Posts tonen met het label afdft. Alle posts tonen
Posts tonen met het label afdft. Alle posts tonen

vrijdag 23 september 2011

Rûntsje Wolvegea



It like wol âld en nij hjoed op de AlleFryskeDoarpeFytstocht. In prachtich rûntsje om Wolvegea hinne mei allegear twillingdoarpen. Of binne dit doarpen dy't foaral tsjinelkoar oan it konkurearjen binne. Ik bin wol benijd at yn Nijeholtpea in moai multifunksjoniel sintrum delsetten wurdt, at Oldeholtpea dat dan ek wer ha wol.
En hoe sit it mei "iisstriid" fan Aldlemmer en Nijlemmer.
Prachtige fytspaden lizze der neist en tusken de Tsjonger en de Linde. In hearlike route en ik kin wer 9 doarpen ôfstrepe.
En wat wie it rêstich op de 60 plus dei. Mar dat sil wol komme omdat Henk en Sietske Bloemhof sjonge: Stellingwervers kunnen niet fytsen, stellingwervers kunnen dat niet.

donderdag 1 september 2011

Slach om it Fryske Haagje


De fakânsje is hast om, wylst ik noch net alle doarpen yn Fryslân befytst ha. Der komme mooglik noch wat moaie wykeinen om de lêste 38 op te pakken. Want nei de fytstocht fan hjoed binne dy noch oer.
De slach om it Hearrenfean hinne levere de folgende bijskriuwingen op: Haskerdiken, Nijebrêge, Lúnjebert, Terbant, Tsjalbert, de Knipe, Oranjewâld, Nijskoat, Rottum, Sniksweach, Eagmaryp en Terkaple op.



De grutste (letterlik en figuerlik) ûntdekking wie hjoed de Uppsalagranyt bij Rottum. Neffens it ferhaal komt dizze stien út Sweden, hat hjir lang earne yn it lân lein en is op dit yn 1996 pleatst.
In goeie 100 km en de beste muzyk dy't hjoed út de mp 3 kaam wie fan Mike Ness.

maandag 22 augustus 2011

Goed begjinne


"Goed begjinne" sizze keatsers tsjinelkoar at se oan in nij earst begjinne.
"Goed begjinne" dat tocht ik doe't fannemoarn wekker waard. Op dizze moandei in goeie AlleFryskeDoarpeFytsTocht nei súd Fryslân.
Dúnegea, Follegea, de Lemmer, Eastersee, Ichten, Bantegea, Skoattersyl, Slykenburg, Spanga, Skerpenseel, Nijetrine, Munnekeburen, Langelille, Ychtenbrêge, Dolsterhuzen en Rotstergaast kin ik ôfstreepje. Moai fyts waar en 120 kilometer op de teller.










vrijdag 19 augustus 2011

153 kilometer



Helaas wurde de tochten hieltyd langer om alle Fryske doarpen fanút Wommels te befytsen. Helaas, sis ik, want der is no hast gjin tiid om wat mear om je hinne te sjen. Myn "fierste boei" is hjoed Haulerwyk. En dat fyn ik mei de auto al in ein.
 

Moarns betiid is it rêstich bij de Tersoalster slúskes. Dêr sil ik wol efkes fan de fyts moatte

 

40 kilometer yn Nijbeets, myn earste doarp wat ik noch bijskriuwe kin. Ferbaasde famyljeleden yn Nijbeets efkes ferrasse. In bakje kofje giet der wol yn

 

Koartehimmen is sa'n plak wêr't je net komme at je der net hoege te wêzen. In prachtige klinkerdyk en dat sis ik net sa faak fan klinkerdiken.

 

Fan Beetstersweach nei Hemrik foar in diel troch it bosk. Net in minsk en net in bist te sjen.
 


 

 

 

 

Moai no, dy foet fan mij dy't op hast alle foto's te sjen is, omdat ik fanôf it stjoer fan de fyts foto's meitsje wylst ik fyts.
 

Op wei nei it pontsje bij Sitebuorren tusken Grou en de Feanhoop. En krekt dêr wurd ik ferrast troch in bui. Wachtsje hat gjin sin en nei 153 kilometer kom ik dus wiet thús.
Posted by Picasa

donderdag 18 augustus 2011

De muoite wurdich

Twa en heal doarpke stiene der noch iepen yn de gemeente Snits en fiere omkriten. En mei nocht set ik ôf om nei Nijhuzum, Idzegea en Sânfurden te fytsen. Se rinne alle trije dea en dat binne myn foarkarsdoarpkes.

 


Op it ritme fan de lange útfiering fan "All is Lonelinesse" fan Motorpsycho en dan twa kear wie ik samar yn Parregea. Wachtsje foar de brêge is dizze dei yn. Sels at ik ôfslaan nei it "deade" Nijhuzum moat ik wachtsje foar de boaten dy't rjochting Parregea geane.

 

It "deade" Nijhuzum hat seker gjin deade útstrieling. In grutte frachtwein flocht mij mei gong foarbij en bij it ynriden fan it doarpke kinne je mar kieze.......
 

Ik kies foar it Grûnspaad wat mij rjochting it pont nei de Lytse Gastmar bringe moat en yndie ynienen hâldt it paad op......
 

In lyts drukje op de bel soarget der foar dat de pontbazin de oerstek makket om mij en trije Dútsers foar 1 euro de man oerset
 

It pontsje docht syn namme ear oan: "Droech oer it wetter". Ik bin der mar wat bliid om.....

 

It heale doarp wat ik no byskriuwe wol is Idzegea. Ik hie al in kear op de brêge stien bij it nammeboerd mar woe no wolris bij de klokkestoel sjen, dy't der al moai wat langer stiet as de neistlizzende kamping

 

Sa allinne in slach oer in tsjerkhôf meitsje binne moaie mominten. En yn it bysûnder dy lytse tsjerkhôven, wêr't it te oersjen is allegear. It ferskaat oan stiennen, de nammen en somtiden de herinneringen oan in persoan, sa as hjir de tige Frysksinnige bussjauffeur Jelte Wildschut dy't hjir syn lêste rêstplak krigen hat. (Jelte rôp as bussjouffeur at wij Ljouwert binne riden bij alle bushaltes dêr : Ljouwert, jitris Ljouwert, jitris Ljouwert....)


 

In moaie iepen romte ûnder de klokkestoel mei wierskynlik de âldste grêfstiennen.

 

Op nei Sânfurden wêr't de moaiste pisbak stiet. In stiennen gefal wêr't froulju neat mei kinne mar foar mannen in útkomst is.

 

Nei in stikje bij de Aldegeaster Brekken lâns, slaan ik ôf nei Greonterp. Dêrfoar moatte je ûnder it spoar troch en fan de fyts ôf. Op oare plakken soene se in foarbyld nimme moatte oan dizze fytsgoate yn de midden fan de net te steile treppen. En sa kin ik op nei Greonterp

 

Mar net te fluch, want op dizze dearinnende betonreed mei ik mar 30...

Posted by Picasa




woensdag 17 augustus 2011

Al wer 19

Nei in reinige wike bekomme fan de 1250 fakânsje kilometers wie it moandei wer tiid om de AlleFryskeDoarpenFytsTocht 2011 (afdft) op te pakken.
Sa sette ik moarns om 8 oere ôf foar de lêste 19 doarpen boppe de line Harns-Ljouwert-Bûtenpost.
Nei it "gebealch" oer it fiadukt fan Winsum, pakte it sleauwe wyntsje mij yn de rêch op.
Hilaard wie útstoarn, bij Boksum lit bakker Sijbesma je altiten meigenietsje en Ljouwert hie neat fan in drokke stêd. As in raket fleach ik troch de stêd mei syn moaie brede en oersichtlike fytspaden. Bij Lekkum wiene it foaral hûnebesitters dy't útlitten waarden troch harren hûn. Bij in beam bij Miedum wurde je konfrontearre mei de wrede dea: Jos Vijverda syn monumint, ferline jier hjir dearekke.
Aldtsjerk wie it earste doarp op de list. Fia Broeksterwâld, Damwâld, Wâlterswâlde, Driezum en Rinsumageast koe ik de "hege" wâlden ôfslúte.
Raard, Boarnwert, de Lytse Jouwer, Furdgum, Brantgum, Waaksens, Lichtaard, Reitsum, Ginnum, Jislum, Jannum en Wânswert is in tocht fan it iene lytse nei it oare noch lytsere doarpke.
En doe werom nei Wommels, fia Hallum, Stiens, Ljouwert en de selde route as hinnereis.

vrijdag 15 juli 2011

Stobbegat



Freed is foar in soad minsken de fiskdei. Foar mij de fyts- en de fiskdei. Doe't wij fannemoarn ôfsetten foar in Alle Fryske Doarpen Fyts Tocht (AFDFT) skatte ik yn dat wij yn Akkrum oan de fisk gean soene. It smakket dêr goed. Mar foardat wij dêr oan ta binne, moatte wij earst noch in romme slach om de Snitser mar meitsje. Fia Top en Twel nei de Woudfennen.



Dan rjochting de Skarsterien en in slach om de Put van Nederhorst. Bij ús ûnderwilens bekend fan de ferhalen fan ús soan Tsjeard dy't dêr syn swimtraining docht foar de triatlon. Toch ien yn de famylje dy't wat mei wetter hat....
Lâns it wetter fia Skarsterbrêge oer de Jetze Veldstrawei troch Ousterhaule, Ousternijegea en Alde Ouwer. Fia Reahel en Rotsterhaule nei it bakkersdoarp St Jansgea. Modderman bakt dêr koeken, Van Dijk brea en Ketellapper ek fan alles wat lekker rûkt.
St Jansgea ek it doarp fan DeWitePeal, wêr't ik novimber 2010 foar it lêste fuotballe ha.
Wêr neffens it ferhaal in baarch yn de beam hinget, mar no net, rûkte it noch lekkerder:



In fiskboer út Urk op it parkearterrein fan Poiesz.
Dan stopje de fuotten gelyk mei traapjen.
Mei goeie fisk yn de mage sette wij troch nei Stobbegat. Alteast dat tocht ik.



In moaie fryske namme, mar grut is myn ferbjustering at ik hiel wat oars op it boerd stean sjoch. De taal fertutearzing hat ek hjir taslein.
Wat hjir opfalt binne de protte dearinnende diken yn dit gebiet.



Hast 5 kilometer foarbij Stobbegat is in pont, dy't ús rjochting Akkrum bringt.
De pontbaas, dy't hjoed ek de kofjeskinkerij beheart is bliid at der minsken sjocht. Hij fertelt fan alles. Moai is dat.
Mei de wyn tsjin nei hûs. Offenwier noch efkes mei pikt want dat miste noch.
De tocht wurdt ek noch langer as tocht, want op de Ivige leane leit wat in hiele grutte, gefaarlik útsjende en grimmitich blaffende hûn. Op feilige ôfstân beslúte wy om te fytsen.
90 kilometer yn de fuotten en 9 doarpkes riker.
Al mei al haw ik no 289 doarpen befytst en haw noch sa'n 130 te gean.

zondag 10 juli 2011

Súdwesthoeke


Mei in flinke rit koe ik de Súdwesthoeke ôfronde op myn afdft2011. Dêrom sneon op paad mei driigjende buien yn de fierte mar úteinlik mei in waarm sintsje yn de rêch werom.
De tocht troch Jutryp en de Hommerts befoel mij no noch better as earder. In prachtich fytspaad is ien mar de 50 kilometer dyk dêrneist oer in lingte fan inkele kilometers is twa.
It is omdat ik net yn sân hasten bij de doarpen lâns wol, mar oars hie ik al it autoferkear ynhelle. Ek moai is dat ferkear om Wâldsein hinne, steane je likernôch skoften allinne foar de brêge. Bij Ypekolsgea wie ik efkes de ramp toerist: in krekt platbrânde pleats.
Yn Balk (en ek yn Wâldsein) wiene it de omdangeljende toeristen dy't it strjittebyld bepaalden. En ik fansels, want in lisfyts sjogge se ek net alle dagen yn Koln of Aken.
Bij Himmelum wie it in drokte fan belang: "In Bikefest" repten de oankundigingsboerden. Gjin idee wat it is, mar it like mij gjin fytsfeest sjoen it type minsken wat dêr hinne rûn.
Mei de kop yn de wyn nei Starum wêr't de skûtsjes yn de binnenhaven in soad sjoggers hiene. It silen sels wie net trochgean dan is sjen in opsje.
Starum en fisk dat heart byelkoar en mei in folle mage en de wyn yn de rêch fia Hylpen en Warkum werom.

zondag 3 juli 2011

Orkaan oer it Bildt

Hjoed wer fierder mei de afdft2011. 9 oere fuort en it doel wie Ouwesyl en omkriten. Fia Ljouwert en Stiens earst nei Feinsum en Hijum. Twa plakjes yn Ljouwerteradiel dy't ik oan dwaan moast. Mei-elkoar ferbûn troch in fytspaad. Doe strak yn de wyn nei it Bildt.


(Ouwesyl, je kinne it net misse.)


Ouwesyl, Nije-syl, Nij Altoenae en de Westhoek stiene op de list.
No skynt Nije-syl net in erkend doarp te wêzen mar it wie wol goed om dêr troch te fytsen.








It wie krekt doarpsfeest yn Ouwe en Nije Syl west en dat wie te sjen. Alteast yn Nije-Syl. De oankundiging oan it begjin fan it doarp dat der in orkaan west hie, soarge der foar dat ik mij nearne oer ferbaasde. Auto's en banken oer de kop, tinten yn de beammen en fierders alles wat mar los siet, lei op of bij de dyk. In nijsgjirrich idee om sjen te litten dat de wyn dêr altiten frij spul hat.

Doe't ik werom kaam op de Aldebiltdyk kaam ik yn de lijte fan alles wat dêr oan de kant fan de dyk stiet. Der wie gjin orkaan west mar it hie like goed kind. It is ien grutte oanienskeakeling fan kleuren en dingen. Pearze huzen, autotsjerkhôven neist de doar, byldetunen, in kleurich kafé , in fleurich kafetaria, in wrâldsk ythûs , fertutearze krotten en opfallende nijbou.
Arsjitektoanysk is der fan alles oer te sizzen en te skriuwen tink ik, mar it libbet dêr wol mei hokjes hjir en oanbousels dêr. It hie om mij wol oan Harns troch rinne kind.
Fia Minnertsgea, Tsjummearum, Frjentsjer, Tsjom werom.

woensdag 15 juni 2011

21 kilometer foar de OV sjip

De OV sjip wurdt fanôf 1 july ynfierd. Dat soe al earder, mar no giet it echt oan. Ik haw de persoanlike sjipkaart oanskaft. Lekker maklik fia ynternet tocht ik. Oant ik de brief krige: it aktivearjen yn ferbân mei automatyske bijskriuwen fan saldo, moast persoanlik dien wurde op ien fan de OV-sjip meldpunten.
Dat wie noch in hiel gesyk. Want oplade kin aansens wol op mear plakken mar om dit ding te aktivearjen moast ik spesjaal nei Ljouwert.
Lekker klantfreonlik dus. 21 kilometer is de ôfstân tusken myn hús en it Arriva loket bij it stasjon yn Ljouwert. Ik haw der mar in nuttich tochtje fan makke. Himpens en Tearns stiene noch op myn list om nei ta te gean. (Alle Fryske Doarpe Fyts Tocht 2011).
En sa makke ik úteinlik noch in tocht fan 55 kilometer fia de twa doarpkes dy't opslokt binne troch Suderbuorren (Zuiderburen).

zondag 12 juni 2011

Ealsum

Trije jier haw ik in dei te fytsen west yn Dongeradiel. Ek doe woe ik alle doarpkes dêr oan dwaan. Ik wie ferbaasd oer it moaie lânskip en de prachtige doarpkes dêr. Doe't ik thús wie en alle yndrukken ferwurke, hie ik mar fan twa dingen spyt. It earste wie dat ik net in lekker fiskje kocht hie yn Dokkum en it twadde wie dat ik te gau oan it bysûndere fan Ealsum foarbij gien wie. Freed 10 juny haw ik wer in moaie slach op de lisfyts troch Dongeradiel dien yn it ramt fan myn AlleFryskeDoarpeFytsTocht. De doarpkes kamen mij noch bekend foar en it wie in moaie tocht. Myn letterlike hichtepunt wie Hegebeintum en myn figuerlike hichtepunt wie Ealsum. Yn Ealsum haw ik oanstutsen. Op it tsjerkhôf. Gewoan efkes omrûn en hjir en dêr in foto makke. En in stikje bôle iten en wat wetter dronken.



Op Google maps is Ealsum in prachtich plaatsje, mei de rûne foarm en de tsjerke mei it begraafplak yn it midden. In symboal: de deaden bliuwe yn ús midden.
Ealsum (Aalsum) leit hast tsjin Dokkum oan of moat ik sizze Dokkum leit hast tsjin Ealsum oan.



Fanôf de kant fan Wetsens fyts ik Ealsum binnen. De buorden jouwe oan dat de dyk dea rint en dat komt moai út want ik bin sljocht op foar auto's dearinnende diken wylst fytsers gewoan trochgean kinne.



Ik skat yn dat der mear skiep as minsken yn Ealsum wenje.



En sa fyts ik hiel stadich, lizzend op de fyts mei it fototastel yn de hân de lange leane troch nei de tsjerke..... noch in gelok dat alles groeit en bloeit hjoed....



in leane, sa moai, sa symboalysk en wêr't mar net in ein oan liket te kommen



It jout mij in goed gefoel dat der in AED yn de buert is fan it tsjerkhôf en de tsjerke. Sa'n apparaat kin minsken rêde.
Ik sjoch it "alternatyf" oan de oare kant fan it stek stean.



Ik rin wat om, doch in slach oer it tsjerkhôf en sjoch nei de stiennen. Mar mear noch nei de nammen. En miskien noch wol mear nei de data. Ek hjir lizze hiele jonge bern en jonge minsken dy't om ûnbegryplike redenen net âld wurde mochten. Dy't bedobbe binne yn Ealsum, op it "sfearfol" plak. In treast.....



Ik sjoch nei de bysûndere foarmen en bousels en nei it lege gat oan de noardside fan it hôf. No begryp ik wêrom de lykkarre klear stiet.

Foldien ferlit ik Ealsum. It wie de 140 kilometer fan hjoed wurdich. Myn dei hat goed west en binne trije minuten wurd ik wer meinommen yn de drokte fan it ferkear fan Dokkum en moat ik wer útsjen foar jakkerjende auto's.
En myn fiskje keapje....al wer in hichtepunt op dizze dei.