zondag 30 augustus 2015

Fernuverje yn Drinte

It is sneon sa'n dei fan fernuverje
en dat fynt allegear plak op in brink.
In brink dat is in terp yn Drinte
en de brink dy't ik bedoel
leit yn Annen
in plakje tusken  Grins en Emmen



op dy brink,
dy't folle grutter is as ús Terp yn Wommels
is rock.
Rock op brink dus

Net allinne rock op de brink
mar ek de auto's op de brink
alles ticht bijelkoar
sa grut is dy terp....
brink moat ik sizze

It seach der allegear goed út
binnen de stekken
it eaget rom at wij komme
it is ek noch rom at wij fuortgean

Yn dy tuskentiid
5 bands sjoen en heard
























Paceshifters, earder sjoen yn Rotterdam en it wie wer goed

Miseries, earder sjoen yn Ljouwert en Tim Knol en maten hiene wat mear fariaasje yn it repertoare

























Bintangs, earder sjoen yn ......
te faak en te folle om op te nimmen

doe wie der foaral ferbazing
net bij mij
mar bij oaren
"jeetje, wat goed nog....
"jeetje, wat is dit ferrassend.....
"jeetje, wat in rock.....
eilaas moasten wij it mei dwaan
mei trije kertier

























The Afterpartees, earder twa kear sjoen yn Ljouwert
en it is in hearlik lûd
en lûd....
Op 12 april yn Wommels op Greidhoek
wat kin dat in feest wurde
mei dizze jonge hûnen

It Greidhoekaffysje noch efkes oerlange
oan de drummer
want







































dy hat in burd

En doe begong myn ferbazing
Vanderbuyst op it podium
en ynienen wie it stampfol foaroan
rigen dik mei "hurde rokkers"
it wie of hiene se hjir de hiel middei op wachte
binnen en bûten it stek

it waard in prachtich ôfskiedskonsert
fan Vanderbuyst

5 bands
it wie genôch foar ús,
John Coffey letter mar wer in kear sjen

In prima lokaasje,
in geweldige line up
en in noflike sfear
dêr yn Annen

se hiene wat mear besikers fertsjinne
en alle gefallen wat earder


rjocht foaroan bij de Bintangs.....mei pet op   (foto fan snútboek RoB)
































wij binne it der mij iens
Bob (Greidhoekfestival) is krekt efkes oars....




Katsje

In wyt katsje,
samar ynienen wie se der
in spontane aksje
fan Jellie

In jong katsje
mei wâldenbloed en -karakter
sa te sjen



fol enersjy ek
om yn gerdinen te hingjen
oer banken en stuollen te fleanen
en plakjes te sykjen yn beammen

oan sommige dingen moat sij noch wat wenne:
oan ús oare kat dy't net fan boartsjen hâldt
oan swannen, dy't hij mei grutte ferbazing en respekt oerfleanen heard.
oan de hichte fan de beammen en dat klimmen makliker is as werom klauterje


En wij?
wij sille wenne moatte oan syn skutkleur

en dus net samar op in wyt kjessen delploffe........










vrijdag 28 augustus 2015

Rock op de Brink


At alles goed giet, stean ik sneon tsuken in hiel soad Drinten.
Op de brink yn Annen....

Rock op de Brink dus,
mei 7 hearlike bands.

dinsdag 25 augustus 2015

Tillevysje


Soms kom ik noch stikjes tsjin dy't ik no no best wol aardich fyn om te lêzen.
Dit stie yn in Diggelfjoer, it doarpskrantsje fan Wommels,fan 1992.

En Dinges wa wie dat ek al wer ......?

vrijdag 21 augustus 2015

Snitsermar om

Rûntsje Snitsermar om.... mar net oer Terherne
Pontsje bij Rufus (ûnder Broek)

Pontsje  tusken Stobbegat en Akkrum
It merkepleintsje yn Akkrum...in gaadlik rêstplakje

donderdag 20 augustus 2015

Neef


Neef...
in doarp oan de Moezel

dêr hawwe se wol in bijsûndere wize
it ferkear te warskôgjen....

maandag 17 augustus 2015

Achtbaan



Dit boppesteande stikje stie ferline wik yn de Telegraaf.
Dat fûn ik wol nijsgjirrich.
Hoe sit dat mei mij?




Plakboek derbij.
1991 yn Hellendoorn
Ien kear der yn mei Hildau en Tsjeard
Ien kear

en nea wer....


zondag 16 augustus 2015

Keunst


Open Stal is in jierliks weromkearjende keunstroute yn Aldeberkeap. 
Op 22 plakken yn it doarp is fan sa'n 70 keunstners wurk te sjen. 
Moai op rinôfstân want de route is sa'n 2 kilometer lang.

Wij fytse der bij lâns,
 krekt as in soad oaren 
want de organisaasje hat wite fytsen klear stean.

Wij hiene ús eigen fyts, 
omdat wij fanút it Hearrenfean in prachtige route fytst hawwe 
om dêr te kommen.

Wat is keunst? Dy fraach stelle wij ús ek dizze middei wer.
Foar mij giet it net sa sear om hoe't iets makke is en hoe't it der útsjocht, nee, 
ik wol mij ferwûnderje oer it feit dat immen soks betinkt.
Wat is it ferhaal der efter om ta bepaalde kreaasjes te kommen.

Moai dat it boekje dat foar 5 euro te keap is dêr wat mear oer fertelt.
It is moai om in pear oerkes troch Aldeberkeap te skarreljen
en je te ferûnderjen en te ferbazen
en je hieltyd wer te realisearjen:
hast alles is keunst, it is allinne in keunst om it te sjen.......















En dat hawwe wij foar,
at wij nei it keunstsnuven net alhiel entûsjast binne oer it grutste part,
wij binne op de fyts fanút it Hearrenfean. 
Fia in prachtige bosrike route de hinnereis
en in mear iepen route op de weromreis
is de middei úteinlik tige slagge.

De Open Stal is takem jier yn july/augustus wer.





woensdag 12 augustus 2015

In fontein

"Een fontein is een natuurlijke of kunstmatige installatie die water spuit"
sa stiet it beskreaun op Wikipedia.

Ik tocht er oan doe't wij sneontejûn fanôf it Oldehoofstertsjerkhôf nei it stasjon rûnen
en wij oer in te lytse blaas kleiden.
Pisbakken genôch op it earder neamde plein,
mar dat wol net sizze dat je op in momint moatte,
at je dêr noch binne...

Rinne.. nei it stasjon
troch de Doelesteech giet it noch wol
mar at je de Prins Hendrikbrêge oerrinne
dan komt it op.......
hiel hurd giet it dan mei de druk....
dan bin je je der hast wol wis fan
dat Wommels te fier is.....
dat efkes pisje in utkomst wêze sil

"Leeuwarden krijgt een fontein bij het station"
stie der lêsten yn de krante

Wat fontein...
wat natoerlike installaasje
wat tonnen oan jild nei ûntwerp fan in Spaanske keunstner

Wij ha dêr bij it stasjon ferlet fan in pisbak
in deagewoane pisbak.
net ien of oare yngewikkeld systeem
mei tagong fia koades of tillefoan

nee, gewoan





















in piskrús,
foar ús fontein.......

Meastal dogge wij it net
dat wyldpisjen
efter de bussen tsjin in stek,
ek dizze jûn net

want justerjûn nei Cityrock gie it wer mis
de petten stiene te wachtsjen
140,- euro boete
foar ien fan de cityrockers

Wij hawwe dizze jûn gelok
dizze bussjoffeur hat begryp
hij stopt op fersyk ûnderweis
en wa't moat
pisset wyld
bij Winsum.....

dinsdag 11 augustus 2015

Hurdfytse

Moandei 10 augustus.
De Enecotour yn Fryslân
dat moatte je meimeitsje
earst bij de Bieren
letter bij de finisj

it begjint mei wat plysjemoters

allegear moters en de earste auto

en noch in auto

auto's. moters en plysjes

en de koprinners

en de kop fan it peleton

en wat oaren

en noch mear

en noch mear

en de lêsten alwer

dan noch in efterbleaune moter en auto en plysje

en dan de autos'mei fytsen

noch mear autos mei fytsen

en noch mear

ynhelje moat kinne dêr

auto's mei fytsen

ensafuorthinne

de sikenauto, mei plysje, in auto en in auto mei fytsen

de lêsten?

nee, efterbliuwers..

efter....efterbliuwers

efter...efter...efterbliuwers

de alderlêsten

yn Boalsert de Jumbo bus

yn Boalsert de finisj

op 300 meter

in kopgroepke

hast de lêste

de lêsten