At dy âlde Egyptenaren en Grieken der weet fan krije dat de Freulepartij yn Wommels yn 2013 ferpest is troch de paraplu's dy't sij útfûn hawwe, dat wiene se nea mei sokke reinkearders op de proppen kaam. Hûnderten egoistyske keatsleafhawwers soargen der foar dat hûnderten oaren neat sjen koene. Neat lutsen se harren wat oan at der ropt waard paraplu's del. Foar minder as 50 sint binne der wettertichte plastik reinkeeps te krijen bij û.o. Action. It liket mij in lytse muoite at je nei in evenement geane sa'n "keep"efter de hân te hawwen foar it gefal it begjint te reinen.
It wurdt tiid dat paraplu's bij alle eveneminten wêr't wat te sjen is ferbean wurde. Bij muzyk festivals is dat al it gefal. Je komme der mei in paraplu net yn.
Op it krekt holden festival Welcome to the Village yn Ljouwert krigen sels alle 3000 besikers op sneon fan de organisaasje in reinkeep doe't in bui kommende wei wie.
Aju paraplu soe ik sizze wolle tsjin alle paraplus op it keatsfjild.
Wêr bliuwt de tiid? Dat frege ik mij ôf doe't ik oan de Freulepartij tocht dy’t kommende woansdei holden wurdt. Want die ik yn 1970 net mei oan dy Freule? Foar Wommels fansels. Mei Jelle de Boer en Pieter Sieswerda. Gjin priis. Derôf tsjin Grou dy’t dy dei twadde waarden. Spannende dagen wierskynlik, hoewol ik mij dat net echt herinnerje kin. Wat ik mij wol herinnerje binne de reaksjes fan it publyk tidens de wedstriden.
Dêr hie ik lêst en wille fan.
In goeie bal fan mij, folge troch hantsjegeklap die mij goed. Ik kin mij foarstelle dat keatsers dêr fertrouen fan krije. It oooh en it aaaah nei in misser dat wie net goed foar myn selsfertrouen. Dêr waard it minder fan.
Ik stie foaryn en ik koe (sûnder nap) amper boppe. In middelmatige keatser mar goed genôch om mei te dwaan.
Sels yn 1971 mocht ik noch in kear meidwaan. Mei Hessel Hovinga en Tsjipke Joustra. In iets better partoer mar yn de tredde omloap derôf tsjin Ljouwert. Wol yn de earste omloap Amsterdam ferslein en dat kin net elkenien sizze want dy keatse hast nea mei op de Freule.
De Freulepartij fan 2012 sit der wer op. It wie troch myn bril sjoen in slagge dei. Der wiene in protte bekenden, it wie moai waar, der waard betiden spannend keatst en der wiene sa as altyd winners en ferliezers. Ek it feest om de Freuele hinne, mei draaimolen, oaljekoeken,, fisk, bier, bier en bier koe hinnebruie.
Mar it bliuwt fansels wol de fraach at ik it allegear wol goed sjoen ha.
At ik it wol objektyf besjoen ha.
Dêrom wachtsje wij yn grutte spanning op it Kweapraat op www.kaatsen.nl.
De objektive skriuwer sil noch in pear dagen wachtsje ( hij moat noch efkes oerlizze mei syn stipefeint Fokke, hij hopet op in soad objektive tillefoantsjes en objektive meeltsjes fan oaren) en dan kinne wij wer genietsje fan in objektive miening fan ien fan de twa echte keatsleafhawwers (Fokke is de oare) fan Fryslân, wat sis ik fan de hiele wrâld.
Wij hope dat hij it net slim fûn dat de auto wat tichter bij it fjild stean mocht (it lân wie te wiet), mar dat is fansels mar de fraach: in eintsje rinne foar en foaral nei it keatsen is in goeie saak om it objektive kweapraat al fêst op te buorreljen.
Wij hope fansels net dat hij en Fokke tefolle op de sige sitten hat, te lang yn de sinne sitte moast en dat sij lêst hân hat fan it buike. Of fan de parapluus dy't omheech stutsen waarden mar net te sprekken, want dan krije de parapluophâlders der flink fan lân frees ik. Want wêz no earlik dat binne dochs gjin echte keatsleafhawwers sa as hij en Fokke.
De list sil ek net oan syn objektyf each ûntsnappe. Koe hij út de wei mei sa'n boekwurk en hawwe hij en Fokke net in pear flaterkes fûn.
Of like it rissultaat fan de lotting te folle op dy fan 1957 en sil hij him mei Fokke net ôffreegje at it wol doocht mei al dy nûmerkes en de briefkes op in sneontejûn yn it kafee fan Wommels?
Lit ús ek hope dat hij op tiid kofje hân hat mei genôch sûker en molke (of krekt net) want oars kin der wol in streep troch de oantsjutting "in goeie Freule".
Wij rekkenje der op dat it bestjoer him en Fokke in plak jûn ha mei goed sicht op it fjild en dat se net murken ha dat der ek oare taskôgers wiene. Want der is ferskil tusken dizze twa mannen en al dy oaren dy't gewoan gjin keatsleafhawwers binne.
It sil him yn alle gefallen as tongerjen yn de earen klonken ha doe't der wer klapt waard foardat der opslein wurde moast. Om in partoer op efterstân oan te moedigjen.
Hat er wer argewaasje hân oan koaches, dy't it te folle of te min harren jilde lieten en it dus nea goed dwaan kinne?
Hat er wer argewaasje hân oan dy doarpkes mei opslaggers dy't krekt of meastal krekt net ynkinne?
Hat er goed sicht hân op de meneuvels fan de bobo's út it Fryske Haachje?
Nei wike woansdei sille wij it wer witte want foar dizze cowboys is it alle woansdei "kneppel" woansdei.
Dêr stean je dan tidens de finale. Krekt ferlern. Fiif earsten gelyk derôf. Oars hie hij dêr yn de keatsarena stien. As de keatsheld dy't it goud winne kin.
Hoe stiet hij dêr no freegje ik mij ôf. Soe hij lilk wêze, op himsels of op syn maten? Soe hij fertrietlik wêze en tsjin syn emoasjes fjochtsje om foar te kommen dat syn eagen wiet wurde fan triennen? Of is der al akseptaasje en berêsting.
Hij stiet dêr mar wat. Efteroan tusken banken en tribune. Mei syn freondinne sa te sjen. Hij sjocht wol mar sjocht er it echt? It begruttet mij foar him. Sa'n moaie keatser. In stylkeatser, krekt as syn heit. Ik kin myn eagen net fan him ôfhâlde dat earste earst fan de finale.
En dan komt myn moaiste Freule momint. Ik sjoch syn mem bij mij lâns rinnen. Hastige stappen. Underweis nei harren soan. Se knuffelt him efkes en hâldt him fêst. At der immen is dy't wit hoe't hij fielt, dan is sij it wol. En sij wol him stypje troch net folle te sizzen mar der wol te wêzen. Ticht bij him. In pear earsten steane se dêr. Ticht bij elkoar. Mem en soan.
Ik bin bliid dat se nei in minút as tsien in oar plak sykje. Want oars hie ik neat fan dy finale sjoen. Gelokkich ek dat ik net efkes temûk in foto makke. In foto haw ik net nedich om dat byld hierskerp foar eagen te krijen. Ek hjoed noch.