Posts tonen met het label easterein. Alle posts tonen
Posts tonen met het label easterein. Alle posts tonen

vrijdag 11 oktober 2013

Wommels - Easterein - Wommels

Wommels- Easterein of Easterein Wommels.
In moaie dyk wie it altyd.
In tichte haach oan strewelleguod oan beide siden.
Grutte troch wyn skeefgroeide beammen makken it ta in smûk gehiel.
Yn de goeie âlde tiid, doe't ien auto op it hiem ek al in útsûndering wie, wie it dêr in drokte fan belang mei Puch, Kreidler, Zundapp en Tomos brommerriders, mei fytsers en rinners.
De auto's dy't der lâns moasten pasten op  fatsoenlike wize de snelheid oan.
Der wie respekt foar elkoar.
Doe't der mear auto's kamen en mear drokte op de dyk mei mear kâns op ûngemakken waard der in fytspaad oanlein.
Oan de súdwest kant fan de dyk.
Dan wiene je der as fytser yn alle gefallen wis fan dat je net folle rekkenje koene op lijte.
Mar hawar, it wie feilich, want de dyk Easterein- Wommels waard troch dizze fytsfrije status in echte reesbaan.
Je hoege dêr as autorider nearne rekken mei te hâlden.
It grutte ljocht kin op sa lang der mar net in tsjinlizzer oankomt. Want dy hawwe dêr in hekel oan. Dy knipperje mei de ljochten at it nedich is.

Anno simmer 2013 leit de dyk der gâns oars bij.
Oan de kant fan it fytspaad is alles wat plat wie fuorthelle. Grutte iepen romten tusken de beammen dy't noch altiten like skeef stean of noch skever.
Foar de lijte  fan de fytsers makket it net sa folle út want de wyn komt dochs meast út súdwest of west.
It ferskil sit him no yn dizze tsjustere moannen foaral yn it ljocht.
Dan bedoel ik net dy lantearnepeallen dy't der steane.
Dan haw ik it oer de auto's dy't mei grutte gong en safolle mooglik mei grut ljocht fan Wommels nei Easterein of fan Easterein nei Wommels fleane.

Ik kin mij foarstelle dat dy autoriders net sjogge dat op it fytspaad ek rinners of fytsers binne, mar soene se dêr sels rinne en fytse en in auto tsjinkomme mei grut ljocht dan soene se krekt as mij sa no en dan flink skelle op dat grutte ljocht of op dy autorider.
Dan soene se graach efkes knipperje wolle mei it ljocht.
Ik bin der efter dat knipperje mei it fytsljocht neat jout.
Dus sille de auto's de gong wat oanpasse moatte en wat mear mei lytsjocht ride moatte.
It is mar in tip hear.....




zondag 19 mei 2013

Wat in feest mei NNB en Scrum

Ek al is der neat te fieren, in feest kin it altiten wurde. Sa wie it sneontejûn ûnder de reek fan Trijehuzen, dat ûnder de reek fan Hidaard leit en dat leit wer ûnder de reek fan Easterein.
Foar freed in lân fol swartbûnte kij en no in tinte. In feesttinte wol te ferstean, mei alles wat der bij heard, lykas in tintsje foar de jassen, in "fretterstinte" , wat húskes foar de froulju en foar de mannen in orisjinele


Yn de tinte fansels in bar op in gaadlik plak en op it poadium de muzyk. It wie al sfearfol bij it optreden fan NNB. om goed healwei alven. Sij dogge de hurde rock mei Ierske ynfloeden. en de banjo en fluit binne dêr foaral it bewiis fan. Fryske en foaral nasjonalistyske teksten fan "Fryslân boppe" en "de oaren yn de groppe" dogge it prima op sa'n jûn.
Mei grut entúsjasme setten se in leuke set del en de ynteraksjes nei it publyk wiene sfearferheegjend. Sa mocht in bok op syn bokkejûn efkes letterlik en figuerlik foar lul stean op it poadium en mochten alle jonges mei skotse rokjes ek meidwaan.
 
 
Dy skotse rokken kamen werom bij it optreden fan Scrum dat om healwei tolven begong. Powerfolk neame se it sels en dat betsjut dat der foaral flink treaun, botst en beukt wurde kin. Dat kinne je ek dûsnjen neame at je de wurd net al te letterlik nimme. De tinte wie fol mar der wie romte foar de powerfolkers, want dy moatte harren enersjy kwyt. De muzyk fan Srum lient him dêr ek foar.
 

 
Mei sa no en dan wat rêstige ballads (tiid om bier te heljen, op adem te kommen en de skea op te nimmen) en dêrnei wer de Do or Die of Amazing Grace fan myn favoryt Dropkick Murphys mei de lillepykjebonge op folle krêft. Ik fielde betiden wer as yn jannewaris yn Dublin bij in optreden fan dy selde Dropkick Murphys.
Hast twa oeren gie it sa troch en it meisjong gehalte fleach omheech doe't de Wylde Rover foarbij kaam. In moaie jûn dus dêr ûnder de reek fan Trijehuzen.
Dat soks dêr plakfynt dat is foaral te tankjen oan Petra Yntema. Sij hat in pompeblêdhert en wit har eigen omjouwing sa entûsjast te meitsjen foar de muzyk en foaral dizze muzyk dat de hiele famylje en alle freonen graach mei wurkje oan dizze (Skotse) rok en rocknacht. Heit bij de yngong, mem efter de kassa, broerke bij de jassen, in sus efter de bar, noch in sus efter de bar en freonen en oare famylje der bij. 
En Petra? Dy geniet fan al dy minsken bij heit op it lân mar foaral fan de muzyk fan NNB en Scrum.
 




vrijdag 17 mei 2013

Scrum

Earne op de dyk fan Easterein nei de Kliuw stie ferline wike in boerd yn it lân mei de heuglike meidieling dat op 18 maaie Scrum dêr spilet. Scrum? Scrum? Ja seker Scrum. De band mei de Powerfolk sa't se sels neame.
Sij spylje eigen nûmers, mar foaral ek nûmers fan Dropkick Murphys, Flogging Molly en the Dubliners.
In stevich mar foaral ek fleurich stikje muzyk wit ik út eigen erfaring. Ierske woartelmuzyk.


Doe't ik fannemoarn rjochting Easterein fytste seach it wiet tintedoek yn de fierte al de horizon op fleurjen tusken al dat griene gers. Tichtbij seach ik de jongerein dy't drok dwaande wiene om it stik lân "Scrumproof" te meitsjen.  De waarden platen dellein, de kij mochten in hoekje fierderop gers frette,  in yntreetintsje waard pleatst en de boerden mei P (fan Parkearen of fan Petra)  leine al klear. Grutte kâns dat der moarntejûn ek in trekker klear stiet at it al te wiet is foar de auto's om fuort te kommen. Moai dat ik der op de fyts hinne kin. Wat in moaie smûke tinte, hiel wat oars as dy manmachtich grutte dingen yn Hylaard en Gau en Boazum. At dizze fol is en dat sil seker barre, dan wurdt it ien grut feest.
Oh ja. NNB spilet yn it foarprogramma en dy haw ik al ris op Aaipop sjoen en foldienen mij skoan.








donderdag 5 juli 2012

Frysk

Begjin dizze wike sitearde ik wat út it "grifformearde boekje" út Easterein. Neist de tsjerklike striid wie der ek in opmerklik stikje oer de taal.
De earder neamde dûmny Wolthuis wie noch kandidaat en kaam te preekjen yn Easterein.  De kandidaat dûmny waard ophelle troch Tjipke Okkema.

Sitaat út it boekje:
Tjipke Okkema, CAF vertegenwoordiger, aartsoptimist, humorist en feestleider, haalde ons vanuit Sneek, 's ochtends vroeg op in zijn volkswagen kever, Hij had zijn oudste zoon, Tjerk bij zich, een jochie van ruim 6 jaar. Het heeft diepe indruk op ons gemaakt, dat Tjerk "sa frysktalich wie" door zijn opvoeding thuis en op school, dat hij het gesprek, dat wij als groten met zijn drieen voerden in het Hollands, niet kon volgen.

Dat wiene nochris tiden.
Kom dêr no mar ris mei oan.
Ik verssta geen Frysk hear ik ferstentefaak tsjintwurdich.




dinsdag 3 juli 2012

Grifformeard

De lêste jierren haw ik al meardere boekjes lêzen oer it ûntstean fan de grifformearde tsjerke yn sommige doarpen yn Fryslân. Op ien of oare wize fyn ik dat wol nijsgjirrich hoe't sa'n striid levere wurdt om kristeliker te wêzen as de herfoarmen.
De lêst útbrochte boekjes skriuwe ek al wer oer it proses mei elkoar op wei (samen op weg).
Ien fan de lêste boekje dy't ik lêzen ha, giet oer Easterein: Twee sporen één weg.
Dêr stiet in moai stikje yn oer in ferskil tusken Wommels en Easterein, skreaun troch de dûmny fan doe de tiid (1960) dsWolthuis.
Ik sitear:
Een opvallend verschil tussen de dorpen tot 1960 was dat Wommels bij de viering van een dorpsfeest wel een draaimolen liet aanrukken, die dan 's avonds werd omgebouwd tot een zweef, waaaraan de groten en volwassenen, in wie het kind nog niet gestorven was, hun hart konden ophalen.
In Oosterend was zulks tot die tijd niet het geval, omdat het rechtzinniger was dan Wommels.
In het voorjaar van 1960 vergaderde de Oranjevereniging o.l.v. Tjipke Okkema op de bovenzaal van cafée Bergsma o.a. over een belangrijk punt op de agenda: Wel of geen draaimolen in Oosterend.

Der waard in hiele diskusje holden en ek dûmny Wolthuis bemuoide him der mei en hij wie in foarstander. Dat foel net bij elkenien goed. Him waarden letter ek útspraken yn de mûle lein dy't hij net dien hie. Wat hij wol sei wie dit:

Er zijn mensen, die menen dat de duivel in de draaimolen zit. Nu geloof is dat niet. Maar laten juist zij, die dit menen, in de draaimolen gaan zitten, om de duivel er uit te verdrijven!.

De draaimolen is der sûnt 1960 kaam en mooglik is dy der no noch alle jierren.

maandag 27 februari 2012

Blues yn Easterein

Sneontejûn in moaie jûn hân yn Itens mei RockynItens en sneintemiddei mei in lichte dan wol swiere útrin nei de jûn ta, galmden de blueslûden wer troch de túnseal fan Noflik Easterein. Fan hein en fier komme de bluesleafhawwers de lêste snein fan de moanne om de blues te snuven, te priuwen en te happen. Ek no wer in geweldige sfear mei de band 12Bar Grooves.  Sij hiene noch net earder yn Easterein spile en meie seker noch wol in kear komme, wat mij oan giet.
Wij kinne noch efkes neigenietsje want de filmer fan justermiddei hat gelyk tiid makke om it op JoeTjoep te setten. 

Skuorpapier blues neame se it sels...ik fyn it prima.

dinsdag 19 april 2011

B.J. Hegen en Blues Busters

Blues Cruise yn Easter(sn)ein is sa stadichoan in begryp wurden. Snein 17 april wie al wer de lêste bluesmiddei fan dit winterseizoen. It wie prachtich waar en dat betsjutte dat de terrasdoarren wer iepen koene en it allegear in hearlik iepen karakter krige.
Seker in 150 man/frou (jong en griis) kamen lang of koart efkes lâns om te sjen en te hearen nei B.J. Hegen en de Blues Busters.
It wie wer tige sfearfol. Stoffel Bouma makke in pear foto's en hij hat de blues yn byld brocht sa't dy klonk. Prachtich!