De ôfrûne moannen hawwe der tal fan fytsfrijwilligers dwaande west om de fytsknipepunten yn byld te bringen. Der is in grut ferskaat oan foto's op it sintrale punt kommen. It doel is om letter dit hiele pakket oan foto's oan de provinsje oan te bieden, yn de hoop dat der saken oanpakt wurde sille.
It binnenpaad tusken Reahûs en Turns levere ek in oantal foto's op. Dêr lizze twa brêchjes en de oansluting mei it paad jout wol gauris tûkelteammen. Der ûntstiet in râne en dan is it altyd efkes oppassen. Mei myn lisfyts en te folle gong moat ik der omtinke dat ik der dan net ôfstuiterje.
Ien fan de frijwilligers hie dizze route yn syn pakket en hij hat dan ek foto's makke om dit te illustrearen.
Beide brêchjes lizze yn de gemeente Súdwest Fryslân en foarhinne yn de gemeente Wymbritseradiel. Ik fyts dêr no sa'n 14 jier meardere kearen yn de wike lâns en alle kearen at ik tink se soene der hast wol wer wat oan dwaan kinne, barde dat ek.....
Neat oars as lof foar dy gemeenten dat se op tiid de boel wer efkes gelyk makken.
Ik wie dan ek net hielendal ferbaasd dat de boel hjoed wer repareerd wie.
Dat sjit op. Dy foto's kinne der dus út.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten