maandag 6 mei 2013

Tunnel bij Wommels

Flakbij Wommels leit in tunnel. Dy soarget der foar dat wij as fytsers en rinners de dyk Boalsert - Ljouwert feilich krúse kinne. In útkomst sa'n tunnel. Dat soene je sizze. Mar it is dêr foaral in saak fan goed útsjen. Utsjen nei glês. Myn erfaring hat al leard dat in foarnommen fytstocht al hiel gau dien wêze kin. Nei ien kilometer sa ûngefear. Dat is de ôfstân fan myn hús nei de tunnel. Sneintemoarn is it foaral útsjen. Wêr binne de fleskes no wer stikken slein? Lofts tsjin de muorre, rjochts tsjin de muorre of gewoan midden op it paad. Wêr leit no wer in meijatten stikken bierglês?
Ea haw ik der ris wat oer skreaun op Wommels.nl en doe lei ik (dom,dom, dom) in ferbân mei in muzykjûntsje foar de puberjeugd. Dat die ik ek doe't der allegear lampen oan it fytspaad tusken Wommels en Easterein in kopke lytser makke wiene. Dat er op dy jûn ek wat te rêden wie yn in jeugdsoos yn Wommels of Easterein stie der hielendal bûten, neffens myn kritisi.
Dêrom doar ik hast net mear in gokje te dwaan wa't sneontenachts of sneintemoarns betiid de tunnel fersmoarget mei glês. 
Oké, ien gokje noch: de lju dy't nei tsjerke geane....dy sille it wol dien ha. Wêrom? ik haw gjin idee. It wie ek mar in gokje.
Ik wit net wa't it ûnderhâld fan dizze tunnel docht, mar in pear kear mei in flinke glêssûger der trochhinne soe net ferkeard wêze.

Geen opmerkingen: