zondag 5 mei 2013

Frede

Sneontejûn nei de dokumentêre sjoen fan Rock to War op Ned 3.  Muzyk oer de oarloch binne faak protestlieten oer de ûnsin fan de oarloch. De reportaazje gie dan ek foar in grut part oer Amearika. Dêr sjogge se net op in oarloch mear of minder.
Ik haw neat mei in of de oarloch. Ik kear mij dêr fan ôf. Oarlochsboeken, oarlochsfilmen binne net oan mij bestege. Ik healflagje net op 4 maaie en flagje ek net op 5 maaie.
Ik bin fan it protest.
Haw hjoed net nei it Befrijingsfestival west. Muzikaal stie der mij te min op it programma. En it Liet barren is mij ferline jier net goed befallen mei in poadium fiersten te fier fuort.
De betsjutting fan it festival waard mij dúdlik yn it sjoernaal doe't it wurd frijheid útlein waard: Frijheid om sels út te sykjen mei hoefolle bleat je rinne wolle en frijheid om sels te bepalen at je in fegetarysk broadsje ite of in pûde patat mei in klodder majonêze. Tsja dy frijheid haw ik lokkich al hiel lang. Sa lang ik it hûs al út bin en ek al wat jierren earder.

Frijheid is moai mar it is hiel wat oars as frede.
Ik haw it poezy album fan myn mem der noch mar efkes bijpakt en fûn it boppesteande gedichtje. Dat wie noch foar de oarloch.
Foaral de earste sin is sa moai: Fjochtsje foar frede......
Op Joetjoep fûn ik de prachtige útfiering fan Blowin in the wind fan Bob Dylan mei de Freedomsingers, dy't se sjen lieten yn Rock to War. In opname út 1963. Einepikefel......




Geen opmerkingen: