at wij hiel Fryslân net mear sjogge dat betsjut dat dat it reint. Dus at sij út Jorwert belje, hoe't it mei it waar komt dan earst efkes op buienradar sjen en ast sa'n grut reingebiet omkommen sjochst dan seist gewoan tsjin de foarsitter: ik haw op de buienradar sjoen en it kin net. Dêrmei foarkomst dat net in pear hûndert minsken fergees nei Jorwert komme, en op it momint dat it ôflast wurdt sizze: "ik hie fannemiddei op buienrader al sjoen dat it net droech bliuwe soe"
Minne Piet, ik bin de beroerdste ek wer net. It is no hast 22 oere op de selde jûn en it eazet hjir yn Wommels. Do siest der oeren neist. Haw foar dochs dij in prachtich klipke útsocht fan Norah Jones. In klipke dat ek giet oer in depresje en mei in tapaslike titel: Rain.

vrijdag 14 augustus 2009

Neat bij neat

Hearlik is dat, moarns in krantsje lêze. In heal oerke tiid der foarút lûke. Mar it is minder hearlik at dy krante De Telegraaf hyt. Raar ek dat ik dy Telegraaf dan komme lit. Fanôf myn jeugd haw ik wat tsjin dy krante. Bij útsûndering sil ik dêr ien fan keapje. En no samar 6 wiken yn de bus. Hie wat "wensbonnen" en de earsten dêrfan hie ik omsetten yn in tydlik abonnemint op in krante. It AD mei syn moaie sportbijlage is dan myn favoryt. Mar bij de lêste ynskriuwing die bliken dat it AD net mear meidie. Dan mar Trouw. Dy die ek net mear mei. Dus kieze út NRC Next of de Telegraaf. Ferkearde kar dien. Freselik nijs. Oerdreaune koppen. Shownijs op papier. Sensaasjenijs. It byld dat ik altiten al hie fan dizze krante wurdt alle moarntiden wer befestige. In 20 minuten út! En dan haw ik it rêstich oan dien. In moarnskrante jout mij gewoanwei enersjy, mar dizze net. Dy set mij oan ta it skriuwen fan dit stikje. Net in geweldich stikjje, mar dat komt dus troch dy Amsterdamse krante. Echt it is hielendal neat.

zondag 26 juli 2009

Let

"It kin woansdei wolris let wurde", sei ik hjoed tsjin Jellie. "Woansdei?
Let?" Hoe sa letter as oars? It is dochs altiten al let?" "Ja maar, it kin no wolris hiel let wurde; want neist it feit dat de keatsers altyd de want nei elke útslachbal op nij fêstmeitsje moatte, ek al ha se de bal net iens slein, en neist it feit dat se nei elke opslachbal wat drinke moatte, komt der no de sinnebriltaktyk bij. En dy is net snelheidbefoarderjend, kin ik dij sizze". De sinne briltaktyk waard sneintemiddei út de doeken dien troch it partoer fan Renze Pieter Hiemstra. Se reitsje dit jier net in bal, winne hast gjin prizen, hiene sûnder sponserkontrakt ek allang net mear meielkoar keatst, mar dat partoer siket no syn heil yn de sinne bril. Neffens Hiemstra hat de bril sa'n 10 ferskillende setsjes brilleglêzen.
Foar allegear ferskillende omstandichheden. Sa is der in bril foar de man op de boppe at dy yn de sinne stiet te sjen en de tribune sit fol mei minsken yn ljochte klean (bril b1). Mar at it perk ek yn de sinne leit dan moat bril b2 op en at de sinne yn in hoeke fan minder as 67 % stiet en Geert van Tuinen is efkes stil dan kinne je better bril b3 opsette. Dy bril sil dus net folle brûkt wurde. Sa is der in bril foar at de sinne skynt en it reint (de reinbôge bril) en bril 6 kinne je it beste opsette at de minsken de triennen net sjen meie nei it ûnferwachte ferlies. Sa sil it woansdei wat wurde mei de taktyske koach op de boppe en de brilkoach (Hans Oars wa anders) oan de siidline. Mei trije nijmoarderige brillen mei elk 10 ferskillende glêzen en in spegel om dochs efkes te sjen at it wol stiet. It is no de bril wêr't se it yn sykje mar der komt in tiid dat bij elke slach
sjoen wurdt at se de goeie bûsdoek wol yn de bûse ha.

vrijdag 26 juni 2009

Miggen en in vuvuzela

Yn Gaasterlân hawwe se lêst fan miggen. Lêst dat betjut yn dit gefal dat se om je hinne fleane,in freeslik sûzend gelûd meitsje at se mei harren allen binne en dat se soms stekke. Migge spul foardat se stekke, eardopkes en miggespul neidat se stutsen hawwe, binne dan nedich. In gewoane miggeklapper helpt dan net. Fragen fan de FNP yn de rie en in stikken yn de krante binne it gefolch.
Bij it fuotbal yn Súd Afrika ha se lêst fan vuvuselas. Dat binne toeters dy't at der in hiel soad tagelyk oansteane, se it gelûd fan in grutte swerf miggen ha. It sûzet je oan alle kanten en der komt gjin ein oan. It ferfelende is: hjir is neat oan te dwaan. Ja miskien in miggeklapper, mar de fraach is at de ûntfanger fan de klap net in klap werom jout.
At dizze toeters yn Nederlân bij it fuotbale tastien wurde, is it aansens gau dien mei de taskôgers. Je wurde der echt gek fan. Tidens Brazilie Sud Afrika steurde it mij sa dat ik nauweliks genietsje koe fan it oars wol leuke kommentaar fan Frank Snoeks. It publyk heare je net mear (útsein at Booth oan de bal wie).
Dus ynnimme al dy toeters, ferbiede fanôf tiisdei. En moandei dan? Dan op nei Gaasterlân, en ien dei toeterje mei syn allen. Neffens mij wurde dy miggen hartstikke gek fan dat lûd en seker fan it feit dat oaren harren lûd noch better, lûder en irritanter dwaan kinne. En sij sille flechtsje nei de Noardeastpolder en de Iselmar. Of se falle fan ellende allegear dea del. At dat sa is, dan wol ik fan it simmer ek in toeter. Sa no en dan efkes blaze....

donderdag 25 juni 2009

Profesjonaliseare

Profesjonaliseare, in lestich wurd om te typen en it is sels de fraach at it der no goed stiet. Yn dit gefal kin mij dat net folle skele. De rafaasje dy't dit wurd oanbringt yn de sport wurdt hieltyd grutter. Sjoch nei it keatsen. Neist de nap hat de profesjonalisearing der foar soarge dat it keatsen as attraksje hurd efterútgien is. Want hat dy profesjonalisering no safolle oplevere: sponsering (in gemeente it Bildt dy't sels al meibetellet oan in partoer, it moat net gekker wurde), bettere trainingsfasiliteiten, sponserauto's, websiden, je kinne it sa raar net betinke.
Mar better..... Nee!!! It is no al sa fier dat partijen net mear oanjûn wurde mei it oantal boppeslaggen (sa goed wie de partij) mar mei in oantal bûtenslaggen(sa min is de partij).
No miene de ljeppers ek dat sij in berop dwaan moatte op dat rare wurd dat ik no net wer typ. Sij wolle dit, sij wolle dat. Mar sûnt se dat roppe, is it nivo fan de topklassers flink sakke. Bin der dit jier al twa kear west en je kinne tsjintwurdich mar better net te ticht bij it wetter sitte, want je wurde dweiltrochwiet fan al dy tewetterlittingen.
Ophâlde mei dat geseur oer sponsers, gewoan better ljeppe en graach fierder springe as de pols lang is.

zondag 21 juni 2009

Helden van de rock

It wykein fan de Wommelser feesten sit der wer op. Ik haw net folle mei sokke feesten. Nei dy freeslike toetermuzyk freedtejûn, dy't je gelokkich bûten de tinte net echt goed heare koene, wie ik bliid dat ik foar sneontejûn in kaart besteld hie foar de Heroes of Rock. Ik wie wat ôfgien of de ynspirearende namme, wat ôfgien op it moaie affysje en de loofjende teksten foarôf. It soe adembenimmend wurde, mei stevich sjongwurk en it nedige gitaargeweld. In gok want it wie it earste optreden die efterôf bliken.
Teater Romein wie net hielendal fol en dat wie spitich, want de groep sette in geweldige rocksjo del , mei fantastische muzyk.
Net ien momint fan de twa oeren dat it ferfeelde, de iene rock hit nei de oare waard de seal yn batst. Allegear nûmers fan bekinde artisten: Van Halen, Guns en Roses, ACDC, Whitesnake, Deep Purple, Alice Cooper, Bon Jovi en Iron Maiden.
In stel goeie muzikanten dy't harren foar dizze gelegenheid Heroes of Rock neame en dy't nei it eardere Pink Floyd Projekt sjen litte dat je mei in tema iets moais delsette kinne. In tip foar de sealhâlders, dy't wat oars wolle as Top 40.
Yn augustus op it Dicky Woodstockfestifal yn Stienwyk en yn Aldeboarn.

dinsdag 19 mei 2009

Seure

7000 klachten nei ien dei eksamen. Dat wie moandei 18-5 serieus nijs fan it ANP. 7000 jongelju dy’t har net goed taret hawwe op it eksamen en dy’t dan de skuld sykje bij oaren en oare dingen.
Ik bin wat fan de generaasje net seure. Dat jilde seker foar it eksamen dwaan. Je diene eksamen en nei ôfrin dan seine dat je it dreech fûnen, dat it swit je betiden útbruts en dat je de kop der net altyd goed bijhâlde koene.
Dat seine je tsjin je klasgenoaten, dy befestigden dat of hiene oare erfaringen en dat wie it dan. At ik thús kaam en se fregen hoe’t it west wie, en ik neamde it wurdsje dreech dan waard dat hurd ôfdien mei de fraach: hast wol genôch dien.?
At ik sei dat it benaud wie yn it lokaal wie dan wie it antwurd: better as te kâld. En dêrmei wiene myn klachten ôfdien.
At je tsjinwurdich ek mar iets konstateare bij it eksamen dat tsjinje je in klacht yn. Bijgelyks at der in fleantúch oerfjocht dat is dat seker in reden foar in klacht. Je hawwe in kladbriefke te min krigen, de stoel siet net lekker, de learaar stjonkt nei sigrettereek, in oare leerling liet twa kear in pen falle, je wisten trije sommen net, it eksamen begûn 30 sekonden letter, je moasten je namme links op papaier sette wylst it oars altiten rjochts wie, je kamen der efter dat je fan bepaalde dingen noch neat heard hiene en fansels it feit dat de twa froulju yn de klasse wol hiel koarte rokjes oan hiene en je tinzen en eagen ôfdwaalden.
Seure, dat dogge se tsjintwurdich allegear bij Laks, it seur-orgaan fan Nederlân.
En helaas kin ik net in leuk liet fine oer seure, mar ik seur dêr net oer.


vrijdag 17 april 2009

Sa bang as in hûn

De hûn stiet yn de belangstelling. It skynt sa te wêzen dat Obama in hûn krigen of kocht hat en dat no elkenien sa'n hûn ha wol.
Ik soe dus nea bij Obama op besite gean. Ik sil ek mei myn lisfyts bij it Wite Hûs del fytse. Want at it no komt fan mij, fan myn burd of fan myn fyts, feit is dat hûnen graach blaffe meie at ik der oan kom, dat se graach drigend heal de dyk op fleane en dat sommigen ek noch in byt dogge.
Ik haw dus alles tsjin op hûnen. At ik yn it wurdboek it wurd hûn op sykje dan stiet dêr "huisdier". At dat sa west hie dan seach ik hiel oars tsjin hûnen. Oars sein dan wie it foar mij wat makliker allegear.
De hûn yn de hûs, in boerd oan de muorre mei de wurden "hjir is in hûn de baas" en ik gjin stap binne sette.
Nee, ek net at men seit: "hij docht neat, hij moate efkes rûke, hij is sa goed as in hûn en hij jout him daliks wol del", dan noch bliuw ik bûten.
Ik kin jim sizze dat ik mij no ek beheind fiel yn myn frijheid troch dy ferrekte hûnen. Ik kin jim krekt fertelle wêr't hiel ferfelende hûnen binne of miskien wol wiene. Want at ik ea neisitten wurdt troch sa'n rotbist dan kom ik dêr earst net wer.
Sa haw ik mij sels in fytsferbot oplein foar Skrok (hûn Plantinga) en foar de Slachte tusken Swarte Beijen en Krabbedyk. Sa haw ik ek jierren net troch de Súdhoeke fytst troch hûn de Boer en gie ik nea de dyk del nei Iens (hûn Breeuwsma).
Myn binnentroch reis nei Snits stiet ek ûnder druk. Tusken Easterein en Reahûs haw ik alle moannen it ûngenoegen om lâns meardere hûnen te gean en hûn Jellema op de Ivige leane is ek myn favoryt net. Ik synt ek net trouwens.
It ienige wat moai is oan hûnen binne de sprekwurden en siswizen, sa as: de hûnen pisje mij oan wat betsjut dat de beurs leech is en kommandearje de hûn en blaf sels.
Fansels is der ek ien dy't net klopt: Blaffende hûnen bite net.
De muzyk oer hûne hâldt ek al net oer.

zondag 29 maart 2009

Dreame

It is nuver mar de lêste tiden hear ik hieltyd mear minsken dy’t it oer in dream hawwe. In dream dy’t se earder hiene.”Dêr dreamden je fan” sa sei lêsten ien tsjin mij doe’t wij it hiene oer it earste ljipaai dat de keninjin krige. “As jonkje dreamde ik echt dat ik dêr hielendal nei dat fiere Soestdijk gie en dat ik dat aaike dat oerlangje mocht.” sa gie hij fierder. Ik seach ferbaasd.
“Ik dreamde yn de jierren 70 fan Vicky Leandros”, hearde ik in oar koart lyn sizzen en syn eagen glunderje no noch. “I haw a dream” sa sei Marten Luther King mar dat waard al gau “He had a dream.”
De boppesteande foarbylden binne deidreamen. Je fantasij giet op de rin en dogge wij dat net allegear deidreame. Dat diene we froeger en dat dogge wij no noch.
Ik deidream wat ôf. Want op in lisfyts wol dat hiel goed.
Echt dreame dat is ferfelender. Ik bin net fan doel om myn persoanlike libben hielendal út te lizzen, mar dochs wol ik wol kwyt dat wannear’t ik dream dat myn bril der altyd in haadrol yn hat. Hij falt earne yn, earne tusken, earne op en meastentiids is hij stikken….. Ik kom pas wer bij myn positiven at ik heal wekker myn bril wer fyn op it nachtkastke.
Foar alles is in betsjutting en dat sil mei myn brildreamen ek sa wêze. Dus mar efkes sneupt op ynternet: "Droominfo" moat de oplossing biede en dat is ek sa.
In tik yn “bril” en krij de folgende ynformaasje:

Wanneer je in het echte leven geen bril draagt, maar wel in je droom, suggereert dit dat je een helderdere blik op de situatie zou moeten krijgen. Er kan sprake zijn van een misverstand, of een verkeerd ingeschatte situatie moet rechtgezet worden.

Een gebroken bril duidt erop dat je blik op de zaak niet klopt. Je ziet de zaken niet zoals ze werkelijk zijn
.

No at je dy lêste sin lêze dan wit je genôch: ik sit der dus wol gau ris neist mei myn miening. Gelokkich dream ik net wykliks. Ik rin mei dit ferhaal it risiko dat ik myn miening tenei oan de kant wuifd wurdt mei de wurden: hast ek dreamd de leste tiid? Dat risiko nim ik dan mar.

Der binn e hiel wat dream lieten, mar ien fan moaiste is dochs wol dizze.

donderdag 19 februari 2009

It hat gjin styl mar dochs

Ik hâld fan taal. Dat haw ik te tankjen oan master Marten de Boer, dy't dat der bij mij earder goed ynstampt op de Herfoarme Legere skoalle yn Wommels. Untlede wie foar de measten in ferskrikking, mar foar mij wiene dat de moaiste lessen. "het naamwoordelijke deel van het werkwoordelijke gezegde" it klonk mij as muzyk yn de earen. Dat ik graach skriuwe mei, is dus net sa raar. Dat ik ek graach lêze mei, past dêr ek bij. Wurden, taal je kinne der safolle dingen mei dwaan: minsken in hert ûnder de riem stekke mar ek in stjit ûnder de mulle jaan. It leit him soms oan in inkel wurd. Foar in goeie kollum kinne se mij wekker meitsje. En der binne prachtige skriuwers: Bonne Stienstra, Wiebe Pennewaard, Hugo Borst, Martin Bril en Wilfred Genee.
Ik dwaal ôf. Want ik woe wat sizze oer de Geen Stijl en fergelykbere webside skriuwers. Mei altyd negative inkt yn de pen, kreakje se alles ôf en benaderje se hast alles negatyf. Dat se dêr mei betiden oer de grins geane is spitich. Mar ûndanks dat, kin ik betiden genietsje fan it orisjinele taalgebrûk.
At je dit lêze:

We nemen u mee naar het ultra-, ultraconservatieve en zwáár gristelijke vooroorlogse plaatsje Wommels, beter bekend als het geïsoleerde dorp waar men volgens de 1950-norm nog trots de lakens uit het raam hangt zodra men piepel in de goggel gedaan heeft en waar abortussen verboden zijn en dus eigenhandig plaatsvinden met breinaalden en groene zeep, waar boeren je aankijken alsof ze nog geen vijf minuten hun leuter tevoren uit een schaap hebben getrokken en waar de media verboden zijn

dan fyn ik dat hearlik omskreaun, wylst it gewoan nearne opslacht mar wol in leuke tekst is.

It hiel stik kinne jim hjir lêze.

dinsdag 17 februari 2009

Oertraind

Wij kinne allegear de tiden fan Schenk en Verkerk noch yn it sin krije. Of better sein de tiden fan Ard en Keessie. Sij koene ferrekte hurd ride. De ien titel nei de oare. Neffens mij hiene sij beide in baan neist it riden. Simmers draafden se wat of fuotballen se bij Puttershoek 3 of Beemster 7 en se hiene fansels gewoan in baan.
Yn oktober begongen se oan it iis te tinken en dan nei wat wiken training gie it los. It Nederlandske kampioenskip, de Deventer Cup, it EK en it WK. Dan wie it ein febrewaris en dan wie it al wer dien. De redens kamen yn it fet en kamen der oktober werút.
Yn dizze tiid giet is gâns oars. It iene seizoen is noch net dien of se binne al wer mei skema's en tarissingen dwaande foar it nije seizoen. Krekt noch tiid om tusken troch in wykje fakânsje te hâlden, mar foaral de trainingen troch gean litte. Krêft trainingen of wie Verbeek de trainer!!. En dan begjint nei in simmer hurdtarine yn de bergen, in hjerst mei ûntberingen op hichte, de winter. Wurch, deawurch. Van Deutekom. Net mear yn steat in goeie tiid te riden. Twa sekonden langsumer as oars op de 1500 meter. Oertraind.
Folgend seizoen gewoan wer lekker yn oktober begjinne soe ik sizze.

zondag 25 januari 2009

Tommy

Tommy is it ferhaal fan de Who. It ferhaal fan de jonge dit wat heard hie (in skot) en wat sjoen hie (in deade man). En hij hie it net sjen en heare mochten. Tommy dy't de opdracht krige om dôf en blyn te wêzen. It ferhaal skreaun troch Pete Townsend as muzykfilm útkommen yn de begjinjierren 70.
Dy selde Tommy is no wer ta libben brocht troch Di-rect. In rockjûn mei in prachtich ferhaal.
Freedtemoarn earst myn earen útspuitsje litten om freedtejûn yn de Lawei foaral neat te missen. Ik wie fol ferwachting want de muzyk fan Tommy is gewoan super goed. Ik hie yn augustus al kaarten besteld en woe gjin resinsjes ôfwachtsje. Gewoan der sels wat fan fine. Wie wol bliid dat alle kranten skreaunen dat it in wier rockfeest wie. Ik haw echt genoaten fan de muzyk. It swingde oan alle kanten en de teksten fan Jan Rot wiene prima, hoewol dat mij net folle útmakke. In hearlike jûn wêr't je net bijsitte bliuwe koene. In echte oanrieder, mar helaas net mear yn Fryslân.
Hjirûnder twa filmkes fan Tommy, sa't it yn rockfoarm klinkt fan the Who en Tommy sa't it ek klinke kin: in studio opname fan Di-rect. Want helaas der binne noch gjin goeie DVD opnames.




donderdag 15 januari 2009

Feyenoord

Wij as Feyenoord supporters mienden dat de (UEFA) beker al leech wie, mar it is no wol dúdlik dat der in dûbbele boaium ynsit. Ik wit net hoe lang ik dit noch ferdrage kin. Foar mij hâldt it echt op wannear Feyenoord no oer giet ta it oanstellen fan de man dy't foar mij hielendal ôfdien hat: Willem van Hanegem.
Ik warskôgje it Feyenoord bestjoer, gean net oer ta it oanstellen fan dy man, want dan is der echt in supporter minder.
Lit mij dúdlik wêze, myn tsjinsin tsjin Ajax bliuwt like grut. Dat is miskien noch in treast.
En at it goed komt at Beenhakker syn ferantwurdelikheid nimt dat betwifelje ik.
Sjoch nei dit prachtige filmke oer in tiid dat it ek net sa goed gie mei Feyenoord.

woensdag 7 januari 2009

It is oke

Ik haw de lêste twa wiken wol in hiel soad efter de kompjoeter sitten. Liftwedstryd ferslaan, oare websiden bijhâlde en in fotokwis meitsje.
Oer de liftwedstryd binne nei de tiid altyd prachtige ferhalen te fertellen. Tidens de wedstryd ek wol, mar de echte ferhalen komme pas letter los. Sommige teams hawwe 19 liften hân om yn Eastenryk te kommen. 19 ferskillende minsken en dus 19 ferskillende ferhalen. Dat kin net oars. Want wêr't de iene sjoffeur hiele ferhalen ferteld oer syn of har libben, is in oare sjoffeur sa stil, dat je der hast benaud fan wurde. Je sille mar 100 kilometer neist yn sitte, dy't neat seit. Je soene sizze werom nimt sa'n man dan guon mei. Geweldich is ek dat nachts om 11.00 oere bij in tankstajson bij Nurnberg samars trije koppels steane te liftsjen.
Ik hoop echt dat al dy liftferhalen aansens in kear bijelkoar komme yn in prachtich boek. En dêr sil ek seker it ferhaal yn stean fan Sytse en Jimmy dy't plak namen yn in folle auto mei evangelisten dy't seinen: Dy twa plakjes dy't noch frij wiene, dy wiene foarbestimd oan jim. It hiele ferslach fan dit jier is hjir te lêzen.
Mar moai wie ek it relativearen. Sjoerd en Teade fregen oandacht foar dit liet