donderdag 30 januari 2020

De oarloch yn Wommels (1)

Ik bin fan nei de oarloch
en ik haw neat mei de oarloch.
It earste is fansels geweldich moai
en it twadde klinkt nochal ûntankber

Untankber
nei al dy soldaten dy't it libben lieten
nei als dy minsken fan it ferset
ja, ûntankber nei al dy striders foar frijheit

Untankber dat is it net,
it is mear dat ik mij der fan ôfslút,
dat ik dy bylden net sjen wol
en dy ferhalen net lêze wol

Yn it ramt fan myn desynteresse
foar oarloch en geweld
gie ik op syk yn de Ljouwerter Kranten
nei berjochten út Wommels

Kin ik in byld krije hoe't it hjir wie
fanút it nijs yn de krante?

Ja dus.
Dit is in earste sammeling gewoan nijs
út de jierren 1940 oant 1942

oktober 1940: de Freulewenten yn it Bosk. 

oktober 1940

1940: in diskúsje oer simmer- en wintertiid,
mar hjir begryp ik neat fan

Jannewaris 1940, dus noch foar de oarloch 


1940 ....allinne merries moasten nei de Dútsers

1940

1942

1942: der wurdt gewoan noch keatst hear


 ....en is der wer  in útslach yn 1942

1942: Toerisme op de schaats

1942: in nije boargemaster fan it ferkearde hout



Yn 1942 gearwurking tussen NH en VZ "Paulus"

yn 1942 wie der gewoan in ringriderij
mei in protte minsken oan de kant



1942:
je kinne it je hast net iens mear foarstelle
dy riderij op de fearten
dit wol........it giet net troch


Oerfal op it distribusjekantoar yn Wommels

1942: Oarloch of net,
Winterwolle organisearret in wedstriid


vrijdag 24 januari 2020

Ut de âlde tiid

Soms sneup ik wat
en soms sjoch ik wat aardichs
yn in eardere krante

Sa as dizze twa stikjes
beide út 1940,
beide krekt foar de oarloch



donderdag 23 januari 2020

Gjin kassa


Se wolle alles fan ús witte.
De folgjende stap is in winkel sûnder personiel.
In winkel dy't mei kamera's alles yn de gaten hâldt.
Dy't net allinne sjogge watst keapest
mar waat ast net keapest.

Der efkes foar stean bliuwe
it produkt efkes yn de hân en weromsette,
dat binne dingen dy't men sjen wol en analyseare
 en foardat je thús binne 
hawwe je de persoanlike adfertinsjes
fan dy produkten
al op de tablet en de tillefoan stean


maandag 20 januari 2020

Generaasjes

Koartlyn yn de krante
in stikje hoe't it sit mei de generaasjes

Haw it  de bern ek efkes stjoerd
mei de fraach at it wat klopt

It klopte wol aardich seine ek sij.
Der waard harren hjirtroch ek wol wat dúdlik

Ik bin fan 1954 en fyn dat ik wat op de râne sit.
Foar de protestgeneraasje wie ik iets te let fyn ik sels.
De kenmerken fan de Generaasje X
komme better oerien nei myn gefoel
Praktysk, selsrêdsum en no-nonsens mentaliteit




donderdag 16 januari 2020

Feroarje....doch mar net

Salang je neat feroarje dan giet it goed bij Ziggo.
Dat is ek no myn erfaring wer.
Yn oktober in abonnemint foar Fox sport ôfsletten,
en gelyk wer opsein per 23 desimber.
In befestiging fan it opsizzen komt binnen
en oant sa fier giet alles goed

Op 19 desimber komt de rekken fan jannewaris.
Kosten binne inklusyf abonnemint Fox sport
wylst dat opsein is en befestige

Ik ha genôch tiid, mar belje doch ik net
want wachtsje haw ik in hekel oan
en seker at it giet om flaters fan in organisaasje


Efkes foar de dúdlikheid Ziggo
de faktuer wie mij wol dúdlik
folsein dúdlik,
dy wie nammentlik fout, jim flater

Wat in flutreden en gjin eksuses
dat falt mij it measte op.

Alles bij it selde litte, dat is it beste
dan kin der neat mis gean


dinsdag 14 januari 2020

Blues yn Schaaf


Ik wie snein yn sealen Schaaf
bij de Stevie Ray Vaughan Undercover band.
Gewoan op sneintemiddei, nei de preek
wêr't ik nea hinne gean.

Ik neam dat mar efkes want dy goeie grifformearde CDA-ers
yn de gemeenterie fan Ljouwert
sille wol nei de preek west ha en hjir fêst net.
Hiene se hjir al west, gewoan nei de preek,
dan hiene se gelyk bekenne moatten
dat harren idee om sealen Schaaf mar ticht te dwaan
om in rendabele Neushoorn te krijen,
fan tafel moast.

Wat in prachtige sfear dizze snein
mei sa'n lytse 300 minsken
dy't genoaten fan in stiengoeie band.

Hjir kin in Neushoorn nea tsjin op
mei dy kille útstrieling.
It folk, oer it generaal wat âlder as Abraham
joech har soms efkes noflik del oan de râne fan de seal
en gie entoesjast nei it midden
at de bluesklanken de seal ynjankt waarden.
En janke dat die de gitaar
 doe't spesjaal foar de ferstoarne Aart Staartjes spile waard.

Dizze simmer seach ik se yn de Prinsetún
en dat wie dêr bûten al bêst genôch,
mar op dit poadium, yn dizze seal, wie it top

Sealen Schaaf moat bliuwe....
Sealen Schaaf moat bliuwe
It CDA yn Ljouwert kin wol fuort

Myn foarnimmen foar 2020?
Mear nei sealen Schaaf



Stevie Ray Vaughan Undercover bestaat uit:

Rob Winter (Marco Borsato, Robby Valentine) – Gitaar
Ruben Mulder (Roadhouse, Captain Darlin’) - Hammond
Rick Nieuwenhuizen (Johnny Laporte, Ruben Hoeke) – Bas
Fokke de Jong (King of the World, Normaal) - Drums
Martin van der Starre (Woodstock the Story, Symfo Classics) – Zang

zondag 12 januari 2020

Fen fan...... Tragically Hip

Ynlieding

De kommende moannen gean ik op syk nei hiele grutte fens fan ien bepaalde muzikant/band.
Wat makket dy muzyk sa bijsûnder foar dy fen?
Hoe is it begong?
Wêr is it begong?
Mei oare wurden, hoe kin de muzyk immen sa yn de besnijing krije.

Fen fan......... Tragically Hip

De earste fen noeget mij út om bij him thús it ferhaal te fertellen.
It ferhaal fan Tragically Hip. Ik haw mij fansels al wat tarieden en ik wurd begroete troch in entoesjaste hûn en ik herken dêr boppeút de klanken fan syn idoalen. Ik nim plak oan tafel bij Lukas Offinga yn Wommels.



Tragically Hip, dat is net in al te bekende band. Fertel it mar.

De Tragically Hip is in band út Canada. Sij spylje (southern) rock. Sij binne yn 1984 begong en hawwe sa'n 15 cd albums makke. De measten binne ek as elpee te krijen.  Sij binne yn Canada in hiele populêre band en ek in Nederlân en België mochten se graach komme en hawwe se in soad trouwe fens.

Hoe en wêr bisto mei dizze sound yn oanrekken kaam?

Dat wie yn Boalsert. Ein jierren 70 wurke ik dêr yn kafé it Diekje (Lukas hat dêr sa'n 25 jier wurke) en yn dy tiid makke ik as muzykleafhawwer en barkeeper myn eigen kassettebandsjes om tidens myn wurk nei wat lekkere muzyk te harkjen. 
It Diekje wie yn dy tiid in echt blueskafé.
De bekende Pub Street Bluesband fûn dêr syn basis.
Mar ik stie foaral ek iepen foar oare muzyk en sa komt der op in bepaald momint immen oan mei muzyk fan dizze band.
Dat klinkt goed en sa komt ek dizze muzyk op in kassettebandtsje.

It Diekje fan de blues ôf?

Net hielendal fansels, mar der komme wol hieltyd mear dy't the Hip (sa't de band faak neamd wurdt) ek bijsûnder leuk fine.
It is dan ek om dy reden dat er safolle Tragically Hip feans yn Boalsert en neiste omjouwing binne.

En dan komme se nei Nederlân

Ja it is dan 1990. Yn Vera ek noch wol.
Foar de minsken dy't dat net safolle seit, dat is it beste poppoadium fan Grins en miskien wol fan it Noarden.
Wij binne dêr doe hinne west dy earste kear en dat rekke mij gelyk yn it hert.
de no bekende Telegraaf sjoernalist Wierd Duk skreau foar it DvhN in resinsje

Wat is der sa moai, sa goed oan the Hip

Ik hâld  yn it  earste plak fan banda mei twa sologitaren en dêrbij noch in basgitaar. Dat jout in hearlike sound sa't de Stones dat yn de begjinjierren ek hiene.
Dizze band hat in garismatyske  sjonger, dy't mei syn prachtige stim fol oertsûging goeie teksten sjongt.
Hij is ek poetysk en teatraal. Alles meielkoar is it faak hearlik stevich, boeiend, nijsgjirrich en spylje se altyd mei passy

De earste kear yn Vera in bytsje publyk mar de twadde kear fol.

Ja, dat wie in jierke letter en binnen in bepaalde groep muzykleafhawwers bruts de band troch. Wiene wij de earste kear út Boalsert bij wize fan sprekken mei ien auto fol, de twadde kear rêden wij dat net mear op.
ek yn 1991 wie Lukas der bij yn Vera


De Oosterpoort twa jier letter is minder neffens de krante


Dat kloppet hielendal. De band komt it beste ta syn rjocht yn in net al te grutte seal. Ik fûn de Oosterpoort ek in stikje minder. Mar noch altiten goed hear....



Vera , Oosterpoort der binne fêst mear podia wêr st se sjoen en heard hast


Ik kin hast wol sizze dat wannear se yn Nederlân wiene dan wie ik der bij. Tivoli yn Utert en foaral yn Paradiso yn Amsterdam haw ik skitterjende konserten sjoen.
Ek al spilen se twa dagen efter elkoar yn Nederlân dan giene wij nei beide konserten ta. Ik ha se yn Belgie en ek yn Hamburg sjoen.

Wij dat binne?

Noch altyd myn muzykfreonen út Boalsert dy't yn dy begjintiid oan de oare kant fan de bar sieten.
Ik haw de band jierren lyn ek al ris sjoen yn Metropool yn Hengelo (mei soan Sjoerd)  en it wie bijsûnder dat ik doe hiel wat âlde kunde tsjinkaam dy't earder in soad yn it Diekje kamen en no yn Twente of Oerisel wenje. Dy muzyk lit ek harren net los

En festivals?

Ja se hawwe ek twa kear op Pinkpop spile. Mei wikseljend sukses at je Trouw leauwe moatte. Dat wie yn 1991 en 1995. Yn 1991 iepenen se it festival. Ik haw se ek sjoen op Werchter op dat grutte festival yn Belgie. Se spilen dêr tagelyk mei Neil Young en Metallica


De resinsjeskriuwer fan Trouw wie yn 1995 gjin fen fan de band nei harren optreden op Pinkpop

It wurdt net echt in grutte band yn Nederlân. 


Nee dat sit er net yn at je net draaid wurde op de kommersjele radio en op in fatsoenlike tiid.
Ik harke doe foaral nei Weeshuis van de hits, in radioprgramma fan de KRO.
Ek koene se noch wolris foarbij komme yn in prorgamma's fan Jan Douwe Kroeske mei syn "Twee meter de lucht in".

Is dat spitich dat se it grutte publyk net berikten

Oan de iene kant wol, it is foar mij ûnbegryplik dat net mear minsken dy't geweldich fine.
Oan de oare kant is it prima sa, no bleau it in band dy't yn de lytsere sealen optredens die.
Wat noch wichtiger is dat de band it sels ek prima fûn sa.
Sij hawwe altyd muzyk makke sa't sij dat woene en it wie net harren ultime doel om hiel grut te wurden.

Bands wikselje faak fan gearstalling. De iene fitarist giet, de oare komt. Hoe wie dat bij de Tragically Hip

Se hawwe altyd yn de selde gearstalling spile De band bestiet út Gordon Downie (leadsjonger en gitaar), Paul Langlois (gitaar), Rob Baker (gitaar), Gord Sinclair (bas) en Johnny Fay (drums). Fan 1983 oant 2016.

2016?

Ja, it needlot slacht ta bij sjonger Gordon Downie.
Yn maaie 2016 jout hij oan dat er in earnstige foarm fan kanker yn de holle hat en dat se dy simmer noch stopje sille.
Se dogge noch ien grutte toernee yn Kanada en dy toernee eindigt op 20 augustus 2016 yn Kingston yn Kanada wêr't se foar de allerlêste kear te sjen binne.
It konsert wurdt streekrjocht útstjoerd op de tv.

Dat konsert is in gouden herinnering foar dij?

Miskien wurdt it dat  noch wol, mar ik haw lange tiid de muzyk fan the Hip net draaid en net sjoen. Ik hie tefolle emoasjes.
It hat mij sa rekke de dea fan Gordon Downie en it besef dat it no dien is.

(Ik sjoch it no in Lukas fol emoasje en wij binne efkes stil)

Wannear is sjonger Gordon Downie stoarn?

Op 17 oktober 2017. 53 jier âld. ( Sjoch dit artikel yn de Volkskrant)

De band is hielendal stoppe?

Ja, begryplik fansels.
Sij hawwe hast 34 jier mei harren fiven safolle meielkoar dield, persoanlik en yn de muzyk en at er dan ien fuort falt en ik noch harren frontman,  dan hâldt it op.

Wie it in echte frontman

Hij wie de frontman omdat hij song en foar de teatrale noat soarge.
Hij wie net in frontman dy't sa nedich alle oandacht ha woe.
Hij koe hiel goed diele mei de oare bandleden. It wie in echte band.
Hij hat alles skreaun mar de royalties dêrfan binne net allinne foar him mar ek foar de oare bandleden

Wat is it beste wat se neilitten ha as band. Ik bedoel oan albums en nûmers.  

(Lukas sjocht mij suver wat lilk oan at ik dizze fraach stel)

It is mei Tragically Hip krekt as mei it Greidhoekfestival wêr't ik alle 9 jier yn de organisaasje siet. Dêr fregen se ek wat de beste edysje wie.
Ik jou dan oan dat eltse edysje fielde as in je bern.
Alle bern binne unyk mei harren eigen identiteit.
Dêr kinne je ek net sizze wat it beste bern is.
Sa is it ek mei the Hip. Ik bin mei harren meigroeid yn harren muzikale ûntwikkeling en op it iene momint fine je dit moaier en op it oare momint dat.
Bij harren optredens spyljen se meast sa'n 40  prosint itselde en de rest fulden se oars yn en waarden wij ferrast

Lit ik it oars freegje: hokker nûmers wolst graach dat se spylje

Little Bones en Blow at High Dough

Is der neist the Tragically Hip noch romte foar oare bands.

Seker. Ik wie grut fen fan Little Feat. 
Sij spilen in 1976 op Pinkpop. Ik siet yn de brommerleeftyd en wij binne dêr doe op de brommer hinne west.
It wie doe noch yn Geleen.
Pinkpop wie doe mar ien dei en wij wiene dus fan te foaren in dei oan it reizgjen en werom noch in kear.
Uriah Heep spile dêr doe as headliner.

Noch mear bands?

Betty Serveert, Reboelje, Hallo Venray, Chuck Prophet, Deus  en Fatal Flowers. En Madrugada fansels ek. Dêr wisto alles fan want yn oktober hawwe wij dy noch sjoen yn Tilburg.

Werom nei the Tragically Hip. Hoe faak hast se sjoen?

Ik wit it net krekt, mar it sil faker mear as 30 kear west ha. Sis it mar tusken de 30 en 40 kear.

De cd's en elpees fan dyn band hawwe in prominint plakje yn dyn platekast


Haha, it measte is opburgen, want mei de streaming op ynternet haw ik alles mei twa klikken bij de hân.
CD's draai ik net safolle mear.
In plaatsje draaie doch ik soms.
Gelokkich leit hjir en dêr noch in ferdwaalde cd en ek noch in elpee
en dat is moai foar de foto....


Wat soene wij foaral heare moatte?


Alles, op Google Play en Spotify is safolle te hearen en oars binne der yn in goeie platseaak ek noch wol cd's te keap.

Lukas do bist ek ien fan de grûnlizzers fan it suksesfolle Greidhoekfestival. Hiesto ek in dream?


Ja, myn dream wie the Tragically Hip op ús festival. 
Dy dream komt net út.
Bob Greidhoek  en Gordon Downie beide dea, dat wurdt him dus net

Wat soene wij foaral sjen moatte om de muzyk en de band kennen te learen?

Om te begjinnen is Live at the Misty Moon  foar mij it begjin west.

Twad de dokumentêre Long time Running, dy't in moai byld jout fan de band yn 2016, doe't se dwaande wiene mei harren lêste toernee yn Kanada..

It lêste konsert op 20 augustus 2016 is fansels ek hiel bijsûnder mar foar de echte fen lyk as mij wol hiel emoasjeniel.

En fierders binne der op JoeTjoep opnames fanút it prachtige Paradiso yn Amsterdam en dy binne ek prachtich om te sjen.


The Tragically hip Live At The Misty Moon 1990







The Tragically Hip - Long Time Running (2017 Documentary Film HD)







The Tragically Hip - A National Celebration (Live in Kingston




Ta beslút 

Bisto ek fen fan dy iene band of muzikant, fljochsto ek alles ôf om se te sjen, wolsto dat ek diele mei oaren, lit it mij witte.
Ik wol der graach oer skriuwe. 

0655117582



donderdag 9 januari 2020

De moanne


2020 wurdt it jier fan de moanne,
want bij ús yn it húske leit de "Maankalender"
Op basis fan hoe't de moanne stiet
is der in soad te ferklearjen
neffens de ynliedende begjinside.

Ik sil it dit jier mei oandacht folge
en mij der in bytsje yn te ferdjipjen.
Mocht it mij oansprekke
dan gean ik foar 2021 op syk nei in app
want it sil dochs ek mei in app op de snoadfoan kinne

2 jannewaris
bin ik yn alle gefallen trochkommen
sûnder (begjinnede) pine 'e holle
en ik haw gjin ekstra wetter dronken




woensdag 8 januari 2020

Tichtklapboek


Echt, ik haw myn bêst dien,
haw it alle dagen mei hannen beet holden
omdat it altyd mar ticht wol

Echt, ik haw los fan dy fysike ynspanning
besocht it ferhaal moai te finen.

It is mij net slagge..
op side 201 bin ik stoppe,
wittend dat ik noch 300 siden trochwoarstelje moast
en it lêzen mij tsjinstean gong

It giet dêr mar frjemd ta  op it Drintse plattelân
bij de plysje. 
Hoe de minsken meielkoar omgean, tsjinelkoar prate
elkoar suver nei it libben stean
it docht mij net realistysk oan.

Krekt allegear wat te oerdreaun.
Hjoed haw ik it mei beide hannen los lizzen
sûnder boeklizzer der yn 
en it klapte foar de lêste kear ticht.




dinsdag 7 januari 2020

Stappen sette


Stappen sette
dat kinne je letterlik en figuerlik dwaan.
Ik doch it letterlik.
2019 wie it jier fan de stappen,
mar leafst 11.526 stappen gemiddeld
per moanne.

Op jierbasis hast 4.000.000
It hâldt je fan de dyk,
sille wij mar sizze
want ik rin meast op de stoepe

Ik rin gâns mear as earder,
foaral troch de loppkes mei de pakesizzers.
Earlik sein,
fynt it lichem dat prima
mar fynt de geast it minder leuk

Foar 2020 gean ik net foar in rekôr
en gean ik foar it selde
en at it wat minder is
is it jier ek slagge.


zondag 5 januari 2020

8 jier lyn

Wij binne op it jierdeifeest
bij Jelske, 
ús âldste pake- en beppesizzer.
8 jier lyn........
doe wie ik yn Frjentsjer oan it wurk, seit er ien
doe wie ik yn Australie, seit in oar
doe wie ik op wintersport, seit in tredde
doe wenne ik yn dyn hús, seit de fjirde tsjin dy tredde
doe wie ik ûnderweis op de boat
fan NewCastle nei Ymuiden
yn in fleanende stoarm, jou ik oan

hjoed 8 jier letter


Jelske mei it iten útsykje op har jierdei
dus yt sij en ite  wij patat



de trije jonges, Roan, Samme en Nyck,
sitte graach op pake syn knibbel
en mei twa knibbels
is der wolris in wachtrige fan ien



en de jongste faam Brecht
dy wurdt net fergetten troch har twa âldste neven


Frouen


Ja minsken
der steane betiden ûnnoazele stikjes yn de krante.
Of, miskien kin ik better sizze
dat de LC romte jout oan ûnnoazelen.

In frouekwotum ynstelle,
hoe komme je derbij!
Dat is de ein fan de top 2000.
en it begjin fan neat.

Want hear Nicolai bedoelt wierskynlik
dat de helt frou wêze moate
mar dat doart hij net te skriuwen.

Beste hear Nicolai,
de top 2000 dy stelle wij mei ús allen gear
omdat wij iets leuk of iets goed fine,
net omdat it in man of in frou is

Yn dizze blog sil it kwotum helle wurde
want spesjaal foar jo
Tarja en Floor.....
dy mei ik beide wol lije
en harren muzyk ek wol







vrijdag 3 januari 2020

Boeken

Net wurkje is mear lêze.
Dat jildt seker ek foar mij.
Yn myn wurksume libben
kaam ik meast út op 40 oant 50 boeken yn it jier
Doe't ik noch wurke yn 2016 wiene it 51
net wurkjend yn 2017 wiene it 62
yn 2018 73
en 2019 stopt de teller op 80.

Gjin idee wat de moaiste wie,
ik ha se hast allegear útlêzen
en der sieten in oantal geweldige boeken bij.
57 boeken sitte yn it sjênre triller
de oare 23 wiene oars.

Lêze dat doch ik fanút de byblioteek yn Wommels,
neist de Jumbo en de bushalte
de wichtichste dingen yn Wommels.

In oantal boeken haw ik lêzen op de E-reader
mar dat hat net myn foarkar.

Sûnt 1998 sit ik op 989 boeken
en at alles goed giet
haw ik yn febrewaris it 1000ste boek yn hannen




1 Mulder, Tiny In moaie leeftyd frysk
2 Winters, Willem Papierfiskjes leze net frysk
3 Wynstra, Mindert Gek op skiednis frysk
4 Lammers, Tjerk Peer (Koelewijn) muzyk
5 Norman, Philip Eric Clapton muzyk
6 Popoff, Martin Metallica muzyk
7 Scherpenzeel, Ton Kayak muzyk
8 Serrien, Tom Klank muzyk
9 Vahl, Rutger George Baker muzyk
10 Wild, Debs Coldplay life in technicolor muzyk
11 Cross, Charles E Heavier than heaven (Kurt Cobain) muzyk
12 Assante, Ernesto Woodstock '69 muzyk
13 Vinckx, Yael Volgens Willem muzyk
14 skriuwer titel soart
15 Hornby, Nick Voetbalkoorts sport
16 Nieuwenhof, Frans vd Buitenkant links sport
17 Sijtsma. Thomas Het beest sport
18 Geertsma. Jouke Koffie en kleffe cake Wommels
19 Wal, Giel van der Dorps aan de trekvaart -Wommels Wommels
20 Boersema, Maarten 111 plekken in Fryslân ynformatyf
21 Sangers, Jan J Nijenhove ynformatyf
22 Stelwagen, Jacob Bommen op Saakstra's brug ynformatyf
23 Vogelaar, Ella Twintig maanden knettergek ynformatyf
24 Baudewyns, Benny Tati- Syndroom
25 Bengtsdotter, Lisa De vrouw die  terug moest
26 Bjork, Samuel De jongen in de sneeuw
27 Bollé, Johnny Egyptisch blauw
28 Borjlind, Cilla Rolf Zwarte dageraad
29 Cavanagan, Steve Dert13n
30 Connelly Michael Twee soortem waarheid
31 Dicker, Joel De verdwijing van Stephanie Mailer
32 Dis, Adriaan van Indische duinen
33 Gardner, Lisa Tot op de bodem
34 Hartman, Corine Een duister pad
35 Heijden, A.E.Th. Helleveeg
36 Hekman, Eddy Een coupé verder
37 Horst, Jorn Lier De Kluizenaar
38 Horst, Jorn Lier Rode sneeuw
39 Indridason, Arnaldur Nachtstad
40 Knauff, Marco Gesloten deuren
41 Mackintosh, Clare Mea Culpa
42 Mankell, Henning  De Daisy Sisters
43 Mc George, Chris Tiktak
44 Nesbo, Jo Middernachtzon
45 Nimwegen, Goos van Ouwejongenskrentenbrood
46 Olinga, Gerard De negende vrouw
47 Patterson, James Gerechtigheid
48 Pelecanos, George Wat het was
49 Plante, Lynda la Weduwen
50 Robb, J.D. Vermoord naakt
51 Robotham, Michael Verwachting
52 Sigurdardottir, Yrsa DNA
53 Singelenberg, Marco Figurant in de Hoofdrol
54 Coben, Harlan De ontdekking
55 Baldacci, David De aanslag
56 Terpstra, Anita Samen
57 Harper, Jordan Kind van de rekening
58 Adolfsson, Maria Misleiding
59 Dijkema, Kaje Over lijken op het hoogeland
60 Nesser, Hakan De vereniging van linkshandigen
61 Läckberg, Camilla Gouden  kooi
62 Tudor, C.J. De terugkeer  
63 Vuyk, Simon De blikken dominee
64 Neuhaus, Nele Moederdag
65 Lindberg, Hanna Stockholm Cuisine
66 Martens, Lidewey Steigereiland
67 Zonneveld, Edwin P Dodelijke driehoeken
68 Atkinson, Kate De wijde lucht
69 Stroosnier, Jaap De man die zijn baas liet verdwijnen
70 Caeneghem, Johan van De vernederde
71 Roosmalen, Marcel van Het zijn de kleine dingen die het doen
72 Betten, Erik De prijs
73 Marsullo,Marco Buitenspel
74 Spek, Jeroen van der bizarre locaties en hun verhaal
75 Connelly Michael Het recht om te zwijgen
76 Martina, Roy Emotioneel evenwicht
77 Rhinehart, Luke De dobbelman
78 Frazier, T.M.  Tyrant
79 Rose, Karen Nergens veilig
80 Grisham, John De onschuldigen
81 De Cominck, Christiaan Ze noemden hem God