Posts tonen met het label Stoffel. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Stoffel. Alle posts tonen

dinsdag 28 juli 2015

Fluitsjend troch it libben


Snein in rûntsje om.
Burchwert-Hartwert-Kliuw

Hartwert dus....
Stoffel dus.....
Kommende woansdei mist hij syn twadde PC.
mear as in jier lyn ferstoarn

In moaie tekst op syn stien

Fluitsjend giesto troch it libben

en sa wie it



maandag 10 maart 2014

Stoffel

Doe't ik fannemoarn betiid nei Snits fytste wie it kreas waar ûnder in opgeande sinne. In pear haskes seagen fernuvere om harren hinne. It like wol of daagden se mij út: sjoch hjir binne wij en wij binne net benaud (mear).
Goed 12 oere fytste ik werom en it wie noch altiten moai waar. Deselde haskes wiene der ek wer en ik koe hast mei harren fûskje. Se strielden noch altyd dat selde betrouen út. Of woene se sizze, ús kin neat mear oerkomme.
Tsjin healwei twaen stiene wij yn in lekker sintsje op de Foarbuorren ûnderweis nei de Martinitsjerke fan Easterein.  In lange rigele minsken.
Wat swart fûgelguod tsjin de tsjerketoer oan makke rûzje en se kraaiden as roeken. Geduldich skooden wij stapke foar stapke oer it brêchje, stapke foar stapke op it tsjerkepaad, stapke foar stapke nei de tsjerkedoar en stapke foar stapke nei Tine, Tryntsje, Sjoerd Teake, Siebolt en Joran.
Fertriet. 
Bij frou en bern.
Eltsenien seit syn wurden.
Wij ek.
En doe noch in pear stapkes.
Doe stiene wij bij de kiste.
De kiste mei Stoffel
Stoffel dy't er bij lei, sa't er wie.
Yn syn blau bûsgroen, mei syn pet mei aaien, mei syn Stoffel útdrukking.
Mar dan wol dea.
It wie as lei er dêr gewoan
sa fan: ik jou mij efkes del, dan kinne jim it oer mij hawwe.
Wij koene syn laits net mear heare mar wij koene dy laits wol sjen.

Meielkoar hawwe wij him betocht.
Yn wurd en muzyk.
Psalmen en the Dubliners, gesangen en You never walk alone.
Der waard praat oer Stoffel sa't wij Stoffel allegear seagen
Mar hoe't Stoffel echt wie?
Dat wit gjin minsk,
ek nei hjoed net.

Grutte bewûndering haw ik foar syn neisten dy't de moed hiene om wat persoanliks foar te lêzen of wat persoanliks foar te dragen, ja sels om wat te sjongen, wylst de emoasjes ús al troch de kiel draaiden.
Ferdoarje Stoffel, dit hie sa net moatten.
Wij misse dy no al.
En wij net allinne, ek dy haskes yn it lân en de roeken bij de tsjerketoer.
Sij hiene noch wol graach de striid mei dij oangean wollen.
En wij ik wol.
Ast it wollen hiest.

Doe't wij de tsjerke ferlieten, wie de sinne fuort.
In kâlde noardeastewyn stuts op.
It waard dizich oer it fjild.
It wie kâld wurden.

Stoffel, rêst sêft yn dyn Hartwert.
Ik kom gau ris bij dy sjen.





donderdag 6 maart 2014

In maat

Miskien wol 20 jier lyn hiene wij op in freedtejûn in fuotbalfessie fan SDS 5.
It siet noflik en de ferhalen wiene wer goed en sterk.
Op in bepaald momint komt Stoffel Bouma bij mij mei de fraach at ik de oare deis ek mei him keatse wol: De Okkema partij en dy hie(en miskien no noch wol) namme.
Ik siet al yn de fase dat keatsen myn ding net wie, mar ik woe Stoffel ek net teloarstelle.
Mei wat bierkes op kinne je ek net altiten de gefolgen goed oersjen dus ik stimde ta.
Ik moast earst noch gau lid makke wurde fan de keatsferiening fan Easterein en mei de tasizzing dat ik net mear hoechde te dwaan as wat balkeare naam ik noch ien en gie dêrnei op nei hûs.
De oare moarn sûnder pine holle, mar mei want en in spytgefoel nei Easterein.
Keatse, harrebarre....
Stoffel stelde my foar oan de oare maat Cathrinus Gerbrandy. Hie in goeie keatser west mar hie  jierren net folle keatst. Mar mei in fûle Stoffel koene wij best wol fier komme.....sei hij.
De twadde opslachbal fan Stoffel yn de earste partij wie gelyk syn lêste.
In swypslach yn it kût en rinnen wie net mear mooglik.
Myn maat moast oan de kant tasjen dat wij tegearre fierder moasten. Ik moast opslaan, ik moast yn it perk....
En myn maat Stoffel siet lekker yn it sintsje mei de poat omheech op in twadde stoel.
In maat fan neat, neamde ik him.
Fan je maat moat je it mar hawwe, sei ik letter faak tsjin him.
It wie de lêste kear dat wij maten binne, sei ik him
Dêrnei neamden wij elkoar goeie kunde.
Stoffel en ik hiene in oantal deselde ynteresses.
Dat wie net it aaisykjen,
seker net it mollen fangen,
en ek net it op wylde bargen, hazzen , kninen of fûgels jeie.
Nee, dat wie it Frysk en stikjes skriuwe.
Stoffel die dat foar it Frysk damjen yn de Boalserter Krante en syn stikjes wiene ferneamd.
Stoffel die dat ek krekt as mij yn de Treffer, it klupblêd fan SDS.


Ik skeau ûnder de namme Sibe de Seefûgel en hij as Bolke.
Tegearre hiene wij it der faak oer.
Oer de reaksjes fan minsken want de pinne wie somtiden skerp en de teannen lang.
Wij holden elkoar skerp en dat die it nivo goed.
Bolke hold earder op as Sibe.
De pinne hie te skerp west en Stoffel hie syn nocht fan dat geseur.

Mei Stoffel haw ik ek wurke oan de revue fan de keatsferiening Easterein. Stoffel hie tasein mar frege myn help yn om der in reade trie yn it bringen.
Moaie jûnen hawwe wij fantaseard en skreaun.

Neist dit trof ik Stoffel fansels op de fyts at wij nei de PC gyngen. Op fêste tiid derhinne en op in gaadlik momint werom.
Sa no en dan siet ik ek bij Stoffel yn de bus. Ek dêr wie neat mis mei, want it praatsje wie gesellich en it oantal ôfstimpele strippen waard beheind omdat ik úteinlik ek syn maat west hie (tink ik).
Twa kear hat er in moltsje út ús tún helle en at ik wer wat foar him neisjoen of skreaun hie wie in mieltsje iel myn diel.
Foar it Frysk damjen haw ik belangstelling krigen troch Stoffel. Net om it sels te dwaan mar wol om te folgen.
Stoffel bij it keatsen, Stoffel bij it fuotbaljen, Stoffel yn de tredde helte, Stoffel op Aaipop en Stoffel bij de blues op sneintemiddei.
Stoffel dy't " gesellichheid hat gjin tiid" ek fertaalde yn "gesellichheid hat gjin grins" of "gesellichheid hat gjin maat"
Maat hâlde wie lestich.
Ja dêr wist ik úteinlik alles fan.
De lêste jierren rekke Stoffel syn bulderjende laits hieltyd mear kwyt.
Hij waard stiller, hij luts him mear werom.
Syn striid om te oars te dwaan hie him yn de macht
Hij hie in soad fan syn lichem ferge, syn sterke bealch koe net stikken....
En dan ynienen it berjocht dat Stoffel stoarn is.
Samar,
of net samar

Spitich dat wij allegear seagen dat it net goed komme soe.
Spitich dat hij it sels net seach
of net sjen woe
of miskien wol seach

Stoffel, myn kleurrike "goeie kunde "
Ik sjoch mei nocht en in soad wille werom op dy prachtige mominten dy't ik mei Stoffel hân ha.

Stoffel wie in grut fan fan the Dubliners en wa wit sit hij dêr boppe ynkoarten al bij in konsert fan de orisjinele Dubliners, dy't ek allegear ferstoarn binne.




maandag 29 oktober 2012

Stoffel op kontrabas

De lêste snein fan de moanne om in oere as fjouwer tilt it yn Easterein op fan de bluesleafhawwers. Yn de túnseal fan Noflik is it gesellige boel mei soms ferrassende bands.
Sa ek snein doe't de Tru Tones harren debút makken yn Easterein. Se makken der wer in moai (dûns)feessie fan.
De band hie in kontrabas spiler en soks leavert mei sfearfolle ferljochting in moai plaatsje op. Boppedat hie de man in pet op en sa fanút de fierte seagen wij suver in bekende..............
 
dus waard dy bekende ek efkes op de kontrabas setten en sûnder problemen spile hij hits as "Skowe, skowe, skowe", "Buske komt sa" en "In skot foar in protter".

de drummer fan de band koe it oplêst net úthâlde op syn krukkie en fleach al trommeljend de hiel seal troch en dielde rekke klappen út oan alles wat los en fêst siet. Tamme de Boer koe him krekt ûntwike mar wist wol wat foto's te meitsjen.
 


zondag 11 maart 2012

Damjen Frysk spul

In ferrassend moaie jûn op ynternet. Freedtejûn. It kampioenskip fluch damjen Frysk spul. Wêr't ornaris dammers stinne en tinke oer de folgjende set en it goed oan tiid dogge, giet it sa'n jûn om razend fluch tinke, net stinne mar skowe.
En nei it skowen as de soademiter de eigen tiid stil sette en in oar syn tiid oansette.
7 potsjes fluch damme en alle kearen 10 minuten de tiid, is it konsept.
Freedtejûn hie omrop Fryslân de kamera's yn it doarpshûs op é Gastmar del setten. Klaas Jansma mocht wat kommentaar jaan en dat waard in fermakelike jûn.
Konsintraasje en ûntspanning wikselen elkoar ôf. De spanning wie te fielen en nei in potsje Frysk damjen sjen wat net langer as 10 minuten duorret, hoecht gjin straf te wêzen. Ek al kin je rigels net iens. Boppedat wist Klaas Jansma op in hiel aardige wize de sfear oer te bringen nei de ynternet sjoggers.
Leuke petearkes, moaie opmerkingen en fansels mei gefoel foar humor.
In moai ynitsjatyf fan de dambûn Frysk spul.
It wurke nei in prachtich hichtepunt ta omdat yn de lêste partij der noch priis kânsen foar meardere wiene.
Myn bysûndere belangstelling gie út nei de partij fan in lid fan Hartwert en in lid fan Skearnegoutum, dy't yn Wommels en Easterein wenje, dy't Stoffel en Jelle hjitte.
In dramatyske ûntknoping foar Stoffel Bouma dy't yn Jelle syn lêste 14 sekonden ferlear, wêrtroch  Jelle Wiersma  úteinlik twadde waard efter winner Marten Walinga.
Stoffel Bouma en Jelle Wiersma yn harren lêste partij oan de ÿnternet tafel

 
Klaas Jansma kaam yn it einspul lâns en miende te sjen dat Stoffel der goed foarstie en dat Jelle noch mar in heale minút tiid hie om wat moais te betinken.

  Yn de lêste heale minút makket Stoffel in lyts flaterke en Jelle sjocht en skoot razendsnel syn folgjende set, wêrtroch Stoffel yn ferlerne posysje stiet en it oerjaan moat.  
Stoffel begrypt der neat fan dat hij dit út hannen jûn hat en set te houtsjes efkes werom foar de analyse


En Klaas Jansma sjocht de dramatyk: "Bouma jonge hoe kin dit no, en wat giet der troch jo hinne"?

Jelle Wiersma sjocht it glimkjend oan. Hij profitearde optimaal fan in flaterke en waard twadde.

Ik sjoch no al út nei in kampioenskip fluchkeatse!! Wêr? wannear?

(de foto binne thús makke fanôf ynternet)