maandag 31 augustus 2026

Skrik

Op it Skrikfestival in soad fariaasje wat muzyksjenres oangiet

Prachtich is dat, want ik haw in brede smaak

Fan garaazjerock nei Indy, 

fan fryske rock nei punk

fan "cumbia" nei Zeppelin

en dan ek noch

Lovers, Lost & Found

Dêrfan joech ik op Facebook oan

oan dat dat sneintemoarn muzyk is

Dat is net ferkeard bedoeld

mar doe't ik sneintemoarn op Spotify harren CD beharke

befoel mij dat folle better as op sneontejûn yn de pleats

Moai wie it om te sjen

dat de jongste jeugd wol each hat

foar it mistyke spannende lûd yn it moaie begjinnûmer

en it opkommen fan de sjongeres Janna




Cambuur

Sneintejûn 20.00 oere

Kom lit mij ris in wedstriid fan Cambuur besjen

tink ik dan

Op tv fansels, yn stadions kom ik net wer

It falt net mei om dy 90 minuten ut te sjen

Dêr kin dy trainer neat oan dwaan

Dy Technysk Manezjer hat it net goed dien

In seleksje mei allegear lichtgewichten.

Tefolle donkere jonges dy't foar harren sels fuotbalje

Yn july seit dy TM fan Cambuur 

dat er trije goeie oankeapen bij komme

Wij binne no 4 wedstriden ûnderweis en se binne der noch altiten net

Hij sadelt de trainer mei in grut probleem op.

Jonkjes dyt út B-alvetallen komme bij grutte klups

dy sille it hjir net rêde en sille Cambuur ek net rêde

It is knullich fuotbal sjoch ik

At der hjoed of moarn noch spilers bijkomme

dan sille se wol net wedstriidfit wêze

Dat kin noch wiken of moannen duorje

Dat stiet Cambuur noch altiten op 0 of 1 of heechstens 3 punten

Keardels moatte wij dêr hawwe

en dan der Plat foar

Dat al dy moslimfuotballers krusen slaan

nei de himel wize en bidden op it fjild

ik sjoch it mei argewaasje oan

Mar dat dy irritante Tukker Weghorst

ek al mei dy fratsen begjint





zaterdag 29 augustus 2026

Bekertsje keatse

Ja, dat is yn myn tiid de ienige keats wedstriid

foar de jeugd.

Bekertsjekeatse op de Terp, sadat elkenien it sjen kin

De ienige kâns om in beker 

Yn dizze tiid binne der mear wedstriden foar de bern

en is it bekertsjekeatsen it slotstik fan it seizoen.

Nyck is de keatser yn de famylje

en hij hat der wakker noch oan

Ik sjoch him fjouwer kear keatsen

en it wurdt elke partij better.

Wakker wiis mei syn want

en hij kin der wer in beker yn de medaljekast bij sette








Bloei

Freed hawwe de basisskoalle bern in modderrin

Ek dat is bloei!

In slach om Wommels hinne en dan oer of troch alle fearten hinne

Bij skoalle noch efkes glydzje

Samme fynt it wakker moai






Bloei

Wommels stiet yn bloei

De hiele wike aktiviteiten foar en mei jong en âld.

Freedtejûn húskeamerkonserten sa't dat sa moai hjit.

In fytsehokkonsert is der bij Tsjeard en Berber yn de tún

Pakesizzer Jelske, dochter fan Hildau, op gitaar en freondinne Lotte as songster

Noch mar in heal jier oan it gitaarspyljen

en alles op eigen manneboet oanleard.

Dit wie harren twadde optreden al






woensdag 26 augustus 2026

Bloeipraat en bloeikoar

Tiisdeitejûn in bloeijûn yn Wommels

In liturgysk koar ( ik wist sa net goed wat dat wie)

en ferteller Pyt dy't it meast moai opsizze kin

Hij sil it jûn hawwe oer de rol fan dizze tsjerke

yn syn libben

It wurdt  gjin belidenis fan it leauwen

sa't er dat dêr earder wol dien hat (mei twivels)

mar in belidenis fan it net leauwen

In soad dat Pyt fertelt oer syn jeugdjierren 

is ek myn herinnering

Syn twivel wie al hiel lang myn twivel

It komt aardich oerien.

Hij slút moai ôf:

De tsjerke docht der wol ta

mei blommen, mei kofje, 

mei meielkoar ite, mei moeting, 

mei blomstikjes en mear fan dat soarte dingen


dinsdag 25 augustus 2026

Doe en no

Ik lês op dit stuit in boek fan Hylke Speerstra

Op geniale wize nimt de skriuwer,

sa't hij dat allinne kin

mei mij nei froeger

doe't it boerelibben gâns oars wie as no.

Net allinne it boerelibben, mar foar it libben fan arbeiders

Yn prachtige taal beskriuwt hij it libben fan in jongfeint út de Greidhoeke

dy't boerefeint wurdt yn it lege wiete midden fan de provinsje

It wurk wat der dien wurde moat

wurdt oan yn it lytste detail beskreaun

in blomrike taal en mei wurden en útdrukkings dy't ik net kin

De taal dêr genietsje ik fan.

Fan de libbensomstannichheden fan doe net.

Wat in gebealch en wat in gedoch.

Begrutsjen mei weromwurkjende krêft.....


Moandeitejûn bin ik op eksurzje bij in hypermodern boerebedriuw

Robots en apps op de tillefoan

hawwe in grut part fan it wurk oernommen

De tweintich bewurklike kij earder yn it lege midden

binne no 330 bisten útrêsten mei in transgonder




Hjir krij ik sels enerzjy fan

 Wommels bloeit

dat is it tema dizze wike.

Moandeitejûn is der in ekskurzje 

bij feehâlder Sijbrandij-Reitsma.

De Reitsmas wenje al hiel lang op Littenserbuorren

en binne in boeregeslacht dat altyd foarop rint yn de nije ûntwikkelingen

Net ôfwachtsje mar dwaan.

De Reitsma's binne ien fan de earsten 

dy't in wynmolen delsetten hawwe

en ek de melkrobot docht syn yntrede dêr 

as de measte minsken der noch nea fan heard hawwe.

Hjoed giet it om de fergister en enerzjy opwekke

Wat in goed ferhaal heare wij fan Jelle Jan en Geartsje

en wat in goeie ûntwikkeling sjogge wij

De stront dy't binnen it oere nei de fergister giet

wêr't mei help fan bakterien der gas úthelle wurdt

Gas, dat levere wurdt oan it net,

2000 sinnepanielen, de wynmolen soargje foar de enerzjy 

dy't sij sels nedich ha.

Is der tefolle sinne en te folle wyn

dan wurdt it opslein yn 5 grutte batterijen 

Hast alles is dêr automatisearre

Wij sjogge ús de eagen út

en sjogge mei bewûndering nei dit ûndernimmen.

In foarbyld foar de boeren 

dy't allinne mar ôfwachtsje en wize nei it regear

en in wat mei trekkers op de grutte dyk ride







maandag 24 augustus 2026

Hermes

 Slingers bij de Bonkwerterreed

Wat is der oan de hân

Jierdei of  100.000 liter útmolken?

In opmerklike tekst








zondag 23 augustus 2026

Nei it easten

 


Van der Meer yn Dronryp ek ticht

Sneu foar de minsken dy't dêr wurkje

It sil foar de hinnen neat útmeitsje

dy wurde earne oars de nekke omdraaid

Wat mij opfalt yn dit stikje

dat it apparaat nei it easten rjochte is

en dat in imam tasjocht


Filosofy

 Ik haw wer in aardich boek thús

'Filosofie voor een weergaloos leven'

van Lammert Kamphuis

It moaie fan dit soarte boeken is

dat der altyd moaie útspraken yn stean 

fan (eardere)  tinkers

Sa as dizze

Niets is genoeg voor degene die genoeg te weinig vind



Niets is genoeg voor degene die genoeg te weinig vind

zaterdag 22 augustus 2026

Glasvezeladviseur

 Wij hawwe in sticker bij de bel

"Verkopers niet welkom", stiet der op

Freedtejûn giet de bel

At ik de doar iepen doch

stiet myn irrytaasjeknop al oan

Sa'n jong fint mei in tablet yn de hân

dy't seit, "hoe gaat het met u"

en mij in hân jaan wol

"Wat wolst", freegje ik fol irritaasje

De hân wegerje ik

"ik heb net de buren geholpen 

naar een voordeel van 800 euro per jaar

voor tv en internet"

Ik wiis net de sticker neist de bel

"ik verkoop niet, ik ben glasvezeladviseur"

"nee, dat bist in ferkeaper"

Hij sjocht it swerk driuwen en rint fuort.

Hij draait him noch wol in kear om

"Ik ben glasvezeladviseur"

Ik mei soms graach it lêste wurd ha

en rop him nei

"Nee, do bist in ferkeaper"


Kwartette

Nyck fan 8 en ik iets âlder

binne fanatike kwartetters

At hij lâns komt is it steefêst: Efkes kwartette?

Foardat ik antwurd jou, hat er it doaske al helle

Altyd it selde kwartetspul.



Sa giet it al jierren...

Eartiids wûn ik noch wolris,

ek liet ik him wolris winne

mar no al moannen is hij de winner

Dat begruttet him wat

dus komt hij mei it foarstel

om mij winne te litten.

'dat hoecht net' sis ik noch

mar hij is fêst beret

Sa sitte wij te kwartetten yn de tún

en ik win

"is dit leuk', freegje ik dat fanatike baaske

'nee', seit er gelyk, 'dit kin ik net goed, in oar winne litte '

"wij dogge dit net wer, sis ik, 'mar ik wit wol wat betters

oare kear dogge wij it Frysk boerekwartet'

'makket neat, seit Nyck gelyk ,

ik kin fan de klas it alderbeste Frysk lêze'





dinsdag 18 augustus 2026

Popmuzyk

 


Wat is dit  in prachtich boek foar de muzykleafhawwer

Fol mei nijsgjirrige "weetjes" oer muzyk

en hûnderten listjes wêr't ik sljocht op bin.

Let wol, it giet net oer Bowie, dat is mar in titel

Boppedat stean bij dy oersichten  in Spotify koade 

sadat ik no moaie oanfulling ha 





maandag 17 augustus 2026

Omstekeard

 Wij fytse nei en oer de heide

Wij binne yn de buert fan Havelte, Ruinen en Dwingeloo

It is dêr gjin feest

Der hingje wol oeral flaggen

Blau wyt read

Omgekeard dus


It hiele gebiet dêr leit midden yn natoergebiet


Dêr moat wat barre, dat wit elkenien

Mar dy swier subsidiearre boeren

dy bliuwe al 10 jier yn de ûntkenningsfase sitten

Derôm hingje de flaggen oer de kop.

Ik fyn it neat, 

mar it is better as mei trekkers de sterke jonge úthingje

Op de bon slingerje dy hap en net te min rekkenje

At it de heide skylk wer wat mear kleur krijt 

troch minder stikstof yn de loft

Dan hingje ik de flagge út

en net omgekeard








vrijdag 14 augustus 2026

It waar

 Dit stikje komt út in boek fan 25 jier lyn

It begjin fan de waarpraatsjes

At je hjoed de dei net flcuh genôch binne mei zappen

sit je de hiele jûn nei waarberjochten te harkjen.



Op ien foet

It is wat as 70 plusser

Je kinne it iene better net mear dwaan 

wylst je it oare just wol dwaan moatte

Sa kom ik no wer in skema tsjin

hoelang je op ien foet stean moatte kinne



donderdag 13 augustus 2026

Foarlêze

 It timmerdoarp yn Wommels

is in fermaak foar 50 bern yn de lêste wike fan de fakansje.

It swimbadterrein is it plak fan timmerjen

It swimbad is tichtbij foar de ôfkuoling

en jûns is der kampfjoer (dit jier wat beheinder)

en der is in ferhaal

Foar de fjirde kear mocht ik yn aksje komme

om in ferhaal foar te lêzen oer it wylde westen, wat it it tema is.

Ek no stiet er wer in grutte houten stoel klear

In aardichheid om te dwaan, 

foaral at je 50 bern sa'n kertierke stil hâlde kinne.

"Ik vond het een mooi verhaal", 

seit in famke gelyk en dêr bin ik bliid om.





Hjoed mei Samme en Roan harren keunstwurk noch efkes bewûndere







dinsdag 11 augustus 2026

Swimbad

Pakesizzers Samme en Nyck hawwe yn Frankryk west op fakânsje

Dêr is it bloedhyt, 

dus is in kamping mei in "piscine" is in earste libbensbehoefte

Mar ja, al dy rigels.

Strakke swimbroeken binne ferplicht

en der mei net yn it wetter sprongen wurde

Fertel dat oan bern, 

dy't gewoanwei yn in oere 80 kear yn it wetter springe.

Se begripe der neat fan




At se wer thús binne, hawwe se it der noch oer

Ik lit harren it stikje lêze dat yn de krante stiet.

"Ja, boeie, wat meitsje dy pear drippen no út"

maandag 10 augustus 2026

Hatebreed

 


Sneintejûn, gelyk neidat Demi Vollering de Tour de Fammes wint

fytse Tsjeard en ik nei Snits.

It is 19 oere 25

"It sil wol net hiel drok wurde" tinke wij

It foarprogramma, Lies! is al dwaande

Dy ha wij al in pear kear sjoen, 

dus is in nûmerke minder sjen net slim

Wat in minsken en wat in waarmte,

is it earste wat wij sjogge en fiele

Hatebreed, in hardcoreband út Trump syn lân

begjint om kertier foar noggenen

Om tsien foar tsienen stean wij bûten út te hymjen,

dweiltrochwiet fan de swit

mar foaral mei in geweldich gefoel

Wat in sjo, wat in publyk, wat in hardcorefeest

Wij fytse yn Tsjeard syn tempo nei hûs

en de hearlike soele wyn hat ús sjurts hast droech wjirre

Healwei alven thús, dat binne noch ris tiden.




Nijs

Goed nijs

Je moatte der oan tinke dat sa'n Femke Wiersma wer ien of oare publike funksje krijt

Asjeblyft, besparje ús dat. 


Grappich nijs

Yn in interfjoe mei in Wietse sjoch ik dit stean. 

Hearlik sokke humor


Hemanijs

De grutte baas fan de Hema is Saskia Egas Reparaz. Yn it AD-Mezza sneon in moai ferhaal oer har.

Sij hat de Hema wer op de kaart setten, neidat se in hiel nij team fan liedingjouwende oanstelt.

De sollisitaasjeronde wie letterlik en figuerlik koart of lang



zaterdag 8 augustus 2026

Boppe en it kratsje


Moarn is de keetpartij yn Burchwert

meast in keatsspektakel foar de leafhawwers

keatse en foaral feeste

Hjoed is de frouljus haadklasse keetpartij

Dêr giet it wol om winnen.

Om alfêst wat yn de stimming te kommen

hawwe se op de tinte op de boppe twa lege kratsjes delsetten

It partoer dat mei in boppeslach in krat rekket

krijt nei ôfrin in fol krat.

Ik haw twa prachtige en spannende heale finales sjoen

Ballen gean boppe, mar it krat wurdt net rekke

Hopenlik kinne se moarn wat better rjochtsje mei in sêfte bal


vrijdag 7 augustus 2026

Lêstip

 


Wat in prachtich boek is dit!

Soe elkenien lêze moatte

100 prachtige koarte ferhaaltsjes

oer ús omgean mei tillefoan, apps en oare technologyske dingen

Dingen wêr't je net bij stilstean

en dy't mij dwinge ta neitinken

om soms apps miskien net mear te brûken



donderdag 6 augustus 2026

Fluch ite

Neffens Jellie yt ik te hurd

"Kôgest do wol goed?"

kamt der dan meast efteroan.

Hurd ite is in relatyf begryp

Ik fyn dat Jelly langsum yt

"Kogest do alles 25 kear?"

freegje ik dan meast

Der is no in oplossing 

om nei te gean at ik te hurd yt

en iets wat mij helpe kin  om it tempo te minderjen


Stikje út boek, wêr't ik moarn wat oer sizze sil

Freuledei

 'de rêst is werom' hear ik in frou sizzen bij Jumbo

'gelokkich wol' seit de frou wêr't se it tsjin seit.

'De dei nei' jout Wommels it oansjen fan in gebiet

wêr't in stoarm oer raasd is

en wêr't minsken hiel hurd fljechtsje moasten 

mei it efterlitten fan de rotsoai, de auto of de fyts

Troch it hiele doarp hinne stean de autos

op plakken dy't gewoanwei gjin parkearplak binne.

Op de Terp en yn it Bosk is in plastyk tapyt efterbleaun

mei hjir en dêr karton, blikjes en oare rotsoai.

Oerdei 5000 man/frou/bern op de tribune

en jûns noch tûzenden der bij om it freulefeest te fieren

Mei 43 partoeren binne der fansels hiel wat partijen

en der binne in oantal hiel aardich om nei te sjen.

Aardich is dan in oar wurd foar spannend.

It lytse Folsgeare sjoch ik útrinnen nei 5-1 

mar útmeitsje is der net bij.

Frjentsjer krijt de geast en hellet yn oant 5-5- en 6-6

Dan winne se...

Oan de ein fan de dei stean se yn de finale.

It is in iepen Freulepartij dus binne der meardere omloapen

mei hast "kânshawwers" tsjin elkoar

Kânshawwer op de finale wol te ferstean, 

want dat Dronyp winne soe tekene him fan te foeren 

mar ek geande de dei al ôf.

Ik haw oerdei genoaten fan wat petearen mei minsken 

dy't ik jierren net sjoen ha

of ien kear yn it jier sjoch op de Freuledei

Ik mei graach oer hurde muzyk

mar dat is wat oars as lûde muzyk

Bij it Dielshûs moast ik al gau alles twa kear sizze

om iets dúdlik te meitsjen

en dat wie net iens tsjin in healdôve.

Dat binne petearen fan neat

Ik bin moai op tiid thús

en sjoch al wer út nei freuledei 2027, 

in jubileum edysje


dinsdag 4 augustus 2026

Prinsetúnkonsert

Snein wer efkes nei Ljouwert fytst

In simmerkonsert yn de Prinsetún

Blues dizze kear mei Herb's Blues en Sidekicks

Hearlik sitten dêr mei in e-boekje der bij




Gjin hichtemeters

 


Net folle hichtemeters neamde ik dizze fytsrit

Dat komt omdat, wylst ik nei it Leechlân fyts bij Grou

is Berber dwaande mei in duatlon op de Alp d'Huez,

wêr't sij mei Tsjerd, Samme en Nyck is

Earst ûnderoan de berch in kilometer as 5 drave

dan de berch mei syn 21 bochten op fytse

en dan noch dêr boppe op dik 6 kilometer drave

bij 34 graden

Yn it Leechlân is  it 30 graden

en dat is mij mear as tefolle

72 kilometer fytst en wer 9 nije kilometers

It pontsje bij Grou pik ik efkes mei




Trekkerterroristen

 


De plysje seit dat it lestich is om der iets oan te dwaan,

stiet der yn dit stikje

Al hoe lestich it is,

dizze trekkerterroristen/trekkerhoeliguns moatte se oanpakke

en alle middelen brûke om se in flinke boete te jaan

It moat net mâlder wurde!