vrijdag 19 augustus 2011

153 kilometer



Helaas wurde de tochten hieltyd langer om alle Fryske doarpen fanút Wommels te befytsen. Helaas, sis ik, want der is no hast gjin tiid om wat mear om je hinne te sjen. Myn "fierste boei" is hjoed Haulerwyk. En dat fyn ik mei de auto al in ein.
 

Moarns betiid is it rêstich bij de Tersoalster slúskes. Dêr sil ik wol efkes fan de fyts moatte

 

40 kilometer yn Nijbeets, myn earste doarp wat ik noch bijskriuwe kin. Ferbaasde famyljeleden yn Nijbeets efkes ferrasse. In bakje kofje giet der wol yn

 

Koartehimmen is sa'n plak wêr't je net komme at je der net hoege te wêzen. In prachtige klinkerdyk en dat sis ik net sa faak fan klinkerdiken.

 

Fan Beetstersweach nei Hemrik foar in diel troch it bosk. Net in minsk en net in bist te sjen.
 


 

 

 

 

Moai no, dy foet fan mij dy't op hast alle foto's te sjen is, omdat ik fanôf it stjoer fan de fyts foto's meitsje wylst ik fyts.
 

Op wei nei it pontsje bij Sitebuorren tusken Grou en de Feanhoop. En krekt dêr wurd ik ferrast troch in bui. Wachtsje hat gjin sin en nei 153 kilometer kom ik dus wiet thús.
Posted by Picasa

donderdag 18 augustus 2011

De muoite wurdich

Twa en heal doarpke stiene der noch iepen yn de gemeente Snits en fiere omkriten. En mei nocht set ik ôf om nei Nijhuzum, Idzegea en Sânfurden te fytsen. Se rinne alle trije dea en dat binne myn foarkarsdoarpkes.

 


Op it ritme fan de lange útfiering fan "All is Lonelinesse" fan Motorpsycho en dan twa kear wie ik samar yn Parregea. Wachtsje foar de brêge is dizze dei yn. Sels at ik ôfslaan nei it "deade" Nijhuzum moat ik wachtsje foar de boaten dy't rjochting Parregea geane.

 

It "deade" Nijhuzum hat seker gjin deade útstrieling. In grutte frachtwein flocht mij mei gong foarbij en bij it ynriden fan it doarpke kinne je mar kieze.......
 

Ik kies foar it Grûnspaad wat mij rjochting it pont nei de Lytse Gastmar bringe moat en yndie ynienen hâldt it paad op......
 

In lyts drukje op de bel soarget der foar dat de pontbazin de oerstek makket om mij en trije Dútsers foar 1 euro de man oerset
 

It pontsje docht syn namme ear oan: "Droech oer it wetter". Ik bin der mar wat bliid om.....

 

It heale doarp wat ik no byskriuwe wol is Idzegea. Ik hie al in kear op de brêge stien bij it nammeboerd mar woe no wolris bij de klokkestoel sjen, dy't der al moai wat langer stiet as de neistlizzende kamping

 

Sa allinne in slach oer in tsjerkhôf meitsje binne moaie mominten. En yn it bysûnder dy lytse tsjerkhôven, wêr't it te oersjen is allegear. It ferskaat oan stiennen, de nammen en somtiden de herinneringen oan in persoan, sa as hjir de tige Frysksinnige bussjauffeur Jelte Wildschut dy't hjir syn lêste rêstplak krigen hat. (Jelte rôp as bussjouffeur at wij Ljouwert binne riden bij alle bushaltes dêr : Ljouwert, jitris Ljouwert, jitris Ljouwert....)


 

In moaie iepen romte ûnder de klokkestoel mei wierskynlik de âldste grêfstiennen.

 

Op nei Sânfurden wêr't de moaiste pisbak stiet. In stiennen gefal wêr't froulju neat mei kinne mar foar mannen in útkomst is.

 

Nei in stikje bij de Aldegeaster Brekken lâns, slaan ik ôf nei Greonterp. Dêrfoar moatte je ûnder it spoar troch en fan de fyts ôf. Op oare plakken soene se in foarbyld nimme moatte oan dizze fytsgoate yn de midden fan de net te steile treppen. En sa kin ik op nei Greonterp

 

Mar net te fluch, want op dizze dearinnende betonreed mei ik mar 30...

Posted by Picasa




woensdag 17 augustus 2011

Al wer 19

Nei in reinige wike bekomme fan de 1250 fakânsje kilometers wie it moandei wer tiid om de AlleFryskeDoarpenFytsTocht 2011 (afdft) op te pakken.
Sa sette ik moarns om 8 oere ôf foar de lêste 19 doarpen boppe de line Harns-Ljouwert-Bûtenpost.
Nei it "gebealch" oer it fiadukt fan Winsum, pakte it sleauwe wyntsje mij yn de rêch op.
Hilaard wie útstoarn, bij Boksum lit bakker Sijbesma je altiten meigenietsje en Ljouwert hie neat fan in drokke stêd. As in raket fleach ik troch de stêd mei syn moaie brede en oersichtlike fytspaden. Bij Lekkum wiene it foaral hûnebesitters dy't útlitten waarden troch harren hûn. Bij in beam bij Miedum wurde je konfrontearre mei de wrede dea: Jos Vijverda syn monumint, ferline jier hjir dearekke.
Aldtsjerk wie it earste doarp op de list. Fia Broeksterwâld, Damwâld, Wâlterswâlde, Driezum en Rinsumageast koe ik de "hege" wâlden ôfslúte.
Raard, Boarnwert, de Lytse Jouwer, Furdgum, Brantgum, Waaksens, Lichtaard, Reitsum, Ginnum, Jislum, Jannum en Wânswert is in tocht fan it iene lytse nei it oare noch lytsere doarpke.
En doe werom nei Wommels, fia Hallum, Stiens, Ljouwert en de selde route as hinnereis.

maandag 15 augustus 2011

Heger nivo

De grize giet mij oer de grouwe at ik keatsbûnskoach Tsjalling van de Berg hear. In Eko-koach dy't sa't it skynt de keatsers no leare wol dat se net altiten op de boppe hoege te slaan en dat in keats lizze ek in goed ding wêze kin. Ik haw yn myn beste jierren net oars dien.
Dy bûnskoach liet ferline wike ek wer earne optekenje dat it keatsen nei in heger nivo moat. In heger nivo, wêr't ik mij neat bij foarstelle kin.
Noch fierdere boppeslaggen? Yn stee fan 20 bûtenslaggen yn in partij, mar 10, wêrtroch der noch mear boppe slein wurde kin. Of gruttere keatsen omdat "net boppeslaan" wol sa moai is.
Of moatte de keatsers noch earder en noch mear en noch hurder trêne om dat hegere nivo te krijen, wat de bûnskoach foar eagen hat.
Ik oertocht it sneintemiddei doe't ik bij de earste klas keatsers yn Easterein stie te sjen.
Moaie partijen dy earste klas partijen. Wurdt fûl keatst en op tiid wat ouwehoerd. Ek tsjin it publyk. Wierskynlik net profesjoneel en wat de bûnskoach bedoeld mei heger nivo, mar wol leuk.
24 partoeren op de list wêrby meardere selektearre partoeren mar ek in protte gelegenheidspartoeren. It ferskil sjogge je oan de sjurtsjes. Net selektearde keatse yn wite sjurtsjes, de oaren yn kleurde. Net selektearden hawwe allegear harren eigen swarte koarte broek (op Jan Hospes nei, dy keatst yn trijekoart en sjocht er op it keatsfjild neffens mij krekt sa út at er sjongt), de selektearre keatsers yn seleksjebroekjes.
"Der bliuwe te folle witen oer", seit in kenner tsjin mij. "Dat is net in goed teken".
En doe't ik om goed 17.00 oere fuortgie, wiene der noch 2 wite partoeren en 1 kleurd partoer oer.
Efterôf die bliken dat der 6 net selektearre spilers yn de finale stiene, wêrfan ien in feestkeatser is.
It wie om 19.30 oere dien haw ik begrepen. Wa't fanôf 11.00 oere oanwêzich wie en it allegear útsjoen hat, sûnder Ajax-scHearrenfean sjoen te hawwen yn de SDS kantine, kin fan mij in oarkonde krije mei dêr op de tekst: 1ste klas leafhawwer fan in noflike keatsdei. Mei as ûndertekst: "sjocht net op in oerke"


zaterdag 13 augustus 2011

Jimmy nei Australie

Jimmy Linders is de ienige Limburger dy't in oantal kearen mei dien hat oan de liftwedstryd fanút Wommels. Mei Sytse Hibma wie hij in fanatyk keppel. Foaral yn it trochjaan fan nijsgjirrige berjochten. Jimmy hâldt fan aventoer en sûnt in goeie wike is hij op paad om nei Australië te reizgjen. Net mei it fleantúch mar mei auto's, bussen, treinen en boaten.
En sa't wy Jimmy kinne wol hij ús mei fiele litte wat hij meimakket op syn reis troch syn webside "Jimmy's walk about".
Ik tink de muoite wurdich om him te folgen. Sjoch hjir.
Syn earste stop is yn de buert fan Boedapest en dêr is in 7 festival fan 7 dagen mei ûnder oaren Flogging Molly. En dat pikte hij moai efkes mei.




donderdag 11 augustus 2011

It moaiste Freule momint

Dêr stean je dan tidens de finale. Krekt ferlern. Fiif earsten gelyk derôf. Oars hie hij dêr yn de keatsarena stien. As de keatsheld dy't it goud winne kin.
Hoe stiet hij dêr no freegje ik mij ôf. Soe hij lilk wêze, op himsels of op syn maten? Soe hij fertrietlik wêze en tsjin syn emoasjes fjochtsje om foar te kommen dat syn eagen wiet wurde fan triennen? Of is der al akseptaasje en berêsting.
Hij stiet dêr mar wat. Efteroan tusken banken en tribune. Mei syn freondinne sa te sjen. Hij sjocht wol mar sjocht er it echt? It begruttet mij foar him. Sa'n moaie keatser. In stylkeatser, krekt as syn heit. Ik kin myn eagen net fan him ôfhâlde dat earste earst fan de finale.
En dan komt myn moaiste Freule momint. Ik sjoch syn mem bij mij lâns rinnen. Hastige stappen. Underweis nei harren soan. Se knuffelt him efkes en hâldt him fêst. At der immen is dy't wit hoe't hij fielt, dan is sij it wol. En sij wol him stypje troch net folle te sizzen mar der wol te wêzen. Ticht bij him. In pear earsten steane se dêr. Ticht bij elkoar. Mem en soan.
Ik bin bliid dat se nei in minút as tsien in oar plak sykje. Want oars hie ik neat fan dy finale sjoen. Gelokkich ek dat ik net efkes temûk in foto makke. In foto haw ik net nedich om dat byld hierskerp foar eagen te krijen. Ek hjoed noch.



dinsdag 9 augustus 2011

Lowlands

Oer in dei as tsien is Lowlands. Trije dagen muzyk en oar fermaak. Ik gean net nei Lowlands. Ik haw gjin kaart en it liket mij allegear ek wol wat te folle fan it goede. En yn de rige stean foar it húske en foar in fette hap liket mij al hielendal net goed ta. Boppedat haw ik noch net de leeftyd dat ik foardringe mei.
Op de fraach fan immen dy't der wol hinne giet, at ik noch tips haw, bin ik op dizze reinige dei it hiele programma troch west. Op grûn fan de teksten dy't op de iets bettere webside as ferline jier steane, haw ik myn kar makke.
En sa kin ik op You tube myn set list klear meitsje sadat ik dat wykein dochs noch wat fan de muzyk meikrij en letter wit wêr't se it oer ha. Myn haadprogramma fan Lowlands sjocht der sa út.



















En at ik tiid oer ha sjoch ik seker ek noch bij:

Offspring omdat it goed klinkt
Mona better is as in toetje
Lemmy muzyk makket dy't mij oanstiet
Vaccines omdat dat ek goed klinkt
Stanley and the Menzo's at it mij swart foar de eagen wurdt
Beady Eye at ik yn Beatle stimming komme wol
Fleet Foxes at ik ferlang nei the Everly Brothers
Inspector Cluzo at ik wat kwyt bin
Kakmaddafakka omdat dat de moaiste namme is en it froulju binne
Christal Fighters omdat Plage sa'n prachtich nûmer is om te lipdubben
Timber Timbre at ik efks relekse wol
de Wolf at ik honger ha nei....
Elbow at ik yn in mankelike stimming bin
Dick Swaab at ik witte wol wat in kater docht mei myn harsens
Jort Kelder at ik pinne moat

maandag 8 augustus 2011

Lipdub

"Een lipdub is een videofilm die lipsynchronisatie en audio dubbing combineert.", sa stiet it yn Wikipedia. Ek stiet dêr te lêzen dat it sûnt 2006 sa dien wurdt en dat it oeral yn de wrâld populêr oan it wurden is .
En sa seagen se it op de Súdwester yn Snits, wêr't ik wurkje, ek wol sitten om ien te meitsjen. En dat it tige slagge is is te sjen yn it filmke wat makke is troch Jaring Rispens fan Stjoerder.
Hij skreau op syn Twitter doe't der klear wie mei filmjen: "Machtich".
In hearlik nûmer mei allegear fleurige bern dy't perfekt yn harren rol krûpe.

zaterdag 6 augustus 2011

Gitaren

"Het uur van de wolf" hat betiden prachtige dokumintêres oer muzikanten. Sa as koartlyn oer Jimmy Page, The Edge en Jack White. Moai om te sjen en te hearen wat de gitaar foar harren betsjut, wêr en hoe't it allegear begûn is. Hearlik om te sjen hoe grut harren leafde foar muzyk is. En dat it net gewoan in pear gitaristen binnen dy't harren ding dogge.
Trije befleine muzikanten dy't der mei foar soarge hawwe dat der muzyk is dy't mij oanstiet.


The Edge fan U2, Jimmy Page fan Led Zeppelin en Jack White fan The White Stripes






woensdag 3 augustus 2011

Bargemot


Wij hawwe bargemotten. Twa stiks. Oerbliuwsels út de tiid dat de bern neist de katten ek oare húsbisten ha woene. It leafst in hûn. Dat is net troch gien. "Hûn der yn, ik der út"! En ik miende it. Dat witte se. Ik mocht bliuwe. Dêrom dogge wij it mei bargemotten.
Leuke bisten. Je hawwe der hast gjin lêst fan. Op tiid wat fretten jaan, at it begjint te rûken ferskjinje en at se piipje is it frettersbakje leech.
Us bargemotten sitte bûten yn in hok. In twaferdjippingenhok. De begeane grûn is gers. Moai farsk gers. De grutte fan ús gerstún soarget der foar dat ik net faak hoech te meanen. In foardiel at je bargemotten hawwe.
At ik it hok ferset en se sitte boppe, dan begripe dat der ûnder wer farsk gers te finen is. Sa snoad binne se wol. Hoeden geane se it trepke ôf (neffens Wikipedia binne se net atletysk en dat docht wol bliken) en begjinne, sa't se de hiele dei hast dogge, wer te fretten.
Bargemotten hawwe net folle ferstân. Alteast net fan skiten en migen. Want wat soe dat no moai wêze dat se ûnder skiten en miichden. Foardiel foar harren soe wêze dat harren sliepershok moai skjin bliuwt, foardiel foar mij is dat ik se net sa faak hoech te ferskjinjen, wat ik oars mei leafde. Boppedat is it hiel goed spul foar de kompost bak...tink ik.
Neat der fan. At se útfretten binne, klimme se wer nei boppen en jouwe harren del yn it strie en hea. En se skite omraak yn harren eigen nêst.
Bargemot eigen of binne kninen út it selde hout snien.

dinsdag 2 augustus 2011

Reesfytsers

Sneintemoarn meitsje ik meast in lyts rûntsje op de lisfyts. Lekker ûntspannen mei wat muzyk op de mp3 en wat om mij hinne sjen. En wat prakkesearje oer fan alles en noch wat.
Hjir en dêr in tsjinlizzer. Ik groetsje fatsoenlik mei "Hoi" mar hear neat werom. At se mij wol sjoggemei sa'n grut sinneskerm foar de eagen, is noch mar de fraach.
Se fytse of binne se ûntsnapt út it peloton. Se dogge of hawwe se al 83 kilometer allinne riden en dat se krekt fia it earke heard hawwe dat de foarsprong wat lytser wurdt.
Se fiele it peloton yn de nekke en tinke dat de tourdireksje elk momint lâns komme kin om te fertellen dat se útropt binne ta meast striidfeardige hurdfytser en dat it giel wachtet. Se sjogge de einstreep mar net ferskinen en it doek fan de lêste kilometer hawwe se ek al mist. Se sjogge mij net, wylst ik harren tsjinkom. Of sjogge se oer mij hinne. Dat kin kin hast soe ik sizze want se hingje foaroer op it stjoer.
Se binne klaaid yn in Panasonic sjurtsje út de jierren 90 of in Kwantum sjurtsje út de jierren 80 of in Raleigh sjurtsje út de jierren 70.
Se bite op de tosken, se geane troch in hel, se helje der alles út, se litte karakter sjen en se hâlde harren sels foar de gek.
Se fytse gewoan in rûntsje fan fan sa'n 70 kilometer en thús witte se net wat se no sjoen hawwe ûnderweis.

zaterdag 30 juli 2011

Joe Cocker

It wykein fan 9 en 10 july wie Bospop bij Weert. Wat opfoel wiene de âldtsjes dy't dêr optreden. Ringo Star, Greg Almond en Joe Cocker. Allegear fier yn de 60 of al 70 jier.
En dy Joe Cocker stie yn 1969 ek op Woodstock.
Twa filmkes om it ferskil oan te jaan.
Woodstock en Bospop. Mei 42 jier der tusken.



donderdag 28 juli 2011

6 blinen en in oaljefant

Lêze is bijsgjirrich en learsum en google is maklik.
Sa kom ik yn it boek fan James Patterson "Ik, Alex Cross" in ferwizing tsjin nei it ferhaal fan de 6 blinen en de oaljefant. No sil it oan mij lizze mar ik koe de ferhaaltsje net.
Dan is der dus google. En dan ik dit tsjin.
It soe te maklik wêze om de Elefant song fan Kamal hjir ûnder te setten as filmke. Mar better is the Who op Woodstock

zondag 24 juli 2011

Fakânsje

At alles goed giet, begjint ús fakânsjetripke moandei. Wij sille besykje yn eigen lân te bliuwen. En dat sil noch net tafalle. Want ús doel is de Ronde fan Nederlân fytse fia LF routes. 1300 kilometer skriuwt it boekje.
De route sa't dy oanjûn stiet yn dat boekje is foar ús net hillich. Wij kieze soms ek ús eigen paad. Sa wurdt de route oanjûn fia de stêd Grins, wylst wij bijgelyks de leechrin efter Grins besjen wolle. Ek de Achterhoek wurdt foar in part oerslein en dat stiet ús net oan.
It is dêrom de fraach at wij de oarkonde wol helje sille, want dan moatte wij in foto meitsje bij it routepealtsje bij de folgjende lokaasjes en mei ús sels der op:

◦LF1 de vuurtoren van Noordwijk (kaart traject 23)
◦LF10 beeld De stenen man op zeedijk net ten zuiden van Harlingen (kaart traject 30)
◦LF14 hunebed tussen Drouwen en Bronneger (kaart traject 37)
◦LF4 de Bommelas in het Buurserzand (kaart traject 45)
◦LF3 bij het veer Vierlingsbeek - Bergen (kaart traject 4)
◦LF13 fietsbrug over het riviertje de Mark ten westen van Ulvenhout (kaart traject 13)

It soe wol ris sa wêze kinne dat wij sels de oarkonde meitsje moatte. Oan de hân fan ús eigen foto's en erfarings jout dat hopenlik bewiis genôch.
Underweis sille wij der fêst wolris in tweet oanweagje om wat aardichs te dielen.


vrijdag 22 juli 2011

Giel


De lêste jierren wurde op bepaalde plakken de maisfjilden opfleure mei sinneblommen oan de dykskant. Dat kin je it Frankryk gefoel jaan. Of it kompenseart it gemis oan de sinne. Tusken Wommels en Tsjom joech it mij it in giel gefoel en dat rekke ik net wer kwyt op myn koart ritsje hjoed.



Giel is ek de kleur fan de "FuelPower" yn Tsjom. It sil wer in hiel gebrul fan trekkers wurde dit wykein en de kâns is hiel grut dat de wiete drek je om de earen spat. Foar de leafhawwers fêst in feest. Ik haw mar ôfsein.


Yn Tsjom keatse se en fuotbalje se omraak. It opkreaze sportpark jout dêr foar folop gelegenheid foar. Mar at je yn Tsjom wenje en je wolle dochs leaver kuorkebalje dan kinne je dat yn Spannum dwaan. Mar thús oefenje kin altyd. Yn de tún. De giele koer stiet der útdagend bij de famylje Wille yn Tsjom.


Fan blommen haw ik gjin ferstân. Fan wetterblommen al hielendal net, mar se binne giel en passe hjoed wol yn it byld. Bij Tolsumersyl leit it der sa bij.


Bij Swarte Beien stiet de giele pylk fan de fyts11stêdentocht noch op de dyk. Ik lit mij troch pylken de wei net wize en gean rjochts ôf.


It is sa'n hoopfol byld yn al dy doarpkes fan Fryslân. Oeral komt in bus. Ek yn Kûbaard is in halte. Ik bin der noch nea in bus tsjinkommen.


Wer thús. Us fytsgaraazje is maklik te finen. De ienige op de buert mei in giele doar.


De fytsskuon kinne wer út. Moat der net oan tinke om op klompen in ein te rinnen mar bij hûs om, is it maklik. Se steane klear. En ek dy binne hjoed giel.

maandag 18 juli 2011

Gepruts



It is al wer in hoartsje lyn dat Ziggo syn trouwe klanten oanskreaun mei it geweldige oanbod om in "Interactieve HD recorder" oan te skaffen. Normaal kost sa'n ding boppe de 400 euro en no wie der noch gjin 200 euro. Hûndertennjoggenennjoggentich wol te ferstean.
Sa'n ding is neat oars as in hypermoderne fideorekorder. It is mei de digitale tv allinne wat makliker allegear werom te finen at je wat opnommen hawwe.
Wij hawwe al digitale tv dus in digitale ûntfanger siert ús keamer al op.
It like mij in goed plan om sa'n ding oan te skaffen want alles wat ik graach sjen wol (muzyk) is meast midden yn de nacht of krekt wat earder om bêdtiid hinne.
En omdat ik myn jierdei hast fiere sil, koe ik dit jier ek ris in kadowinsk ynleverje.
It ding moai op tiid besteld en ik seach der nei út.
Doe't de doaze mei it apparaat ferline wike binnen kaam wie myn goeie sin efkes goed oer. Hearemetiet wat in spul: 4 boekjes, skroeven, bakjes, snoeren, fersterkers, splitsers, kabels en gelokkich ek noch in apparaat.
As de dea sjoch ik der tsjin op om mij dêr mei dwaande te hâlden. Ik wie yn de ferûnderstelling dat ik it âlde apparaat los koppelje koe en dizze der foar yn it plak sette koe: stekker der út stekker der yn.
Nei trije dagen útstel moast ik der sneintemiddei mei oan de slach. In tafel fol rotsoai en ik fielde mij al hiel gau hannelingsferlegen. Dat wurd hear ik binne it ûnderwiis hieltyd mear en ik wit no hoe't dat fielt.
"Wêr bin ik oan begûn", sjit der troch myn kop hinne.
"Hoefolle tinke jim dat ik oerhâld", freegje ik myn húsgenoaten.
Ik begjin mei net folle goeie moed en it swit brekt mij al gau oan alle kanten út. Ik sit mij in breuk efter de bank en begjin nei in oere omprutsen al flink te seuren, te skellen en noch slimmer.
"At ik dit witten hie, hie ik sa'n rotding net besteld".
Mear as twa oeren letter, wylst de rêch mij dwers foar de bealch sit, krij ik wat byld en wat gelûd. Mear as de helt fan it spul hâld ik oer. Kreas dien, hear ik mar myn sin is bedoarn.

Op de fraach fan de bern wat ik op myn jierdei ha wol, hie ik better sizze kind: neat, at jim dit allegear op de goeie wize yn elkoar sette sadat ik dêrnei wer surfe kin, wer belje kin en tillevyzje sjen kin, dan haw ik it moaist kado fan de wrâld.

vrijdag 15 juli 2011

Stobbegat



Freed is foar in soad minsken de fiskdei. Foar mij de fyts- en de fiskdei. Doe't wij fannemoarn ôfsetten foar in Alle Fryske Doarpen Fyts Tocht (AFDFT) skatte ik yn dat wij yn Akkrum oan de fisk gean soene. It smakket dêr goed. Mar foardat wij dêr oan ta binne, moatte wij earst noch in romme slach om de Snitser mar meitsje. Fia Top en Twel nei de Woudfennen.



Dan rjochting de Skarsterien en in slach om de Put van Nederhorst. Bij ús ûnderwilens bekend fan de ferhalen fan ús soan Tsjeard dy't dêr syn swimtraining docht foar de triatlon. Toch ien yn de famylje dy't wat mei wetter hat....
Lâns it wetter fia Skarsterbrêge oer de Jetze Veldstrawei troch Ousterhaule, Ousternijegea en Alde Ouwer. Fia Reahel en Rotsterhaule nei it bakkersdoarp St Jansgea. Modderman bakt dêr koeken, Van Dijk brea en Ketellapper ek fan alles wat lekker rûkt.
St Jansgea ek it doarp fan DeWitePeal, wêr't ik novimber 2010 foar it lêste fuotballe ha.
Wêr neffens it ferhaal in baarch yn de beam hinget, mar no net, rûkte it noch lekkerder:



In fiskboer út Urk op it parkearterrein fan Poiesz.
Dan stopje de fuotten gelyk mei traapjen.
Mei goeie fisk yn de mage sette wij troch nei Stobbegat. Alteast dat tocht ik.



In moaie fryske namme, mar grut is myn ferbjustering at ik hiel wat oars op it boerd stean sjoch. De taal fertutearzing hat ek hjir taslein.
Wat hjir opfalt binne de protte dearinnende diken yn dit gebiet.



Hast 5 kilometer foarbij Stobbegat is in pont, dy't ús rjochting Akkrum bringt.
De pontbaas, dy't hjoed ek de kofjeskinkerij beheart is bliid at der minsken sjocht. Hij fertelt fan alles. Moai is dat.
Mei de wyn tsjin nei hûs. Offenwier noch efkes mei pikt want dat miste noch.
De tocht wurdt ek noch langer as tocht, want op de Ivige leane leit wat in hiele grutte, gefaarlik útsjende en grimmitich blaffende hûn. Op feilige ôfstân beslúte wy om te fytsen.
90 kilometer yn de fuotten en 9 doarpkes riker.
Al mei al haw ik no 289 doarpen befytst en haw noch sa'n 130 te gean.

woensdag 13 juli 2011

Ferkwânsele

In pear wiken lyn stie der yn de LC in artikel oer Sjoerd Galema, dy't it net ha kin dat der gjin swiere portefúlje hat yn it kolleezje fan deputearren yn Fryslân. Dêrom stapt er no op.
Yn it stik docht Galema, dy't ik ferantwurdlik hâld foar de teloargong fan it Frysk, in belachlike útspraak: "Mar ik wie wol de earste deputearre dy't sûnt 1983 de weryndieling der troch krigen hat".
It is om je dea te skamjen. Ek noch grutsk wêze op syn rol. Gjin rol dus. Hij hat alles gewurde litten. Stêd en doarp mei-elkoar ferbine litte wêrtroch de Fryske taal ek fan it plattelân ferdwynt. Yn de doarpen fan it eardere Wymbritseradiel en Wûnseradiel komme se dêr no wol efter.
Galema de man dy't fan de weryndieling ôfhelle is. Om dat hij him der in kear wol mei bemuoide en dat hielendal ferkeard die.
Galema dy is grutsk op sels. In skande is it.
Yn de LC fan dizze wike stie in ynstjoerd stikje fan J.de Jong út Ljouwert. Der binne gelokkich mear minsken dy't bot argewaasje opdien hawwe mei de teksten fan Galema.

maandag 11 juli 2011

Henny

Yn maaie noch 61 wurden. Syn lêste jierdei. 5 july ferstoarn. At wij bijpraten yn Veenendaal dan hiene wij it oer it ûngelikense yn de wrâld, oer syn DOVO en myn SDS en foaral oer de muzyk.
At ik fertelde oer de nije muzyk dan fertelde altyd oer syn Fairport Convention.
Foar Henny: Who knows where the time goes.
Hjoed bringe wij him nei syn lêste rêstplak yn Veenendaal. Yn fak H.
Rêst sêft.

zondag 10 juli 2011

Súdwesthoeke


Mei in flinke rit koe ik de Súdwesthoeke ôfronde op myn afdft2011. Dêrom sneon op paad mei driigjende buien yn de fierte mar úteinlik mei in waarm sintsje yn de rêch werom.
De tocht troch Jutryp en de Hommerts befoel mij no noch better as earder. In prachtich fytspaad is ien mar de 50 kilometer dyk dêrneist oer in lingte fan inkele kilometers is twa.
It is omdat ik net yn sân hasten bij de doarpen lâns wol, mar oars hie ik al it autoferkear ynhelle. Ek moai is dat ferkear om Wâldsein hinne, steane je likernôch skoften allinne foar de brêge. Bij Ypekolsgea wie ik efkes de ramp toerist: in krekt platbrânde pleats.
Yn Balk (en ek yn Wâldsein) wiene it de omdangeljende toeristen dy't it strjittebyld bepaalden. En ik fansels, want in lisfyts sjogge se ek net alle dagen yn Koln of Aken.
Bij Himmelum wie it in drokte fan belang: "In Bikefest" repten de oankundigingsboerden. Gjin idee wat it is, mar it like mij gjin fytsfeest sjoen it type minsken wat dêr hinne rûn.
Mei de kop yn de wyn nei Starum wêr't de skûtsjes yn de binnenhaven in soad sjoggers hiene. It silen sels wie net trochgean dan is sjen in opsje.
Starum en fisk dat heart byelkoar en mei in folle mage en de wyn yn de rêch fia Hylpen en Warkum werom.

vrijdag 8 juli 2011

Dizze trein koe hij net rinne litte

Andries Ekhart fan Snits wurdt wethâlder fan Sosjale Saken yn Ljouwert. In boppeslach foar de haadstêd. At it in boppeslach of in groue keats is foar Andries sels is mar de fraach.
Njoggen jier haw ik bij de gemeente Snits wurke, wêrfan hij 8 jier de wethâlder fan ûnderwiis wie. In prachtige keardel om mei te wurkjen. En mei opset sis ik "mei". Want wethâlders hawwe wolris oanstriid om te sizzen dat amtners ûnder harren wurkje. Mar Andries is it foarbyld fan de gewoane man. Gewoan yn syn praat, gewoan yn syn klean, gewoan yn syn taal (it liket Sneekers mar it sil wol Jouwerters west ha) en gewoan yn syn dwaan. In gearkomst wie bij him nea lang ,want hij hâldt fan avensearje. En fan dúdlik wêze. En driget in gearkomst wat te lang te duorjen dan wit Andries wol rie: efkes piipskoft. In dit gefal "sjekjeskoft". Want hij mocht graach efkes bijkomme mei in sjekje en bijprate mei oare "rookferslaafden".
Andries giet no nei Ljouwert, wylst hij oer Ljouwert altiten sei: "it moaiste fan de stêd Ljouwert is de trein nei Snits". Bin benijd at hij dat no folhâlde kin.
En om mei Ronald Koeman te sprekken doe't dy fan PSV nei Valencia gie:"dizze trein koe ik net ride litte". Gelokkich hoecht hij net te wachtsjen op de stoomtrein want foardat dy echt riidt kin er mooglik hast mei pensjoen.
Andries fan herte lokwinske mei dyn dreambaan!
En spesjaal foar Andries CCC Incorperated mei de Midnight Special. Sij komme op 3 desimber 2011 yn it Bolwurk. Yn Snits fansels.

dinsdag 5 juli 2011

Miedema




Tusken al dy misdiedtrillers troch, lês ik sa no en dan ek in biografy. Dizze wike rûn ik yn ús byb tsjin it boek "Bij leven en welzijn" oan. It libbensferhaal fan Lykle Miedema, de man dy't Winsum op de kaart sette mei syn fabryk. Mar ek de man dy't fierder seach as syn eigen bedriuw, de man dy't wat foar de mienskip dwaan woe, at it doel him oanstie en de man dy't wol gauris striid leverje moast mei lytse en grutte, hiele en heale oerheden.
In tige nijsgjirrich ferhaal skreaun troch ien fan syn skoansoannen, dy't hij lykwols net kend hat.
Earne yn it boek stiet in prachtich stikje oer wat Miedema fan ynstruksjes joech binnen it bedriuw oan syn liedingjouwenden. Sa as de earste rigel:

Leiding geven verschilt van werken. Een werker wil wat doen, een leidinggever zorgt dat het gedaan wordt.

Mar foaral de lêste sin is unyk:
Zet jaknikkers aan de machine en bevorder opmerkers.

maandag 4 juli 2011

40 jier dea

Jim Morrison fan de The Doors is 40 jier dea. 3 july 1971 yn Paris fûnene se him dea. Under fertochte omstannichheden. Dêr wol ik wol efkes bij stil stean. Mei "the End". Dat is wol sa'n ferskriklik moai nûmer mei dat hearlike oargeltsje. 9 minuten sjen en stil wêze.



Yn 1999 makken de hearen fan Jiskefet 5 filmkes oer the Doors. Dit is nû 4, at se yn Paris it grêf besykje wolle.

zondag 3 juli 2011

Orkaan oer it Bildt

Hjoed wer fierder mei de afdft2011. 9 oere fuort en it doel wie Ouwesyl en omkriten. Fia Ljouwert en Stiens earst nei Feinsum en Hijum. Twa plakjes yn Ljouwerteradiel dy't ik oan dwaan moast. Mei-elkoar ferbûn troch in fytspaad. Doe strak yn de wyn nei it Bildt.


(Ouwesyl, je kinne it net misse.)


Ouwesyl, Nije-syl, Nij Altoenae en de Westhoek stiene op de list.
No skynt Nije-syl net in erkend doarp te wêzen mar it wie wol goed om dêr troch te fytsen.








It wie krekt doarpsfeest yn Ouwe en Nije Syl west en dat wie te sjen. Alteast yn Nije-Syl. De oankundiging oan it begjin fan it doarp dat der in orkaan west hie, soarge der foar dat ik mij nearne oer ferbaasde. Auto's en banken oer de kop, tinten yn de beammen en fierders alles wat mar los siet, lei op of bij de dyk. In nijsgjirrich idee om sjen te litten dat de wyn dêr altiten frij spul hat.

Doe't ik werom kaam op de Aldebiltdyk kaam ik yn de lijte fan alles wat dêr oan de kant fan de dyk stiet. Der wie gjin orkaan west mar it hie like goed kind. It is ien grutte oanienskeakeling fan kleuren en dingen. Pearze huzen, autotsjerkhôven neist de doar, byldetunen, in kleurich kafé , in fleurich kafetaria, in wrâldsk ythûs , fertutearze krotten en opfallende nijbou.
Arsjitektoanysk is der fan alles oer te sizzen en te skriuwen tink ik, mar it libbet dêr wol mei hokjes hjir en oanbousels dêr. It hie om mij wol oan Harns troch rinne kind.
Fia Minnertsgea, Tsjummearum, Frjentsjer, Tsjom werom.

zaterdag 2 juli 2011

Keatse yn Itens




Op de keatskalinder stiet yn july meast de Agraryske partij yn Itens op it programma. De partij foar 1ste klassers wurdt sponsore troch de boeren yn de neiste omjouwing en in suvelfabryk yn Grinslâns wêr't wat molke hinne giet.
It keatsfjild yn Itens leit oan de trochgeande dyk en mei al dy auto's dy't parkeard wurde moatte , rint it ferkear regelmjittich fêst. Tradisjoneel hawwe de selde minsken altiten de selde funksjes, sa komme der linerjochters út Boalsert, út Wommels, út Winsum, út Easterein en sa binne der twa man hiel drok dwaande om ballen dy't oer de boppe slein wurde ( en kwea ) út it strewelleguod, tusken de auto's of tusken de grêfstiennen te sykjen.
As taskôger hawwe je it ek goed yn Itens. Der is kofje, der is sop, der binne gehakballen en de hiele dei Fryske muzyk. Wat wol in keatsfreon noch mear.
Mar spesjaal binne de hapkes. Meardere kearen komme se fan de klup lâns om alle taskôgers te traktearjen op woarst en tsiis. In flaubyt dus. Hieltyd krekt op it momint dat je sizze ik wurd wat flau.
It binne sa mar fan dy lytse dingen dy't it yn Itens sa spesjaal meitsje om bij it earste klas keatsen te sjen. En at je wat yn de buert fan de tinte bleaunen dan wie der ek noch in bierke te krijen. "En oars ûnder de jas hâlde" krigen wij as goeie rie, want ek hjir skine wer rigels foar makke te wêzen troch de KNVB. Der is fansels neat moaier as stikem bier drinke dat witte wij allegear fan froeger noch wol.
Redmar Strikwerda, foar hjoed ús favoryt út Wommels, wûn mei Tsjisse Steenstra en René Anema mar ek ik kaam ek net mei lege hannen thús. Itenser rocker Tiede joech noch efkes in pûde mei 10 CD's mei sadat ik de kommende dagen wol foarút kin. Mei de Masters of Reality, Motorpsycho en Band of Horses en noch wat oaren fermeitsje ik mij wol. Hoecht Omrop Fryslân ek net oan.

vrijdag 1 juli 2011

Betingsten

Ek ik haw in map fol fersekeringspolissen. Ik haw net alles bij de selde maatskippij fersekere. It is tafal dat Delta Loyd ryk wurden is fan myn brânfersekering, dat de FBTO Cambuur sponsere koe fan myn deageanfersekering en dat Reaal sa'n grut kantoar bouwe litte koe fan myn WA fersekering.
Wês bllid soe ik tsjin mij sels sizze moatte, want gebrûk meitsje fan in fersekering is in gefolch fan lijen.
Sa no en dan skoot de post wer in brief troch de bus fan in mij ûnbekende organisaasje. En bij it iepenmeitsjen fan de slúf kin ik wer konsteare dat der wer in namme feroaring plak fûn hat.
Hjoed in brief fan Zicht.
"Census hyt tenei Zicht" It docht bliken dat dit fersekeringsadfiseurs binne dy't ek noch in gramke meipikke fan de fersekering dy't ik rinnen ha bij Delta Loyd.
Hawar, it is moai dat ik sa minsken oan it wurk hâld.
"Om de nije namme te fieren, kinne je in ballonfeart en 10.000 oare attinsjes winne".
De wrâld fanút de loft sjen is net ferkeard is myn eardere erfaring dus gean ik nei de webside.
"Gaat akkoord met de voorwaarden" is in sin dy't ik net samar mear oanklik. Earst goed lêze foardat ik aansens yn in tv spotsje te sjen bin.

11.Wanneer u deelneemt aan een promotioneel kansspel, geeft u Zicht toestemming uw persoonsgegevens te gebruiken voor marketing- en promotionele doeleinden. Zicht mag de verstrekte persoonsgegevens daarnaast in het kader van bekendmaking van de winnaar vermelden via alle media, waaronder begrepen radio, televisie, krant en internet.

It is dúdlik, foar mij gjin kâns op in ballontocht en in attinsje (pen, taske, skriuwblokje, of oare rommel). Prizen fuortjaan ûnder betingsten se moasten it ferbiede.
Net te hoopjen dat sij mij ynkoarten belje, want dat krije se de wyn fan foaren.
Gelokkich is Canned Heat der noch.......lekkere "mei beide fuottten op de grûn stean bliuwers muzyk"

donderdag 30 juni 2011

Foo Fighters

Ik kin der mar net genôch fan krije. De fucking goeie DVD fan the fucking goede Foo Fighters fan harren fucking optreden yn 2008. Om it mar mei de wurden fan frontman Dave Grohl te sizzen.
Stjoer de buorlju om in boadskip, doch de katten eardopkes yn, bring de bern útfanhûs, bring fazen wêrt jim oan hechten nei bûten en set de knop op 80 of 100. En gean krekt as mij út jim dak mei it lêste nûmer fan dy DVD: Best of You.

woensdag 29 juni 2011

Ferstoppe earen

Ik biet myn tonge der hast ôf. Ik kromme myn teannen en wie bliid dat se net ôfknapten. Myn hertslach fleach nei grutte hichten en ik krige grutte oanstriid om de boel der ûnder te skiten.
Mar gelokkich gjin noed ik siet yn de wachtkeamer bij de dokter. At ik help nedich haw dan is it tichtbij.
"Wij wonen hier al tien jaar, maar ik praat geen Fries. Een van de kinderen wel, maar dat hoeft van mij niet"
"Nee, ik heb ook liever dat ze Engels leren op school, dat Fries heeft geen enkele zin".
Twa froulju yn de wachtkeamer bij in dokter dy't syn bêst dien hat om it Frysk wol te learen en te praten. Dy't wol respekt hat foar de minsken dy't hjir wenje. De minsken dy't hjir opgroeid binne mei de taal. Dy't er foar soargje wolle dat it eigene bewarre bliuwt.

Efkes tocht ik noch dat ik it net goed heard hie, want ik siet der om myn earen útspuitsje te litten. Mar ik haw it wol goed ferstien. Ik haw mij ynholden. Gjin sin om mei sokke lju yn diskusje te gean.
Wij moatte noch mear opkomme foar ús taal. Noch mear striid leverje. Foar it Frysk. Graach dus.

dinsdag 28 juni 2011

Alder as 16



Under de 16 mei der gjin drank ferkocht wurde. Dat is in prima saak. Ik bin ek pas mei 16 jier begûn en ik kin befestigje dat der dan noch tiid genôch yn je libben is om hiel wat ôf te sûpen.
Op drokke eveneminten hawwe se gjin tiid om alle kearen ID bewizen op te freegjen at immen in bierke besteld.
En dan kieze je dus foar it kleure bantsje om de hân. Yn Boalsert wie dat sneontejûn giel.
Moaie kleur wol. Yn it tsjuster ek goed te sjen.
No hie ik fansels wer hiel dwers wêze kinnen en sa'n bantsje wegerje. It moat net mâlder wurde. Mar ik woe in kear sneontejûn net dwers wêze. Dus besocht ik it mar mei in grapke: "Kinst it sjen dat ik âlder as 16 bin" frege ik de befeiliger wylst ik krekt die at ik myn ID bewiis opsocht. Mar grapkes binne ornaris net bestege oan de measte befeiligers. Dy hawwe no ien kear ynstruksjes krigen en hawwe net foar neat in unifoarm oan.
Hij prutste mij handich in bantsje om de pols. Ik bin der mar fan útgien dat hij mij in twifelgefal fûn. Krekt wol, krekt net 16. En om dan geseur om de bar foar te kommen dus in bantsje om.

maandag 27 juni 2011

U2two

Sels bin ik earder net fierder kommen as de sebeare Armand neidwaan op de souder mei de biezem as gitaar. "Ben ik te min", "Blommenkinders" en "Een van hen ben ik" song ik him nei.
It is him net wurden mei mij. Spitich, want der liket mij neat moaier as lekkere protestlieten skriuwe en sels sjonge.
Yn Boalsert stiene sneon 4 jonges dy't idolaat binne fan U2. Mar sij kinne wol in gitaar bespylje, op de trommel slaan en sjonge.
Fol passy stiene se op it grutte poadium en joegen se harren U2 sjo. Prima. De eagen ticht en ôfsjoen fan wat technysk gepiip sa no en dan, wie it in prima jûn. Mei de U2 sfear.
Op Stjoerder haw ik dit der oer skreaun en boppedat binne dêr Jaring syn moaie foto's te sjen. Mei spesjale oandavht foar de heakeninginne en de hoffroulju.
Likernôch gie ik wat teloarsteld nei hûs. It lêste nûmer wie foar it jonkje Jesse wat ferdronken wie yn it park. Deun bij dizze lokaasje. Fol mei gefoel songen en spile troch U2two. It wie suver efkes stil. Der hong wat, der sweefde wat. Dat fielde ik alteast. En doe hie it dien wêze moatten. In moai ein hie dat west.
Mar helaas wurdt der altyd frege om mear. Dat hiene sneontejûn net dwaan moatten. It wie moai sa.



Liftfilm

Tidens de doarpsfeesten fan Wommels, dy't hielendal oan mij foarbij gien binne, stie de bûnte jûn yn it teken fan selsmakke filmkes. Ien fan dy filmkes wie fan de lifters. Yn goed 7 minuten wurdt in byld jûn fan " it kultuersnuven yn Europa" sa't de lifters it sels neame.
It filmke tsjinnet as promoasje foar it boek wat op 1 jannewaris 2012 ferskynt. It boek wurdt hielendal troch de 53 lifters (of in diel der fan) skreaun en opsetten.
It promoasjefilmke is hjir te sjen en it jou in moai en grappich byld fan 10 jier liften.

zondag 26 juni 2011

Eagum om




It wie sneintemoarn gelyk moai waar. Tiid foar in afdft. Net te lang wie it doel. Wat "deade" doarpkes dy't net echt op in route lizze tocht ik sa. Reduzum wie it earste plak wat ik bijskriuwe kin. Drokte yn de Haadstrjitte, allegear strjittefersmoargjende autos's falt mij op. Oh ja it is tsjerketiid. Fandêr.
Oan de oare side fan de A32 leit Idaard. Mar earst gean ik rjochting Eagum.





Ik meitsje dochs mar efkes in pear foto's. It tsjerkje en it tsjerkhôf leit der sa moai bij. It is noch mar tsjin alven at ik werom gean rjochting Idaard en Grou.
As lêste doarp stiet Friens op it listke. Fanút Jirnsum in binnenpaad lâns en ik ferwachtsje ek dêr rêst. Mar dat pakt oars út.




Krekt foar it doarp is it allegear "fee" yn it lân. Keatsfee wol te ferstean. "Achteruit"hear ik roppen, "moatst him mij mar efkes jaan" hear ik.
It hiele doarp hat de want opsocht en alles wat rinne kin toarket yn it lân om. Keatse as sosjaal spul. Sa't it bedoeld wie.

Underweis nei Jirnsum twifelje ik. No al werom? Of Terherne ek noch efkes meipakke. En dus Goaiïngaryp en Broek ek.
It fytst hearlik en dêrom set ik noch mar efkes troch. Bij Broek Noord gean ik op it wetter ta om mei it pontsje nei Bloksleat oer te gean.
Sa'n 75 kilometer haw ik op de teller stean at ik moai op tiid wer thús bin foar de F1.

donderdag 23 juni 2011

Reklame



Google wit alles. In Google tinkt foaral ek mei.
Ik hie it foarige ferhaaltsje oer de kamping en de kachel der noch mar krekt opsetten of boppesteande adfertinsje kaam bij mij yn byld: Oer kachels en kampings. En doe't ik ferline wike wat skreaun oer fytsen, krige ik gelyk twa oanbieders fan fytsreizen yn byld.
Reklame dat op mij rjochten is. At der dan dochs reklame wêze moat, dan mar sokke reklama. Rjochten op mij. Grutte kâns dat der gjin adfertinsjes oer auto's, hynders en Andre Rieu op myn skerm komme want dêr skreau ik nea oer. Hoewol, dit wurdt al gefaarlik.