vrijdag 28 februari 2020

Auke




Op 11 febrewaris pleatste is diel 3
fan de oarlochsherinneringen.

Ien fan dy stikjes stiet hjir boppe.

S. falt fan de souder bij boer T de J
en oerlibbet it net.

"Dat joech in soad fertriet,
dat wie wat foar myn âlders"
sei de hjoed de broer fan dat jonkje fan 13.

Dat is Rients Smit fan it Stroek en hij hold mij oan
en fertelde der oer.
Fallen. skedelbasisfraktuer, nei sikenhûs Snits
en dochs ferstoarn.
Auke wie syn namme.....

Fan de 4 jonges yn it gesin Smit wiene der noch 2 oer.
Earder wie al in broerke stoarn troch longûntstekking.

It barde op it spultsje oan de Littenserbuorren
wêr't no de famylje Algra wennet.



woensdag 26 februari 2020

Fen fan ..... Bruce Springsteen


Ynlieding

Op myn syktocht nei de echte fen fan in bepaalde muzikant of band kom ik út bij Pieter de Boer út Easterein.  
Doe’t hij bij mij oanjoech dat hij ek in echte fen wie, wist ik gelyk fan wa: Bruce Springsteen.  At je Pieter wat folchje op sosjale  media dan lit it him maklik riede.
Ik meitsje in ôfspraak mei Pieter en wurd optein ûntfongen yn syn wente yn Easterein. Fansels hear ik gelyk de klanken fan syn held Bruce……




Pieter, hoe heardesto foar it earst fan Bruce Springsteen

Tsja , der binne twa bruorren, dy wenje no beide yn Wommels, dy makken foar muzykleafhawwers wolris sels wat cd’s mei fan alles der op. Sis mar  de bettere muzyk dy’t Teade en Ate graach dielden mei oaren. Op ien fan dy cd’s stiet Bruce en dat spruts mij oan.  Dat moat it begjin west ha.

Wannear wie dat sa ûngefear?

Dat sil yn 2000 west ha, doe’t ik in jier as 15 wie.

En dan?

Dan ûntdekke je dat er yn Easterein meardere  leafhawwers fan Bruce Springsteen binne,  dus krige ik fan Jan Jetze Brouwer wat CD’s te lien en ik wie hielendal ferkocht oan dy muzyk. Mar muzyk op cd is prachtich mar live is de ultime belibbenis.



Dus nei in live optreden?

Ja, bij tafal of mei gelok hoe’t je it mar neame wolle. Bruce Springsteen kaam yn de Kuip en de Bruce fans yn Easterein hiene in kaart oer. Dus haw ik op 6 maaie 2003 mei û.o. Jelle en Doutsje Brouwer en Simon Paul Strikwerda myn earste live optreden fan Bruce Springsteen meimakke.

Wat is dij bijbleaun?

De power fan trije oeren rock and roll. Der kaam gjin ein oan, it gie mar troch en it ferfeelde net in momint. Hij hie in jier earder it album “Rising” útbrocht en dat gie  foaral oer 9/11. Dit wie syn earste toer wer.

Foar de net-kenners, omskreau Bruce en syn muzyk fanút dyn gesichtspunt


Bruce Springsteen is de hurdwurkjende muzikant dy’t altyd fol gas jout en in prachtich ôfwikseljend repertoir hat. It is de rock mar it binne ek de prachtige ballads. Fierders kin hij syn sukses hiel goed diele mei syn muzikanten.  De E-street band begeliedt him al sa lang hij optreedt en dat binne syn freonen.  Syn optredens binne bekend om syn lingte: trije en soms hast 4 oeren lang.

Wylst ik efkes om mij hinne sjoch yn de keamer en fol bewûndering sjoch nei al dy attributen, dy’t te meitsjen hawwe mei Bruce Springsteen, set Pieter efkes in oare plaat op. Of de oare kan fan de plaat dat soe ek samar kinne.

Pieter, do draaist platen?


Ik bin yndie in echte platedraaier. Bin ek bliid dat nije produksjes op plaat útkomme. In plaat draaie, de hanneling op sich is al moai en it lûd is foar mij echter.


De âlde elpees fan Bruce binne allegear yn dyn besit?


Ja, dat klopt. Dy âlden hat fansels wat mear muoite koste, omdat (en dat begryp ik hiel goed) je in elpee fan Bruce net samar fuort dogge. Ik bin wiis mei myn kolleksje en it wurdt fansels ek sa’n ding om alles te hawwen.


Want alles fan Bruce hawwe wolle is in stribjen fan dij?


Ik tink it wol. Ik keapje de elpee en tagelyk ek de cd, dy’t ik miskien wol net faak draai. Ik keapje alles “blyn”. Ik wol it gewoan ha. Haw ek noch wat kassettebandsjes, dy draai ik nea. Ek de dvd’s komme allegear yn myn besit.

Wat draaist no it meast?

Ik bin en dat sil dy net ferbaze, in leafhawwer fan live elpees. It âldere wurk hat myn foarkar.

Binne se live yn Nederlân dan bist er bij?


Sûnt dat earste konsert yn de Kuip yn 2003 haw ik der altiten bij west.
2006 yn Ahoy, Rotterdam,
2007 yn Gelredome Arnhem,
2008 yn de Arena yn Amsterdam,
2009 op Pinkpop,
2012 op Pinkpop,
2013 yn de Goffert yn Nijmegen  en
2016 op it Malieveld yn Den Haag.

En altyd foaroan?

Nee, dat net, wol besykje wat foaroan te kommen mar dat falt net ta. Der binne mear en dan moatte je der wol hiel betiid wêze en dat slagget meastal net

Dêr hast oars noch wol in aardich ferhaal oer?


Ja, yn 2016 nei Den Haag, hie ik in bus regele fanút Easterein/Wommels. Der wiene hjir genôch leafhawwers. At je mei sa’n bus gean dan witte je dat je altyd tagelyk oankomme mei de massa. Foaroan komme is dan gjin opsje. In dei as wat foar it konsert joech Harry Strubbe fan Wommels, ek in grutte Brucefen oan, dat hij mei de trein gie.
Hiel betiid fuort om dochs in kear foaroan te kommen. It plan fan Harry en noch twa oaren spruts mij wol oan en ik stapte moarns om 8 oere mei dy oaren yn de trein en liet myn eigen regele bus links lizze.

En slagge de aksje


Wij wiene 12 oere bij it stek en moasten oant in oere as 5 wachtsje foardat wij der ynkoene. En dan is it drave en triuwe om yn dat foarste fak te kommen. Dat slagge op haren en snaren. Tichterbij haw ik net west. It wie foar in kear de muoite wurdich om moarns om 8 oere fuort te gean en jûns om 8 oere yn it foarste fak bij Bruce Springsteen te stean.

Kinst altyd oan kaarten komme?


Dat is altyd noch slagge. Earst hellen wij it fysike kaartsje bij de Freerecordshop  en no moatte wij it fansels mei ynternet dwaan. Ik haw alle kaartsjes wol bewarre.





In oantal kearen Nederlân, hoe sit it mei dyn bûtenlânske trips?

Dat begjint ek al op te rinne. Belgie, Dútslân en sels twa kear yn Paris. Dat wie mei Simon Paul Strikwerda. De iene deis stiene wij, de oaren deis sieten wij

Duorret in optreden altiten sa lang?


Ja, in konsert ûnder de trije oeren silst net meimeitsje. At hij ien kear op it poadium stiet en de goeie klik is der mei it publyk dat liket it wol dat hij net wurch te krijen is. It liket der mear op dat hij mear enerzjy krijt.

Wêr wolst se noch graach in kear sjen?


Ik soe de Ziggodome yn Amsterdam wol graach wolle. Yn tsjinstelling ta de oerdekte stadions is it lûd dêr folle better.

Bruce yn New Jersey sjen?


Ja, dat soe hielendal geweldich wêze. Wij hiene op ien fan ús trips nei Amearika de kâns om him yn New York te sjen. Mar 1000 euro is wol hiel soad jild foar ien kaartsje

Do hast in Bruce Springsteen fakânsje hân yn Amearika, begryp ik?


Seker, bin nei New Yersey west en haw dêr fan alles besjoen, wat mei Bruce Springsteen te meitsjen hat. Oan de hân fan it boek Rock&Roll Tour of the Jersey Shore haw ik yn kroegen west wêr’t hij yn it begjin ek spile.  Ik haw in jier letter  (2019) ek noch yn Nashville west.








Hoe wie New Jersey, wêr’t hij wei komt?


Ik fûn it moai om dy dingen te sjen wêr’t hij oer sjongt en wêr’t ik al in soad oer lêzen hie. Bin bij syn bertehûs west en folle mear “herkenbare’ plakken foar Bruce fans.  Hij is echt de held fan New Jersey, is ús wol dúdlik wurden.






Do wist alles fan Bruce?

Alles is miskien tefolle sein, mar ik doch myn bêst wol om alles witte te kommen.
Bin noch in lyts skofke fen west fan de fenklup Roulette dat net mear bestiet.
Haw dêrnei op Markplaats alle âlde boekjes noch opkocht. No lês ik en sjoch ik alles. In boekenkast fol boeken





Ik sjoch hjir yn de hûs net folle lânskipfoto’s of skilderijen?


Nee, bij mij hingje foto’s en affysjes fan myn held. Allegear mei soarch útsocht en allegear mei soarch ophongen.





Is der romte foar oare muzyk?

Absolút, gean ek nei in hiel soad oare bands ta. Hiest mij hast ek freegje kinnen foar Heideroosjes, want dat is myn twadde band. Boppedat sit ik yn de coverband Beware en dan komme je oanrekken mei in hiel soad oare muzyk.

Heideroosjes, dat is dochs punk?

Seker, ek dêr hâld ik fan. Dat wie ek ien fan de earste bands wêr't ik mei yn oanrekken kaam doe't ik yn de leeftyd siet dat je muzyk oppakke

Do sist ek yn de organisaasje fan Aaipop, kinst dyn aai dêr wat kwyt.


Ik regelje de muzyk en dat fyn ik tige nijsgjirrich. Dêr binne je it hiele jier wol wat mei dwaande. En miskien wist it noch wol yn 2014 spile der famylje fan dij (Martijn Kentie) Springsteen ferskes yn it Liwarders.

Ta beslút, wannear komt hij wer nei Europa, nei Nederlân?


Der komt dit jier in nij album, foar 2020 stiet hij der net bij op festivals of oars wat, mar yn 2021 sil hij seker noch in kear komme. Dan is hij 72 en dat is fansels wol in leeftyd

Slotwurd


Mei noch wat tips wat ik seker sjen moat, mei foto’s yn de app en in boek om in yndruk te krijen lit Pieter mij út.
Syn poes glipt er tagelyk út.
Ik haw it net frege mar it kin hast net misse dat dy Bruce hjit. 


At ik thús bin, krij ik fia de app noch wat linkjes fan Pieter. In nûmer ut 1973 en ien út 2013.
De folgjende dei stjoert Canvas in dokumentêre út oer de biografy fan Bruce Sprinsteen. Dat is fansels gjin tafal. Ik sjoch der nei en begryp no hielendal wat Pieter bedoeld. 
Bruce Springsteen dat kin samar je held wurde.

Opname út 1973





Opname út 2012





dinsdag 25 februari 2020

Moaie teksten


In stikje út it boek "Alles wat het lijkt"
fan Frits Spits, de radiomakker fan it earste oer
en no foaral weduwe.

It boek is in earbetoan oan syn frou
dy't yn 6 wiken ynnommen waard troch longkanker.
In earbetoan oan mear as 46 jier it libben diele.
In libben wêr't hij de bekende man bûten de doar is
en sij de frou fan it gesin efter de skermen is.

Yn dit nije boekje ferwiist Spits
mei 22 lieten nei in ferbân
tusken de tekst en it libben mei syn Greetje

Mei de twa cd's derbij
en de útlis oer de teksten fan de lieten
is it in weardefol dokumint.

Frits Spits is in taalman,
mei in grutte leafde foar it Nederlânsk.
Alle lieten binne Nederlânstalich,
op ien nei:
Nynke Laverman sjongt Man fan hout
yn it Frysk

Ik haw alle nûmers op Spotify opsocht
en no't ik it boek úthaw,
gean ik dy list de kommende wiken in pear kear beharkje.

Wat Spits seit yn dit stikje hjirboppe
sprekt mij wol oan.
Hij is yndie net de ienige,
ik bin ek sa.

Leve de eigen talen....





zondag 23 februari 2020

Danny yn Iduna

De tip fan Pep,
"Danny Bryant yn Iduna"
die ús besluten  om efkes nei Drachten ôf te reizgjen.

Derhinne, mei hege ferwachtings,
want dat lêste 2019 album hie ik sprekwurdelik al griis draaid op Spotify.
Danny Bryant is de gitarist en sjonger fan in bluesband út Ingelân,
mei in ynsprearende toetsenist
dy't it kapsel fan the Beatles 
ús de jierren 60 noch altiten moai fynt, sa te sjen

Us hege ferwachtings komme út.
Nei in prima relekst foarprogramma fan JR & B Bluesband,
wurde wij 90 minuten trakteard op in prachtich konsert
wêr't de klanken fan de gitaar, de stim fan Danny
de toetsenist en de strakke bas en drums
ús betiden it einepikefel besoargje.

Moaie bluesballads en stampende rock blues.
Je kinne betiden in spjeld fallen heare......

Mar ek twa hiele ferfelende allinne mar bierdrinkende
en foaral lûdpratende mannen oan de bar....

 En at de hiele seal sssssssst ropt
en dy twa "hearen" harren dêr neat fan oanlûke
en at guon minsken harren der op oansprekke en
de hearen in driigjende hâlding oannimme
dan binne je der wis fan
dat dit twa hiele grutte asosjale antimmuzykmannen binnen..

Pepe tipte ús net allinnen, se makke ek noch in moaie opname.
It wie in gesellige jûn.


zondag 16 februari 2020

Piter



Sa'n 25 jier hawwe wij in favorite knuffel 
ferivige yn in puzzel fan 12 stikjes.
Us eigen bern wiene der mei útboarte.

De puzzel wurdt sa no en dan noch ynelkoar setten
troch de pake- en beppe sizzers.
Piter wurdt ek noch wolris knuffele
mar is minder favoryt as bij de eigen bern.

Piter is yn dy 25 jier ek feroare 
sa sjogge wij 
at wij de puzzel en Piter njonkenelkoar lizze

Piter is wat skier wurden,
net allinne om it kopke.
Piter is syn mûle ferlern
enPiter sjocht no alles mei ien each

de rits fan syn jas wie 25 jier ek al stikken


De trepleuning hawwe wij ek noch
en Piter mocht noch ien kear op it selde plakje sitte
foar de foto,
dy't no net wer in puzzel wurdt

vrijdag 14 februari 2020

De stoepe is net foar auto's

Ja hjer
ik stoar mij wer ris earne oan
en dat wol ik dus efkes kwyt

It sit sa,
ik rin wat mear as oars
en betiden liket it wol op stroffeljen.

Dat komt foar in part
troch myn net al te soepele stap
(nee, ik bin net oan it revalidearje en haw ik gjhin hernia)
mar dat stroffeljen komt foar it aldergrutste part
troch stoepen dy't ferriden binne
en tegels der dus los en net flak yn lizze.

Hoe't it yn oare doarpen is, dat wit ik net,
mar ferriden stoepen dat is hast gewoan yn Wommels

Auto's wurde mei ien tsjil op de stoepe  parkeard
sadat oare auto's der better lâns kinne op de dyk
De rinner moatte of op de dyk of troch it gers
wat net de bedoeling is.

en dy auto's dus
soargje der foar dat stoepen ferriden wurde



Foar de dúdlikheid, dat bart net allinne op de van Sminealeane
mar oeral yn it doarp

In frjemde gewoante en it soarget ûnnedich foar skea oan de stoepen

Op de foto hjirûnder is ek te sjen
dat dy stoepe ferriden is omdat der wiken lang buskes
mei ien tsjin op de stoepe parkearden.

Noch in gelok dat se dat net diene bij de koniifearebeam
dy't trije tegels fan de stoepe brûkt.. 
myn twadde argewaasjepuntsje






woensdag 12 februari 2020

Net geskikt

It kin de man net,
mar Romke Postma in riedslid út Dantumadiel
die in opmerklike útspraak
nei oanlieding fan in groepke kleiers út Feanwâlden.

Sij krigen neat foarelkoar
wie de strekking fan in artikel yn de LC
fan in pear wiken lyn.
Alles wat se woene om Feanwâlden op de kaart te setten
en te hâlden mislearre....

Hoe kin datdochs, tocht riedslid Postma
want oare doarpen krije soms wol alles foarelkoar.

Hij komt mei dizze opmerklike konklúzje:
Der sitte tefolle hottemetoten yn,
dy't harren spoaren yn maatskippij en wurk neilitten hawwe
alles jurydysk goed foarelkoar hawwe
dy't gearkommen hast ta doel ferheven hawwe
mar......



dinsdag 11 februari 2020

Oarloch yn Wommels (3)


Dit is diel 3 fan stikjes út de krante
oer Wommels yn de oarlochsjierren.

Sa as ek al te sjen yn diel 1 en diel liket it ferienigingslibben,
de sport en de handel gewoan troch te gean

It giet oer it jier 1944 en 1945.








Wraak


Dit is in passaazje út in boek fan Erin Kelly.
In prachtich boek.
In boek, sa moai skreaun,
dat giet oer wraak en in obsesje.
It giet ek oer de geheimen fan in gesin,
oer fertrouwen en wantrouen





maandag 10 februari 2020

Fertelle sûnder foto's


Dizze kollum stie yn it AD.
In moai ferhaal oer minsken
dy't allinne mar iets fertelle kinne
oan de hân fan foto's




zaterdag 8 februari 2020

Yntinze muzyk

The Murder Capital + Junior Brother - 6/2/2020 - Simone v/d Heijden


Dizze prachtige foto seit alles
oer it optreden fan the Murder Capital.
yn Vera yn Grins
op tongersdei 6 febrewaris 2020.

Njoggen nûmers spilen se
mei safolle emoasje
dat ik suver yn in trance rekke.

Ik net allinne
te sjen oan dizze foto.
Ademleaze muzyk, heftich, yntins,
it wie bijsûnder

en dat wylst ik fan te foaren wat twivelje
om wol/net mei te gean.
Ek hjir waard wer bewezen
dat in cd beharkje hiel wat oars is as in konsert.

Miskien wiene wij wol bij it beste konsert fan 2020 yn Vera.

Yn de Volkskrante stie dit


Yn Oor dizze geweldige resinsje, mei as lêste sin dat it wol ris sa'n band wurde kin wêrfan je letter sizze dy haw ik sjoen yn Vera of de Melkweg

De setlist


Mear foto's fan Simone van der Heijden binne hjir te sjen

woensdag 5 februari 2020

Dy Brecht


Se is wat wurch
en jout har noch net del.
In ferske sjonge,
rêstjouwende muzyk
de wein wat hinne en wer
en stadich falle de eachjes ticht,
mei pake syn finger yn de hân.

Hoeden besykje ik nei in minút as wat
myn finger te befrijen.
De earste poging mislearret.
Sij knypt en hâldt him noch better fêst.

Wer fiif minuten letter
in twadde poging.
It slagget
ik befrij myn eigen finger
en se sliept troch

Sa moai, dy Brecht

dinsdag 4 februari 2020

Oarloch yn Wommels (2)

Dit is diel 2 fan stikjes út de krante
oer Wommels yn de oarlochsjierren.

Sa as ek al te sjen yn diel 1 liket it ferienigingslibben,
de sport en de handel gewoan troch te gean

It giet oer it jier 1943.



Rente bijskriuwe dêr hawwe wij no gjin lêst fan