It is sneontemoarn in oere as 10
wij sitte op in kamping mei "de hiele famylje"
fan Jelly har kant
"Ik helje wol efkes twa kranten"
in eintsje fytse liket mij net ferkeard.
"Mag ik mee", seit Tihaisha
in nichtje fan 6,
dy't ik twa kear yn it jier sjoch.
"Ja seker wol, 'mei it fan dy mem?"
Mem jout oan dat sij goed fytse kin
en at it 7 kilometer is, dan kin se dat wol?"
Dus fyts ik mei dat famke fan 6 nei Stienwyk
ûnderweis lêst sij mei foar
wat foar nammen der allegear op de boaten stean
want 6 jier dan kinne je al wat lêze
Wij fytse mei gemak nei it sintrum.
"In ijsje of wat drinken"
Wij gean nei bakker Bart foar wat drinken.
Ik hoech net te sizzen wêr't wij werom lâns moatte
Se wit it noch presys, ek yn de stêd.
Underweis hâlde wij noch in monumintenstop.
Ek dêr is wer wat te lêzen
Wij fine it beide in prachtige moarn



