Posts tonen met het label skûtsjesilen. Alle posts tonen
Posts tonen met het label skûtsjesilen. Alle posts tonen

dinsdag 30 juli 2013

De heechste tonne

"Skûtsjesilen is myn nocht" dat sjonge de Sambrinco's at ik mij net fersin. Skûtsjesilen is net myn nocht mar om te folgen is it bysûnder leuk. Sa't Omrop Fryslân it dit jier bringt is it hielendal top.
Mei Gjalt de Jong en Geartsje de Vries op it wetter is in prima duo ûntstien. Wa't tocht hie dat Klaas Jansma net te ferfangen is, hat it mis. Gjalt de Jong is like entûsjast en hat krekt efkes mear doel oer it silen as Klaas.
It is ek mar goed dat Klaas no net mear te hearen is. It hie raar kommen. Syn kommentaar wêryn in soad oerdreaun waard, hie net past bij de bylden dy't de Omrop streekrjocht útstjoert.
Wij hiene ús ôffrege wêr't Klaas it oer hie.
Bij Gjalt klopt it gewoan: entûsjast mar wol op basis fan de feiten.
Wat in moai idee, om in kamera bij de heechste tonne te setten en fanôf dat punt te filmjen.
Spitich foar it SKS, ik gean der dit jier noch ien kear hinne foar de sfear, de oare wedstriden sjoch ik hast allegear op tv.
Ik fiel mij op in befoardielde posysje bij de heechste tonne thús op de bank. Wat haw ik faak bij it silen west en koe de heechste tonne fanôf de wâl amper sjen. By heechste tonne dêr is no just de striid wêr't it om giet.
Hearlik om it sa te folgen en de komplimenten foar de kameraman yn it bakje.
Jûns yn it skútsjesjoernaal sjoch ik noch efkes nei de bylden fan tichtbij.

Ein ferline wike ferstoar JJ Cale. In fideootsje




zondag 12 augustus 2012

Skûtsjesilen

It treft net faak dat de heechste boie bij it skûtsjesilen sa ticht bij de wâl en it publyk lei. Yn Hylpen bij de YFKS hiene se sneon it gelok mei. It wie in machtich gesicht sa ticht bij de skûtsjes lân kamen en it bleau oan it lêste slachje tige spannend. It wie in genot om dêr op de seedyk te sitten.

zaterdag 20 augustus 2011

Skutsjesilen

It ie der noch net fan kommen om nei it skûtsjesilen te gean. Maar troch de entoesjaste ferslachjouwing fan Klaas Jansma, hie ik it gefoel middeis dat ik in stompkop wie om der net hinne te gean. It naaide der betiden út, it wie altyd spannend en it wie spektakulairder as in formule 1 yn syn beste tiden.
Sa sette wij dus freed dochs mar nei de Lemmer fol ferwachting wat dizze middei ús bringe sil.
It sit dêr moai foaral at je de goeie stuollen mei hawwe. Ek at der gjin skûtsjesilen is, is it ek gjin straf om dêr wat foar je út te sjen oer it wetter. No binne der ek noch skûtsjes en dy farre kreas efterelkoar oan. It spektakel bliuwt út hjoed. En oars wat Klaas Jansma foar de radio suggerearjen docht it is net echt spannend. Allinne bij de earste tonne fleane der meardere bijelkoar op mar sa as gewoan bij it skûtsjesilen bart dat op de fierste tonne en is dat mei eigen eagen net goed te sjen.
It sit dêr moai mei de moaie loften en de skûtsjes dy't farre ferheegje it nivo fan it útsicht. Jûns op de tillefysje binne de bylden wer prachtich en sjocht it der folle spektakulalder út as yn it echt. Mar goed ek dit jier haw ik wer bij it skûtsjesilen west. Op é Lemmer en it wie moai waar.