donderdag 27 juli 2023

It iene heechhout is it oare net



In slach troch Wjelsryp brocht mij bij de Frjentsjerterfeart

It dykje rint dea.

Ik kom út bij in heechhout

In opfallend moai heechhout fan beton

Op de side fan it doarp Wjelryp lês ik letter dit

Bovendien is er een fraaie ronde betonnen brug over de Frentsjerter Feart, die het buurtschap ’t Heechhout ontsluit.

Sa, dan wit jim dat ek.

Hoewol sommigen wisten dit al 

en witte miskien wol mear te fertellen

woensdag 26 juli 2023

Kikker

 Mei fjouwer fan de seis pakkesizzers hawwe wij yn Starum west.

Al fjouwer hawwe se harren dêr geweldich fermakke.

De haven, de boarterstunen, de fiskboer en de walfisk.

No ja, de kikker

want wij hiene hjoed de fiifde pakesizzer mei.

Dat is Brecht en fynt it in kikker.

"Bin bij de kikker west" sei se tsjin letter har mem

Wat makket it út.

Earst wat ûnder de yndruk

doe de hân yn it wetter

doe ien foet

dêrnei twa fuotten

en wat letter huppele se moai in slach om de kikker hinne.









Koart ferhaal

Ik lês meast in oantal boeken tagelyk.  

Tafallich sit ik no in koarte ferhalen boek fan Paulus Akkerman 

en it boek Markant Frappant fan Wiebe Pennewaard. 

Om mei it lêste boek te begjinnen, 

it is in feest om dy koarte ferhalen, 

dy't earder yn de krante stien hawwe, no te lêzen. 

As pensionade sjocht Pennewaard nei de wrâld om him hinne

mei in knypeach nei de rol fan in pake. 

It komt sa bekend foar 

en ik gniis mij betiden slop om dy hearlike droege humor.

Dat sil mooglik ek sa west hawwe 

mei de stikjes fan Paulus Akkerman 

yn de jierren 50, 60 en 70 fan de foarige iuw. 

Der sit ek humor yn mar minder herkenber en minder skerp. 

 It moaie fan beide boeken is dat it wat seit oer de tiid 

en dat je in moai byld krije fan dy tiid.

Tip fan mij: lês Markant Frappant




zondag 23 juli 2023

Dearinnend

Wommels hat 35,9 kilometer oan diken

en dêr haw ik sa'n 33 kilometer fan fytst.

Dat is binnen en bûten it doarp.

Tsjerkwert hat 36,6 kilometer oan diken

dy lizze hast allegear bûten it doarp

Ferline wike dy ik in poging om de helt te befytsen

It wiene allegear dearinnende diken 

nei útbuorrens en frijsteande pleatsen.

Sa seach ik yn Ymswâlde en Babuorren

It hat mij wol holpen al dy dearinnende útstapkes

want ik sit no op 47 % fan alle diken dêr

Ik moat noch in kear om de 75 % te heljen




zaterdag 22 juli 2023

Bôlebier

Sneintemiddei op de Kliuw

wie altyd gesellich.

Sa tusken 4 en 6 op syn drokst.

6 oere wie it iterstiid,

dat siet er bij in protte lju wat tefolle yn.

It rint dan meast hurd leech om dy tiid.

Wij bliuwe altyd sitten

want at it gesellich is, moat je sitten bliuwe.

Boppedat, de rigel wie en is miskien noch wol,

ien bierke is twa stikken bôle,

tusken 6 en 7 pakten wij dus minstens 4 stikken bôle.

Dizze wike hie ik myn jierdei

en myn bern ferrasse mij altyd mei spesjaal bier.

21 ferskillende soarten telde ik oan de ein fan de jûn

Opmerklik wiene dizze 4 fleskes




dinsdag 18 juli 2023

Kapsalon

Ik freegje mij faak ôf bij it sjen fan iets

hoe komme se der bij?

Wa hat dit berocht dan wol útfûn?

Dat haw ik bijgelyks ek hân mei kapsalon.

Kapsalon?

Ja dat gerjocht dat ik faak yt bij in Döner-Kebapsaak.

Wa betinkt no om friet mei shoarma ôf te dekken mei tsiis,

it yn de gril te setten en dan der salade oer te dwaan.

Ofmeitsje mei sambal en knoflooksaus.

Dat is in kapsalon

"Doch mar wat" hat dy kapper ea sein tsjin in shoarmaman

"Dit en dat fyn ik lekker en doch dat allegear mar"

It gerjocht wurdt ferneamd yn Rotterdam

dêrnei yn de rest fan Nederlân

en sels wrâldwiid.

Nataniel Gomes, de kapper út Rotterdam betocht it

en hij ferstoar dizze wike

fan dêr dat ik der oer begjin






maandag 17 juli 2023

Sykje paad

 Skrok,

in hearlike paad om te fytsen

at it gers net in heal meter lang is.

Oan ferline wike ta hiene se noch net meand

op in grut stik lân wêr't it fytspaad trochrint

Dat seagen je en dat fielden je at it wiet wie.

It wie betiden sykje 

want lang gers begjint te hingjen.



No ha se meand en leit der hea.

Der skynt ek noch in fytspaad te wêzen

mar dat is echt net te sjen.


dinsdag 11 juli 2023

De ein fan de lisfyts

 Oan alles komt in ein

Dus ek oan it lisfytsen fan ús

Hjoed hawwe wij beide lisfytsen oerdien 

oan in oare eigner.

It wie in prachtige tiid,


It lei altyd hearlik

it útsjoch wie geweldich

gjin stive nekke, sa't sommigen wol tinke

en gjin ûngemakken, 

want neffens sommigen is it libbensgefaarlik


It hat ús prachtige fakânsjereizen oplevere

De Donau, de Rijn, de Weser, de Werra, de Noardsee route

nei Ingelân en tal fan reizen yn Nederlân.


Op facebook steane 80 lisfytsfoto's fan ús

Jim kinne se hjir besjen.

En sa't jim witte hâld ik hiel wat ûnsinnige dingen bij

Lykas it oantal kilometers

Op myn 4 ferskillende lisfytsen haw ik 153.000 kilometer fyts









zondag 9 juli 2023

Unkrûd en Rutte

 In kunde fan mij hat it net sa stean op Rutte

It is allegear Rutte syn skuld

Koroana,  Oekraine of hege prizen 

it is Rutte syn skuld

Ik gean der wolris tsjinyn, 

net omdat ik in fen fan Rutte bin.

"Ik haw wurdearring foar hast elkenien 

dy't ferantwurdlikheid nimt 

en beslissingen doart te nimmen"

sis ik dan.

Sneontemoarn wie hij yn de tún dwaande mei înkrûd. 

It kabinet is krekt fallen.

"Binne jo no tefreden,"frege ik him yn de ferûnderstelling

dat hij wol wist dat ik it oer Rutte hie.

"Ja, it sjocht er wer kreas út", wylst hij nei syn túntsje wiisde.

De dôvens wie ik efkes fergetten of skatte ik ferkeard yn.

"Ik bedoel de fal fan Rutte,'joech ik noch oan.

 en hij gniiske

"Mar dy komt wol werom" wist ik noch ta te heakjen, doelend op Rutte

"Ja, dat ûnkrûd  komt altyd wer',  en hij hie it wer oer syn túntsje





donderdag 6 juli 2023

It kin echt net


Dat er wurke wurdt oan in dyk is logyske

Wij sjogge it giele boerd út de fierte al stean 

mei dat freeslike reade/wite boerd

dat alle ferkear ferbiedt.

Je sjogge gjin wurksumheden

en dan stean je foar de kar

trochfytse want meast kin in fytser der wol lâns

of dochs mar in eintsje (ein) omfytse.

Dit boerd jout dúdlikheid.

Trochfytse kin net

en 2 minuten omfytse is gfansels gjin probleem

It skynt earne yn Noard Hollân te stean.

Mear sokke buorden graach!



 

dinsdag 4 juli 2023

It Heidenskip

 It Heidenskip, is is doarp

dat wat fuortstoppe is tusken Warkum en Koudum.

Moai dat je op de fyts der ek komme kinne

mei in pont fanút de Gastmar

it Heidenskip 

it doarp mei dy prachtige fjierljepakkomodaasje

it Heidenskip

mei it Swaaigat

it Heidenskip

mei syn tsjerkje op de Brânbuorren

it Heidenskip

mei syn Oerpolder, 

sa moai beskreaun troch Hylke Spoeerstra

wij fytse hjoed in rûntsje fan 63 kilometer

mei it Heidenskip as doel





Branbuorren

tsjerkedoar

protestante tsjerke


ferieningsgebou

fierljepakkomodaasje

fierljepakkommodaasje

yn de oerpolder





Hulde

 At je net sa faak mei de trein reizgje

dan is dat in bytsje spannend.

Mei in fyts is it noch spannender.

Kinne wij maklik op it goeie perron komme

en hawwe wij de goeie ticket

en noch wichtiger, is der plak.

Der is plak, konstateare wij yn Maastricht

at wij de earste trein nei 9 oere moarns ynstappe

9.01 en dat is nei de spits sadat de fyts meikin.

Wij kinne ús noflik deljaan

op de fjouwersitsbank bij de fytsen.

Tsjinoer ús sit in fromminske mei in hûn,

dy't se gelokkich aardich ûnder kontrôle hat.

Al gau komt de kondyktrise

Ik haw de app fan de NS al klearstean

en bij it skannen fan it earste kaartsje

wit se al genôch: 

"Fietskaartje heb je ook nog zeker, 

het is wel goed zo"

It fromminske lit har kaartsje ek skanne

en dat levert in frons op.

"Niet ingecheckt" jout de konduktrise oan.

"Je hebt ook geen saldo genoeg"

Ferbaasd mar rêstich seit it fromminske

"I checkt in in Maastricht", 

It docht bliken dat se Ingelsk is

De konduktrise siket mei har skanner

wat er oan de hân is.

"You checkt in by Arriva, we are NS"

"I don't no, what is Arriva?" 

De konduktrise jout oan dat je tusken 

Maastricht en Roermond mei de NS 

en mei Arriva reizgje kinne

De konduktrise hat begryp foar dit misbegryp

en jout in goeie tip,

"Check out bij Arriva, when you are in Roermond"

Hulde foar dizze konduktrise

sij stiet net op har NS strepen



zaterdag 1 juli 2023

Pitfest




 'Bron van energie' 

dat stiet op it stadion fan FC Emmen.

Wij parkeare op harren terrein, rinne in stek troch

en binne op it festivalterrein fan Pitfest.



Fan 7 oan 12 harkje wij nei 8 bands 

en yndie it is in boarne van enerzjy.

Punk, hardcore en metal

it is in lawine oan lawaai

fan it de Ellert , it Brammert of het Punkholpoadium.

Hurde muzyk (mei eardopkes) binne wij wol wend,

mar dit wue oerend hurd.

Wij komme foar Terror

en de rest pikke wij mei.

Terror is geweldich

en de rest is prima.

Lykas it sfearfolle optreden fan

Bent out of Shave,

punk út Fryslân



Wagner groep

Wij boarten earder ek oarloch

Op de Herfoarme legere skoalle

sprutsen wij dan mei de iepenbiere bern ôf

'fannemiddei oarloch"

'wêr?'

'op de Keatsebaan en bij it keatsfjild'

'hoe let'

'4 oere, at wij út skoalle komme'

dan gie it los, 

mei stokken en plestik swurden.

It duorre meast net lang

der rekke nimmen ferwûne

en jûns hiene wij meielkoar kompetysjekeatsen

of fuotbalje wij op de Terp.

No is dêr de Wagner groep

foar mij in ûnbegryplike organisaasje

Oarlochje boartsje!

Dat dogge je net at je folwoeksen binne