Opmerklike kleur wetter oer sa'n 100 meter tusken Baard en Tsjeintgum
Ik hâld net fan dy nepbisten dy't je hjir en dêr yn de tún sjogge. Ek net fan (nep)blommen. Mar wol grappich fûn ik de wize wêrop se bij Boazum oandacht fregen foar de titelroasmerke. Sa witte wij allegear wer wat dat moaie fryske wurd betsjut. En de nepljippen op de eftergrûn ...no ja...foar ien kear dan.
Lekker waar yn de tún nei in fytstochtje sneontemoarn. Mar poes docht krekt of is it tropysk. Sij siket it ienige skaadplakje: efter de skeppe.
Dizze wike in oantal kearen troch Baard fytst. Baard. Feitlik wat raar dy namme. Want yn it Frysk en Nederlâns beide kearen Baard.
Baard is dochs Burd?
Dit is foar in burddrager in fout boerd.
Dêrom mar efkes in betinklike foto makke bij de brêge mei dêrop de namme Baard dy't hast net te lêzen is. It burd is yn alle gefallen wol goed te sjen.
It wie sa moai yn de gemeente Littenseradiel. Oan it begjin fan alle doarpen sa'n moai piktogrammeboerd. Ek yn Iens. Je seagen de toeristen dêr gelyk halt hâlden
"kijk nou", hearde ik se sizzen op it brêchje bij Iens
"Je kunt hier paardrijden, en vissen, en bootjevaren, en slapen en de kerk bekijken. Wat in vermaak, en voor zo'n klein dorp"
En sa joech it piktrogrammeboerd fan Wommels ek in byld fan wat er te dwaan is.
de sinne en it waar hat syn wurk dien.
No kinne je der allinne noch mar sliepe.
Wommels no allinne noch in sliepdoarp?
NB: ik krij fan doarpsbelang troch dat der oan wurke wurdt...........
Ien fan de leukste programma's fan Omrop Fryslân is Hea. Gewoane dingen, opmerklike feiten mar altiten borcht sûnder sensaasje elemint. Dat is mei it nijs wol oars.
Myn frou is berneheinster of baakster hoe't je it mar neame wolle. In pear wike lyn makke Hea bij in gesin opnamen, wêr't sij ek wie.
In opmerklik feit. Seis dochters en seis kear de selfde berneheinster.
Hjoed mocht ik meidwaan oan in temadei. It tema wie "Werkplezier en Professionele cultuur".
No moat ik sizze dat ik alle dagen mei genôch wille nei it wurk fyts en noch wichtiger, mei noch mear wille nei hús fyts. Dat jildt foar myn wurk yn Snits en ek foar myn wurk yn Beetstersweach.
Ien fan de fragen oan it begjin fan de dei wie hoelang je al yn it ûnderwiis wurken.
Wij mochten stean gean at it langer as 15 wie ...... langer as 30 wie ....langer as 35 wie.....
Ik bleau nochal lang stean.
Ik wurkje no 35 jier 1 moanne en 24 dagen yn it ûnderwiis.
Efkes weromsjen hoe't it allegear begie. It plakboek fan 1979 der bij.
Letter op de dei kaam hjoed de fraach wa't ús ynspirearre hat om te kiezen foar it ûnderwiis. Dy fraach wie mear bedoeld foar de learkrêften mei ik hoopje want dat immen ynspirearre wurdt om op kantoar wurkjen te gean kin ik mij hast net foarstelle.
Sa lang yn it ûnderwiis wurkje en der noch altiten nocht oan ha, kin allinne mar at je hieltyd wer útdaacht wurde. En dat hat bij mij yn alle gefallen wurke troch op tiid fan wurkjouwer te feroarjen.
Net benaud wêze om te feroarjen want ik sis altiten: ik nim mij sels mei
Waterpoort Boys 3 voor de 3e zaterdag achter elkaar, zonder tegenstander. ONS 5 - WPB 3 #afgelast Tegenstander wederom geen spelers. #KNVB
Juster fong ik dizze twiit op fan WPB.
Gjin nijs soene je hast sizze yn dizze tiid.
Oates en toates wurde wedstriden ôfsein.
Ta grutte teloarstelling fan de leafhawwers.
Ek ik haw de lêste jierren dat ik yn kompetysjeferbân fuotballe der lêst fan hân.
It lêste seizoen mar leafst 8 kear ôfsein....troch tsjinstanners
Dat wie in goed momint om te stopjen
en it Efkes Baljen mei op te setten.
Gewoan op freedtejûn in oerke lekker balje mei oare leafhawwers
sûnder fiere reizen mar gewoan yn Easterein of Wommels.
Wêrom no oandacht foar dizze twiit? Sneon stie der in stik yn de krante oer it ronseljen,
it ronseljen fan jeugdspilers
troch ONS út Snits
En krekt dy klup is net yn steat om in 5de alvetal op de foet te krijen tsjin WPB
Sa'n, "grutte" klup
Miskien moatte se harren ronselpraktiken útwreidzje nei de senioren
foar oanfulling fan ONS 5 bijgelyks.
Ik moat neat ha fan dat geronsel fan grutte klups út de stêd.
soargje sels foar goeie spilers.
It is alhielendal bisar dat se roppe "wij hawwe allegear diplomearre trainers"
dêrmei dogge se de oare klups yn de regio tekoart
dêrmei sette se harren sels op in foetstik
"oh wat binne wij goed...."
mar dy jeugdtrainers binne dus net goed genôch
om eigen spilers op in heech nivo te krijen
Miskien dat se it bij ONS net begripe,
of net begripe wolle
dat fuotbal yn ús regio mear is as in haadklasse
dat Nijland, Mulier, sc Bolsward, NOK, Workum,
Scharnegoutum, SDS, de Wâlde en gean sa mar troch
graach wolle dat harren eigen talinten groeie yn eigen klup
tagroeie nei it nivo fan it earste
yn de tredde of miskien wol twadde klasse akteare
en dan miskien letter in kar meitsje om heger op
bijgelyks bij ONS tusken de ôftanke betelle fuotballers
Spitich, want yn dizze gemeente dogge se harren bêst
om de polityk tichter bij de minsken te bringen.
Wat bin ik bliid dat ik net yn in gemeente as Harns wenje
dêr binne noch folle mear partijen
Fjouwer partijen hawwe wij hjir
Ferdomd ferfelend dat je mar ien stim útbringe meie.
Se hawwe allegear fêst wol wat goeds wat mij oansprekt
Stimme, wêr doch ik dat op?
FNP ? Omdat ik dat altiten dien ha salang de partij mei docht oan ferkiezings
en ik stimme mei
CDA? Mei de beste politikus fan ús gemeente Gosse Hiemstra
SAM? Mei tige belutsen minsken dy't net allinne yn ferkiezngstiid aktyf binne
VVD? De partij fan ûndernimmers en boeren foar safier dat net ûndernimmers binne
De "stimwizer" yn Op 'e Skille eaget as in goeie papieren stimwizer mar bij it sjen fan de antwurden komt it net fierder as algemiene kreten. Dêr kin ik hielendal neat mei. Wat der stiet en wat men wol moat wer dield wurde mei de oare partij dy't ek meidocht yn it kolleezje en wat bliuwt der dan oer fan de eigen miening?
Boppedat mis ik hurde útspraken.
Of gean ik foar de holle fan de listlûkster of foar de ynhâld efter de kreet dy't betocht is?
Of kies ik ien fan de 5 wêrûnder in kollega?
Of wurdearje ik dat alderaardichste struibledsje fan Sam mei dat pakje simmerblommen dy't it Swettepaad sa moai meitsje
Stimme, wat is dat lestich. Want wat binne myn tema's? Is dat it keunstgers fan SDS? Is de partij dy't dêr alles foar docht myn partij? Of sjoch ik leaver nei de partij dy't it meast noed stiet foar de Fryske taal? Of moat ik foarútsjen en rekken hâlde mei de partij dy't it goed foa rhat mei de âlderein?
It bliuwt lestich mei ien sa'n stim op safolle tema's. Ik wit it net...of miskien wit ik it wol, miskien bin ik wol krekt sa tradisjoniel as safolle oaren, dy't altyd op de selde partij stimme. At it der op oan komt.
Bin benijd hoe't der foar stiet as ik woansdei yn it hokje stean.
Doe't ik fannemoarn betiid nei Snits fytste wie it kreas waar ûnder in opgeande sinne. In pear haskes seagen fernuvere om harren hinne. It like wol of daagden se mij út: sjoch hjir binne wij en wij binne net benaud (mear).
Goed 12 oere fytste ik werom en it wie noch altiten moai waar. Deselde haskes wiene der ek wer en ik koe hast mei harren fûskje. Se strielden noch altyd dat selde betrouen út. Of woene se sizze, ús kin neat mear oerkomme.
Tsjin healwei twaen stiene wij yn in lekker sintsje op de Foarbuorren ûnderweis nei de Martinitsjerke fan Easterein. In lange rigele minsken.
Wat swart fûgelguod tsjin de tsjerketoer oan makke rûzje en se kraaiden as roeken. Geduldich skooden wij stapke foar stapke oer it brêchje, stapke foar stapke op it tsjerkepaad, stapke foar stapke nei de tsjerkedoar en stapke foar stapke nei Tine, Tryntsje, Sjoerd Teake, Siebolt en Joran.
Fertriet.
Bij frou en bern.
Eltsenien seit syn wurden.
Wij ek.
En doe noch in pear stapkes.
Doe stiene wij bij de kiste.
De kiste mei Stoffel
Stoffel dy't er bij lei, sa't er wie.
Yn syn blau bûsgroen, mei syn pet mei aaien, mei syn Stoffel útdrukking.
Mar dan wol dea.
It wie as lei er dêr gewoan
sa fan: ik jou mij efkes del, dan kinne jim it oer mij hawwe.
Wij koene syn laits net mear heare mar wij koene dy laits wol sjen.
Meielkoar hawwe wij him betocht.
Yn wurd en muzyk.
Psalmen en the Dubliners, gesangen en You never walk alone.
Der waard praat oer Stoffel sa't wij Stoffel allegear seagen
Mar hoe't Stoffel echt wie?
Dat wit gjin minsk,
ek nei hjoed net.
Grutte bewûndering haw ik foar syn neisten dy't de moed hiene om wat persoanliks foar te lêzen of wat persoanliks foar te dragen, ja sels om wat te sjongen, wylst de emoasjes ús al troch de kiel draaiden.
Ferdoarje Stoffel, dit hie sa net moatten.
Wij misse dy no al.
En wij net allinne, ek dy haskes yn it lân en de roeken bij de tsjerketoer.
Sij hiene noch wol graach de striid mei dij oangean wollen.
En wij ik wol.
Ast it wollen hiest.
Doe't wij de tsjerke ferlieten, wie de sinne fuort.
In kâlde noardeastewyn stuts op.
It waard dizich oer it fjild.
It wie kâld wurden.
Stoffel, rêst sêft yn dyn Hartwert.
Ik kom gau ris bij dy sjen.
Miskien wol 20 jier lyn hiene wij op in freedtejûn in fuotbalfessie fan SDS 5.
It siet noflik en de ferhalen wiene wer goed en sterk.
Op in bepaald momint komt Stoffel Bouma bij mij mei de fraach at ik de oare deis ek mei him keatse wol: De Okkema partij en dy hie(en miskien no noch wol) namme.
Ik siet al yn de fase dat keatsen myn ding net wie, mar ik woe Stoffel ek net teloarstelle.
Mei wat bierkes op kinne je ek net altiten de gefolgen goed oersjen dus ik stimde ta.
Ik moast earst noch gau lid makke wurde fan de keatsferiening fan Easterein en mei de tasizzing dat ik net mear hoechde te dwaan as wat balkeare naam ik noch ien en gie dêrnei op nei hûs.
De oare moarn sûnder pine holle, mar mei want en in spytgefoel nei Easterein.
Keatse, harrebarre....
Stoffel stelde my foar oan de oare maat Cathrinus Gerbrandy. Hie in goeie keatser west mar hie jierren net folle keatst. Mar mei in fûle Stoffel koene wij best wol fier komme.....sei hij.
De twadde opslachbal fan Stoffel yn de earste partij wie gelyk syn lêste.
In swypslach yn it kût en rinnen wie net mear mooglik.
Myn maat moast oan de kant tasjen dat wij tegearre fierder moasten. Ik moast opslaan, ik moast yn it perk....
En myn maat Stoffel siet lekker yn it sintsje mei de poat omheech op in twadde stoel.
In maat fan neat, neamde ik him.
Fan je maat moat je it mar hawwe, sei ik letter faak tsjin him.
It wie de lêste kear dat wij maten binne, sei ik him
Dêrnei neamden wij elkoar goeie kunde.
Stoffel en ik hiene in oantal deselde ynteresses.
Dat wie net it aaisykjen,
seker net it mollen fangen,
en ek net it op wylde bargen, hazzen , kninen of fûgels jeie.
Nee, dat wie it Frysk en stikjes skriuwe.
Stoffel die dat foar it Frysk damjen yn de Boalserter Krante en syn stikjes wiene ferneamd.
Stoffel die dat ek krekt as mij yn de Treffer, it klupblêd fan SDS.
Ik skeau ûnder de namme Sibe de Seefûgel en hij as Bolke.
Tegearre hiene wij it der faak oer.
Oer de reaksjes fan minsken want de pinne wie somtiden skerp en de teannen lang.
Wij holden elkoar skerp en dat die it nivo goed.
Bolke hold earder op as Sibe.
De pinne hie te skerp west en Stoffel hie syn nocht fan dat geseur.
Mei Stoffel haw ik ek wurke oan de revue fan de keatsferiening Easterein. Stoffel hie tasein mar frege myn help yn om der in reade trie yn it bringen.
Moaie jûnen hawwe wij fantaseard en skreaun.
Neist dit trof ik Stoffel fansels op de fyts at wij nei de PC gyngen. Op fêste tiid derhinne en op in gaadlik momint werom.
Sa no en dan siet ik ek bij Stoffel yn de bus. Ek dêr wie neat mis mei, want it praatsje wie gesellich en it oantal ôfstimpele strippen waard beheind omdat ik úteinlik ek syn maat west hie (tink ik).
Twa kear hat er in moltsje út ús tún helle en at ik wer wat foar him neisjoen of skreaun hie wie in mieltsje iel myn diel.
Foar it Frysk damjen haw ik belangstelling krigen troch Stoffel. Net om it sels te dwaan mar wol om te folgen.
Stoffel bij it keatsen, Stoffel bij it fuotbaljen, Stoffel yn de tredde helte, Stoffel op Aaipop en Stoffel bij de blues op sneintemiddei.
Stoffel dy't " gesellichheid hat gjin tiid" ek fertaalde yn "gesellichheid hat gjin grins" of "gesellichheid hat gjin maat"
Maat hâlde wie lestich.
Ja dêr wist ik úteinlik alles fan.
De lêste jierren rekke Stoffel syn bulderjende laits hieltyd mear kwyt.
Hij waard stiller, hij luts him mear werom.
Syn striid om te oars te dwaan hie him yn de macht
Hij hie in soad fan syn lichem ferge, syn sterke bealch koe net stikken....
En dan ynienen it berjocht dat Stoffel stoarn is.
Samar, of net samar
Spitich dat wij allegear seagen dat it net goed komme soe.
Spitich dat hij it sels net seach
of net sjen woe
of miskien wol seach
Stoffel, myn kleurrike "goeie kunde "
Ik sjoch mei nocht en in soad wille werom op dy prachtige mominten dy't ik mei Stoffel hân ha.
Stoffel wie in grut fan fan the Dubliners en wa wit sit hij dêr boppe ynkoarten al bij in konsert fan de orisjinele Dubliners, dy't ek allegear ferstoarn binne.
Wat moai om dizze foto wer tsjin te kommen.
It Bosk yn Wommels
Yn de tiid dat der rjochts noch gjin huzen stiene, mar folkstúntsjes
Yn de tiid dat diken net folstiene mei auto's
Yn de tiid dat trije lampepeallen genôch wie.
Yn de tiid dat Nij Stapert noch oan de ein fan it Bosk stie.
Yn de RAI is alle jierren de "Fiets-en Wandel beurs".
Fjouwer hallen fol mei fan alles en noch wat.
At it yn de fierste fierte mar wat te meitsjen hat mei fytsen, rinnen en fakânsje.
It is betiden in fermaak sa'n beurs.
Ek wij hawwe altiten de beste bedoelings at wij fan start gean.
Net te folle papier meinimme want foar je it witte sjouwe je in breuk.
Wij geane foar de lytse fisitekaartsjen of de ienblêdige folders.
Wij geane foar de foto's dy't ik meitsje mei de tillefoan om it "letter thús rêstich op- en út te sykjen"
De fjouwer hallen hiene allegear harren eigen fertier.
Sa wie der in hal mei foaral fytsen. Grutte stands mei net te min útstrieling en beursmeiwurkers yn trije dielige pakken. Bysûndere fytsen mei de nijste snufkes.
It wie dêr net drok.
Yn de oare trije hallen wie it fanôf in oere as ien smoardrok.
Dêr wie it dan ek te heljen.
Lytse stand mei foaral beursoanbiedingen en stands mei de alder moaiste fakânsjebestemmingen.
Nijsgjirrich binne ek de minsken sa as ús. Sij sitte efter in taffeltsje, hawwe de plakboeken en de route kaarten mei om te fertellen oer harren fytsreis nei meast Europeeske bestimmingen.
Sa hawwe wij ús efkes foarljochte litten oer de Groene weg nei de Middellândske see, mooglik de bestimming foar dit jier.
Wij hawwe fansels ek efkes praten mei Kees Mourits yn de stand fan Fryslân beweegt. Wat in folders en wat is der wat te dwaan hjir. Sij hiene 500 kilo oan folders en struibriefkes lizzen foar dizze twa dagen......
En fierders besocht immen ús in ôfstânsbetsjinning foar it fytsefterljocht oan te smarren.
Super maklik neffens de jongeman en foar 9.95 in spotpryske.
Ek maklik at je de fyts net mear fine koene.
De Fryske Wâlden wiene der ek en de twa Ates wiene foaral ek entoesjast oer de Fryske Wiken
In sleurhut foar efter de fyts, makke fan hout liket ús wat in gebealch
De moaiste fyts dy't ik sjoen ha: de Smart
Wa wit......
En sa sjocht it der oer in jier as wat út
Ta beslút noch efkes oer de folders: Wij hiene de tas fol doe't wij ús auto wer opsochten. En dat nettsjinsteande it feit dat wij foar it gefoel hast alles wegere ha.
De kommende wiken genôch te lêzen
Op 19 juny 2013 is der in grut drama op in pleats yn de buert fan Makkingea. Mar leafst trije deaden en in swier ferwûne persoan binne dêr te betreuren.
Bij wurksumheden oan de jarresilo geane der dingen mis. In drama wurdt it.
In ûngelok mei giftige jarregassen komt te faak foar. Yn ien fan de bijlagen fan it ûndersiiksrapport fan de Onderzoeksraad voorVeiligheid steane mar leafst 35 ûngemakken yn de ôfrûne 30 jier. Net allegear mei deadlike ôfrin mar wol in hiel soad.
It is algemien bekend dat it wurkjen yn en bij dong gefaarlik is.
Yn it AD fan hjoed jouwe de byldzjende foto's en de begeliedende tekst oan wat der krekt bard is.
Justerjûn haw ik it folsleine rapport mei alle bijlagen lêzen.
In oantal (oor)saken binne dúdlik wurden, in oantal ek net.
Ik tink dat bij soksoarte ûndersiken der altyd wol wat fûn wurde sil wat net yn de heak wie. Dat net altyd alles krekt neffens it regeltsje gien is.
Nimt net wei dat sommige saken foar te kommen wiene.
Der falle mij twa saken op yn it ûndersyk.
It earste punt is it feit dat de regeljouwing yn Nederlân net ta lit dat in silo fan boppen iepen is (miljeu). De regeljouwing lit ek net ta dat der in "mansdoar" yn sit, sadat men der fan ûnderen yn kin en oaren makliker helpe kin at der wat mis is. It foardiel fan in iepen silo is ek dat it der ljocht is.
It frjemde fan it ferbot op in iepen silo yn Nederlân is, dat yn Dútslân in iepen silo just wol mei. Wêrom woene wij ek al wer ien Europa?
It twadde punt is foar mij noch nijsgjirriger. It is net foar neat dat twa heechleararen sjoen hawwe nei wat der foaral mis gie yn it minslik hanneljen.
Ien fan de mannen hie ademhellings apparatuur om. Hij stie yn de silo en rekket út de tiid.
De man dy't boppe yn de silo op de treppen stiet, sjocht dat en neidat hij help ropt hat, giet hij der yn sûnder apparatuur. Dat is hast itselde as selsmoard want je hawwe gjin kâns at je de rommel ynademje. Op syn "help roppen" kaam in tredde man oandraven en hij kiest der "blyn" foar om de oaren mannen te helpen en giet ek yn de silo.
It drama is noch net kompleet want ek persoan fjouwer wol helpe en giet de silo yn.
Hoe is it mooglik dat bij trije minsken dy't witte hoe gefaarlik it is yn in silo sûnder helpmiddelen it oerynstinkt "om te helpen" grutter is dan it sûne ferstân brûke.
Of' is sa'n fraach stelle al dubieus?
Achtergrond en vraagstelling De Onderzoeksraad voor Veiligheid is recentelijk een onderzoek gestart naar een voorval op 19 juni 2013 waarbij in een mestsilo op een boerderij in Makkinga (Friesland) drie mensen om het leven kwamen. Een man raakte zwaargewond. De vermoedelijke oorzaak was blootstelling aan mestgassen. Het komt vaker voor dat mensen hulp bieden aan anderen met potentieel gevaar voor eigen leven. De vraag die de Onderzoeksraad hierbij stelt, is: welke theoretische verklaring bestaat er voor dit gedrag van de betrokkenen die hulp probeerden te verlenen? De doelstelling van het huidige onderzoek is de Onderzoeksraad te voorzien van theoretische verklaringen voor het gedrag van betrokkenen en mogelijke maatregelen om dit gedrag te beïnvloeden.
De ûndersikers komme mei in rapport mei dizze ferklearjende human factors
It jou wat ynsicht.
It komt net faak foar dat wij der yn de foarjiersfakânsje al op útgean mei auto en fytsen. Dat koe hjoed mei alle gemak. Om 11 oere wie it 6 graden (net echt waarm) en tsjin healwei twaen wie it 10 graden (yn de sinne lekker).
Yn dy tuskentiid hawwe wij lekker ûntspannen sa'n 40 kilometer fytst yn en om de bosken fan Gaasterlân.
Wat opfoel wie de rêst. Sels yn dizze fakânsje wie der hast net in minsk op de dyk.
De measten gelegenheden wiene ticht en dat wie ek it gefal mei toeristyske attraksjes.
Sa siet in besite oan 't Zwaantje, in mûne yn de buert fan Nijemardum, wêr't de jongest mealder fan Nederlân de septer swaait, der net yn.
Mar gelokkich, it tsjerkhôf mei klokkestoel bij Rûgehúzen wie wol tagonklik. En sa't jim witte soarget in slach oer it lyts tsjerkhôf tidens in fytstocht hast altiten foar it hichtepunt.
24 febrewaris 2014 wie it kreas maaitiidswaar. 12 oant 15 graden.
Dat wie 36 jier al oars.
It iis lei yn de feart.
En fansels moast de breid efkes op it iis.
Yn de buert fan de Jouwer.
Sljocht op iis om samar te sizzen Dat is yn 36 jier net feroare.
Ek no moat Jellie it iis op at it der leit.
En at it der net leit, dan leit it wol yn Hearrenfean of yn Biddinghuzen.
De foto klopt hielendal.
De brêgeman fan doe bliuwt leaver op de wâl.
Ek at er gjin iis leit, ek dan hat hij leaver fêste grûn ûnder de fuotten
Sneon 15 febrewaris wie der in alderaardichst t.v. programma oer Schorem, Haarsnijder en Barbier. De kappers fan Rotterdam mochten harren favorite muzykklipkes útsykje bij Saturday Night en dat slagge tige goed. Dêr waarden sommige minsken entoesjast fan en ien dêrfan wie Jan Rinse Blanksma. Hij "seach syn eagen" út, hearde nije dingen, gie op syk en dielde syn entùsjasme mei oaren. Sa kaam it dat Jan Rinse it beslút naam sneon 22 febrewaris nei it earste Scumbash festival te gean yn Rotterdam.
It like mij ek wol wat sadat wij tegearre nei Rotterdam reizgen.
Fan middeis ien oant nachts ien peddelden wij fan poadium ien nei poadium 2. Harkje nei hurde punk, nei willepunk, nei rock, nei hurde rock en nei rockenbilly.
Mar boppedat wij seagen ús de eagen út, dat safolle muzykstilen safolle bijsûndere minsken bijelkoar bringt.
It foel op dat elkenien opfoel mei klean, mar foaral mei hier, burd en snor en dêrtroch foel der neat mear op.
Schorem, Haarsnijder en de Barbier stiene manmachtich klear yn harren "kappersaak" om krullen yn de snor te draaien, bakkeburden strak bij te skearen en it hier moai yn de stiifsel te setten.
De punkers hiene harren thús al yn de ferve en de stiifsel setten en sij soargen foar in kleurich gehiel.
Fleurich wiene ek de rockebilly froulju. Mei hege hakken, jurkjes op goeie lingte en taskes ûnder de earm soargen sij foar styl.
De rockenbilly mannen hienen allegear in moaie boppel yn it hier.
De rockers hiene fansels harren "moaiste herinnerings teasjurt" oandien, sadat elkenien sjen koe wêr't sij foaral earder ek west hawwe.
Der wiene fansels allegear bysdere ieterskreamkes en it wie in hearlike sfear dêr yn de âlde van Nelle fabriken. It skynt dat dy no foaral brûkt wurde foar kulturele dingen.
De muzyk wêr't wij alles fan sjoen en heard hawwe kaam fan:
the Stealers,
UK Subs,
Karma to Burn,
the Deaf,
Batmobile,
Bliksem,
Demented Scumcats,
Peter Pan Speedrock
the Toy Dolls
It wie in aardichheid om dit mei te meitsjen en eindelik in dei dat ik net opfoel tusken sa'n 4000 minsken ek al is myn burd wat langer as gemiddeld.
Resept foar in moaie jûn:
1. Nim in Dubliner (mei in ynwenner fan Dublin wêze, mar hoecht net, at hij mar diel útmakke hat fan the Dubliners)
2. Nim wat soannen mei dy't in moai poepke spylje en sjonge kinne.
3. Soargje foar de lokaasje mei in Ierske útstrieling
4. Noegje foaral de leafhawwers út fan Ierske muzyk
En sa waard it tongersdeitejûn yn Tigh Barra op 'e Jouwer, de skitterjende Ierske kroech dy't alles wat Ierlan hat útstrield, in moaie Ierske jûn.
Séan Cannon makke fanôf 1982 diel út fan the Dubliners en song en spile gitaar.
No't alle Dubliners fan it earste oere dea binne, spilet dizze Sean mei syn soannen de Dubliner nûmers. En omdat ien fan syn soannen in moaie djippe stim hat, dogge se ek wat Cash en omdat syn oare soan mei it sjongen net te ferstean is dogge se ek wat Dylan.
Trije sets lang wie it gesellich yn de grôtfolle kroech. At in folgjende kear de 30 praters thúsbliuwe dan hawwe de oare 70 in perfekte jûn wêryn meisjonge de boppetoan spilet en net it geraas fan dy lju dy't gjin respekt ha foar muzikanten wêrfan de 72-jierrige Sean mein syn moaie Dubliner stim somtiden muoite hie om boppe it geraas fan dy 30 út te kommen.
Ik haw al moai wat lêzen fan Harlan Coben. Neffens it oersicht hat hij 25 boeken skreaun en al moai wat prizen wûn. Dat begryp ik hiel goed. Alle kearen wurd ik wer ferrast troch syn moaie styl fan skriuwen. Syn keunst om it oan de lêste side ta spannend te meitsje. Om it ferrassend ôf te sluten.
Dat jildt seker foar it boek "Verzoeking" út 2010. Wat is adembenimjend boek. Wat in ferhaal.
Mei grutte belangstelling sit ik te wachtsjen op it boek "het verboden dagboek fan Maaike Vaatstra. It docht bliken dat der hieltyd mear minsken senuweftich wurde fan de komst fan it boek.
Minsken dy't der fan útgean dat se der net al te best yn beskreaun wurde, witte net hoe gau se de rjochter ynskeakelje moatte om de frijheid fan miening jaan te kearen.
Abbekaat Vlug dy't net it belang fan Jasper S tsjinne hat tidens de rjochtsaak, hat it der mar drok mei.
Sjoch dit artikel en tink nei hoe frjemd de rol fan dizze abbekaat is.
It boek dat ynkoarten útkomt is hjir te bestellen.
Freedtejûn wie der yn Asteriks, it poppoadium yn de Blokhúspoarte wer in âlderwetske rockjûn.
Optredens fan The Black Cult, the Afterpartees en Traumahelikopter. Yn dy folchoarder treden se ek op en sa gie it yndie nei in hichtepunt.
Traumahelikopter is in bijsûndere band út Grins mei heftige muzyk wêr't ik krekt as bij de Blackboxred in hiel soad enersjy fan krij.
Yn tsjinstelling ta in soad oare band dogge sij it sûnder basgitaar en mei de lytst mooglike drumbesetting: in lytse en in grutte trommel en in bekken. Allinne it sjen nei de drummer is in oanienskeakeling fan hichtepunten. Sjoch de fideo fan DWDD.
De namme Traumahelikopter is ek wol in bysûndere. Dy ferjitte je net.
It docht mij tinken oan de goeie âlde tiid mei in band mei de bysûndere nammen Dave Dee, Dozy, Beaky Mich en Tich. Dy ferjitte je ek net wer. Dat letter Dave Dee der bij wei gie, wie wat de namme oan oangie prima. it waard doe gewoan: Dozy, Beaky Mich en Tich.
Ferware giele kranteknipsels.
Ut it Boalserter Suffertsje.
De Boalserter Krante.
In samling "seisiswizen".
Prachtich om te lêzen.
Om te glimkjen, te gnizen of om der argewaasje oan te hawwen.
In oantal foar de leafhawwers
Fersinne is mooglik, sei de man tsjin it wiif, doe hied er de faam patte (= tútte)
Bêst beteard! sei de boer, it wiif dea mar de ko libbet noch.
Ik sjoch it kwea graach oer de holle, sei Klaas en hij troude in lyts wyfke
In preek yn it Frysk hie ik tocht! sei Albert, haw ik mij dêrfoar foerklaaid?
Do bist ien út tûzen, sei de faam tsjin de feint, de oare 999 binne lang sa beroerd net
Wa hat noch nea yn dat moaie Poppoadium Romein west?
En wat te sizzen fan Poadium Asteriks, op dat nuveraardige plakje yn de Blokhúspoarte?
Wat minder bekend is it feit dat Sealen Schaaf ek noch bestiet en dat ek dêr regelmjittich muzykjûnen binne.
Sealen Schaaf, wat fier fan it station ôf (12 minuten rinne) mar fierders in pracht seal.
Sealen Schaaf wêr't ik trije jier hast alle dagen lâns rûn fan de Speemanstrjitte nei de Eewal doe't ik op MDS siet.
Sealen Schaaf wêr't ik Fryske sksamens dien ha.
Sealen Schaaf dus. In moai breed poadium en dat hat altiten myn foarkar.
Justerjûn koene wij hast allegear op de foarste fiif rigen stean, Der wie der wer sa'n muzykjûn.
Buffalo Roam en Damage Justice.
Dy lêste is in Metallica tibute band.
Ferline jier seach en hearde ik se yn Romein en dat wie in slagge jûn.
Te min minsken juster, wol twa goeie bands. Ek de Buffalo Roam mocht der wêze.
Pake- en beppesizzer Jelske sjocht altiten earst nei de hoes en at sij in Frysk flagje sjocht, seit se: fan Pake.
Jelske is no krekt twa jier en fynt in tablet tige nijsgjirrich.
Der is ek neat mis mei dat bern dêr sa jong al wat mei ompiele.
Jelske hâldt (noch) net fan twitter, feestboek, email, google en spotify.
Jelske wol in 'pultsie dan".
Spultsje dwaan dus.
Dus soarget pake foar in berne app op de tablet.
Mei wat puzzels, mei wat bistegelûden, mei wat memory en in mooglikheid om mei de finger te tekenjen.
It giet mei dy spultsjes krekt as mei oare dingen wêrbij konsintraasje nedich is.
It duorret mar in pear minuten.
"Oar pultsie dan" seit se dan.
Ferline wike freed hie se nei minder as in kertier har nocht.
En ik ek. Want spultsje dwaan is seker net myn favorite bezichheid.
Wierskynlik haw ik bij it delheljen fan de app net krekt lêzen wat it gefolch is fan gebrûk.
Dêr bin ik dizze wike efterkommen.
Ik krige in email.
Mei sis mar de toetsrissultaten.
Wat hat dat lyts kertierke oplevere oan kreative, kognitive ûntwikkeling en hoefolle minuten sosjale feardichheid hat se dien.
At har mem en heit har oer 2 jier oanmelde bij de basisskoalle dan wurdt yn it ramt fan Passend Underwiis foarôf beoardiele at krekt dy basis skoalle wol it goeie plak is.
Heit en mem kinne dan fertelle wat harren befiningen binne en se kinne mei it tabletrapport fan pake fêst goed oantoane hoe't Jelske der foar stiet.
Moarn komt se wer in dei. Pake past op en pake hat op souder de bak mei playmobyl helle. 25 jier lyn it favorite boartersguod fan soan Tsjeard en dochter Anne-Marije. Benijd wat dit mei Jelske docht.
Nei in flinke waskbeurt binne se der klear foar. Moarn sil it as boartersguod tsjinje foar Jelske. Haw der mar in pear hynders bijdien, dan kin it hast net misgean liket mij.
En moarntemiddei meitsje ik myn "eigen rapport" op.
Op basis fan wat ik sjoch.
Ik haw der yn alle gefallen sin oan want sjen nei in famke dat mei playmobyl boartet liket mij folle leuker as it sjen nei in famke dat oan it "pultsie dan" is op in tablet.
Op twitter wie it hjoed wrâldnijs like it wol: Wybren Jorritsma amtner fan it jier.
Wybren in alsidige jongfeint, dy't hikke en tein is yn Wommels.
Wybren, fan herte lokwinske. Ik wit wat it is om amtner te wêzen. In gewoane grize amtner om samar te sizzen. Ien dy't op é tiid efkes nei bûten seach en ien dy't djippe laden hie (om te foldwaan oan it byld fan de bûtenwacht).
Ik haw njoggen jier amtner west bij de gemeente Snits en dat hat prima foldien. It hat mij mar ien titel oplevere: fytser fan it jier fan de gemeente Snits.
In hegere titel kin hast soene je sizze mar wat Wybren no berikt hat nei hast twa jier is boppe-ierdsk.
Ik haw gjin stim op Wybren Jorritsma útbrocht.
Dat komt omdat ik de oare kandidaten net kin.
Stimme foar iets betsjut wol in kar meitsje.
Dat slagget net at je mar ien kandidaat kinne.
Dat Wybren hiel goed is as amtner en boppedat in aardige fint is, dêr is gjin twivel oer.
Om te stimmen moatte je ek op Linkedin sitte. Ik sit net op dat medium. Dus stimme koe al net.
Sjoch at der stimd wurde moast om de bêste lifter dan soe Wybren bij mij in hiele grutte kâns meitsje.
En at der stimd wurde moast oer de gearstaller fan it leukste Fryske boek dan soe ik it ek wol witte.
Want miskien wisten jim it noch net mar dizze amtner fan it jier is ien fan de haadrolspilers fan it it machtich moaie boek "Lift" oer "10 jier op é tomme troch Europa".
Foar de net lêzers mar de harkers sit der sels in lústerskiif bij.....
Dus wa't lêze (of harkje) wol wat dy Wybren mei al syn freonen en freondinnen belibbe yn Europa, dy soe dit boek (mei in hiel soad foto's) ha moatte.
Dat boek, dêr binne noch in hûndert fan te keap.
De jubileumpriis (fanwege Wybren syn oerwinning) is 10 euro. Oars hie it 15 euro west.
Bestelle kin troch in mail te stjoeren nei redaksje@tsjeard.nl .
Dan komt it fêst foarelkoar.
At de boeken tenminste net te gau útferkocht reitsje. Doch it wol gau want der komt gjin twadde printinge.
Wat fytsen oangiet mei ik mij sels wol erfaringsdeskundige neame.
Alle dagen sit of lis ik op ien fan myn 3 fytsen. Yn de wurkwiken yn eigen omjouwing en yn fakânsjes faak yn it bûtenlân.
Berjochten sa as hjir boppe roppe dan ek altyd myn nijsgjirrigens op.
En dan giet it ek noch oer Wommels.
Wat mij opfalt yn dit stikje wat yn de L.C. stiet, is de sin: Voor automobilisten geldt dat ze de fietsers voor moeten laten gaan.
"Voor moeten laten gaan" wat is dat?
Is dat it selde as dat de fytsers foarrang hawwe?
Of giet men der fan út dat auto's dy't mei in gonkje fan 80 km oanriden komme fanút Easterein, de fytser dy't fanút Skrok oerstekke wol, foar gean lit út fatsoen?
Ik wit it net.
Ho.
Ik wit it wol.
Dat bart net.
It liket mij sa ta dat al dy strepen dy't no op de dyk kalke binne de fytsers it idee jouwe dat se foarrang hawwe en dat auto's stopje moatte.
Mar al dy strepen jouwe de autorider net it gefoel dat it giet om foarrang ferliene oan fytsers.
Of wurde de blombakken dy't no tichter bij Wommels op de dyk steane, ferpleatst nei dat punt, sadat auto's wol ôfremje moatte?
De oplossingen dy't no keazen binne op de van Sminialeane komme mij net echt fytsfreonlik oer. It idee dat auto's mij foar gean litte moatte, wylst it net dúdlik oanjûn is, komt mij wat te gefaarlik oer.