dinsdag 7 juli 2026

Bestimminsferkear

De provinsjale dyk tusken de Burchwerter hoeke en Boalsert is ôfsletten

Lestich foar minsken út Wommels dy't nei Boalsert moatte

It foar de hân lizzende alternatyf is de rûte troch Hichtum

Mar sille se tocht hawwe bij de gemeente en bij de Hichtumers

dat wolle wij net, dat is ús te drok.

Dêrom stiet der in boerd

It rûne reade ferkearsboerd betsjut

"Ferbean foar alle ferkear"

Dat klopt net, fytsers kinne der gewoan lâns.

Der stiet ek iets bij 

"uitgezonderd bestemmingsverkeer"

Hjoed fyts ik dat stikje dyk troch Hichtum

12 autos kom ik tsjin of helje mij yn,

wat in bestimmingsferkear hjoed, 

want meast sjoch ik gjin auto's dêr.

Op de weromreis binne it der sels 14 auto's,

dy't de tekst net alhiel begripe

of wol begripe, mar wol ynsjogge

dat hjir net hanthavene wurdt



Geen opmerkingen: