maandag 5 oktober 2026

Fuotbal op sneon en snein

Gerrit Hulzinga is in âld Boalserter

Syn heit wie dêr plysje en hij hat keept bij Bolswardia

Syn hert leit dêr noch wat.

At SDS 1 út fuotballet, wol hij meast nei sc Bolsward

Sneon bellet hij wer

"Jan van Asselt fytst ek mei" 

en sa hawwe wij wer in moaie middei

Wij eamelje wat, wij dogge krekt of hawwe wij der ferstân fan

en wij hawwe altyd in soad wille.

"At it net better wurdt yn de twadde helte,

dan gean ik hjir net wer hinne" pleagje ik Gerrit.

sc Bolsward makket nei de tee 3 doelpunten

en it spul is in stik better

"Sa" seit Gerrit, "wij kinne ris wer"


Snein is it wer prima waar om nei Boalsert te fytsen

Op it selde fjild spilet de trots fan snein Blauw Rood tsjin Blauwhuis

In kelder kreaker yn de fjirde klasse

Oare minsken, oar nivo , mar ek wer leuk

Blauwhuis wint mei 0-2 

Ik bin bliid dat der fuotbal op sneon en snein is

Geen opmerkingen: