Tinus fan der Velde wie ús foarsitter. Dat wie in goeie foarsitter en geweldige man.
Wij hiene hast alle dagen kontakt oer ûntwikkelingen, tsjinfallers, eveneminten en oare bestjoerlike saken. Der wie altyd efkes oerlis tusken ús.
Wij hiene in goeie bân meielkoar en stimulearden elkoar.
Der ûntstie in freonskip tusken ús en sa kamen wij mear as bestjoerlik bij elkoar oer de flier.
Nei de Dielshûs perioade kamen wij beide (seker net tafallich) yn it bestjoer fan doarpsbelang Wommels. Wij wisten wat wij oanelkoar hiene en it wie foar mij dan ek net dreech om nei in petearke mei Tinus him yn dat bestjoer "te krijen".
Ek yn dat bestjoer wiene wij as foarsitter en skriuwer in soad op elkoar oanwezen.
Regelmjittich gyngen Jellie en ik te jûnpraten bij Tinus en Ine. Of se kamen bij ús want wij hiene wat jongere bern. Moaie petearen wiene dat.
Se gyngen koart oer de gewoane dingen fan it libben en lang it libben sels. Oer de bern, oer de opfieding, oer de relaasje mei famylje en âlden oer de tsjerke.
It wie dan foaral Ine dy't har gefoel sprekke liet. In dúdlike miening mar nea feroardieljend. Wol sizze wat se der fan fûn.
De lêste jierren wie it jûnspraten wat minder. Dat rint dan sa. Ina seach ik ek folle minder as Tinus. Ina wie dan ek wat minder bij de bakker om bôle en wat minder bij Jumbo om griente en wat minder op it keatsfjild. Mar altyd einige mei de "de groeten oan Ina". Want Ina wie mear thús. Sa as harren bern hjoed ek seine: ús mem wie der altiten!
Mar Ine is der net mear.
Hjoed hat de famylje en kunde ôfskie nommen fan har. Nei in koart siikbêd stie op de roukaart. Te koart om noch fan elkenien ôfskie te nimmen. Mar lang genôch om wol fan de eigen húshâlding ôfskie te nimmen. In dei foar it ferstjerren koene Tinus en Ina harren libbensboek wat se makke ha noch oerlangje oan de bernsbern.
Hjoed wie it ôfskie fan Ine.
In tsjinst yn it Dielshûs dy't yndruk makke.
Mei muzyk fan Bach oant Pearl Jam. Muzyk wêr't Ine wat mei hie. Wêr't harren bern ek wat mei hawwe.
In prachtich ôfskie fan in yntegere frou. In ôfskie mei safolle gefoel fanút de hiele húshâlding dat hie Ine apegrutsk makke.
Wij harken nei stikken út de Matthaus Passion, nei Fields of Gold fan Eva Cassidy , nei Elton John mei the Circle of Life, nei Christina Aquilera mei Hurt, nei Simon en Garfunkel mei Bridge over troubled Water en nei it hertferskuorjende " the End " fan Pearl Jam.
At ik it no wer hear, krij ik wer triennen yn de eagen..... en tink oan Tinus dy't syn leave frou mist, oan de bern dy't harren soarchsume mem misse en oan de bernsnern dy't net mear wat fertelle kinne oan harren meilibjende beppe.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten