maandag 15 augustus 2011

Heger nivo

De grize giet mij oer de grouwe at ik keatsbûnskoach Tsjalling van de Berg hear. In Eko-koach dy't sa't it skynt de keatsers no leare wol dat se net altiten op de boppe hoege te slaan en dat in keats lizze ek in goed ding wêze kin. Ik haw yn myn beste jierren net oars dien.
Dy bûnskoach liet ferline wike ek wer earne optekenje dat it keatsen nei in heger nivo moat. In heger nivo, wêr't ik mij neat bij foarstelle kin.
Noch fierdere boppeslaggen? Yn stee fan 20 bûtenslaggen yn in partij, mar 10, wêrtroch der noch mear boppe slein wurde kin. Of gruttere keatsen omdat "net boppeslaan" wol sa moai is.
Of moatte de keatsers noch earder en noch mear en noch hurder trêne om dat hegere nivo te krijen, wat de bûnskoach foar eagen hat.
Ik oertocht it sneintemiddei doe't ik bij de earste klas keatsers yn Easterein stie te sjen.
Moaie partijen dy earste klas partijen. Wurdt fûl keatst en op tiid wat ouwehoerd. Ek tsjin it publyk. Wierskynlik net profesjoneel en wat de bûnskoach bedoeld mei heger nivo, mar wol leuk.
24 partoeren op de list wêrby meardere selektearre partoeren mar ek in protte gelegenheidspartoeren. It ferskil sjogge je oan de sjurtsjes. Net selektearde keatse yn wite sjurtsjes, de oaren yn kleurde. Net selektearden hawwe allegear harren eigen swarte koarte broek (op Jan Hospes nei, dy keatst yn trijekoart en sjocht er op it keatsfjild neffens mij krekt sa út at er sjongt), de selektearre keatsers yn seleksjebroekjes.
"Der bliuwe te folle witen oer", seit in kenner tsjin mij. "Dat is net in goed teken".
En doe't ik om goed 17.00 oere fuortgie, wiene der noch 2 wite partoeren en 1 kleurd partoer oer.
Efterôf die bliken dat der 6 net selektearre spilers yn de finale stiene, wêrfan ien in feestkeatser is.
It wie om 19.30 oere dien haw ik begrepen. Wa't fanôf 11.00 oere oanwêzich wie en it allegear útsjoen hat, sûnder Ajax-scHearrenfean sjoen te hawwen yn de SDS kantine, kin fan mij in oarkonde krije mei dêr op de tekst: 1ste klas leafhawwer fan in noflike keatsdei. Mei as ûndertekst: "sjocht net op in oerke"


Geen opmerkingen: