donderdag 6 maart 2014

In maat

Miskien wol 20 jier lyn hiene wij op in freedtejûn in fuotbalfessie fan SDS 5.
It siet noflik en de ferhalen wiene wer goed en sterk.
Op in bepaald momint komt Stoffel Bouma bij mij mei de fraach at ik de oare deis ek mei him keatse wol: De Okkema partij en dy hie(en miskien no noch wol) namme.
Ik siet al yn de fase dat keatsen myn ding net wie, mar ik woe Stoffel ek net teloarstelle.
Mei wat bierkes op kinne je ek net altiten de gefolgen goed oersjen dus ik stimde ta.
Ik moast earst noch gau lid makke wurde fan de keatsferiening fan Easterein en mei de tasizzing dat ik net mear hoechde te dwaan as wat balkeare naam ik noch ien en gie dêrnei op nei hûs.
De oare moarn sûnder pine holle, mar mei want en in spytgefoel nei Easterein.
Keatse, harrebarre....
Stoffel stelde my foar oan de oare maat Cathrinus Gerbrandy. Hie in goeie keatser west mar hie  jierren net folle keatst. Mar mei in fûle Stoffel koene wij best wol fier komme.....sei hij.
De twadde opslachbal fan Stoffel yn de earste partij wie gelyk syn lêste.
In swypslach yn it kût en rinnen wie net mear mooglik.
Myn maat moast oan de kant tasjen dat wij tegearre fierder moasten. Ik moast opslaan, ik moast yn it perk....
En myn maat Stoffel siet lekker yn it sintsje mei de poat omheech op in twadde stoel.
In maat fan neat, neamde ik him.
Fan je maat moat je it mar hawwe, sei ik letter faak tsjin him.
It wie de lêste kear dat wij maten binne, sei ik him
Dêrnei neamden wij elkoar goeie kunde.
Stoffel en ik hiene in oantal deselde ynteresses.
Dat wie net it aaisykjen,
seker net it mollen fangen,
en ek net it op wylde bargen, hazzen , kninen of fûgels jeie.
Nee, dat wie it Frysk en stikjes skriuwe.
Stoffel die dat foar it Frysk damjen yn de Boalserter Krante en syn stikjes wiene ferneamd.
Stoffel die dat ek krekt as mij yn de Treffer, it klupblêd fan SDS.


Ik skeau ûnder de namme Sibe de Seefûgel en hij as Bolke.
Tegearre hiene wij it der faak oer.
Oer de reaksjes fan minsken want de pinne wie somtiden skerp en de teannen lang.
Wij holden elkoar skerp en dat die it nivo goed.
Bolke hold earder op as Sibe.
De pinne hie te skerp west en Stoffel hie syn nocht fan dat geseur.

Mei Stoffel haw ik ek wurke oan de revue fan de keatsferiening Easterein. Stoffel hie tasein mar frege myn help yn om der in reade trie yn it bringen.
Moaie jûnen hawwe wij fantaseard en skreaun.

Neist dit trof ik Stoffel fansels op de fyts at wij nei de PC gyngen. Op fêste tiid derhinne en op in gaadlik momint werom.
Sa no en dan siet ik ek bij Stoffel yn de bus. Ek dêr wie neat mis mei, want it praatsje wie gesellich en it oantal ôfstimpele strippen waard beheind omdat ik úteinlik ek syn maat west hie (tink ik).
Twa kear hat er in moltsje út ús tún helle en at ik wer wat foar him neisjoen of skreaun hie wie in mieltsje iel myn diel.
Foar it Frysk damjen haw ik belangstelling krigen troch Stoffel. Net om it sels te dwaan mar wol om te folgen.
Stoffel bij it keatsen, Stoffel bij it fuotbaljen, Stoffel yn de tredde helte, Stoffel op Aaipop en Stoffel bij de blues op sneintemiddei.
Stoffel dy't " gesellichheid hat gjin tiid" ek fertaalde yn "gesellichheid hat gjin grins" of "gesellichheid hat gjin maat"
Maat hâlde wie lestich.
Ja dêr wist ik úteinlik alles fan.
De lêste jierren rekke Stoffel syn bulderjende laits hieltyd mear kwyt.
Hij waard stiller, hij luts him mear werom.
Syn striid om te oars te dwaan hie him yn de macht
Hij hie in soad fan syn lichem ferge, syn sterke bealch koe net stikken....
En dan ynienen it berjocht dat Stoffel stoarn is.
Samar,
of net samar

Spitich dat wij allegear seagen dat it net goed komme soe.
Spitich dat hij it sels net seach
of net sjen woe
of miskien wol seach

Stoffel, myn kleurrike "goeie kunde "
Ik sjoch mei nocht en in soad wille werom op dy prachtige mominten dy't ik mei Stoffel hân ha.

Stoffel wie in grut fan fan the Dubliners en wa wit sit hij dêr boppe ynkoarten al bij in konsert fan de orisjinele Dubliners, dy't ek allegear ferstoarn binne.




1 opmerking:

popko zei

Mooi skreaun Aant