vrijdag 24 mei 2013

Is it no dien mei Aris?

Wat in frjemde jûn yn Ljouwert. Tongersdei 23 maaie 2013. Aris stiet yn de finale fan it Nederlânske kampioenskip basketbal. Unyk omdat de klup in akkomodaasje hat dy't net besjen lije kin (yn fergeliking mei oare klups) , in budsjet wat fier ûnder it gemiddelde leit en omdat se mei 0-3 efter steane yn de beste fan de 7 en der altyd noch hope is bij in folle sporthal op Kealledykje.
Leiden is tsjinstanner, hat moai wat supporters meinaam en sij wolle graach dien wurk meitsje jûn. It is in mindere pot basketbal en dat is spitich, mar spannend is betiden wol. Aris ferliest is dat is net sa slim. Folle slimmer is dat it no wierskynlik dien is mei top basketbal yn Ljouwert. Gjin sponser mear, gjin jild, dus gjin betrlle Amearikanen mear.


Leiden is krekt wat effektiver as Aris yn dizze 4de wedstriid en rekket net yn panyk at se wat punten efter komme. Uteinlik winne se mei in punt as 6 ferskil.

De kampioen is Leiden en sij binne hjir mei in tradysje dwaande: it net fan de basket knippe se los en nimme se mei as in moai oantinken 
 
De kup mei de grutte earen stiet te wachtsjen, net op Aris mar op Leiden. Hij wurdt gelyk útrikt oan de Leidenaren en de grutte mannichte oan supporters wiene der mar wakker bliid mei.
Wij waarden juster allegear útdost mei in teasjurt, beskikber steld troch de sponsers dy't der no noch binne. Moaie grutte maten en in moaie kleur.
 
 
Ik hoop yn alle gefallen dat Aris bestean bliuwt want it is in sfearfol barren dat basketbal en boppedat ik kin de rigels no krekt in bytsje en soe dat graach takem jier wer in pear toetse wolle .
Ik soe sizze: Let's Go Aris, ek takem jier.

Geen opmerkingen: