maandag 29 januari 2024

Grou

Al wer in rûntsje

Rinne yn Grou

Ek dêr sa dea as in wjirm op sneintemiddei

Ek dy kúper en Halbersma



Seis kilometer yn Grou





de kuper, mei in ûnlêsbere tekst,
sels at je der op knibbels foarsitte

Halbersma fan siden

Halbersma fan efteren




Dit stek komt mij bekend foar

Ek yn Wommels stiet in Wilhelminabeam 

mei sa'n stek


dinsdag 23 januari 2024

De bakpanne

 


Se kinne fan mij net sizze dat ik de adfertinsjes net goed lês

Wat in revolusjonêre útfining.

Wat binne wij hjir bliid mei.



zaterdag 20 januari 2024

Gitaarmuzyk

Rob Tognoni, ik haw der noch nea fan heard.

Hij en syn band stean yn it foarprogramma fan Band of Friends

Wij wurde bliid ferrast mei syn optreden yn it Bolwerk yn Snits

Hearlike gitaar en dat makket it lekker om nei te harkjen.

De Tasmanian devil is syn bijnamme. Sjoch hjir

Om 22.30 giet it echt los

In muorre fan gitaargeweld

in machtich optreden fan Marcel Scherpenzeel

as sjonger/ gitarist yn de Band of Friends

De oansteklik entûsjaste bassist en in drummer

sa strak as mar kin.

Yn in spetterjend optreden 

nimme se de seal hielendal mei,

Wat in sfear, wat in wille, wat in muzyk.

It is in topjûn.

Dit filmke is fan in jier lyn.

Rob Tognoni, hie juster itselde bûsgroentsje oan

en spile op deselde gitaar





Drama

Moandeitemiddei, in oere as ien,

Wij hawwe in boadskipke yn Spannum.

Hinnereis gean wij lâns de Boalserterfeart en Iens

Werom oer Kûbaard.

In oerke letter binne wij wer thús

en sit ik mei in boek op skurte

Ik hear in sirene en noch in sirene

Ik sjoch it swaailjocht yn in flits rjochting Warntille gean

P2000 seit, "persoon te water""Walperterwei"

Ik folch it nijs

Man overleden

Ik sjoch in foto.

Ik sjoch helpferlieners, 

ik sjoch in wyt ôfskermdoek

Dêr fytsten wij in goed oere lyn lâns.

In man út Südwest Fryslân.

79 jier lês ik letter

"It sil dochs net dy man wêze,

dy't ik moarns faak tsjinkom.,

at ik rjochting Tsjom of Boalsert gean 

en hij weromkomt"

Dy man mei dy blaue jas,

dy't altiten krom oer it stjoer leit

Dy man dy't ik simmers faak op de bou sjoch

en ek winters at er boerekoal ite wol.

De man dy't ús in kear rûnlieden hat yn de tsjerke yn Iens

en ús wat mear fertelle kin oer ús heit, 

dy't ek fan Iens komt

De oare deis is de befestiging

Hij is it.

Wat in drama





vrijdag 19 januari 2024

Wommrels 1976

 


Wommels 1976

De provinsjale dyk is hast klear

Plan de Terpen yn oanbou

Plan Walpert noch lân

Plan Wetterwyk noch lân

Plan Fûgelwyk noch lân

Gjin tennisbanen, gjin sportfjild

Nij Stapert noch krekt  net tsjin de flakte

Wol in suvelfabryk

Wol in swimbad



woensdag 17 januari 2024

Fytspaad


 In moai plaatsje 

doe't it fytspaad tusken Wommels en Easterein oanlein waard.

Je kinne je no net mear foarstelle dat it der net mear leit

dinsdag 16 januari 2024

Veronica

Ik fyn dit stikje noch.

Ît is fan 1970

Veronica moat fuort

Dat fynt de hear Zeinstra en de hear Faber fan Wommels.

Dy brûkt stevige taal


Ik haw op ien fan mynplakboeken in sticker

Veronica moet blijven, stiet der op.


zondag 14 januari 2024

Deade boel

 Rients Gratama hat in prachtich liet makke.

Jongfolk ha wille, hjit it

It giet oer de saaie snein.

'It is hjir sa dea as in pier en saai op de klaai.

Dat wie yn de tiid dat je neat mochten op snein

No mei alles.

Wylst de iene nei de tsjerke giet en wat yn it ponkje docht

stiet in oar 100 meter fierder yn de Jumbo 

bij de selsskenkassa de pizza ôf te rekkenjen

Ik fyn it prima.

Om de saaiheid op de klaai te ûntflechtsjen

setten wij ôf nei Terherne om in stikje te rinnen

Plysje Swart syn boat lei der foar dea bij

in momumint, fansels foar in deade

In beam, fakkundich deasnoeid

ek de Nije Slachtedyk is dea



Untelbere sokke buordsjes

Winters in deade brêge


De Kameleon , der siet gjin libben yn

Gewoanwei doch ik ek in slach oer it tsjekrhôf

Hjoed mar net.

It hiele doarp wie al in deade boel,

Terherne dus, 

ideaal om rêstich te rinnen op in moaie sneintemiddei

donderdag 11 januari 2024

Dirk Jan bliuwt grappich

 


Topografy

 Ik bin reedlik goed yn topografy

al sis ik it sels.

Op safolle plakken west yn Nederlân 

en mei in topografysk geheugen

bliuwt der hiel wat hingjen.

Mar, ik moat tajaan dat mij iets ûntkommen is.

Ik altyd mar tinke dat de eardere Súdersee

noch altiten Iselmar hjit.

Mis dus.

Troch it hege wetter yn Volendam en Monnickendam

hawwe se hieltyd oer it Markermeer.

Earst dringt it net goed ta mij troch 

dat dit in grut part fan it Iselmar is,

mar at ik der goed nei sjoch

kin ik net oars as erkenne

dat ik sûnt 1975 sitte ha te sliepen tidens de les.........


De naam Markermeer wordt pas sinds omstreeks 1975 gebruikt. Daarvoor duidde men het gebied aan als het zuidwestelijke deel van het IJsselmeer, of als (toekomstige) Markerwaard.



woensdag 10 januari 2024

Wandrer

 Fryslân hat sa'n 12.600 kilometer oan diken en fytspaden.

Dêrfan haw ik der iets mear as 3000 kilometer fan fytst .

Dat is sûnt 3 jier sa ûngefear.

Op dizze kaart kinne jim sjen, 

wêr't ik west ha 

want dy diken binne blau

De diken dy't ik noch ha moat binne read, 

mar dat sjogge je sa net


As foarbyld pak ik Britswert der bij.

Britswert is mar in doarpke 

mar hat neffens it programma dat ik brûk (Wandrer)

binne der 6,9 kilometers oan dyk 

Myn doel is 75% fan elk doarp/eltse stêd te befytsen

Snein bin ik mei hurde wyn nei Britswert fytst

en dit is it resultaat.

Binnen it gebiet fan Britwert haw ik no 5,9 kilometer fyst

en dat is 85,1 %

Dêrfoar bin ik nei de brêge op Kromwâl rjochts ôfgien 

bij it wetter lâns rjochting Rien.

Om 100 % te heljen 

soe ik foar de brêge fan Kromwâl 

noch in beton reed op moatte 

Dat doch ik earst net.

75 % is it doel en dat is helle.

Ik sjoch earst nei it folgjende doarp


It folgjende doarp is Wiuwert.

Dêr binne no mar in pear blaue linen en te folle reade.

Wiuwert hat 8,3 kilometer oan dyk

en ik haw der 3,8 kilometer dien.

Ik sil noch in slach nei rjochts moatte (Swaenwert)

in slach nei lofts nei it buorskip Bessens

en in moaie slach troch it doarp



De folgjende doarpen bin ik al troch west en haw ik de 75% helle


Hartwerd 99,4

Rien 97,7

Hinnaard 96,9

Itens 95,5

Iens 93,6

Greonterp 93,4

Schraard 93

Wommels 91,1

Tjalhuizum 90,4

Nijhuizum 90,2

Waaksens 90

Húns 87,7

Hidaard 86,8

Britswert 85,1

Schingen 84

Ysbrechtum 83,6

Nijelamer 83

Zweins 81,4

Teroele 81,2

Akmarijp 81

Boalsert 80,9

Winsum 79,2

Easterlittens 78,8

Baard 78,5

Spannum 78,5

Leons 77,4

Burgwerd 77,3

Lytsewierrum 77,3

Tzum 77,1

Witmarsum 77

Scharnegoutum 77

Easterein 76,7

Wons 76,3

Schettens 76,2

Nijland 75


Meast lytse doarpen,

mar Boalsert is depositive útsûndering

Dy stiet al op 80,9 %


It is gekkenwurk, ik wit it

mar oh sa útdaagjend

en ik kom op plakken 

wêr't ik oars te maklik oan foarbij fyts

dinsdag 9 januari 2024

Fytse yn 2023

Noch in krease oersichtkaart krigen 

fan al myn (ús) fytsreizen yn 2023

De earste kaart jout oan dat wij in protte fytst ha yn Fryslân

in moaie slach dien ha yn Grins en Drinte

en fia de grins mei Dútslân nei Maastricht fytst binne

De twadde kaart jou wat ûndúdliker oan

dat wij fanút Basel nei Rome fytst binne

en dat wij yn Eastenryk en oan de Main yn Dutslân ek fytst hawwe




maandag 8 januari 2024

Lêze yn 2023

65 boeken lêzen yn 2023

Dat is gemiddeld foar mij.

7 boeken wiene Frysk,

dat is in ferbettering,

mar ien yn de moanne is it stribjen.

It meast ferrassende Fryske boek wie Froon Akker mei Einum

It moaiste Fryske boek wie Testamint fan de siel fan Hylke Speerstra

6 boeken wiene op de E-lêzer,

dat bliuwt it selde.

Sa lang ik sa ticht bij de byb wenje

sille it meast boeken bliuwe



 

1 Akkerman, Paulus de bêste Fryske ferhalen

2 Alsterdal, Tove Stormval

3 Beck, Haylen Verdwenen

4 Bijlsma, Meindert Wês wiis mei nuvere houtsjes

5 Connelly Michael De wet van de onschuld

6 Coppers, Toni Onschuld

7 Dehairs, Wouter Brussel Blues

8 Egmond van Michel Lourdes aan de Maas

9 Enger, Horst Slagzij

10 Enger, Thomas Het boek van de galg

11 Fields, Helen Perfecte wraak

12 Fields, Helen Perfecte stilte

13 Fields, Helen Perfecte prooi

14 Flechteling Piter Terpstra

15 Fossum. Karin De verduistering

16 Horst, Jorn Lier De onbekende

17 Johnsgrud, Ingar de Peetmoeder

18 Jones, Lesley Ann Stone Age

19 Karjel, Robert De Zweed

20 Kuiper. Rik Lieve meisjes heel gewoon

21 Marklund, Liza Poolcirkel

22 Marss, John De ware

23 Marwood, Alex Eiland van de verloren meisjes

24 McGolloway, Brian De lêste oerstek

25 Miedema, Jelle Prekadrastaal Wommels

26 Nesser, Hakan Intrigo  

27 Nesser, Hakan De terugkeer

28 Nesser, Hakan Het grofmazige net

29 Nesser, Hakan Wie schrijft die blijft

30 Neuhaus, Nele Eeuwige vriendschap

31 Norebáck, Elisabeth Zeg dat je van mij bent

32 Oresvald, Kamilla De bruidssluier

33 Osman, Richard Het schot dat niemand raakte

34 Ostlundh, Hakan De nacht van de profeet

35 Pelecanos, George Dubbel 

36 Pennewaard. Wiebe Markant Frappant

37 Ploeg, Durk van der In fauna fan ingels

38 Ross, Thomas Zwarte weduwe

39 Sager, Riley Voor het donker thuis

40 Speerstra, Hylke Testamint fan de siel

41 Tangen, Geir Het meesterwerk

42 Velde, Rink van der Alde Maaie

43 Winn, Rayon Zoutpad

44 Moström, Jonas Middennachtmeisjes

45 Longworth, M.L. Wraak op Ile Sordou

46 Bjork, Samuel De terugkeer van Mia

47 Leeuwen, Dander Het wordt niets zonder jou

48 Riemersma, T. Fabryk

49 Enschedé, Just Rock n Roll cabaret

50 Meijer, Maike Wen er maar aan

51 Leblanc, Maurice bekentenissen van Arséne Lupin

52 Tudor, C.J. De dwaling

53 Martchmont, Helena De smaak van moord

54 Liemburg, Johanneke Geertje Lycklama a Nijeholt

55 Zijl, Annejet van der Sonny Boy

56 Akker, Froon Einum

57 Maron, Isa Eindspel

58 Kepler, Lars Spin

59 Groot, de Fedor Missoula

60 Niewierra, Anya Camino

61 Engman - Selaker In memoriam

62 Wilding, Rose De zeven

63 Vries, Nyck de Renger

64 Brosens, John Inspecteur Vosmeer Moorden op boulevard

65 Osman, Richard De laatste duivel die sterft


zaterdag 6 januari 2024

Jûntsje muzyk

 It earste muzykjûntsje yn 2024

is wer top.

Wij gean foar de enerzjy fan Traumahelikopter

nei Neushoorn

Nei in oerke beuke op drums en twa gitaren

kinne wij der tsjin oan.

Wat in hearlike band dy't net sa faak optreedt.

Yn 2014 haw ik se sjoen op poadium Astriks yn de Blokhúspoarte

en doe skreuan ik der oer op dizze bloch

It is noch like leuk as doe 

argyffoto  Andre Joosse makke yn 't Beest yn Goes yn 2016

Der wie noch in band: Rebel Radio

It wie de earste kear dat ik de stamprock fan harren hearde.

In twadde kear komt der net.

Dit wie harren lêste optreden

It wie best wol om oan te hearen

en neffens mij fêst better as de Abba tribute

en de seal dêr neist.

Hoewol ien fan ús fiven dêr syn twivels oer hat


dinsdag 2 januari 2024

Fyts tsjin stek

 


Kom ik tsjin op facebook

Skynt yn Utert te hingjen.

Tige orisjiniel

It sil fêst helpe