Sneon bin ik yn Snits bij it fuotbal
Noflik waar en in aardige wedstriid
De "echt wenselijke smokers" stean neist de tribune
Sneon bin ik yn Snits bij it fuotbal
It klopt yndie
At je rinne sjogge je mear.
Hast alle dagen fyts ik oer de Walperterwei nei de Warntille
Hjoed rin ik
Dan sjoch ik de hynsteblommen bloeien yn de wylgebeam
Miskien is dat normaal,
ik fyn it bijsûnder
Hjoed hawwe de measte minsken in frije dei
Utsein de kening, de boargemeaster fan Dokkum en Syb van der Ploeg
en noch wat oaren
In soad drokte fan te foaren en noch mear drokte op dizze dei.
Ik haw hielendal neat mei it keningshûs.
Ik wegerje der ek nei te sjen sa'n dei
it is in drokte fan neat.
Gjin keningsdei foar mij
en seker gjin lintsjeboel
It is in miste kâns dat je net earne fêstlizze kinne
dat je nea yn oanmerking komme wolle foar in lintsje
út namme fan in kening dy't ik net "erken"
Op dizzze keingsdei is der altyd muzyk yn Boalsert
4 tribute bands, wêrfan ien mij bekoare koe
Ja, ik bin sinnich,
want foar de gesellichheid gean ik net mear nei de muzyk
Anonymous Rem haw ik yn Boalsert sjoen en dat is in prima tributeband
Sij slute ôf mei The End of the World, dat geweldige nûmer fan REM
Hjirûnder it orisjiniel
Sa moai yn it kopke,
sa moai fan te foaren útdoktere
en dan in flater meitsje, in grutte flater.
Eigen skuld, dikke bult
Wat giet der mis op ús fytsrûte
troch alle gemeenten fan Nederlân?
De rûte op woansdei 22 april 2026
(fanôf no in AantHofstra rampdatum)
moat ús troch de gemeente Zandvoort liede.
Ek it doarp Bentveld makket diel út fan dy gemeente.
Wij komme fanút it súden en komme op in drokkere dyk
Wij ferûnderstelle dat wij lâns Aerdenhout gien binne
en no yn Bentveld fytse.
Bebouwing links en rjochts, dat kin net misse.
Myn plande rûte wie wat oars, mar op gefoel sis ik bij in ôfslach:
"Wij kinne hjir wol rjochtsôf "
De dyk giet noch wat nei it westen
( dus dat komt goed tink ik noch)
en dan kinne wij rjochtsôf rjochting Bloemendaal
Op dat punt binne wij noch 200 meters fan Bentveld ôf,
docht letter bliken
![]() |
| Blau fytsten wij De grize strakke streep is de gemeentegrins |
200 meter of sa
mar Strava (dat alle fytsrûtes fêstleit) is ûnferbidlik
Strava jout jûns oan
dat wij net yn de gemeente Zandvoort west ha
Sjit, sjit, sjit
Oars wie Noard Hollân klear, no net
Mei oare wurden
dit jier sjonge wij noch in kear
Net allinne auto's kinne harren aansens rêde sûnder bestjoerder
it binne ek de pontsjes....
Bij Leiden pronkje se mei de tekst
dat dit it earste pontsje yn Europa is
dy't it fuortfarren en oanlizszen sels docht.
De 1 euro 20 foar de oerfeart
wurdt noch wol bard troch in libbensechte man
Wij hawwe wer op paad west foar ús útdaging
om yn alle gemeenten yn Nederlân te fytsen
Yn Noard Hollân binne noch trije iepen plakjes en yn Súd Hollân noch sa'n 20
Wij starte yn Zaandam ( wij kinne meiride dêrhinne)
Iit is in prachtige rûte lâns alle drokte
De measte drokte sit yn de loft,
want dat krije je at je lâns Schiphol fytse
Halfweg, Hoofddorp, Aalsmeer, Roelofarendsveen
Leiden, Oegstgeest en ta beslút ús oernachtingsdoarp Rijnsburg.
Rissultaat: ien nije gemeente: Teylingen
Spitich fan dy iene dikke bui op dizze 77 kilometer
Wij sliepe yn in túnhús
It doel fan de twadde dei is in slach troch Súd Hollân
Ek dat is in prima rûte lâns de foarstêden fan Den Haag.
Voorschoten, Leidschendam,Rijswijk, Voorburg, Delft, Zoeterwoude, Zoetermeer en
Den Haag kinne wij ôfstrepe.
Fia it griene hert wer rjochting it noarden
nei in Freonen op de Fyts adres yn Bennebroek
Prima waar mei helaas in hurde wyn tsjin.
87 kilometer
Sa'n twa jier wiene wij op in sneintemiddei yn Neushoorn bij Chop Suey,
in tributeband fan System Of A Down en Machine Head.
Mei sa'n 150 oaren hiene wij in machtige middei.
Wij hawwe iets te entûsjaste ferhalen ferteld.
Wat in feest jûn yn Neushoorn.
Útferkochte grutte seal mei Slip Not en wer dy Chop Suey.
Twa bands soargen foar hearlike muzyk
en brochten in geweldige sfear.
Sij binne op tour troch Europa en dit wie it twadde optreden
Tsiis, ik bin der sljocht op.
Kreten dy't bij tsiis heare,
sismar de marketingtermen,
binne bijgelyks gerijpt en jong.
Dat binne de termen dy't ik yn in flits yn mij opnim
at it tsiis lizzen sjoch yn it gongpaad bij de Poiesz
Geniaal
Rijpma - de Jong as boechbyld fan in stik tsiis
It is noch lekker fan smaak ek
Ik kin alle dagen bijleare at ik wol.
In hiel ferhaal yn de krante oer de
Rietsigaargalvlieg
Fierderop in artikel oer de
dwergvuurmieren
Ik haw der noch nea fan heard
en hie dat graach sa hâlde wollen
Jim begripe no ek wol
wêrom ik soms stikken net lês
en seker gjin muoite dwaan sil
om dizze nammen te ûnthâlden.
It Fenix festival yn Neushoorn.
Fan metal oant Frysk jeugdorkest,
fan rappers oant rock,
fan Drôvich nei in fantastysk optreden fan Seewolf
en fan it tige enersjike Asbest nei it swingende Captain J. Wright.
Tuskentroch in oerke harke nei en lake
om de absurde foarstelling oer 12 dates en 13 ûngemakken fan Douwe Dijkstra.
Wat in hearlike jûn wer.
Noch efkes oer Seewolf.
Ik haw se al wit hoe faak sjoen
mar sa't it lûd hjir wie
dat makke it optreden geweldich
mei stevige nûmers.
Wij binne yn Zaltbommel
Dat is in festigingsstêd oan de Waal.
It stedsje makket ek gebrûk fan it feit
dat Fiep Westendorp hjir berne is.
Fiep Westendorp,
de frou dy't de tekeningen makke hat
yn de boeken fan Annie M G Schmidt
Stoeptegels herinnerje ús oan har
Yn Zaltbommel is ek in winkel iepene mei de titel Hoogwater
Dêr lizze de sânsekken foar de doar.....
Wij fytse tongersdei lâns de Waal.
It is dêr rêstich.
Sa no en dan heare wij in skip foarbijkommen.
Of wij heare wij wetterfûngels
Mar dan wurdt it oars.....
It lewei fan in wjukkelmasjine boazet oan.
Net ien mar twa fan dy griene legermasjines
meitsje rûntsjes boppe ús.
Dan wer oer it wetter, dan wer oer it lân.
It liket in oefening.
It is in oefening.
Fierderop sjogge wij al in pear militairen stean
Untspannen pratend mei in nijsgjirrige omwenner
Wer fierderop sjogge wij in tank stean
mei in wapene soldaat.
Wij komme tichter bij
De ferbazing slacht oer yn ferbjustering.
De tank is in opblaasber eksimplaar
Ik lies krekt foar Peaske dit stikje
Tsja,
foar sommigen sil dit miskien gjin nijs wêze
foar mij wol.
Dy oantallen dy meitsje it der ek net better op
Fan 'e skrik mei peaske gjin aai hân
Net wier Aant,
in pear sûkelade-aaikes kin ik net lizze litte
In pear plaatsjes út it museum fan Drylts
Dêr bin ik ferline wike west mei de famylje Holtrop
![]() |
| Der is in moaie eksposysje op de boppeferdjipping mei dit soarte nivelwurk |
![]() |
Holtrop, earst yn Drylst, letter nei de Jouwer![]() |
![]() |
| In moai skilderij fan Johannes Terpstra dy't ik tafallich kin |
Ik bin opgroeid mei de muzyk fan Status Quo.
De band komt fanôf midden jierren 60 regelmjittich mei hits oansetten
Gewoane, strakke, rjochtút rock.
Neat mis mei.
Ik haw nea bij in konsert west.
Thús set ik Status Quo net gau op.
Mar doe't ik 65 waard, bin ik begong te draven
en tocht ik dat je mei muzyk hiel hurd drave kinne,
dat it hast fansels giet.
Ik set 10 nûmers fan dizze band op myn muzykapparaat
mei Just Supposin boppe-oan.
Ik krij it gefoel dat it helpt
want it giet hieltyd better
Dan draaf ik in pear kear sûnder muzyk
en it giet like goed (of min)
hoe't je mar beneame wolle
Justermiddei draaf ik mei wat ballads fan Neil Young
en it giet prima
Mei oare wurden:
Status Quo hat mij op paad holpen
mar foar in noch sneller drafke
sil ik miskien wol oer gean moatte op speedrock
Juster in prima tributeband yn it gesellige kafee yn Itens
Dy jonges út Eindhoven kinne hjoed thús mar poche:
"wij speelden in Itens (waar ligt dat?)" foar in entûsjast publyk
yn in útferkochte seal
It is sa'n middei
Net echt fytswaar, mar ik moat der efkes út.
Sûnder doel is neat, dus meitsje ik in doel
Hidaard wurdt myn doel
At ik Hidaard binnen fyts
dan falt mij it selde op as jierren lyn,
oan myn linkerhân in rommelige omblik.
It libbet dêr !
In slach oer it tsjerkhôf,
wêr't it net libbet
mar wêr't ik in protte bekende nammen tsjinkom
Nammen fan hiele famyljes lizze dêr
of krije dêr noch plak.
De tsjerke en toer hawwe neat bijsûnders fan bûten
Gjin kluer, gjin fleur
Fan binnen is al wat bijs^%unders neffens it boer
De bushalte dy sjocht der fleurich bij de brievenbus
Net dat er regelmjittich in bus komt
mar de provinsje sil wol bedongen hawwe
dat alle doarpen in bushalte ha moatte
it Hiddahûs liket mij it doarpshûs
Ut de doaze mei foto's pik ik dizze der efkes út.
Gjin spesifike reden
mar om it gehiel noch ris goed te besjen
Wij wenje noch op de Hofkamp.
It sil de simmer fan 1959 west ha
Heit hat syn pak oanlutsen foar dizze foto
want dit binne net syn wurkklean.
Of hij hat krekt drager west op in begraffenis
en doe't hij thús kaam
hat ús mem sein: do hast no de goeie klean oan
lit ús no mar op de foto gean
Wa't de foto makket hat, soe ik net witte
De bank is wat te lyts foar 2 folwoeksenen en 3 bern
Hessel sit wat fuortdrukt tusken heit en Meindert
Ik haw sa te sjen rom plak en de koarte broek oan
It is de ienige foto mei ús fiven
In pear jier letter is alles oars
1960 wurdt Lolke berne
1961 ferdrinkt dizze Meindert
en 1963 wurdt in oare Meindert berne