maandag 20 augustus 2012

In wike lyn- diel 1



In wike lyn soe it moai waar wurde.
Wij hiene der betrouwen yn en namen it beslút om 5 dagen  lizzen te gean op de fyts.
In grut rûntsje Iselmar dan mar.
In byld ferslach want op it stjoer fan de fyts sette ik myn kamera.


sa sjocht it der út bij Wommels oan de Boalsertertrekfeart

altyd in waarm gefoel at wij troch Hichtum fytse.
Mei wille ha wij dêr wenne en twa fan ús bern binne dêr berne

 yn de Warkumertrekfeart wie it drok

Bij Warkum hawwe se der foar soarge dat wij net mear dy hiele hobbelige stêd troch moatte, mar no bûtenom kinne. It wachtsjen foar dizze brêge heart der no ek bij.

Bij Hylpen oan de seedyk

in kleurike kamper

Molkwar wurdt wol omskreaun as in earder doalhôf mar wij koene de dyk nei Starum samar fine.

It froutsje fan Stavoren stiet foar it Drank en Spijslokaal "de Visserman", wêr't ús eardere buorlju Jaap en Regina de septer swaaie. Helaas wiene se ticht op moandei.

Hjir sit ik op de boat fan Stavoren nei Enkhuizen en tink al nei hoe't ik de ekstra kosten fan de boat foar de lisfytsen werom helje sil.

It skûtsjesilen bij Stavoren folgen wij dus op see
 
en it waaide stevich

Jellie hat twa brillen op dat hat se gewoanwei net
  
lekker fan de boat ôf , fytse....

Under plysjebegelieding troch Hoorn
de poarte troch

de kermis oer.....

troch Scharwoude hinne

En Schardam fansels

Lâns wat kij...

lân de toeristen op de Dyk fan Volendam

In pleetsje bij de Monniken

en dan konstateare wij dat Amsetrdam wol hiel keal begjint


ús sliepplak is bij Freonen op de fyts yn Holysloot

sa sliepe wij op in souderkeamer tusken de potten sjem

zondag 19 augustus 2012

Rûntsje Greidhoeke





Sneintemoarn, foardat it hyt wurde sil, efkes relekse op de ûnderstjoer lisfyts.
In rûntsje Greidhoeke fia de Bieren, Hichtum, Boalsert, Nijlân, Turns, Reahûs, Rien, Itens en Wommels.
Mei muzyk op de MP3 fan Dropkick Murphy, Pink Floyd, Peter Koelewijn, the Pogues, John Prine, Motorpsycho en the Frames



zaterdag 18 augustus 2012

5,60 euro

It sil in jier as acht lyn west ha, dat wij mei in ploechje lisfytsers op in moaie snein in heal rûntsje Iselmar diene. Hinnereis oer de Ofslútdtyk en werom mei de boat fan Enkhuzen nei Stavoren.
Wij kochten der yn Enkhuzen in kaartsje bij foar de fyts en stapten op de boat.
"Ho", sei de man mei de kapiteinspet op dy't ús opfong bij de rinplanke. "Jo hawwe it ferkearde kaartsje, foar in lisfyts jildt in taslach".
No binne der lisfytsen en lisfytsen mar dy fan mij en myn frou hat in soad fan gewoane fytsen. Sij binne krekt 15 sentimeter lnager, sij eagje as in gewoane fytsen mei in konfortabel sadel (lisstoel) en passe gewoan op in fytsenreke efter op de auto.
Ik besocht doe de diskusje oan te gean mei de petman mar dat hie gjin sin. Bijbetelje of fan de boat ôf en avenseare graach want se woenen hast fuort. Bijbetelle dus.
Acht jier lang haw ik net wer op dy boat west. Alle kearen bin ik de Ofslútdyk oer fytst. Prinsipe kwesty.
Moandei soene wij nei Holysloot ( krekt foar Amsterdam) op de fyts. De boat fan Starum nei Enkhuzen like ús wol wat mar allinne at de lisfyts gjin útsûndering mear wie.
En warimpel  it belied like oanpast. Fytsen en lisfytsen wurde noop de webside as gelyk oanjûn.
Wij beslute oer Stavoren te gean en ik keapje twa kaartsjes foar de fyts bij in fromminske efter de baly. Twa persoanen en twa fytsen.
"Hawwe jo ek in karke", freget it fromminske.
"Nee", jou ik oan.
Ik krij twa kaartsjes en wylst ik dy yn myn bûs stopje, komt de baas oansetten en seit mei in Dúts aksint tsjin it fromminske: "Er staan ook karretjes en ligfietsen op de kade".
De fromminske jout oan dat se dat sjoen hat en dat se de minsken der nei freget.
Yn al myn earlikheid jou ik oan dat wij mei twa lisfytsen de oerstek meitsje mar dat ik op de webside sjoen ha dat fytsen en lisfytsen no gelyk binne yn priis.
De twifel slacht ta bij de man mar it fromminske wit fan gjin wiken. "Het staat er dan verkeerd op, ik weet zeker dat voor ligfietsen een toeslag van toepassing is".
De man twifelt noch altiten en stelt foar om de petmannen fan de boat te beljen en te freegjen hoe't it no krekt sit.
"Niet nodig "seit it fromminske en tovert twa nije kaarten út har printer wêrtroch ik 5,60 bijbetelje moat.
Ik haw gjin sin om oan it begjin fan dizze fakânsjereis allegear drege diskusjes te fieren oer myn rjocht mei sa'n fromminske dy't it allegear better wit, hoewol se in pear kear oanjout dat "zij het ook belachelijk vindt dat voor een ligfiets een toeslag geldt".
De lisfytsen komme op de boat en stean gewoan yn de selde rige as de gewoane fytsen.
Wij beslute gjin konsumpsjes te brûken op de boat. Wij sille se wol krije.
No bin ik wer thús. Sjoch nochris op de webside en sjoch it noch altiten stean sa as it der stiet.
Ik haw justerjûn gelyk in mail stjoerd nei de VVV fan Starum en de boatmaatskippij.
Haw harren in banknûmer opjûn wêrop se de 5 euro 60 eurosint oermeitsje kinne.
Ik gean no foar myn rjocht.
Ik bin benijd, mar haw in lange adem en noch 14 dagen fakânsje om dy 5,60 binnen te heljen.

Taheakke 1:
 De VVV Starum reagearde binnen 20 oeren op myn klacht.  Sij hawwe harren ekskuses oanbean en moasten tajaan dat ik tefolle betelle ha. It belied wie yndie feroare: in lisfyts is in fyts. De kommunikaasje mei de frijwilligers wie net hielendal goed gien.
Sij hawwe de rederij op de hichte steld en hoopje dat dy it mei mij ôfhannelje. Ik bin benijd.

Taheakke 2:
Waar gewerkt wordt worden fouten gemaakt.
Wij maken het teveel betaalde aan u over.

Met vriendelijke groet,
Anne Veenma
Rederij V&O


woensdag 15 augustus 2012

Aso parkearder

At je dan sa graach ticht bij de yngong parkeare wolle, kom dan op de fyts en blokkear net de trochgong foar fytsers.

maandag 13 augustus 2012

Noflike teamdei

It wie juster  in fleurich gesicht dêr oan de râne fan Easterein. In hiel parkoers mei opblaashindernissen fleure de boel aardich op.
In team dei organiseaare troch @Noflik Easterein.
Net elkenien bleau droech mar dat makke neat in wie prachtich droechjend waar.

zondag 12 augustus 2012

Skûtsjesilen

It treft net faak dat de heechste boie bij it skûtsjesilen sa ticht bij de wâl en it publyk lei. Yn Hylpen bij de YFKS hiene se sneon it gelok mei. It wie in machtich gesicht sa ticht bij de skûtsjes lân kamen en it bleau oan it lêste slachje tige spannend. It wie in genot om dêr op de seedyk te sitten.

zaterdag 11 augustus 2012

Jan Giro

Yn 058 libbet de popmuzyk. Dat is mei in fertsjinste fan Podium Asteriks. Sij sogge en gripe de kânsen dy't der binne om wat nijs del te setten.
Hjoed (sneon) is op it Olderhoofster plein Into the Grave, in metal festival. Ik haw begrepen dat der al tûzenden kaarten yn de foarferkeap oan de man/frou brocht binne.
Omdat it poadium der dochs stiet, omdat it plein dochs ôfsetten is en omdat Asteriks wol sin hie yn in muzykfeessie waard it festifaltsje ût de grûn stampt.
Under de namme Olderock waard in earbetoan dien oan Jan Giro, de legendaryske Ljouwerter rockenroler. Syn eardere mei muzikanten waarden optrommele om in hearlike "Jan Giro"sjo del te setten.


Foarop it poadium lei in grêftûke en op de eftergrûn hong in libbensechte print fan in piano spyljende Jan Giro. Sa wie hij der in bytsje bij en ademe it wierskynlik de Jan Giro sfear út.
In gesellich optreden wêr 't hearlik swingd waard op de rock en de roll.


Foarôfgeand oan de tribute oan Jan Giro wie de band Undercover. Sij diene in poging om it publyk yn in Stones sfearke te bringen. Dat slagge mar matich. Der wie gjin stim fan Jagger en it wie allegear wol wat leaf. Fansels wie der herkenning (Satisfaction, Jumping Jack Flash) mar it echte hantsjeklap bleau út.



Mar oan healwei sânen bij it earste lûd fan Physical Graffitti wie myn jûn al mear as slagge. In super Led Zeppelin Tribute band. Robert Plant hat syn gelikense fûn yn sjonger Andrew Elt.
De eagen ticht en it einepikefel strûpte oer myn fel. Wat in machtige oere Led Zeppelin.
En at ik op de webside fan dizze band sjoch dan bin ik bliid dat ik hjir wie want dizze band is foaral op toernee bûten Nederlân.

Underwilens wie it flink drok en foaral gesellich wurden op it plein.
De ôfsluter wie de Tribute Cash band "Def Americans"
De lêste twa jier bin ik al flink ferwend mei Cash muzyk (Boys named Sue 4 kear, Fryske Cash 2 x) mar dit giet der ek wer yn as Cash.
It cashte wer âlderwetsk en in June Carter Cash der bij makke it wer krekt efkes oars.

De Aldehou jout de tiid wol oan mar in klok slacht der net mear, oars hie ik sizzen kinnen dat om klokslach 11 oere it  tige slagge festival dien wie. Mar leafst 1300 man/frou soargen foar de gesellichheid.
Werom nei de auto. Dy stie ...hoe koe it ek oars bij it (jan) Girokantoar.


vrijdag 10 augustus 2012

Gjin kweapraat oer de freule

De Freulepartij fan 2012 sit der wer op. It wie troch myn bril sjoen in slagge dei. Der wiene in protte bekenden, it wie moai waar, der waard betiden spannend keatst en der wiene sa as altyd winners en ferliezers. Ek it feest om de Freuele hinne, mei draaimolen, oaljekoeken,, fisk, bier, bier en bier koe hinnebruie.
Mar it bliuwt fansels wol de fraach at ik it allegear wol goed sjoen ha.
At ik it wol objektyf besjoen ha.
Dêrom wachtsje wij yn grutte spanning op it Kweapraat op www.kaatsen.nl.
De objektive skriuwer sil noch  in pear dagen wachtsje ( hij moat noch efkes oerlizze mei syn stipefeint Fokke, hij hopet op in soad objektive tillefoantsjes en objektive meeltsjes fan oaren) en dan kinne wij wer genietsje fan in objektive miening fan ien fan de twa echte keatsleafhawwers  (Fokke is de oare) fan Fryslân, wat sis ik fan de hiele wrâld.
Wij hope dat hij it net slim fûn dat de auto wat tichter bij it fjild stean mocht (it lân wie te wiet), mar dat is fansels mar de fraach: in eintsje rinne foar en foaral nei it keatsen is in goeie saak om it objektive kweapraat al fêst op te buorreljen.
Wij hope fansels net dat hij en Fokke tefolle op de sige sitten hat, te lang yn de sinne sitte moast en dat sij lêst hân hat fan it buike. Of fan de parapluus dy't omheech stutsen waarden mar net te sprekken, want dan krije de parapluophâlders der flink fan lân frees ik. Want wêz no earlik dat binne dochs gjin echte keatsleafhawwers sa as hij en Fokke.
De list sil ek net oan syn objektyf each ûntsnappe. Koe hij út de wei mei sa'n boekwurk en hawwe hij en Fokke net in pear flaterkes fûn.
Of like it rissultaat fan de lotting te folle op dy fan 1957 en sil hij him mei Fokke net ôffreegje at it wol doocht mei al dy nûmerkes en de briefkes op in sneontejûn yn it kafee fan Wommels?
Lit ús ek hope dat hij op tiid kofje hân hat mei genôch sûker en molke (of krekt net) want oars kin der wol in streep troch de oantsjutting "in goeie Freule".
Wij rekkenje der op dat it bestjoer him en Fokke in plak jûn ha mei goed sicht op it fjild en dat se net murken ha dat der ek oare taskôgers wiene. Want der is ferskil tusken dizze twa mannen en al dy oaren dy't gewoan gjin keatsleafhawwers binne.
It sil him yn alle gefallen as tongerjen yn de earen klonken ha doe't der wer klapt waard foardat der opslein wurde moast. Om in partoer op efterstân oan te moedigjen.
Hat er wer argewaasje hân oan koaches, dy't it te folle of te min harren jilde lieten en it dus nea goed dwaan kinne?
Hat er wer argewaasje hân oan dy doarpkes mei opslaggers dy't krekt of meastal krekt net ynkinne?
Hat er goed sicht hân op de meneuvels fan de bobo's út it Fryske Haachje?
Nei wike woansdei sille wij it wer witte want foar dizze cowboys is it alle woansdei "kneppel" woansdei.




woensdag 8 augustus 2012

Lêze foar de Freule

Op de jûn foar de Freule wurdt der foarlêzen bij de haven yn Wommels. In moai barren. Trije kertier harkje nei immen dy't alle war dwaan moat om de briefkes yn de goeie folchoarder te hâlden, soms ferskûle stiet ûnder in paraplu en soms yn it ljocht stiet fan de delgeande sinne.
It wie dêr altiten in tsjuster hoekje tusken de beammen bij de haven mar in kealslach hat syn wurk dien.
Der binne de ôfrûne jierren al hiel wat pommeranten yn Wommels west en it oantal besikers is troch de jierren hinne ek aardich oprûn.
Justerjûn wie it Folkert Sijbrandij dy't foarlêze mocht.
Sijbrandij is hikke en tein bij de Kliuw en at je it oer de Kliuw ha, dan giet it oer Tsjerkje Huitema de kroechbazin dêr.
Hij socht efkes nei in oerienkomst tusken de Freule Clara de Vos van Steenwijk en de freule fan de Kliuw, mar fierder as it jiertal 1903 (bertejier fan Tsjerkje en it jier dat freule Clara de Freule ûntstean liet) kaam hij feitlik net. It gie foaral oer it libben fan Tsjerkje.
In moai ferhaal wêr't in goed byld del setten waard fan Tsjerkje.
Mei in prachtige reade sinne dy't de horizon opsocht foldie dizze jûn wat mij oangiet hielendal oan de ferwachtingen. Gjin kabaret mar in goed ferhaal oer it libben fan dizze bijsûndere frou, wêr't ik prachtige herinneringen oan ha.
De Ingelske ballade oer Sjerekie wie it ferrassende hichtepunt.
De herinnering oan de Kliuw haw ik al ris oan it papier tafertroud en it wie wol grappich en leuk dat Folkert Sijbrandij al goegeljend op dit stik útkommen is, wêr't hij út siteart.
Folkert Sijbrandij as foarlêzer op de jûn foar de Freule oer it libben fan Tsjerkje wie in boppeslach.


donderdag 2 augustus 2012

It keatsen

It sil net lang mear duorje dan krije wij noch mear bysûndere keatspartijen.
It gewoane fryske spul liket no betiden al bysaak te wêzen. Der wurde allegear keatsfarianten út it bûtenlân hjir hinne helle en it liket mij dat dit ús ôfliede moat fan it Fryske spul.
It strjitkeatsen komt wer op, it teatsen is betocht en baltsjeferdriuwe is tsjintwurdich al in wedstriid.
Dat it keatsen wat lêst hat fan in flinke weromfal is dúdlik. Utsein inkele grutte partijen komt der hieltyd minder publyk. Publyk bliuwt fuort en hat it oer min en saai keatsen, dat it allegear te lang duorret en dat it sfearloos is.
Ik begryp dat. Ik bin ek ôfheakke.
Langlêsten fytse ik bij Marrum lâns. Ik seach buordsjes. P Keatsen. stie der op. Ik seach in stik lân bij de seedyk en der waard mij sein dat dit de Fryske kampioenskippen keatsen bûtendyks wiene.
Krekt, fandêr al dy taskôgers.
Keatsen, it is gewoan in spultje en dat spultsje ferfeeld at je it te serieus benaderjen geane fan dêr dat socht wurdt nei farianten.
Ik hoop at jim ek útsjogge nei de folgjend jier at de earste ûnder wetter keatspartij bij Surch holden wurdt, nei 2014 at op de Koepel fan de Fryslân Bank de "mei gefaar foar eigen libben"partij holden wurdt ta earbetoan oan de trouwe sponser, nei 2015 at Gaasterlân him opmakket foar de Bremer Wyldernis partij mei tribuneplakken yn de beammen.
Ferline jier miste ik de PC en de Freule.
Ik ha der neat fan oprûn.
Ik weagje it der noch mar in kear op.


dinsdag 31 juli 2012

Kaartsje

Dit fyn ik in tige nijsgjirrich berjocht.
It ferhaal derbij fyn ik op Wikipedia.
Op 3 december 1979, toen de band een concert gaf in Cincinnati, Ohio in het Riverfront Coliseum (U.S. Bank Arena) ontstond er een zodanige drukte om de voorste stoelen aldaar, dat elf fans op tragische wijze de dood vonden. Er werd The Who niets verteld over de doden, tot na de show. Dit werd gedaan omdat de organisatie vreesde dat zij nog meer problemen zou krijgen met de meute als het concert niet door zou gaan. De bandleden waren achteraf totaal geschokt door deze gebeurtenis.

Nei oanlieding fan it boppesteande berjocht gie it konsert fan the Who op Rhode Island net troch. Wa soe syn of har kaartsje noch ha? Dat kaartsje dat miskien doe 20 dollar koste hat en net brûkt is. Dat kaartsje dat miskien noch earne tusken de rommel leit om yn in plakboek.
En bij it trochblêderjen fan dat plakboek it ferhaal dat it net troch gie. Dat je doe baalden. Dat je it wol begrepen. Mar dat je wol it smoar yn hiene. Dat je dêrnei de kâns net wer hân hawwe om The Who te sjen..
Dy kâns komt der no. Yn 2013 34 jier letter.
Ik bin der hast wol wis fan dat ik it kaartsje noch hân hie. Yn it plakboek fan 1979. Ek noch maklik te finen dus.

vrijdag 27 juli 2012

Ferwert

Ofrûne sneon wie it suver de earste dei dat it betrouber droech wie.
Tiid foar in wat langere fytstocht.
Kombineare mei in jierdei.
Hearlik.
Wij stutsen yn Menaam de hân ek efkes op bij it Feintsje fan Menaam en songen oant Brltsum it ferske fan de rikrakfyts

Wij seagen yn Sint Anne efkes bij Rembrand hoe't hij syn Saskia op tekene


Yn Ferwert seagen wij mei bewûndering nei it moaie byld (makke troch Jouta) fan Gemma van Burmania  en wij fregen ús ôf wa't dat wie.

Troch it Bildt nei Ferwert: 42 km
Fia  Ljouwert werom:  38 km
Suver de sinne yn de kop.



zaterdag 21 juli 2012

Jierdei

20 july foel earder altyd yn de fakânsje en de lêste jierren in inkele kear net.
Yn de fakânsje jierdei betsjutte op de legere skoalle dat je yn augustus mei 5 oaren op je eigen stoel stean mochten. In feest dat je diele moasten mei 4 oaren. Trije of fjouwer wiken letter trakteare en de krigen fuotbal sjen litte dy't ûnderwilens al lek wie, wie net iets wat mij as goed bijbleaun is.
Ek letter nei de skoalleperioade komt de jierdei faak net goed út. Krekt de jierdeiwike wie meast in ideale fakânsje wike. Sa fierde ik de lêste jierren  jierdeis op in terras yn Súdeast Ierlân, op it eilân Oland yn Sweden, op de kamping bij Keulen en op de fyts lâns de Donau.
Dit jier wiene wij noch thús en stie de doar iepen. En net allinne de doar ek de email, twitter, whatApp en de brievebus.
Om mei de email te begjinnen. Sij wiene der moarns betiid al bij: Bol.com, Kingslotto, Fong.nl en Dooitze.  Se hiene allegear kadootsjes at ik wat kocht......Utsein de lêste dy die allinne de lokwinsken.
Ut de brievebus fandele ik in berjocht fan Pearle: sij lokwinsken mij en woene mij wer graach yn de eagen sjen.

 In moaie kaart fan in kollega wie de muoite wurdich. Ik gean der mar fan út dat se de teksten net spesjaal foar mij útsocht hat. Sa wiene der noch tillefoantsjes, WhatAppkes en twiits.

Bysûnder leuk wie it dat Bob Greidhoek in muzikale groet die.

De foto wêr't hjir nei ferwezen wurdt ferwiist nei alle wierskynlikheid nei in foarich libben doe't ik noch diel útmakke fan ZZ TOP. Ik spile luchtgitaar en se neamden mei de luchtfytser.

Mochten jim fan ZZ Top hâlde dan soe ik dit filmke hjir ûnder al efkes besjen. Hâlde jim net fan ZZ TOP en ek net fan dûnsjende froulju dy't fergetten hawwe harren hielendal oan te klaaien, dan soe ik dit filmke oersjaan.


Oer de kadootsje kin ik koart wêze. It wie allegear tapaslik. Want it kampinggastel en de wetter skuon geane mei op fakânsje, de elpees komme wer fan boppen no't ik in platenspiler krigen ha, Vrij Nederlân bewarje ik foar in kamping yn Dútslân, Ik Zlatan (onmogelijk mens, uitstekend boek), Foute Elftal (Moord en doodslag in de voetbalwereld) en David Baldacci (Onschuldig) lykje mij allegear toppers.
En foar it goeie rock gefoel noch in moaie DVD fan Volbeat. 
Under oaren mei dit nûmer der op. Set it folume op maksimaal en krij einpikefel lykas mij.


20 july 2012: it wie it moaie jierdei wêr't ik troch alle  kado's noch lang wille fan ha. Dankje wol allegear.

dinsdag 17 juli 2012

Je kinne net alles

Ik fyn it mar lestich in fakânsje planne, Ek al hawwe je 6 wiken frij.  It is hjir yn Fryslân hast ûnmooglik. Der is fan alles te dwaan en fuortgean is hast sûnde. De wiken fan it skûtsjesilen joue altyd in bepaalde sfear ek al haw ik neat mei wetter.
It fierljeppen is in lust om te sjen ek al haw ik neat mei wetter.
In keatspartij foar de sfear is ek noch wol te priuwen ek al haw ik neat op mei dy boppe-, kwea en útslaanderij.
Om mar net te sprekken fan al dy muzyk dy't hjir en dêr is.
Sûnt twa jier lyn hawwe wij dus no it Peace yn Riis festival. In grut sukses mochten wij en de organisaasje nei ôfrin konstateare.
Ek dit jier giet men wer foar in moaie middei en jûn. Yn de teatertún yn Riis op 29 juli mei Jan Akkerman en Bert Heerink, mar ek mei dy hearlike Neil Young Mirror Band dy't ek ferline jier oanwêzich wie en ús hielendal werom brocht yn dy goeie âlde tiid.
Twa jier lyn hawwe wij der tsjin oan fytst om op tiid werom te wêzen om it wol mei te meitsjen. Dit jier slagget dat net, wij binne noch mar krekt fuort dan.
Ik hoop dat jim mij allegear ferfange wolle, sadat it wis is dat it takemjier wer komt. Dan planne wij it oars.


Keunst

It is in keunst om wat te betinken wat in oar noch net betocht hat.
It is in keunst om iets te meitsjen wat in oar noch net makke hat.
It is in keunst at oare minsken nijsgjirrich binne om dy keunststikjes te sjen.
Sa lei it ûngefear doe't wij freedtejûn efkes bij it iepen atelier seagen fan Jehannes Hibma.
Jehannes nemt him ûntwerper en monumintaal foarmjouwer. Hij wurket mei stien, mei wask, mei klaai of hout. Hij skildert, hij wurket mei foto's en hat mei lege aaidoazen in hiel projekt dien.


zaterdag 14 juli 2012

It klompke moat bliuwe

Us lân is in keninkryk. Beatrix is ús keninginne. Je hawwe wol in faach idee wat sij allegear docht mar ek wer net. Op Wikipedia stiet dit:

Ze doet veel dingen die niet voor iedereen zichtbaar zijn. Ze is heel actief bij staatszaken, ze legt veel bezoeken af aan dorpen en steden, opent gebouwen, knipt linten door, doopt schepen en komt zelfs wel eens bij haar volk thuis op bezoek.


Moai sein. Kin it ek noch oanfulle dat sij net allinne lintsjes trochknipt mar dat it har somtiden ek "behaacht" in lintsje út te rikken.
Soms giet Beatrix der in hiele dei op út. Dat hjir dan in wurkbesite.
Sa wie se in goeie wike lyn yn de fierstentegruttegemeente Súdwest Fryslân. Se skarrele wat troch de doarpen, liet har ynformeare, iet wat, dronk wat en sette wer ôf.
Wat se der no krekt fan fûn dat wit ik net, mar ik lêsde al dat se fynt dat "de klompkes bij de brêge" bliuwe moatte.
Dat is fansels goed nijs foar de brêgewippers. Oars sjocht it der foar harren net goed út mei al dy op ôfstân te betsjinjen stikjes dyk.
Moai dat ús Beatrix sa dúdlik is en dat sij harren oer sokke lytse dingen útsprekt.
Ik haw ek begrepen dat se wol dat de kij altiten bûten rinne, dat de DE segeltsjes nea ferlern geane, dat de griene sjippe en it waskboerd wer in wichtige rol ynnimme yn it waskhok, dat levertraan ferplichte wurdt yn de moannen mei de R foar alle bern ûnder de 18, dat skearen mei de kwast beleanne wurde moat, dat "Mens erger je niet" in ferplicht spultsje op skoalle wurde moat, dat de Kwatta soldaatsjes in fuort te besunigen leger wol ferfange kin en dat Flip fan Tiel in eigen list foar de twadde Keamer krije moat.
Wij hawwe in goeie keninginne.

dinsdag 10 juli 2012

Privé kamping


En dêr stiene wij dan op kamping "it Alternatyf" yn Nijbeets.
Sjen at it sliepen yn de auto in goeie fakansje opsje is neidat wij der in slieplak yn makke ha.
Sjen at wij sûnder folle muoite de  tinte der foar krije kinne.
Of better sein der neist.
It slagge allegear.
In noflike jûn  bij de famylje en nachts sliepe yn it "romme"autobêd.
Wekker wurden fan de hoanne?
Of wiene it de foarbijrazende taksys út Drachten dy't lette (dan wol betide) útgeanders thús brocht, dy't ús al betiid bij de les brochten.
De test is slagge.
Wij kinne der op út.
Luks kampeare
Yn de auto dus
Of is it no ynienen in kamper(ke)
Posted by Picasa

Striid

 

2 grutte swannen en ien lytse.
Oan de dyk fan Wommels nei Kûbaard.
Myn yndruk is dat hjir in flinke striid levere is om dat iene jong te behoedzjen foar rôffûgels.
It tilt der op fan fearren.
En ien aaike, ien jong is wol wat minimaal.
Of hawwe wij hjir ek al foksen?
Posted by Picasa

vrijdag 6 juli 2012

0-8

Suver in tradysje wurden. De earste wedstryd fan sc Hearrenfean yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Suver ek in tradysje dat ik der bij bin. Nei Aldemardum, nei Bakhuzen, nei Sleat wie ik freedtejûn yn Aldegea (GS). Fuotbalklup de Wâlde wie gasthear.
Lekker drok  dêr. Moai waar en hoopfolle fans. Marco van Basten as trainer.
Krekt as al dy oaren kearen, sitte ek no Riemer en Annie wêr neist de dugout. Sij komme meast in kertier foar it begjin oansetten, rinne dwers it fjild oer, fûskje mei de iene en de oare en sette har te plak op de klearsteande stuollen. Begryp mij goed binne de stekken. Al dy bern mei sc Hearrenfean sjurtsjes oan dy't sa lekker tsjin de reklamebuorden sieten moasten efter de stekken. Ferskil moat der bliuwe. Wylst de Hegemer Dekdweilers harren rûntsje meitsje, wurde de opstellingen en oare meidielings dien wêr't dus net in minsk wat fan heard hat.
Dy opstellingen omroppe wie ek oerstallich want  men wie  sa ferstannich west om alle goeie nûmers goed yn it boekje te setten bij de goeie nammen.
Marco van Basten is in man fan de rêst en op ien of oare wize strielde dat ek út nei it publyk. It wie in deade boel. Dat kaam mei troch it matige spul fan de klup út it Fryske Haachje.  Kums en Djuricic soargen foar driging en in soad beweging en wiene altiten oanspylber, de rest moast wenne.
Foaral foaryn in matige van la Parra, in tsjinfallende Amoah en in hiel matige Uth. Dy lêste waard al hiel gau nei de kant helle.
Bij it skoft 0-4 en nei 75 minuten stie dat noch op it skoareboerd. Yn it lêste kertier wiene de Gaasterlânske helden wurch en koe it Fean noch 4 kear skoare.
De speaker hie yn de twadde helte goed yn de gaten dat it sliepferwekkend wie en dat hij foar de skrik soargje moast om elkenien wekker te hâlden: " Louis van Gaal bûnskoach en Blind syn assistent" rôp hij om en der wie gelyk praat.
Moai dat ik se sjoen ha yn de twadde helte: Tannane, Ziyeck, Otigba, Aktaou, Fazli.
Der is mij lykwols fan dizze mannen neat fan bij bleaun. Utsein de nammen, dy't ik no al wer ferjitten bin.

Runrig

Fannemoarn hearde ik Runrig op de radio.
Dy heare je net folle.
Dizze Skotse folkrock band is net bekend genôch seker.
Ik freegje mij gelyk ôf wêrom ik dy namme net op de affysjes sjoch fan grutte festivals of yn muzykhallen yn Nederlân..
De agenda fan de band jout oant 1-1-2013 oan dat se 10 kear yn Dútslân, 11 kear yn UK en 1 kear yn Denemarken optrede.
Net populair genôch yn Nederlân dus.
It nûmer mei it hearlike yntro.


donderdag 5 juli 2012

Frysk

Begjin dizze wike sitearde ik wat út it "grifformearde boekje" út Easterein. Neist de tsjerklike striid wie der ek in opmerklik stikje oer de taal.
De earder neamde dûmny Wolthuis wie noch kandidaat en kaam te preekjen yn Easterein.  De kandidaat dûmny waard ophelle troch Tjipke Okkema.

Sitaat út it boekje:
Tjipke Okkema, CAF vertegenwoordiger, aartsoptimist, humorist en feestleider, haalde ons vanuit Sneek, 's ochtends vroeg op in zijn volkswagen kever, Hij had zijn oudste zoon, Tjerk bij zich, een jochie van ruim 6 jaar. Het heeft diepe indruk op ons gemaakt, dat Tjerk "sa frysktalich wie" door zijn opvoeding thuis en op school, dat hij het gesprek, dat wij als groten met zijn drieen voerden in het Hollands, niet kon volgen.

Dat wiene nochris tiden.
Kom dêr no mar ris mei oan.
Ik verssta geen Frysk hear ik ferstentefaak tsjintwurdich.




woensdag 4 juli 2012

Kwea praat

Ik tocht hjoed lit mij wer in kear op kaatsen.nl sjen. De behearder fan dy side (Jan Braaksma) hat it altyd oer ûnôfhinklik en kritysk en dat sint mij wol. De man is no ek al ferslachjouwer op sneon en analitikus bij Omrop Fryslân op snein.
Ik wol toch mar wer ris sjen at hij der al wer in fatsoenlike keatsside fan makke hat en de striidbile bedobbe hat dy't  hij de lêste jierren hantearre.
De ferslaggen fan it keatsen binne mij fierders wol goed, dat sjocht der oersichtelik út, mar it giet no krekt om de rubryk Kweapraat.

Dizze rubryk stiet der wykliks op en bij it trochsjen fan wat oare stikken is it mij dúdlik dat Kweapraat de goeie namme is. Beste minsken wat in kweade pen hat dy man!
Wat in mislike rubryk is dit.
Seure oer alles wat der mis giet. Minsken misledigje en foaral minsken oanmoedigje om alle (lytse) foarfaltsjes foaral te melden bij de krityske en ûnôfhinkelike Braaksma. Troch te beljen want wat is it in aardichheid om nei sa'n wykein dêr in rubryk fan te meitsjen.
In mislike toan en ek omdat der foaral op de man/frou spile wurdt.
Want in frustraasje en wat in argewaasje.
Moatte je neat mear fan it keatsen en de keatsbûn ha, gean dan nei in oare sport op sneon en snein.
Dit tsjinnet gjin inkel doel.
Miskien past de man syn namme wol hiel goed bij myn gefoel op dit momint. En dan doch ik it op syn Frysk.

dinsdag 3 juli 2012

Grifformeard

De lêste jierren haw ik al meardere boekjes lêzen oer it ûntstean fan de grifformearde tsjerke yn sommige doarpen yn Fryslân. Op ien of oare wize fyn ik dat wol nijsgjirrich hoe't sa'n striid levere wurdt om kristeliker te wêzen as de herfoarmen.
De lêst útbrochte boekjes skriuwe ek al wer oer it proses mei elkoar op wei (samen op weg).
Ien fan de lêste boekje dy't ik lêzen ha, giet oer Easterein: Twee sporen één weg.
Dêr stiet in moai stikje yn oer in ferskil tusken Wommels en Easterein, skreaun troch de dûmny fan doe de tiid (1960) dsWolthuis.
Ik sitear:
Een opvallend verschil tussen de dorpen tot 1960 was dat Wommels bij de viering van een dorpsfeest wel een draaimolen liet aanrukken, die dan 's avonds werd omgebouwd tot een zweef, waaaraan de groten en volwassenen, in wie het kind nog niet gestorven was, hun hart konden ophalen.
In Oosterend was zulks tot die tijd niet het geval, omdat het rechtzinniger was dan Wommels.
In het voorjaar van 1960 vergaderde de Oranjevereniging o.l.v. Tjipke Okkema op de bovenzaal van cafée Bergsma o.a. over een belangrijk punt op de agenda: Wel of geen draaimolen in Oosterend.

Der waard in hiele diskusje holden en ek dûmny Wolthuis bemuoide him der mei en hij wie in foarstander. Dat foel net bij elkenien goed. Him waarden letter ek útspraken yn de mûle lein dy't hij net dien hie. Wat hij wol sei wie dit:

Er zijn mensen, die menen dat de duivel in de draaimolen zit. Nu geloof is dat niet. Maar laten juist zij, die dit menen, in de draaimolen gaan zitten, om de duivel er uit te verdrijven!.

De draaimolen is der sûnt 1960 kaam en mooglik is dy der no noch alle jierren.

vrijdag 29 juni 2012

Pearl Jam: Machtich

Wat in moaie jûn yn it Ziggo Dome yn Amsterdam mei Pearl Jam. Ofrûne tiisdei wiene wij der bij doe't de nije muzyktimpel echt doopt waard. Marco Borsato hie it aldernijste der ôfhelle, mar no wie it tiid foar 15.000 útsinnige Pearl Jam fans. Foar de tolfde kear spilen se yn Nederlân,
Wij stiene miskien wol 100 meter fan it poadium ô mar krigen like goed de folle laach fan dy fantastyske band. De stullen op de tribues koene der wol mei want der wie net in minsk dy't sitten bliuwe koe.
Hast twa en heale oere rock sa't it bedoeld wie. 




 Mei in moaie setlist. Hoewol dy fan woansdei doe't se harren twadde konsert dêr joegen, wie ek net min. En dy op Rock Werchter dit wykein sil ek net ferkeard wêze. Mei soarch wurdt alle kearen in ferrassing foartovere. 


En wij wiene net de ienige dy dit geweldich fûnen. Sjoch hjir
Dêrom freedtejûn dizze livestream sjen en heare fan Rock Werchter








zaterdag 23 juni 2012

Freedtejûns is der it poadium Asteriks yn Ljouwert. Yn de âlde finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Op him sels is it al moai om dêr binnen te stappen. Der giet in wrâld foar je iepen. It libbet dêr oan alle hoeken en hennen mar it it strielt noch altyd in finzenis út. Hege en griisgiele muorren, stevige doarren en de selblokken.
Freedtejûn wie der in hardrockjûn en it like mij goed om myn âldste swarte teasjurt oan te lûken en myn kisjes oan te dwaan om mij ris in jûn yn de hurde rock sfear te bejaan.
Sa moai, dat der in bus riidt nei Ljouwert en nei 10 minuten rinnen, gean ik de poarte troch en sykje myn wei lâns binnenplakken, gongen en treppens. Earne dêr boppe is de seal en it is der swart fan de minsken. Net omdat it fol is mar omdat swart de oanklaaikoade liket te wêzen.
It programma is djippe, swiere rock. Trije groepen mar leafst en dat betsjut avenseare. Want om 23.15 oere is it dien. In fêste eintiid haw ik begrepen en dat is prima, want om 23.30 giet de lêste bus nei Wommels.
All Systems Go is de groep wêr't it om giet. Sij komme suver wat oan de lette kant oan, sjoch ik op twitter en sij hawwe hast gjin tiid om ta te rieden. Nei de twadde groep fluch de eigen ynstruminten it poadium op en dan giet it krekt foar healwei âlven oan. It is lûd, it is ferskuorrend lûd, mar it bringt de sfear krekt net. De setlist wurdt ôfraffele, der is gjin tiid om wat op te bouwen mei it publyk en dat brekt harren him om 23.10 oere op at se it poadium ôfgean omdat de tiid der op sit.
Lau hantsjeklap (miskien wolle wij wol mear) komme se noch werom foar de útsetter.
Dan is it ek 23.15 oere. Dien dus.
In lyts kertierke letter sit ik yn de bus en midsnacht bin ik wer thús mei sûzjende earen mar in goed gefoel nei safolle stoner-, metal- en hardrock.
Oh ja, it kost dêr mar 5 euro yntree en de bierglêzen sitte goed fol.
Nei wike Serveert Betty dêr.

zondag 17 juni 2012

De dei nei

De Slachte wie hjoed hielendal wer foar mij allinne. No ja, op fiif fytsers en in rinner nei. In hearlike rêst sa as altyd, útsein juster. Juster hiene sa'n 15000 rinners en kuierders besit naam fan "myn" stikje dyk.  Fannemoarn efkes lekker fytst tusken kilometer 20 en kilometer 8.


Bij kilometer 20 de oase fan Wommels. Neist de tinte, de húskes stiene der noch wat auto's dy't stean bleaun binnen nei Slachtepop.

Foar wa't it net sjoen hat juster, mar wat oandacht freegje foar dit boerd. Oandacht foar it swimbad mar mear noch foar it Greidhoekfestival. In hiele goeie reden om op 15 septimber nei Wommels te kommen.


 De Nije Kromme leit der op kilometer 19 rêstich bij. Alle boaten dy't dêr juster leine hawwe al wer in oar plak socht.

Ien fan de Rabo banken op tusken de 18 en de 19. In fleurich gehiel.

It sirkus op de Kliuw wie noch yn djippe rêst fannemoarn.

It is geweldich om te sjen, hoe skjin it der allegear hinne leit nei juster. Ik haw gjin rotsoai sjoen. Ik soe hast sizze om mij meie se dit prachtige stikje dyk oer 4 jier wol wer in dei brûke.

Ek dan wol ik best wer wat iten en drinken oanjaan op kilometer 17 oan Tsjeard en Berber tidens de slachterin en kofje mei in broadsje helje foar Jellie op kilometer 20 tidens de kuiertocht.

vrijdag 15 juni 2012

It einpikefelmomint fan dit EK

Ieren, in machtich folk.
Harren muzyk, harren guiness, harren lân it luts ús trije kear nei Ierlân ta. Op de fyts, mei de hynderkarre, liftsjend en mei de auto.
De Ieren soargje no al foar it einepikefelmomint tidens dit EK.
4-0 efter en dan de Spanjaarden stil krije. Mei harren Fields of Athenry.
En dat sjonge the Dropkick Murphys ek. En dy steane moarn yn Tilburg op it poadium tidens it Mundial festival


Lente in Parijs

Der binne fan dy boeken dy moatte je lêze. "Lente in Parijs "dat is sa'n boek. Neidat ik in pear moanne lyn yn Paris west ha, mij fernuvere ha oer it libben yn Frankryk, de minsken dêr en de attraksjes, komt sa'n boek op in goed momint.
It libben yn Paris wurdt troch Stephen Clark besjoen mei de eagen fan in ferbaasde bûtenlanner. Yn dit gefal in Ingelsman.
Mei aburde humor sleept hij de lêzer hiel Paris troch, komt hij de Frânske rigels yn al syn fasetten tsjin en ûntdekt hij it eigensinnige en sjofinistyske gedrach fan de Frânsen.
Ik haw wat glimke en ôflake mei dit boek.
It boek is aardich te fergelykjen mei "Door Ierland met een koelkast" troch Tony Hawks.
Hjoed mar ris sjen at der noch in leuk boek fan dizze Clark yn de byb is, want ik haw begrepen dat hij him nettsjinsteande syn konfrontaasjes yn Paris hij dêr no wennet.

zondag 10 juni 2012

Slachteboekje

Wij hawwe de Slachteboekjes krigen. Wij dat betsjut yn dit gefal myn frou. Sij sil rinne. Ik bin mear foar it op tiid kaarten bestellen. Twa slachteboekjes dus. Ien foar har en ien foar in leafhawwer út Beetstersweach.
In paadwizer wurdt it neamd. Dat is it seker.
It is in moai boekje wurden. Fol ynformaasje wat der allegear te sjen is at je meidogge.
It wit net krekt hoefolle attraksjes der wol net binne ûnderweis mar it is suver in skande dat dit allegear organisearre wurdt foar minsken dy't oer it ginneraal it leafst trochrinne.
Dat wie ek myn erfaring doe't ik yn 2000 meidie. Ik hie it allegear "mei gemak" útrinne kind at ik mar net stoppe wie yn Reahûs. Dy lêste 8 kilometer nei Raard wiene in hel en hat ta gefolch hân dat in ein rinnen fan myn ferlanglist skrast is.
De slachtemarathon dat wurdt in kultureel feest. In soarte mei Kulturele Haadstêd en dan sûnder dy miljoenen en sûnder in haadstêd. Mei allegear entûsjaste frijwilligers bij de dykfakken.
Ik hoop fan herte dat de meidoggers nei de tiid it foaral net hawwe hoe gau se wol net binne wiene mar dat se oanjouwe dat se krekt op tiid binne wiene omdat der safolle te sjen en te harkjen wie. Dat se der de lêste kilometers tsjinoan rinne moasten omdat se te lang genoaten fan de ferdivedaasje.

Foar de dravers meitsje ik in útsûndering. Sij moatte de gong der just ynsette om in goeie tiid del te setten. En at je net fan blaasmuzyk hâlde dan kin it noch wolris in kreaze tiid wurde.

zaterdag 9 juni 2012

Fytsferfier yn Paris


In reinige moarn dus tiid om foto's te romjen. Dat betsjut fuortsmite of argiveare.
Of op myn blog sette.
Sa as dizze twa.
Makke yn Paris.
At je gjin sin ha om dy hiele Champs Elysee oer  te rinnen dan kinne je je lekker deljaan efter op de fyts.
Oerlevere oan in "lisfytser"
Ik haw rûn..........


vrijdag 8 juni 2012

Konkours

De hynders rinne, drave en springe dizze dagen wer yn de buert fan Snits. In moai plak dêr tusken Ysbrechtum en Turns. Tongersdeitemiddei wie de maksimum snelheid op de dyk dêr al werom brocht nei 30 km per oere om al dy auto's mei hynderkarren de gelegenheid te jaan it lân fatsoenlik yn te draaien.
In moai rom stik lân wat opfleure is mei flaggen en tinten.
Mar op ien of oare wize haw ik it idee dat it ek hast alityd buiige dagen binne.
Op it rinpaad lâns de Frjentsjerterfeart wêr't ik skynber wol fytse mei, in pear fierôf foto's makke.

dinsdag 5 juni 2012

Uit de lijken


De jierren begjinne te tellen.
Dat moast ik konstateare op ús #hfw Holtrop Famylje Wykein.
Wat begong as útdaging fan de kâlde kant om ris sjen te litten oan ús oantroude Holtroppen hoe't je iets slachfeardich regelje, is nei 11 kear útgroeid ta in famylje spektakel sûnder wjergea.
Noch altiten leit de basis yn in kamping foar ús sels, dy't op de romte leit, in gersfjild om te balskoppen en te balslaan, net te fier fuort want wij komme dochs hast net fan de kamping ôf en in slachter (Bigmans of sa) yn de buert foar it fêste bargjeknoeien op sneon.
Yn de rin fan de jierren binne der wol wat saken bijkommen dy't it feest noch grutter meitsje.

De âlde legertinte, kocht op de Harkema jout ús al in jier as 8, in goed ûnderdak bij suterich waar en as keet bij nacht.
It slepen mei kratten bier is allang foarbij. De hiele famylje kin no sels it bierke tappe op  "ús eigen" biertapperij. Omdat Pyt it net altiten goed mei ús foar hat, tsjinnet in potkachel yn de legertinte as opwaarmer.
Dit jier sieten wij yn de Frije wiken op minkamping Singel yn Jobbegea. De lege kamping op freedtemiddei feroare yn in lekker folbesette kamping mei sleurhutten, famyljetinten en tal fan bijsettinten. En fansels de legertinte dy't it winter wer goed trochstien hie en wij koene mij wille konstateare dat it oantal gatten net talriker wurden wie.
Neidat it bier oansluten wie (en it earste bierke preaun) en it folleybalfjild útlein wie,  koe it begjinne: foetfolley mei twa stuiten.

Wij tinke dat wij der patint op oanfreegje want dat is in spektakel. De bal fleach betiden de hiele kamping oer, want der wie altiten wol ien dy't krekt de twadde stuit helle en de bal wer om heech krige.
Freed en sneon hast de hiele dei gie it der om wei.

in aksjefoto

Mei op tiid in bierke út de eigen taap en dy bierkes waarden ek noch brocht.

De minder sportiven leinen lekker yn de sinne, praten mear bij as de sporters, gyngen der mei de hûn de frou / de man op út en genoaten fan it bijelkoar wêzen.
Tuskentroch noch efkes it "TheodeJong apparaat" útprebearje op de famylje mei tal fan kwisfragen en ek dat wie in iepenbiering. De iene wist alles fan Feyenoord (ik net), de oare alles fan films (Tjeerd Abma)
en Haagse Ramon wist al it oare.

Jûns wie der muzyk fan Abma/Kentie on tour.

Mar de jierren begjinne te tellen bij mij.
"Ik ben uit de lijken"rôp ik Haagse Ramon ta doe't hij nei it bargjeknoeien op sneontejûn frege wêr't ik bleaun "voor het volgende potje".
Mei in ferbrânde kop fan de sinne, it bealch dy't net mear woe en mooglik it bierke tusken troch, moast ik tasjen hoe't de jonge garde de iene nei de oare revânsj wedstriden spilen. Oant it tsjuster waard.
Takem jier sil ik mei in bettere kondysje nei it #hfw komme moatte, want noch earder ôfheakje kin net.


Ek de twa jongste famyljeleden wiene oanwêzich: pakesizzer Jelske en nichtje Kristina

Kamping Singel wie in gaadlik plakje mar takem jier geane wij krekt as oare jierren wer op syk nei in leuke kamping dy't foldocht oan ús betingsten