Sa witte je neat fan de Schuttevaerrace en sa folch je dit "spektakel" twa dagen.
Freed die soan Tsjeard mei as hurddraver yn it team fan Durk Jorrit van der Eems.
De start yn Starum op freedtemoarn om 9.00 oere is foar de supporters en folchers it moaiste diel. Ien man yn de boat en de oare 4 moatte 1900 meter drave om bij de boat te kommen. En at dy lêste man twa meter fan de boat ôf is, geane de touwen los en spurt de sylboat (dan noch mei de motor oan) de haven út.
De Sa Better bemanning die it geweldich want sij wiene bij de earsten dy't it romme wetter berikten en de seilen heise koene.
Oan Kornwertersân wie de earste etappe en nei de slûzen wie de twadde start en dat wie tagelyk de lêste start.
It gie no yn ien stik troch nei Tessel, dêr moast de fytser yn aksje, nei Flylân, dêr moast de draver los, nei Harns, de fytsers wer, nei Skylge de draver en doe werom nei Starum.
Sneontemiddei om kertier foar seizen wie de mannen werom nei in "geweldige erfaring yn it goed team" sa't Tsjeard oanjoech.
It hie foar de thúsbliuwers ek moai wêze kinnen at de GPS sinjalen goed op ynternet kaam wiene. In waardeloas systeem wêryn somtiden in pear mar faak hielendal gjin boat, gjin draver en gjin fytser te folgen wie.
De what-apkes moasten ús no wat ynformaasje jaan.
Ik bin bliid dat it no krekt hjoed sok moai fytswaar wie mei in lekker hurd wyntsje. Want in skoft lyn waard mei frege om in fytsroute út te setten foar de yntergemeentelike sportdei.
Jierren lyn, doe't ik sels diel útmakke fan it korps fan amtners hie ik dat ek dien en dat wie die in grut sukses.
Ik neam it de 9 binnenpaden route. Makke fanút Snits, mar ek op oare plakken te begjinnen..
Dat it hjoed it goeie waar wie leit oan it feit dat it aardich waaide, de sinne skynde en it fierders helder wie.
Ommers yn ús greidhoeke waait it altiten hurd sizze de wâldmantsjes en froutsjes, skynt de sinne net altiten neffens Pyt en kinne je wol altyd fier sjen, dat fyn ik.
It moat fêst in grut sukses wurden wêze foar dy 140 man dy't moarn wer efter harren buro sitte en foarstellen meitsje foar BenW yn ien fan de Fryske gemeenten.
It moaiste fan de route fyn ik sels it Brekkenpaad bij Aldegea, seker mei it wyntsjes yn de rêch
It meast ferrassende is it fytspaad tusken Rien en Lytsewierrum en binnenfytsen yn dat lytse doarpke.
De route is te folgen fia de bekende knooppunten buordsjes en wa't 65 kilometer fytse oer 9 binnenpaden kin mij maile foar de routebeskriuwing. (aanthofstra@gmail.com)
Sneontemoarn om 6.30 gie it wekkerke. It berneklokje (klokje van gehoorzaamheid) joech oan dat gelyk opstean de beste opsje wie om net te let bij de bus te wêzen. Noch efkes tariede op in lange dei dy't feitlik begjinne soe om 7.45 doe't OAD syn bus bij de Terp parkearde en sa'n 25 muzykleafhawwers út Wommels, Easterein en omjouwing meinimme soe nei Nijmegen. Dat wiene der hast 24 want net elkenien giet sa serieus om mei in dei der op út as mij en it wie dus wachtsjen op de lêste.
Bysûnder dat der twa bussen út Fryslân gyngen en dizze dus yn Wommels begong en al heal fol siet.
Mei wat oanwizingen wist de sjoffeur de bus op de profinsjale wei te krijen en koene der ûnderweis noch wat lykstimden oppikt yn Snits, de Jouwer en de Lemmer. Ek in trijtal iepenbieren út Kampen stiene ferdekt opsteld om oppikt te wurden want at je op wei gean geane nei bands as Heaven Shall Burn en Rammstein heare je dêr miskien wol net echt bij.
Moai op tiid rûgelen wij om 11 oere út de bus. De "kofje" hie syn wurk dien en dat wie net allinne bij dizze bus sa.
Hiel ferstannich fan de organisaasje fan Metalbus de 35 bussen dy't hjoed ynset wiene om út it hiele lân de metallisten nei Fortarock te bringen waarden, om se op it nûmer folchoarder te setten (klink logysk mar haw it oars meimakke) en der waard mei klam frege at wij ûnthâlde woene dat it bus 23 wie. Oars moasten wij it mar opskriuwe spruts de sjoffeur wierskynlik út erfaring.
Om 12.30 soe it begjinne mei Audrey Horne en wij hiene rom de tiid om ús te orientearjen. Wêr kinne wij wat drinken krije, wêr kinne wij pisje, wêr kinne wij ite en wat kinne wij ite.
lekker twa kleuren iis
Us ploechje fan 6 man foel nei it optreden fan Enslaved al útelkoar. Elkenien hie syn eigen favoriten en de kâns dat je immen werom fine tusken de 50.000 man wie net grut.
Ik wie metal -festival debutant dus liet ik mij foaral ek adfiseare. It wie foaral Arumer Arie dyt'wist wat goed foar mij wêze koe. Dat wie moai want ik haw mij tige fermakke bij Enslaved, Airbourne, Finntroll, Motôrhead en Amon Amarth. Dy lêsten waard myn hichtepunt mei in geweldige sfear.
Wij ieten tuskentroch wat riis mei kyp of in pankoek en namen in ijsko wat ús wis net opwaarme.
Doe't it noch kâlder waard hoopte ik dat Volbeat myn hert waarm spylje soe. Helaas slagge dat net. It like plichtmatich, it wie net lûd genôch al moat ik der bijsizze dat harren lûd wol hiel maklik meinaam waard troch de wyn.
De sjonger fan Airboune spile gitaar op grutte hichte
Betiden hearde je hielendal neat.
Om goed 10 oere wie it tiid foar Rammstein. It wie allegear fjoer en fjoerwurk. Mei de muzyk is neat mis, mar mei dy inge sjonger fan alles.
Hij die mij tefolle tinken oan Gerry Glitter út de jierren 80.
Muzyk wie goed hurd en strak mar de Dutse taal en de sjo der omhinne mei is net myn ding die dus bliken.
Om klokslach 23.45 wie it dien en wie hast elkenien ferklomme, net allinne troch de ijsko.
De waarme bus stie op nû 23 klear en dy wie dus samar fol mei ferklomme mar foaral entûsjaste metalisten.
Foardat wij Nijmegen útwiene wiene de earsten al yn it djippe sliep. Wierskynlik leine de pankoeken wat dreech op de maach of wie it kâlde iis net goed fallen.
It begong al ljcoht te wurden doe't de bus ús wer ôflevere bij de Terp. 4 oere plat en 7 oere wer wekker. Utsliepe, ik sil it net leare en net nei sa'n moaie lange dei en sa'n koarte nacht.
De muzyk hat my enersjy jûn ynstee fan wurch makke.
In swart sjurt oan mei tekst like hast ferplichte
In resinsje oer it optreden fan Amon Mamarth op Livexs.nl : Amon Amarth (Monster Energy Stage / 18.45 – 19.40)Het is al zes uur geweest en zoals het echte Nederlanders betaamt moet er toch echt gegeten worden. We melden ons met een paar halve hanen aan het front als Amon Amarth de overvolle tent op furieuze wijze in lichterlaaie zet. Het optreden van de Zweden zal, naar later blijkt, nauwelijks meer overtroffen worden. Dood of de gladiolen?For Victory Or Death? Werkelijk alles klopt aan deze show en het is overduidelijk dat het eerste optreden van de grote Europese festivaltour tot in de puntjes is voorbereid. HoewelDeceiver Of The Godsnog officieel moet uitkomen worden de teksten van de titeltrack woord voor woord meegebruld. De melodieuze death metal van de boomlange zangerJohan Heggen zijn mannen doet het tentzeil schudden en iedereen is het er over eens dat de volgende keer een groter podium voor deze geweldige act geen overbodige luxe is. (JB) Bron: Livexs.nl
Dizze wike stie de foarjiernota 2014 op de wurklist fan de rie fan Littenseradiel. Wij as SDS'ers waarden oproppen om nei de gearkomst ta te gean want der wie in kâns dat der in beslút nommen wurde soe oer it realisearjen fan in heechnedich keunstgersfjild yn Easterein.
De oprop joech net folle want allinne it bestjoer en ien oare belangstellende wiene oanwêzich.
Ik haw de muoite dien om it op ynternet op te sykjen en te folgjen. Healwei de beskôgingen bin ik ôfheakke.
Moaie ferhalen, begryp foar alle oanfragen, lestich in kar te meitsjen, dêr moatte wij it nochris rêstich oer ha wiene de dingen dy't mij bijbleaun binne.
At ik it goed begryp (en dat soe dochs wol moatte nei in 9 jierrige karriere bij in gemeente) stiet de oanpassing fan de Skoalleseize no earste reserve yn de foarjiernota. Alle oare saken binne opnaam mei in bedrach en de Skoalleseize moat it mei PM dwaan. Mei oare wurden der sil earst wat skrast wurde moatte foardat hij der echt yn kin. Der waard dus net besletten. Alles leit noch iepen. De riedsleden sille yn de fakânsje djip neitinke en nei de fakânsje sille se echt sizze wat se der fan fine.
Sa't ik it besjoch wurdt it in lestich ferhaal. Der sil wol wer wiisd wurde nei oare noch goedkeapere opsjes mar dat is mear bedoeld om tiid te winnen. Ik leau net dat de riedsleden echt yn de gaten ha dat der al hiel lang wachte is.
Ik wit yn alle gefallen wol ien punt dat hiel hurd skrapt wurde moat. Dan hawwe wij de 2,5 ton al te pakken.
Verbreden Van Sminialeane-Van Eysingaleane
In het Gemeentelijk Verkeer en Vervoerplan is de weg van Easterein naar Wommels
aangewezen als een gebiedsontsluitingsweg (GOW). De huidige weginrichting komt slechts
beperkt overeen met de criteria voor een GOW. De huidige breedte van de weg is 5,5 meter.
Daarmee voldoet de weg qua breedte niet aan het profiel voor een GOW. De weg zal met ca.
1 meter verbreed moeten worden. Daarvoor zal de sloot tussen de weg en het fietspad
moeten worden gedempt.
Ook de bestaande bomen tussen de weg en het fietspad zullen gekapt moeten worden.
Daarvoor moeten nieuwe bomen in de plaats komen.
De investering vergt een bedrag van € 250.000. Op basis van een 25-jarige, 6% annuïteit
bedraagt de jaarlast € 19.557.
Ik soe sizze: ôfbliuwe fan dy prachtige histoaryske dyk mei beammen oan beide kanten. Kom bij mij net oan mei kriteria as Gebiedsonsluitingsweg. In bytsje hystoarysk besef is better.
De sin "daarvoor zullen nieuwe bomen in de plaats komen " kin dat bij lange net goed meitsje. Ik wit net wat men hjir fan sein hat, mar lit ús hope dat de fraksjes it der oer iens binne dat de van Sminealeane (Wommels) en van Eysingaleane (Easterein) bûtenút net oanpast wurdt sa'hjir berocht is.
De wyn noardwest, 27,8 meter per sekonde, 16 graden, droech ..... ..dus fytswaar.
Bij de Boalserterfeart lâns, Littens, Baard en Leons rjochts, Húns lofts lizze litte en útkomme op Hoptille.
Fia Rewert en Hatsum rjochting it pontsje bij Keimptille. Net oerstekke (dat dogge wij oare kear wer) mar it wûndere paad fan Tsjeppenbûr nei Wjelsryp op.
Bijsûnder omdat in sa'n 30 sentimter breed is, it in spoarwei krúst mei in bijsûndere befeiliging.
Doe't ús bern lyts wiene hawwe wij dit boekje hast stikken lêzen. Ienfâldige teksten en moaie printsjes.
It boekje wie fan de âldste dochter Hildau en dy hat it mei krigen doe't se de doar útgie.
Doe't wij dizze winter yn de Afûk winkel wiene, fregen wij at se dit boekje ek noch hiene. No't ús earste pake en beppesizzer der is, komt dat ferlangen werom om út dat boekje foar te lêzen.
It boekje is net mear yn de hannel,
Dochter Hildau hie it wol opsocht fan souder en sa siet ik lêsten mei har dochter Jelske foar it lêzen út it abee fan Baukje.
Der bleau likernôch in leech gefoel oer.
It gemis fan it boekje.
Om it sels wer te hawwen yn eigen hûs.
Ik bin de Wommelser tankber dy't it fuortjûn hat oan de tsjerkekommisje foar de boekenmerke okkerdeis.
Ik bin de grutske eigner wurden.
Machtich!
Ik jou it ek nea wer fuort.
Net dat it lekker fytswaar wie snein, likernôch ik moast wol efkes myn (kilo)meterkes meitsje. De earste kilometers binne de slimste. 9.8 graden, in hurde wyn en driigjende loften. Wêrom doch ik dit?
Ik tink dat it mij wille jout om bûten te wêzen, de natoer te rûken en de kij en hynders yn it lân te sjen.
Relekst fyts ik earst tsjin de wyn yn en sykje it goeie ritme.
Nei in kilometer as trije komt de earste oanfal. Fan in skries. Aljend en roppend flucht hij flak oer myn kop hinne en ik mei bliid wêze dat ik sa plat bij de grûn fyts. Hij bliuwt mij sa'n hûnderd meter folgen.
Om no te sizzen dat it eangstswit mij nei de holle stiigt is wat tefolle sein, mar ik begjin suver wat hurder te fytsen.
Bij Wjelsryp sjoch ik him al oankommen en meitsje mij wer op foar in oanfal. It fenyn is der net echt sadat ik mei in gerêst hert myn reis ferfolge kin.
Bij Hitsum wurdt it al oars. As in gek skeart al wer in skries mij oer de kop. En hij wit net fan ophâlden. Ik stopje om te sjen wat er dan docht en wierlik hij bliuwt in meter as fiif boppe myn kop lûd kwetterjen. Snavel wiid iepen en loerjend nei dy man op de lisfyts.
Ik haw alle tiid om foto's te meitsjen want hij fielt it ncoh net as feilich. Pas at ik wer fierder gean hear ik it lûd hieltyd mear fuortstjerren.
Noch in strânljip bij Swarte Beien dy't it gedrach imiteart en gjin echte yndruk makket en sa kom ik wer feilich thús.
Moaie fûgels dy skriezen, sa opkomme foar it eigen nêst of de eigen jongen en se hawwe mij sels net iens op de kop skiten.
Ik krij hieltyd mear it gefoel dat de jonge nij-oarlochse generaasje it meast direkt de dupe wurdt moat fan alle maatregelen dy't no nommen wurde yn it ramt fan besunigings.
Alle wielde dy't der wie giet fuort.
Ik seach se om mij hinne yn it ûnderwiis: soms noch mar 55 jier en se mochte "doppe" (plak meitsje foar in jongere). Oaren krekt 59 jier mochten Vutte. Dy't gjin nocht mear hie oan de mûlripe bern, melde him siik en kaam yn de WAO en wist dy yn de âlde regeling steande te hâlden oant 65 jier.
En al dy frije tiid dy't doe op harren paad kaam, brûkten se om foar heal jild of mei grutte koartings mei trein en bus te reizgjen, nei musea en teater te gean en tal fan oar fermaak.
Ik wurdt dit jier 59.
Sa'n 20 jier lyn libbe ik yn de ferûnderstelling dat it ABP dan in Vut útkearing foar mij klear lizzen hie. Dat ik foar al myn útsjes gebrûk meitsje koe fan myn 55- plus pas. Dat dy see fan frije tiid mij ta kaam en dat it goed foar mij wêze soe.
Neat fan dat alles: de krisis slacht ta en it is dien mei fan alles: de âlde lullen dagen binne yn opspraak en sille wol ôfskaft wurde, trochwurkje oant 66 jier en 3 moannen is myn noarm wurden en yn myn beurs hoech ik gjin rekken mear tehâlden mei in 55 plus kaart.
Untefreden? Nee hear, ik haw in leuke baan......
Kleie en grine? Nee hear, ik stel it gewoan fêst.......
Wat in frjemde jûn yn Ljouwert. Tongersdei 23 maaie 2013. Aris stiet yn de finale fan it Nederlânske kampioenskip basketbal. Unyk omdat de klup in akkomodaasje hat dy't net besjen lije kin (yn fergeliking mei oare klups) , in budsjet wat fier ûnder it gemiddelde leit en omdat se mei 0-3 efter steane yn de beste fan de 7 en der altyd noch hope is bij in folle sporthal op Kealledykje.
Leiden is tsjinstanner, hat moai wat supporters meinaam en sij wolle graach dien wurk meitsje jûn. It is in mindere pot basketbal en dat is spitich, mar spannend is betiden wol. Aris ferliest is dat is net sa slim. Folle slimmer is dat it no wierskynlik dien is mei top basketbal yn Ljouwert. Gjin sponser mear, gjin jild, dus gjin betrlle Amearikanen mear.
Leiden is krekt wat effektiver as Aris yn dizze 4de wedstriid en rekket net yn panyk at se wat punten efter komme. Uteinlik winne se mei in punt as 6 ferskil.
De kampioen is Leiden en sij binne hjir mei in tradysje dwaande: it net fan de basket knippe se los en nimme se mei as in moai oantinken
De kup mei de grutte earen stiet te wachtsjen, net op Aris mar op Leiden. Hij wurdt gelyk útrikt oan de Leidenaren en de grutte mannichte oan supporters wiene der mar wakker bliid mei.
Wij waarden juster allegear útdost mei in teasjurt, beskikber steld troch de sponsers dy't der no noch binne. Moaie grutte maten en in moaie kleur.
Ik hoop yn alle gefallen dat Aris bestean bliuwt want it is in sfearfol barren dat basketbal en boppedat ik kin de rigels no krekt in bytsje en soe dat graach takem jier wer in pear toetse wolle .
Wij hawwe freed wer efkes oppast op ús pake- en beppe sizzer Jelske. It is in aardichheid. 16 moannen âld en at se binnestapt rint se nei de kast foar har boartersguod, rint sij de keukenyn , wiist se nei de koekjetrommel, pakt se op de tafel har lêsboekje, plukt se sels gers foar de kafias en wit se krekt hoe't se de katten noch wat jaan moat. It is in genot om te sjen, hoe skerp sokke jonge bern binne en hoefolle je se leare kinne.
Ek al is der neat te fieren, in feest kin it altiten wurde. Sa wie it sneontejûn ûnder de reek fan Trijehuzen, dat ûnder de reek fan Hidaard leit en dat leit wer ûnder de reek fan Easterein.
Foar freed in lân fol swartbûnte kij en no in tinte. In feesttinte wol te ferstean, mei alles wat der bij heard, lykas in tintsje foar de jassen, in "fretterstinte" , wat húskes foar de froulju en foar de mannen in orisjinele
Yn de tinte fansels in bar op in gaadlik plak en op it poadium de muzyk. It wie al sfearfol bij it optreden fan NNB. om goed healwei alven. Sij dogge de hurde rock mei Ierske ynfloeden. en de banjo en fluit binne dêr foaral it bewiis fan. Fryske en foaral nasjonalistyske teksten fan "Fryslân boppe" en "de oaren yn de groppe" dogge it prima op sa'n jûn.
Mei grut entúsjasme setten se in leuke set del en de ynteraksjes nei it publyk wiene sfearferheegjend. Sa mocht in bok op syn bokkejûn efkes letterlik en figuerlik foar lul stean op it poadium en mochten alle jonges mei skotse rokjes ek meidwaan.
Dy skotse rokken kamen werom bij it optreden fan Scrum dat om healwei tolven begong. Powerfolk neame se it sels en dat betsjut dat der foaral flink treaun, botst en beukt wurde kin. Dat kinne je ek dûsnjen neame at je de wurd net al te letterlik nimme. De tinte wie fol mar der wie romte foar de powerfolkers, want dy moatte harren enersjy kwyt. De muzyk fan Srum lient him dêr ek foar.
Mei sa no en dan wat rêstige ballads (tiid om bier te heljen, op adem te kommen en de skea op te nimmen) en dêrnei wer de Do or Die of Amazing Grace fan myn favoryt Dropkick Murphys mei de lillepykjebonge op folle krêft. Ik fielde betiden wer as yn jannewaris yn Dublin bij in optreden fan dy selde Dropkick Murphys.
Hast twa oeren gie it sa troch en it meisjong gehalte fleach omheech doe't de Wylde Rover foarbij kaam. In moaie jûn dus dêr ûnder de reek fan Trijehuzen.
Dat soks dêr plakfynt dat is foaral te tankjen oan Petra Yntema. Sij hat in pompeblêdhert en wit har eigen omjouwing sa entûsjast te meitsjen foar de muzyk en foaral dizze muzyk dat de hiele famylje en alle freonen graach mei wurkje oan dizze (Skotse) rok en rocknacht. Heit bij de yngong, mem efter de kassa, broerke bij de jassen, in sus efter de bar, noch in sus efter de bar en freonen en oare famylje der bij.
En Petra? Dy geniet fan al dy minsken bij heit op it lân mar foaral fan de muzyk fan NNB en Scrum.
Yn de jierren '80 kaam ik yn it bestjoer fan it Dielshûs yn Wommels. It wiene drege jierren foar it doarpshûs en wij moasten as bestjoer fan alles betinke om omset te heljen, lykas popkonserten. Ik wie in skoft ponghâlder en letter skriuwer.
Tinus fan der Velde wie ús foarsitter. Dat wie in goeie foarsitter en geweldige man.
Wij hiene hast alle dagen kontakt oer ûntwikkelingen, tsjinfallers, eveneminten en oare bestjoerlike saken. Der wie altyd efkes oerlis tusken ús.
Wij hiene in goeie bân meielkoar en stimulearden elkoar.
Der ûntstie in freonskip tusken ús en sa kamen wij mear as bestjoerlik bij elkoar oer de flier.
Nei de Dielshûs perioade kamen wij beide (seker net tafallich) yn it bestjoer fan doarpsbelang Wommels. Wij wisten wat wij oanelkoar hiene en it wie foar mij dan ek net dreech om nei in petearke mei Tinus him yn dat bestjoer "te krijen".
Ek yn dat bestjoer wiene wij as foarsitter en skriuwer in soad op elkoar oanwezen.
Regelmjittich gyngen Jellie en ik te jûnpraten bij Tinus en Ine. Of se kamen bij ús want wij hiene wat jongere bern. Moaie petearen wiene dat.
Se gyngen koart oer de gewoane dingen fan it libben en lang it libben sels. Oer de bern, oer de opfieding, oer de relaasje mei famylje en âlden oer de tsjerke.
It wie dan foaral Ine dy't har gefoel sprekke liet. In dúdlike miening mar nea feroardieljend. Wol sizze wat se der fan fûn.
De lêste jierren wie it jûnspraten wat minder. Dat rint dan sa. Ina seach ik ek folle minder as Tinus. Ina wie dan ek wat minder bij de bakker om bôle en wat minder bij Jumbo om griente en wat minder op it keatsfjild. Mar altyd einige mei de "de groeten oan Ina". Want Ina wie mear thús. Sa as harren bern hjoed ek seine: ús mem wie der altiten!
Mar Ine is der net mear.
Hjoed hat de famylje en kunde ôfskie nommen fan har. Nei in koart siikbêd stie op de roukaart. Te koart om noch fan elkenien ôfskie te nimmen. Mar lang genôch om wol fan de eigen húshâlding ôfskie te nimmen. In dei foar it ferstjerren koene Tinus en Ina harren libbensboek wat se makke ha noch oerlangje oan de bernsbern.
Hjoed wie it ôfskie fan Ine.
In tsjinst yn it Dielshûs dy't yndruk makke.
Mei muzyk fan Bach oant Pearl Jam. Muzyk wêr't Ine wat mei hie. Wêr't harren bern ek wat mei hawwe.
In prachtich ôfskie fan in yntegere frou. In ôfskie mei safolle gefoel fanút de hiele húshâlding dat hie Ine apegrutsk makke.
Wij harken nei stikken út de Matthaus Passion, nei Fields of Gold fan Eva Cassidy , nei Elton John mei the Circle of Life, nei Christina Aquilera mei Hurt, nei Simon en Garfunkel mei Bridge over troubled Water en nei it hertferskuorjende " the End " fan Pearl Jam. At ik it no wer hear, krij ik wer triennen yn de eagen..... en tink oan Tinus dy't syn leave frou mist, oan de bern dy't harren soarchsume mem misse en oan de bernsnern dy't net mear wat fertelle kinne oan harren meilibjende beppe.
Earne op de dyk fan Easterein nei de Kliuw stie ferline wike in boerd yn it lân mei de heuglike meidieling dat op 18 maaie Scrum dêr spilet. Scrum? Scrum? Ja seker Scrum. De band mei de Powerfolk sa't se sels neame.
Sij spylje eigen nûmers, mar foaral ek nûmers fan Dropkick Murphys, Flogging Molly en the Dubliners.
In stevich mar foaral ek fleurich stikje muzyk wit ik út eigen erfaring. Ierske woartelmuzyk.
Doe't ik fannemoarn rjochting Easterein fytste seach it wiet tintedoek yn de fierte al de horizon op fleurjen tusken al dat griene gers. Tichtbij seach ik de jongerein dy't drok dwaande wiene om it stik lân "Scrumproof" te meitsjen. De waarden platen dellein, de kij mochten in hoekje fierderop gers frette, in yntreetintsje waard pleatst en de boerden mei P (fan Parkearen of fan Petra) leine al klear. Grutte kâns dat der moarntejûn ek in trekker klear stiet at it al te wiet is foar de auto's om fuort te kommen. Moai dat ik der op de fyts hinne kin. Wat in moaie smûke tinte, hiel wat oars as dy manmachtich grutte dingen yn Hylaard en Gau en Boazum. At dizze fol is en dat sil seker barre, dan wurdt it ien grut feest.
Oh ja. NNB spilet yn it foarprogramma en dy haw ik al ris op Aaipop sjoen en foldienen mij skoan.
At de bern op in bepaalde leeftyd binne dan is in bekende fraach faak: "Binne se de doar al út?"
In antwurd op dy fraach is gewoan ja of nee, mar it is mear as dat antwurd allinne.
Dat bern útfleane nei harren eigen hûs of keamer en in eigen húshâlding opsette is in goeie saak. Bern binne der faak ek oan ta, wurdt der dan sein. Alders binne der ek oan ta, ek dat sil somtiden spylje.
Wij hiene noch ien dochter yn de hús. Sij hie alris earder âldeljier de doar útwest troch wurk yn Ingelân, mar de lêste 4 jier wenne se wer thús. Anne-Marije is de doar no ek út. In relaasje, in hûs en dan giet it sa. Us lêste en it wie treffend sa't sij it op de lêste dei thús sei: No is it in pake en beppe hús.
Sa begjinne tegearre yn in húske yn Hichtum yn 1978 en sa stiet it der dus foar nei 35 jier yn Wommels. Trije bern de doar út en gelokkich ek al in bernsbern.
Sa giet it yn it libben en it skynt in goeie saak te wêzen..........
Ik kin mij net echt herinnerje dat ik ek op Himmelfeartsdei nei tsjerke moast. It is in healsnein, sa't it sa moai neamd wurdt en ik haw it fermoeden dat dy bij de famylje Hofstra net echt meitelden omsjen te litten dat je "bij de tsjerke hearden".
Himmelfeartsdei wie tradisjoniel ek it begjin fan it keatsseizoen yn Wommels: de earste ledenpartij.
Ik bin der dus wol wis fan dat ik faker op de list bij it keatsen stien ha as yn de tsjerkebank sitten ha op dizze healsnein.
Ik haw de keatswant letter net yn de wylgen hongen mar bin gewoan opholden. Sa't je it mei wol mear dingen hawwe, earst sit je der fol fan en dan nimt dat ôf. Dat it keatsen sa fier sakje soe yn myn ynteresse hie ik net betinken kinnen. Troch meardere oarsaken bin ik it hielendal kwyt.
Himmelsfeartsdagen ful ik al jierren hiel oars yn: nei in fuotbal at dat der is, te fytsen, thús omhingje of it lange wykein fuort.
Himmelfearstdei 2013 komt yn it boek mei in in programma fan Aris, want op útnoeging fan @SuperTeade (de Groot) haw ik nei de wedstryd Aris - Den Bosch west. Bij winst soe Aris troch gean nei de finale.
It waard in prachtige sneintemiddei. Mei de wyn yn de rêch op it lisfytske der hinne (25 km), yn in prachtige sfear de wedstryd folge, dy't ek noch wûn waard en mei in hurde wyn tsjin werom nei Wommels.
Op de side fan Aris stiet in prachtich ferslach en dêr kin ik allinne mar oan taheakje dat it moaie erfaring wie mei it deskundige "kommentaar" fan myn beide buormannen en dat ik genoaten ha fan de emoasje yn en bûten it fjild mar foaral it respekt foarelkoar.
No noch in "de beste fan 7" tsjin Leiden en at it wat útkomt bin ik wer in wedstriid bij.
Hoe sjocht de takomst derút? Wat kinne wij noch allegear ferwachtsje oan ûntwikkelingen?
Ik soe it net witte. Fêst stiet dat it nea ophâlde sil.
Alle dagen falle je fan de iene yn de oare ferbazing wat der no wer betocht is.
Safolle dingen dy't ús it libben sa maklik meitsje moatte.
Of oangenaam.
Of loai.
Nim no dy robot dy't foar ús túchslobje kin wylst wij mei de fuotten op de bank dat ding alle romte jouwe.
Nim no de automatyske gersmeaner. Alle dagen sjoch ik tusken Turns en Ysbrechtum sa'n ding oan de slach op in kampke lân fan 80 bij 80. Altyd koart gers en it ding meldt him bij it oplaadpunt at er hast leech is.
No sjoch ik yn Trouw in foto stean fan de robot dy't in aaike bakt en dêrnei de ôfwaskmasjine ek noch wol leech helje wol en myn bôletrompke klearmeitsje wol op dagen dat ik wurkje.
"Unkrûd fergiet net, is in sechje wat net fier neist de wierheid sit. Al hoe droech it ek is, al hoe let de bloei ek op gong kommen is, it ûnkrûd lit him al wer aardich sjen. At je net sa fan dy saaie stiennen en terassen hâlde dan fleuret it grien tusken de stiennen de boel aardich op.
It ûnkrûd steurt mij net echt mar sa no en dan helje it der dochs mar wei, want meane op in terras is net goed foar de meanmasjine. Ik haw de ôfrûne 20 jier al moai wat tips krigen en artikels lêzen oer hoe't je it mei grut gemak en it foar ivich ferdwine litte kinne. Rotsoai haw ik der op smiten, jittik heechoanprezen anti-ûnkrûdmiddels mar ik haw foaral de bealch brûke moatten. Earst op knibbels mei in orisjinele ûnkrûdfuortheller en dêrnei mei in hurde boarstel en in stok op steanhichte.
Us terrassen (ja,ja wij hawwe der twa) en ús oprit is op himsels noch wol te oersjen. It wurdt oars at je gemeente binne. Dy hawwe hiel wat stoepen te ûnderhâlden en ûnkrûd frij te meitsjen. Ek bij ús gemeente hat der in diskusje west oer hoe't sij it op doelmjittige wize de rommel te liif gean moatte.
De ôfrûne hjerst hat der in yngeand ûndersyk west, der binne proeven dien en de oplossing is fûn. De rie hat it beslút nommen om koaitsjend hyt wetter yn te setten. Gewoan koaitsjend hyt.
Dat like mij ek in goed idee. Mar om dêr no amers fol wetter foar te koaitsjen like mij no ek wer net goed foar it miljeu en de beurs.
Dus griem ik no alle wiken om mei oerbliuwend hyt wetter.
Koaitsje ik twa aaien, dan haw ik in moai pantsje wetter wat ik brûke kin om in heale fjouwer kante meter terras wiet te meitsjen. Haw ik tefolle wetter setten foar de tee, gjin probleem mear, it krijt gjin kân om ôf te kuoljen want ik strûs der gelyk mei nei it terras en sykje noch in hoekje op wat moat.
En earlik is earlik it wurket. It griene ferdwynt en der bliuwt in toar stikje ûnkrûd oer, wêr't alle kleur út is. En nnoch wichtiger wat net fierder groeit. De kommende tiid mar in ekstra aaike en wat minder kofje en mear tee.
De ôfrûne moannen hawwe der tal fan fytsfrijwilligers dwaande west om de fytsknipepunten yn byld te bringen. Der is in grut ferskaat oan foto's op it sintrale punt kommen. It doel is om letter dit hiele pakket oan foto's oan de provinsje oan te bieden, yn de hoop dat der saken oanpakt wurde sille. It binnenpaad tusken Reahûs en Turns levere ek in oantal foto's op. Dêr lizze twa brêchjes en de oansluting mei it paad jout wol gauris tûkelteammen. Der ûntstiet in râne en dan is it altyd efkes oppassen. Mei myn lisfyts en te folle gong moat ik der omtinke dat ik der dan net ôfstuiterje.
Ien fan de frijwilligers hie dizze route yn syn pakket en hij hat dan ek foto's makke om dit te illustrearen.
Beide brêchjes lizze yn de gemeente Súdwest Fryslân en foarhinne yn de gemeente Wymbritseradiel. Ik fyts dêr no sa'n 14 jier meardere kearen yn de wike lâns en alle kearen at ik tink se soene der hast wol wer wat oan dwaan kinne, barde dat ek..... Neat oars as lof foar dy gemeenten dat se op tiid de boel wer efkes gelyk makken. Ik wie dan ek net hielendal ferbaasd dat de boel hjoed wer repareerd wie. Dat sjit op. Dy foto's kinne der dus út.
Flakbij Wommels leit in tunnel. Dy soarget der foar dat wij as fytsers en rinners de dyk Boalsert - Ljouwert feilich krúse kinne. In útkomst sa'n tunnel. Dat soene je sizze. Mar it is dêr foaral in saak fan goed útsjen. Utsjen nei glês. Myn erfaring hat al leard dat in foarnommen fytstocht al hiel gau dien wêze kin. Nei ien kilometer sa ûngefear. Dat is de ôfstân fan myn hús nei de tunnel. Sneintemoarn is it foaral útsjen. Wêr binne de fleskes no wer stikken slein? Lofts tsjin de muorre, rjochts tsjin de muorre of gewoan midden op it paad. Wêr leit no wer in meijatten stikken bierglês? Ea haw ik der ris wat oer skreaun op Wommels.nl en doe lei ik (dom,dom, dom) in ferbân mei in muzykjûntsje foar de puberjeugd. Dat die ik ek doe't der allegear lampen oan it fytspaad tusken Wommels en Easterein in kopke lytser makke wiene. Dat er op dy jûn ek wat te rêden wie yn in jeugdsoos yn Wommels of Easterein stie der hielendal bûten, neffens myn kritisi.
Dêrom doar ik hast net mear in gokje te dwaan wa't sneontenachts of sneintemoarns betiid de tunnel fersmoarget mei glês.
Oké, ien gokje noch: de lju dy't nei tsjerke geane....dy sille it wol dien ha. Wêrom? ik haw gjin idee. It wie ek mar in gokje.
Ik wit net wa't it ûnderhâld fan dizze tunnel docht, mar in pear kear mei in flinke glêssûger der trochhinne soe net ferkeard wêze.
Sneontejûn nei de dokumentêre sjoen fan Rock to War op Ned 3. Muzyk oer de oarloch binne faak protestlieten oer de ûnsin fan de oarloch. De reportaazje gie dan ek foar in grut part oer Amearika. Dêr sjogge se net op in oarloch mear of minder.
Ik haw neat mei in of de oarloch. Ik kear mij dêr fan ôf. Oarlochsboeken, oarlochsfilmen binne net oan mij bestege. Ik healflagje net op 4 maaie en flagje ek net op 5 maaie.
Ik bin fan it protest.
Haw hjoed net nei it Befrijingsfestival west. Muzikaal stie der mij te min op it programma. En it Liet barren is mij ferline jier net goed befallen mei in poadium fiersten te fier fuort.
De betsjutting fan it festival waard mij dúdlik yn it sjoernaal doe't it wurd frijheid útlein waard: Frijheid om sels út te sykjen mei hoefolle bleat je rinne wolle en frijheid om sels te bepalen at je in fegetarysk broadsje ite of in pûde patat mei in klodder majonêze. Tsja dy frijheid haw ik lokkich al hiel lang. Sa lang ik it hûs al út bin en ek al wat jierren earder.
Frijheid is moai mar it is hiel wat oars as frede.
Ik haw it poezy album fan myn mem der noch mar efkes bijpakt en fûn it boppesteande gedichtje. Dat wie noch foar de oarloch.
Foaral de earste sin is sa moai: Fjochtsje foar frede......
Op Joetjoep fûn ik de prachtige útfiering fan Blowin in the wind fan Bob Dylan mei de Freedomsingers, dy't se sjen lieten yn Rock to War. In opname út 1963. Einepikefel......
Werom fan in midwike op in kamping op de râne fan de Veluwe. Thús dus en it earste wat ik fannemoarn betiid hearde wiene de sjongende en roppende fûgels fan Skrok wêr't ik sa'n 500 meter ôfmeter ôfwenje. Prachtich lûd....
Fûgels ik haw se neat heard op kamping Arnhem tichtbij Schaarsbergen. Wat ik wol hearde wie it geraas. It freeslike geraas fan lânsfleanende auto op de A50. De hiele dei en nacht. 24 oeren lang. Dat monotone lûd fan auto's.
Gelokkich wie it moai waar en koene wij der op út. De doar fan it sjalet koe ticht en dan wie it lûd wat minder. Dan koene wij it lûd oansette fan de tv en harkje nei de bylden. Je koene se ek besjen mar dan moasten je op in heale meter fan it byld sitten gean. Dan noch wie it ûnmooglik om te sjen hoefolle minuten de wedstriid Real-Borussia oan de gong wie en wat de stân wie.
In grut gemis foar mij wie it ûntbrekken fan wifi. Wêr fine je dat noch? Allinne yn de horeka op it park wie wifi, mar om dêr no de hiele dei te sitten.
12 euro wie de priis dy't ik yn earsten betelje moast oan VakantieVeiling.nl. Op himsels al in aardich spultsje om wat goedkeaps te besetten.
Der komme noch wol allegear ûndúdlike opslaggen bij , lykas:
bijdrage milieutoeslag per persoan per nacht (3.35 pp )
diverse heffingen per persoan per nacht (0.55 pp )
logiesschadefonds per nacht (1,85)
servicekosten (58,00)
bedlinnen ( 19,00)
mar mei in priis fan totaal 114 euro wie it noch net djoer.
Dochs in moaie wike. Want mei de omjouwing is neat mis. In slach oer de Veluwe, in tocht nei de Linge, in rûntsje Arnhem en in dei nei de Waal.