Feilichheid foar fytsers je soene tinke en wolle dat it foarop stiet bij oerheden.
Je soene tinke dat feilichheid net bûn is oan grinzen.
Net oan provinsjegrinzen en seker net oan gemeentegrinzen.
Je soene it tinke......
De praktyk is oars.
At ik fanút Wommels nei Snits fyts kin ik foar de "feilige" binnenpaad route fytse fia Reahûs en Turns.
At je de gledde feeroasters, de drek paden en it altyd mei grutte plazzen oerstreamde betonpaad krekt foarbij Reahûs foar leaf nimme wolle.
Dat wol ik meast wol, mar no't se Reahûs op de kop hawwe en it dêr ien grutte drekboel is en seker net geskikt is foar lisfytsen, kies ik wolris foar de auto route nei Snits (fia de Kliuw).
Fanút Easterein kom ik op in moaie autofytsdyk.
It bliuwt altyd gefaarlik yn it tsjuster omdat je hope dat autosjoffeurs je sjogge; mar mei de reade fytsstroken en de goeie wite linen dy't dêrbij heare , jout it je as fytser dochs wol in reedlik in feilich gefoel.
Hoe oars wurdt at ik de Kliuw foarbij bin en de gemeente Súdwest Fryslân binnenfyts.
Ynienen hâldt it op.
Gjin reade fytsstrook mear oan beide siden mar in hiele suterige wite line yn it midden.
Gelyk krij ik dat ûnfeilige gefoel.
Ik wol hurder om sa gau mooglik wer in feilich fytspaad bij Tsjalhuzum te berikken.
Mar hurder giet net. It giet langsumer want it grize fan de dyk en it grize fan de berm liket wol hiel bot op elkoar. Ik fyts mear nei de midden en besykje de wite strepen te folgen.
It soe moai wêze dat in feilige dyk foar fytsers net ophold bij in gemeentegrins.
Of is der hope nei 2016 at de Gemeente Súdwest Fryslân bij in stik fan Littenseradiel komt.
Dan moat in feilige fytsdyk der wol ynsitte. Ek yn Sudwest Fryslân.
donderdag 29 november 2012
woensdag 28 november 2012
Begrutsjen
Ik haw sa'n begrutsjen mei dy Kickbokser wêr't ik de namme efkes fan kwyt bin. Komt ik dat ik altiten wat muoite ha mei Marokaanskes nammen. Al dy bijlûden efterelkoar oan meitsje de útspraak net makliker en dêrtroch myn ûnthâld ek net.
Ik neam him dus mar Man Estelle. Want dat wol hij graach wurde. Hij wol ek fan ûnbesprutsen gedrach wurde.
Dat sei hij doe't hij efkes frij kaam.
In grutte blunder fan de rjochtbank.
Net mei tsjûgen prate en net yn de horeka komme.
Dat is it selde as de paus ferbiede in krús te slaan en Matthijs van Nieuwkerke ferbiede oimmen net yn de rede te fallen.
Dat bestiet dus net.
Sa moat man Estelle wer yn 't gefang.
Liket mij logyske at je immen ynelkoar ramme.
Gjin begrutsjen.
Syn sit efter de tralies duorret oant 2013 ta.
Dat is net leuk (foar him).
Kryst fiere yn it gefang.
Dat hat Hazes ek al ris dien tink ik.
Oars kinne je dêr net sa moai oer sjonge.
Foar Man Estelle dus in joetjoepke fan Hazes, oanbean troch mij,
En omdat der ek dit jier fansels wer twa krystdagen binne kin My own prison fan Creed der ek noch wol bij.

En fan @tsjeard mei hij harkje en sjen nei the Beastie Boys Fight for your right
Ek oanbean troch @Tsjeard Neat it fan Michael Jackson
En omdat der ek dit jier fansels wer twa krystdagen binne kin My own prison fan Creed der ek noch wol bij.
@Jortvan Zutphen fynt Prodigy foar him wol stoer muzyk en dan spesjaal it nûmer Smack bij Bitch
En nei al dat geweld is der tiid foar rêst. Mei John Prine slagget dat wol.
maandag 26 november 2012
Muzyk agenda oanpast
Rjochts op myn blog stiet myn muzykagenda.
Dy pas ik regelmjittich oan.
Want moaie konserten binne der altyd.
Je moatte der allinne efkes tiid foar meitsje.
En dat doch ik graach.
De bluesjûn mei de Blues Busters yn Noflik Easterein hat wer west.
Sneontemiddei om goed 4 oere oant healwei njoggen oer ta.
It wie wer in feest.
It swingde de pan út ek, mei troch in gast mûlharpspiler.
Nij yn de agenda iets hiel bijsûnders.
Op de ferlanglist fan soan Tsjeard en mij stiene de Dropkick Murphys.
Wêr kinne je dizze Amerikaanske punkband dy't safolle hat mei Ierske folk better sjen as yn Ierlân.
Yn Dublin dus op 12 jannewaris 2013.
Twa nachten Dublin mei in konsert fan the Dropkick Murphys.

In lekker drok nûmer
In hearlike ballad
Labels:
Dropkick Murphys,
Dublin
zondag 25 november 2012
Drave
Hurddrave is troch de jierren hinne aardich populêr wurden.
It oantal ringroepkes is flink groeid en sa komt it ek dat je oeral minsken draven sjogge.
De technyske ûntwikkelingen hat dêr yn ek in rol spile want ûnderweis mei hertslachmeters, kalorymeters, stappetellers en gps is it mear as wat drave.
11 jier jier wie de earste Slachterin. In parkoers, diels oer de Slachte, fan 2, 5, 10, 21,1 kilometer.
11 kear bin ik no west te sjen bij de start en de finish.
In moai byld is foaral it healoere foar de start.
Oeral yn Wommels riede se harren ta op de rin. Yndrave, opwaarmje, yn de stimming komme, it goeie ritme sykje en oerlizze mei de oare dielnimmers. "Wat draafsto, wat is it doel en hoe giet it".
Om 11 oere giet it los.
De sinne besiket der trochhinne te kommen want it is grou en griis en dizich. Mar de sinne moat de slach ferlieze, it bliuwt in draaftocht yn de mist.
Wylst de dravers harren paad en route drave gean ik alfêst al nei de finish want de 2 en 5 kilometer binne sa werom.
En bij de finish bin ik op tiid foar in prachtich taferiel. Wybren Visser fan Harns (?) docht al jierren mei sûnder dat der sprake is fan draven. Efter syn rollator, mei trainingspak en sportskuon oan, skoot hij himsels de 2 kilometer foarút. Om as earste oan te kommen yn syn kategory.
Bij de finish meldt hij him bij de organisaasje en hellet út syn rollatorkuorke in presintsje foar de organisaasje.
Hoe tankber kinne je wêze dat je noch meidwaan meie en kinne.
It oantal ringroepkes is flink groeid en sa komt it ek dat je oeral minsken draven sjogge.
De technyske ûntwikkelingen hat dêr yn ek in rol spile want ûnderweis mei hertslachmeters, kalorymeters, stappetellers en gps is it mear as wat drave.
11 jier jier wie de earste Slachterin. In parkoers, diels oer de Slachte, fan 2, 5, 10, 21,1 kilometer.
11 kear bin ik no west te sjen bij de start en de finish.
In moai byld is foaral it healoere foar de start.
Oeral yn Wommels riede se harren ta op de rin. Yndrave, opwaarmje, yn de stimming komme, it goeie ritme sykje en oerlizze mei de oare dielnimmers. "Wat draafsto, wat is it doel en hoe giet it".
Om 11 oere giet it los.
De sinne besiket der trochhinne te kommen want it is grou en griis en dizich. Mar de sinne moat de slach ferlieze, it bliuwt in draaftocht yn de mist.
Wylst de dravers harren paad en route drave gean ik alfêst al nei de finish want de 2 en 5 kilometer binne sa werom.
Bij de finish meldt hij him bij de organisaasje en hellet út syn rollatorkuorke in presintsje foar de organisaasje.
Hoe tankber kinne je wêze dat je noch meidwaan meie en kinne.
En sa binne se allegear wer oankommen mei ik oannimme.
Ek soan Tsjeard (koarte broek) dy't hjir sa'n 200 meter foar de finish draaft bij it hús (lofts) fan dochter Hildau lâns.
vrijdag 23 november 2012
Yn de ban fan.......
Sûnt moandeitemoarn 7.30 oere bin ik yn de ban fan de moard op Marianne Vaatstra.
Fanôf it earste momint dat ik it hearde wol it mij mar net oan oan dat dit de dieder is.
Miskien is dat wol raar.
Lês ik miskien tefolle misdied / rjochtbank thrillers , wêryn bewiis altyd en manipulaasje soms in rol spylje.
Wêrom wol it mij mar net oan dat in boer nei 13 jier ynienen de dieder is.
Ik wie gelyk ferbaasd dat de almachtige Peter R de Vries it nijs wrâldkundich makke.
Wat sit hjir efter?
Werom organisearret de offisier fan justysje sels net in parsekonferinsje en docht it nijs?
Myn erchtinken oer de rol fan PR krige ik ek befestige yn de útstjoering fan DWDD fan moandei en tiisdei. In walchelik optreden dy't fermoeden docht dat der mear oan de hân is.
Wie hij jierren lyn kritysk oer de rol fan justysje, no is hij harren wurdfierder.
Woansdeitejûn kom ik op twitter iets tsjin oer Klokkeluiders site.
In oantal ûndersyk sjoernlaisten hawwe al in hiel dossier oer de saak Vaatstra.
Mei hieltyd grutter wurdende ferbazing lês ik alles troch. Woansdeitejûn, tongersdeitejûn en ek freed oerdei.
Ik bin úteinlik ferbjustere.
Ferbjustere oer alles wat der bard is.
Wat ik lês is it ferrassende plot fan in spannende thriller mei alles der op en der oan: leagens, bedrigingen, manipulaasjes, doofpot, hege amtners, net hearde tsjûgens, sebeare ûndersiken, oerspande resjersjeurs en stratgyske setten fan justysje.
Konkluuzje: ik bin oertsjûge troch de ferhaal op de ûndersteande siden. Ik leau yn de ûnskuld fan boer J. Dit is folle grutter as in "deagewoane" moard.
Boublog
Rechtenkrom
Klokkenluiders.nl
Ik leau yn de komplotteory. Ik kin it net helpe.

woensdag 21 november 2012
Wolkom
Ik wenje yn Wommels.
Dat leit yn de gemeente Littenseradiel.
Wommels is it haad plak. Dat is sa omdat it gemeentehûs hjir stiet.
It betsjoerssintrum dus.
It betsjoerssintrum dus.
Wij ha hjir fan alles yn ús doarp.
Skoallen, in bybliotheek, wat horeka, in swimbad, huzen oan it wetter, bushaltes, sportferienings, huzen net oan it wetter, in Freulekeatspartij, in brêge en wat brêgjes, in bakker, In Terp, in slachter en in moaie supermerke.
Wij binne dan wol it haadplak mar wij gedrage ús net nei oaren ta sa net.
Wij gunnen oare doarpen ek wol wat.
Wij gunne Winsum syn fierljepskâns, Weidum syn froulju's PC, Kûbaard syn keunstners, Littens syn pealtsje, Reahûs syn katolike tsjerke, Easterein syn sporthal. Boazum syn mjitte en Mantgum syn stasjon.
Al dy doarpen en doarpkes mei al harren eigen bysûnderheden meitsje de gemeente Littenseradiel ta wat wij no binne.
Ik bin tige ynnommen mei ús moaie omjouwing, mei syn fiergesichten.
Ik bin dus mei ús gemeente.
De gemeente sil oer in pear jier wol net mear bestean. Alles moat grutter sizze gelearden. En dan wurdt it djoerder jouwe oare gelearden oan.

Us gemeente hat him lang fersetten mar dat ferset is no hast brutsen. It moaie is noch wol dat dy baaskes yn Ljouwert foar ús bepale soene wêr't ús takomst leit. Moai net. Dat bepale wij fan ûnderop.
De kommende winter fine der mear as 20 harksittingen plak. Yn hast alle doarpen is der in mooglikheid om mei te praten.
Underwilens giet it libben gewoan troch. Krekt of is der gjin ûnwisse takomst.
It gemeentehûs wurdt gewoan ferboud en der is in nij logo.
Dat logo kinne je no oeral sjen op de nije buorden dy't oan de dyk stean wêr't in grins is mei in oare gemeente.
Om myn tinzen te prikkeljen haw ik gjin Therme krême nedich, mar lis ik mij efkes del op de fyts.
"Kûbaard om". In goeie 7 kilometer en dat is krekt lang genôch om nije ynspiraasje op te dwaan.
Kûbaard om betsjut no ek dat ik bij Kramershoeke (tusken Wommels en Spannum) alle kearen dat nije boerd sjoch fan ús gemeente logo.
Want frjemdgenôch dy bocht en in stikje dyk falle ûnder de gemeente Frjentsjeradiel.
Moai is dat. Sûnder dat ik it yn de gaten ha, fyts ik dêr bij Kramershoeke de gemeente út. Nei sa'n 440 meter hjirt men mij wolkom yn myn eigen gemeente wêrfan ik tocht dat ik der noch yn wie.
maandag 19 november 2012
De banaan is de pisang
De Velomobielen ( yn de folksmûle bananen of raketten) meie net mear meidwaan oan de fyts11stêdentocht op pinkster moandei. Dat is it nijs dat sneon nei bûten kaam.
De fyts11stêden is foar twa tsjillers en it bestjoer hat jierrenlang de trije tsjillers wol talitten. Mar yn it belang fan de feilichheid is it net langer ferantwurde. Foaral toerfytsers hawwe der oer oan it kleien west.
Dat hawwe se ek dien oer de groepkes reesfytsers ( dy yn dy selde pakjes, dy mei dy lûde,razende en roppende stimmen) mar it reglemint kin sokke lju net útslúte.
De bananenfytsers wol, dat binne trijetsjillers.
Net bliid
De velomobielfytsers binne net bliid mei it beslút.
Sij fine it sels net gefaarlik at se tusken of lâns al dy oare fytsers reeze.
Want reeze dat dogge se foaral.
De lju dy't yn dizze giele bananen sitte hâlde foaral fan avenseare. Oars ha je net sa'n ding.
Foar oare fytsers op sa'n dei levert in velomobyl meast efkes in skrikreaksje op.
Ynienen is hij der. En fuort is hij al wer.
Konsintraasje efkes fuort en hoppa, dêr leit wer ien (of mear).
Tanksij dy velomobilen, is de ferûnderstelling blykber.
Sels bin ik al 14 jier lisfytser. Ik haw twa lisfytsen en dy sjogge der ûngefear sa út. Ien mei in boppestjoer en ien mei in ûnderstjoer. Gewoan op twa tsjillen.
Ik ha de 11 stêden tocht ien kear fytst op ien fan de lisfytsen.
Net op pinkstermoandei.
Dat is te gefaarlik. Dat kin ik foar mij sels goed genôch ynskatte.
It sicht efter-en yn dy grutte groepen is te min.
Kin der net goed bijlâns sjen.
Oare dei
At je de 11stêden sa graach op ien dei befytse wolle dan binne dêr 364 of 365 oare dagen yn it jier.
Dat ha wij dan ek in kear dien. Op in moaie snein.
Gewoan lekker as lisfytsers mei goed sicht op alles.
Lisfytsers soe ik oproppe wolle, gean lekker op in oare dei mei syn allen as lisfytsers dy 11 stêden lâns.
Miskien bin ik dan noch sa gek te krijen om mei te dwaan
Goed beslút
Ik begryp it beslút fan it bestjoer wol.
It argument fan snelheid is wol wat diskutabel.
Want dan kinne der ek noch wol hiel wat reesfytsers útband wurde.
Miskien dat it bestjoer dêr ek noch wat oandwaan kin.
Dan wurdt it foar dy toerfytsers miskien ek wer leuker.
.

zondag 18 november 2012
18 novimber
Krekt nei tolven bruts hjoed de sinne troch.
Sinne yn novimber beskôgje ik as in meifaller.
Sinne yn novimber op snein is in foltreffer.
Sinne yn novimber, op snein en hast gjin wyn is in wûnderke.
Fan dat wûnderke makken wij in deugd.
In sportive deugd.
In lisfytsrûntsje.
In moai rûntsje mei betiden ûnbegeanbere diken tusken de boulannen bij Winaam.
Unbegeanber dat jildt dan foaral foar lisfytsen.
It gewicht leit foaral efterop en de druk op it foartsjil is hiel lyts.
Mei al dy drek op de diken hie ik hâlden en kearen en mei losse hannen fytsen wie der net bij.
Yn Harns in fiskje.
Troch Kimswert en dêr seach ik mei oare eagen nei.
Want thús bin ik dwaande yn de brêgesitter fan Meindert Bijlsma. It boek beskriuwt it doarp op in unike wize en dat besykje tidens de kilometer troch Kimswert werom te finen.

vrijdag 16 november 2012
Net alles leauwe
Je moatte net alles leauwe wat immen seit.
Jim hawwe fêst ek wol fan dy minsken wêrbij je it ferhaal mei in kerrel sâlt nimme moatte.
Je moatte ek net alles leauwe wat der skreaun wurdt.
Dat jildt foar rabbersblêden en foar de Telegraaf bijgelyks.
Hoe grutter it letterype, wat grutter de ûnwierheden.
Ik seach dizze wike thús yn de dûs in nij produkt stean.
Net dat wij altyd de selde flessen dêr stean hawwe, want meastal komme de flessen mij bekend foar en boppedat is it sa dat de minsken dy't op jierdeibesite komme oer it ginneraal bepale wat wij yn de dús stean hawwe.
Neat mis mei. It is net ferkeard om sa no en dan oars te rûken.
Sels haw ik sjampo tsjin fet hier, tsjin roos, tsjin krullen en tsjin katers brûkt. Ik haw net it idee dat it wat holpen hat. Utsein de sjampoo tsjin krullen.
Mar werom nei it nije produkt bij ús yn de dûs. It seach der sa út.

Omdat ik dochs ûnder de brûs stie, haw ik it mar efkes lûdop songen:
Therme Skincare
Ylang Ylang Shower Satin
op de wize fan Vader Jacob en Leeuwarder Blues.
Myn dochter rôp noch "moatst op Ingelske les" en "kinst net sjonge".
Mar ik song it noch 22 kear lykas wij altyd diene mei it potsje mei fet.
Myn nijsgjirrigens nei dit produkt waard troch dizze prachtige hamoninieuze tekst ûnbetwingber. Mar de fraach bleau wat kin ik hjir no mei.
Kin ik myn hier en myn burd hjir mei waskje of is foar de hûd nei de wask.
De ferlieding wie te grut om it mar net efkes te preabearjen. Noch ien kear goed sjen.

Frek sis, "verleidelijk" it stiet der sels op. No dêr hawwe se yn alle gefallen gelyk oan.
Ik kin it net weromsette sûnder it te brûken.
Wat stiet dêr: "Zeepvrij" , wat is dat no wer?

Ik wol mij waskje en troch swithûd liket sjippe mij net ferkeard.
Wat kin ik der dan wol mei?
Wat kin ik der dan wol mei?
Miskien wit de efterside fan de tube it wol.
De Nederlânske tekst jout folle mear dúdlikheid.
It is dus in douchecrême dy't fersoarget en as reamme smarret
De eksotyske aroma's komme fan de Filipijnen en hawwe ûntspannende eigenskippen......
en prikkelje de geast.
Dat lêste klopt dus...ik woe gelyk skriuwe neidat ik it efkes rûkte.
Ik nim oan dat it gjin leagens binne dy't der op stean.
Ik soe noch wol leauwe kinne dat der gjin sjippe yn sit, dat it fersoargjend is dat it fan Ylang en Ylang blommen komt en dat dy planten op de Filipijnen groeie, mar meitsje mij asjeblyf net wiis dat it ûntspant en dat it myn geast prikkelt....
It jout allinne oanlieding om dit stikje te skriuwen.
Nee, je moatte net alles leauwe wat der op stiet.
woensdag 14 november 2012
Poesiealbum

Sneon in grappich artikel yn de LC oer de oerienkomsten en ferskillen tusken Facebook en it poesiealbum.
Jonges hawwe gjin poesiealbums, tink ik, dêrom dy fan myn mem mar efkes opsocht.
Dat is ûnderwilens in digitaal album wurden want bij it ferstjerren fan beide âlders hawwe wij alle foto's en oare nijsgjirrige saken digitaliseard sadat alle bern in CD krije koene mei in stikje ferline.
Myn mem wie ienichst famke fan in net troude mem en hat har heit nimmen kinnen leard. Sa gie dat doe mei boerefammen dy't de búk fol krigen fan in boer dy't de búk der ek al gau fol fan hie.
12 jier wie myn mem yn 1935 doe't beppe Dutsje dit skreaun hat.
dinsdag 13 november 2012
Tribute the Doors
At de bledsjes fan de beammen falle wol de wanmoedigens wolris tasjaan. Foar minsken dy't dêr lêst fan hawwe in ferfelende perioade.
Ik haw gjin lêst fan dy trystens. Ik haw wol lêst fan it tsjuster. Moarns nei it wurk yn it tsjuster en middeis nei hûs ek wer yn it tsjuster.
Jim Morrison, sjonger fan de Doors hie neffens mij ek lêst fan trystens. Hij socht syn heil yn drank en drugs.
27 jier waard hij.
Syn muzyk is tiidleas. Dat seach ik ferline jier op 13 novimber yn Burgum doe't D'n Doars as tribute Doors band optreden yn Kiehoal.
Tafallich of net mar op 10 novimber 2012 wie ik wer bij in optreden fan tributeband fan the Doors. No yn it Bolwurk. In útferkocht Bolwurk.
Al wer in moai optreden mei in soad entûsjaste minsken. Foar yn de seal bij al dy fans dy't liet foar liet meisongen hie ik it tige nei it sin. Want je moatte wol foaryn it Bolwurk wêze om de muzyk goed mei te krijen. In útferkocht Bolwurk is net it beste plak om in konsert mei te meitsjen. De seal is te smel en it lûd is meager at je efteryn steane. Of mei ik dat net sizze?
It slotstik wie fansels foar the End. Yn dit gefal fan de echte Morrison.

zondag 11 november 2012
Tige tank
Nei in tarieding fan in heal jierke gie op 4 novimber 2002 de wepside fan SDS de loft yn. Wij binne no 10 jier letter en neist myn gesin en it wurk freget de side fan mij de measte oandacht.
Wa hie dat tinken kinnen. Ik kin mij noch herrinerje dat Willem Wijnia en ik út namme fan de Treffer redaksje in petear oangiene mei it bestjoer fan SDS.
Wij woenen in wepside en fregen tastimming fan it bestjoer.
10 jier wie dat net allegear sa gewoan en it bestjoer mei Rienk Wiersma as foarsitter stie der net negatyf tsjinoer, mar wiene noch net gelyk echt entûsjast.
Doe't wij dúdlik meitsje koene dat it net folle koste (Wouter Jorritsma mei syn bedriuw (no"Freeze it") woe doe graach in fergese bijdrage leverje), dat it mooglik jild opleverje koe (sponsers) en dat it de takomst wie, krigen wij it griene ljocht.
" Iim meie jim gong gean" sei de foarsitter en dat hat wij oersetten nei : "jim dogge de wepside mar, dan hâlde wij ús wol dwaande mei de klup en it fuotbaljen".
Sa koene wij nei it earste berjocht (4 novimber 2002) de side ynrjochtsje en "nei ús hân sette".
Nei 10 jier binne wij beide noch altiten wepmaster en binne wij beide grutsk dat de side der sa bij stiet. Wat ynrjochting oangiet noch it selde, mar wat ynformaasje oangiet tûzem stappen fierder.
De gearwurking as wepmasters is in bysûndere gearwurking kin ik jim sizze.
Ik kin mij net herinnerje dat wij yn dy 10 jier in kear echt "fergadere" hawwe oer de wepside. Op ien of oare wize dogge wij beide ús ding en dat hat resultearre yn in oantal aksinten dy't der út springe: Aktueel nijs, foar de hiele klup, Frysk at it kin en net frij fan kwinkslaggen.
Oerlizze oer nije dingen en feroaringen dat dogge wij at wij bij it stek at wij nei in wedstriid sjogge, op strjitte wannear wij elkoar tsjinkomme, bij de bar at wij in bierke drinke en at wij elkoar bij de muzyk treffe.
Wij hawwe yn 2002 de frijheit fan it bestjoer krigen om der wat fan te meitsjen en dêr binne wij bliid om, want frijheid fan tinken en dwaan betsjut dat je de eigen kreativiteit alle dagen wer brûke kinne.
Yn dy 10 jier (3650 dagen) hat de wepside wat ynformaasje oangiet ûngemurken in ûntwikkeling trochmakke. Hoe lang dizze wepside myn libben noch behearst wit ik net. Lit ik sizze sa lang ik it noch leuk fyn en der mear piken (dat binne der in hiel soad) binne as bedeltes (dat binne der gelokkich minder).
10 jier wepside is yn myn gefal foaral 10 jier gearwurkje. Mei de minsken dy't soargje foar de dingen dy't wij brûke kinne foar de side.
Mar 10 jier gearwurkje wie foaral gearwurkje mei Willem, fia de mail, bij it stek, oan de bar en op strjitte. Dêrom in wurd fan tank oan Willem foar in prachtige gearwurking fan 10 jier. Om mij kinne wij sa noch wol in oantal jierren foarút. Mar goed dêr hawwe wij it wolris oer at it sa útkomt oan it stek, bij de bar of yn it Bolwurk of sa.
En spesjaal foar Willem in fracht hearlike herrie.......
Wa hie dat tinken kinnen. Ik kin mij noch herrinerje dat Willem Wijnia en ik út namme fan de Treffer redaksje in petear oangiene mei it bestjoer fan SDS.
Wij woenen in wepside en fregen tastimming fan it bestjoer.
10 jier wie dat net allegear sa gewoan en it bestjoer mei Rienk Wiersma as foarsitter stie der net negatyf tsjinoer, mar wiene noch net gelyk echt entûsjast.
Doe't wij dúdlik meitsje koene dat it net folle koste (Wouter Jorritsma mei syn bedriuw (no"Freeze it") woe doe graach in fergese bijdrage leverje), dat it mooglik jild opleverje koe (sponsers) en dat it de takomst wie, krigen wij it griene ljocht.
" Iim meie jim gong gean" sei de foarsitter en dat hat wij oersetten nei : "jim dogge de wepside mar, dan hâlde wij ús wol dwaande mei de klup en it fuotbaljen".
Sa koene wij nei it earste berjocht (4 novimber 2002) de side ynrjochtsje en "nei ús hân sette".
Nei 10 jier binne wij beide noch altiten wepmaster en binne wij beide grutsk dat de side der sa bij stiet. Wat ynrjochting oangiet noch it selde, mar wat ynformaasje oangiet tûzem stappen fierder.
De gearwurking as wepmasters is in bysûndere gearwurking kin ik jim sizze.
Ik kin mij net herinnerje dat wij yn dy 10 jier in kear echt "fergadere" hawwe oer de wepside. Op ien of oare wize dogge wij beide ús ding en dat hat resultearre yn in oantal aksinten dy't der út springe: Aktueel nijs, foar de hiele klup, Frysk at it kin en net frij fan kwinkslaggen.
Oerlizze oer nije dingen en feroaringen dat dogge wij at wij bij it stek at wij nei in wedstriid sjogge, op strjitte wannear wij elkoar tsjinkomme, bij de bar at wij in bierke drinke en at wij elkoar bij de muzyk treffe.
![]() |
| it bestjoer fan SDS hat ús net fergetten |
Yn dy 10 jier (3650 dagen) hat de wepside wat ynformaasje oangiet ûngemurken in ûntwikkeling trochmakke. Hoe lang dizze wepside myn libben noch behearst wit ik net. Lit ik sizze sa lang ik it noch leuk fyn en der mear piken (dat binne der in hiel soad) binne as bedeltes (dat binne der gelokkich minder).
10 jier wepside is yn myn gefal foaral 10 jier gearwurkje. Mei de minsken dy't soargje foar de dingen dy't wij brûke kinne foar de side.
Mar 10 jier gearwurkje wie foaral gearwurkje mei Willem, fia de mail, bij it stek, oan de bar en op strjitte. Dêrom in wurd fan tank oan Willem foar in prachtige gearwurking fan 10 jier. Om mij kinne wij sa noch wol in oantal jierren foarút. Mar goed dêr hawwe wij it wolris oer at it sa útkomt oan it stek, bij de bar of yn it Bolwurk of sa.
En spesjaal foar Willem in fracht hearlike herrie.......
Jameimy
It Grand Theater (geef frânsk) "de Buitenplaats"(geef Hollânsk) is yn oktober en novimber it plak wêr't it toanielstik "Jameimy"(geef Frysk) spile wurdt troch Klaasje Postma en Freark Smink.
Snein 4 novimber hawwe wij der hinne west en wij hawwe ús goed fernuvere.
Neffens de folder giet it oer de meganismen, libbenspatroanen en ferwachtingen, dy't der binne en fal alle tiden lykje.
Dat soe bêst wol kinne. Ik seach twa minsken dy't geweldich goed meardere rollen yn ien stik spylje kinne, ik hearde moaie teksten, seach in soad emoasje en haw betiden flink lake.
In moai stik sa op in sneintemiddei yn de buert fan Earnewâld..........

zondag 4 november 2012
Kings of Rock
Deep Purple en Led Zepplin binne de Kings of Rock út de jierren 70.
Deep Purple treedt noch wol ris op (desimber yn Heineken Music Hall) en Led Zeppelin tinkt der al hiel lang oer nei om it dochs mar net te dwaan.
Gelokkich binne der Tribute bands dy'it hiel aardich dogge.
It foardiel is ek dat it faak wat mear yn de buert is en dat it folle better foar de beurs is.
Freedtejûn wiene twa tribute bands yn sealen Schaaf. De jûn begong op in moaie âlderwetske tiid (21.15) en om dy tiid hinne wie der al in flink oantal rockers op leeftyd oanwêzich.
In alder machtichst goed optreden fan Stormbringer as Deep Purple.
Fol ferbazing seagen wij nei de band en fol ferbazing wiene wij oer de "sound"fan Deep Purple dy't echt klonk as in klok.
Sels it hege stimke yn Child in Time wie der. (sjoch minút 50 fan de ûndersteande fideo)
5 kertier rock fan de beste soart.
Om kertier alven sette Hats off útein. In Ingelske band dy't heech oanskrean is as tribute Led Zeppelin.
Wij koene dy dat noch krekt 4 nûmers oanheare, want de bus gie 12 oere werom. It klonk ek prima dus oare kear meie se om ús noch wol wol earder begjinne. Of de bus moatte in oerke letter werom gean.
Troch it sterke optreden fan Stormbringer in tige slagge jûn.
Sjoch nei dizze kompilaasje fan in jûn Stormbringer.

Stormbringer,
Tribute Deep Purple
donderdag 1 november 2012
Releks
Wol grappich om te sjen dat tal fan minksen dy't ik folch op twitter jûns lekker op Joetjoep muzyk heare en muzyk ûndekke.
It moaie is dan ek dat se it diele wolle mei de folgers.
Sa tippe en ynspireare wij elkoar om bepaalde muzyk te hearen.
Sa hearde ik fol ferwûndering nei dat geweldige nûmer fan Swette Baboo. It sil wol oan myn muzikale opfieding lizze mar ik hie der noch nea fan heard.
Tanksy @KlaasLand moatte jim no de stoel op relekse sette, de famylje de garaazje yntriuwe en harkje nei dat prachtige gitaarwurk.

woensdag 31 oktober 2012
Hare majesteit
Wij hawwe in keninjinne yn Nederlân.
Dy libbet earne yn it Westen mei har famylje en sa en en dan wurdt sij it lân yn brocht.
Foarhinne gie dat gewoan mei de lukse auto, mar tsjintwurdich mei in wjukkelmasjine.
De kenninjinne wurdt meast nei leuke dingen ta stjoerd.
In iepeninkje hjir mei in lintsje dêr.
De pommeranten om har hinne meie bij sokke bjusterbaarlike barrens op basis fan harren posysje en neffens it protokol wat sizze. In lytse taljochting jaan.
Foaral lyts want ús keninjinne hat fansels net hiel folle tiid.
It betsjut, gong hâlde, plichtplegingen dwaan en werom nei de wjukkelmasjine.
Moarn siket de wjukkelmasjine yn Snits de grûn op. Underweis fan Den Haach nei Snits sil sij har siktaris fêst freegje: "Ben ik kortgeleden ook niet in dat gebied geweest?"
De siktaris sil dat befestigje: "U was in het buitengebied van deze gemeente, in Koudum zijn we geweest, in Workum, wij hebben nog gesproken over de goede voorzieningen die er zijn: zwembad, bibliotheek enz."
"Ja, ja", zegt Hare Majesteit wylst se oer it Iselmar fleane, "nu weet ik het weer, ze hadden het hier prima voorelkaar volgens de dames en heren die het voor het zeggen hebben, ik zal straks nog even vragen hoe het met de voorzieningen gaat."
"Dat lijkt me geen goed idee, er zijn wat ontwikkelingen in de gemeente die wat gevoelig liggen in het buitengebied. Ik zou daar niet over beginnen en ook niet over de stoomtrein".
"Wat is er met de stoomtrein, die is hier toch niet"?
"Nee, die is er niet maar die had er wel moeten zijn, klein gevalletje van te grote ambitie en te weinig realisme".
"Ai, ai", seit Bea,"hoe zit het dan met het gebouw wat ik vandaag moet openen?"
"Dat zit wel snor, heb ik uit wel ingelichte kringen vernomen, het schijnt echt een theater bevolking te zijn in deze buurt. Niet dat zo iets uit cijfers uit het verleden te halen is maar op basis van een grote ambitie en niet te veel realisme, denkt men dat de boertjes van buiten straks liever naar een voorstelling in Sneek gaan in een gebouw waar zelfs een bidkamer en voedkamer is, dan dat men in eigen dorp of stad naar de eigen kulturele avonden gaat."
"Het is wat" besluit Beatrix, wylst de kontoeren fan Folsgeare en Easthim sichtber binne,"heb je trouwens de agenda bij je, want ik verwacht ze mij vandaag wel weer willen vastleggen voor iets."
"Tsja, seit de siktaris,"misschien vragen ze u wel de 4 bibliotheken en 2 zwembaden te sluiten. Dat zou nog eens van moed getuigen"
De wjukkelmasjine set de landing bij it Antonius sikenhús yn en se wurde dêr opwachte troch allegear dokters, ferplegers, patienten fan it sikenhûs. Oh ja en in apotheker. Mei in haadletter.

maandag 29 oktober 2012
Stoffel op kontrabas
De lêste snein fan de moanne om in oere as fjouwer tilt it yn Easterein op fan de bluesleafhawwers. Yn de túnseal fan Noflik is it gesellige boel mei soms ferrassende bands.
Sa ek snein doe't de Tru Tones harren debút makken yn Easterein. Se makken der wer in moai (dûns)feessie fan.
De band hie in kontrabas spiler en soks leavert mei sfearfolle ferljochting in moai plaatsje op. Boppedat hie de man in pet op en sa fanút de fierte seagen wij suver in bekende..............
dus waard dy bekende ek efkes op de kontrabas setten en sûnder problemen spile hij hits as "Skowe, skowe, skowe", "Buske komt sa" en "In skot foar in protter".
Sa ek snein doe't de Tru Tones harren debút makken yn Easterein. Se makken der wer in moai (dûns)feessie fan.
De band hie in kontrabas spiler en soks leavert mei sfearfolle ferljochting in moai plaatsje op. Boppedat hie de man in pet op en sa fanút de fierte seagen wij suver in bekende..............
de drummer fan de band koe it oplêst net úthâlde op syn krukkie en fleach al trommeljend de hiel seal troch en dielde rekke klappen út oan alles wat los en fêst siet. Tamme de Boer koe him krekt ûntwike mar wist wol wat foto's te meitsjen.
Labels:
Blues Cruise,
Noflik,
Stoffel
vrijdag 26 oktober 2012
Tessel
"De holle leech meitsje", "trochwaaie", "efkes ôfstân nimme", dat binne fan dy kreten dy't brûkt wurde om in tuskenfakânsje oannimlik te meitsjen. Net bij ús mar foaral bij oaren, wol te ferstean.
Myn holle hoecht net leech, want ik soargje der wol foar dat dy net fol komt, wêr't ik ôfstân fan nimme moat, soe ik net witte en trochwaaie liket mij wat oerdreaun omdat ik alle dagen op myn fyts sit of lis en myn burd mij faak genôch foar de eagen waait.
Foar ús jildt gewoan dat ik skoalfakânsjes ha en dat wij yn de hjerstfakânsje in al jierren midwike fuortgeane.
Dit jier waard it wer Tessel. It foel mij dit jier noch mear op as oars hoe folle rekreaasje dat eilân útstrielet. Alles ademt dêr toerisme.
It steurt mij net echt, it is mear ferwûndering.
Ferwûndering oer al dy lege rekreaasjewenten, apparteminten en hotelkeamers. Hoe leech binne dy dan wol net, at it gjin hjerstfakânsje is.
Wij hiene in trijekeamer appartemint boekt fia ynternet. Altiten ôfwachtsje.
It seach der goed en kreas út op de fotos's.
Yn wurklikheid ek.
Op twa dingen nei. Wij moasten der fia in lange gong nei ta dy't wol hiel bot tinken die oan in âldereinhûs en wij misten ien ding: It útsicht.
Beammen. Op 5 meter fan it rút.
In balkon der boppe en it is ferklearre dat wij alle dagen 5 lampen oan ha moasten om elkoar te sjen.
Mar gelokkich siet der in nepfôgel op it rút plakt.
It wolkom wie goed... in jutterke en dy smakke bêst
en wij makken in moai plaatsje fanôf de dyk op de Eastkant fan it eilân
De sinne hawwe wij net folle sjoen....grize loften wol en de reinbôge dy't deunbij út de Waddensee wei like te kommen
wij lêsden fanefter in stek hoe't de natoer dêr beskerme wurdt .....
wij lêsden wat boeken.....ja...ja sels in Frysk boek

wij seagen bij it juttersmuseum.....
wij seagen yn it juttersmuseum
wij harken fia in fideo nei moaie ferhalen fan de jutterkening fan Tessel
en wij krigen besite fan dochter Hildau en Jelske...
en doe moasten wij wol efkes bij Jut en Jul sjen....
En fierders hawwe wij ús best fermakke. Wij hawwe alle doarpen op it eilân efkes besjoen. Wat hin en wat fisk iten, wat rûn en wat fytst (165 km yn 4 dagen) en binne no ek wer bliid dat wij wer thús binne en wer útsicht hawwe.
zondag 21 oktober 2012
Strontrees
De moandei fan de hjerstfakânsje giet yn Warkum de strontrees fan start. Lytse en gruttere slippen moatte nei Warmond sile om dêr wat pûden stront ôf te leverjen en dan giet it wer op Warkum oan.
De wedstriid is te folgen fia Track en trace, sjoch dizze link.
De skippen lizze sneins allegear klear yn de havens fan Warkum en dat soarget op de middei foar in drokte fan belang. Tûzenen komme lâns ..................

om te sjen bij it ambacht sylmeitsje.....

woensdag 17 oktober 2012
Lekker grut
Ik soe der in soad foar oer ha om de hiele want yn de keamer rom te meitsjen.
Alle kasten, skilderijen en foto's derút.
Plak meitsje foar dizze prachtige Bosatlas.
Ik soe der in soad foar oer ha.
Mar 100.000 dollar?
Dan bliuw ik te yn it earstoan mar dwaan mei de lytse Bosatlas.
Haw ik dochs noch wat te winskjen.
maandag 15 oktober 2012
Hurdfytse
Ik bin net in fytser, net in hurdfytser mar in lisfytser.
Net alle lisfytsers binne gelyk. Der binne rûchwei twa soarten. De iene groep lisfytsers giet foar de snelheid dus binne dat hast reesfytsers en de oare groep giet foar it ûntspannen fytsen dus binne dat gewoane fytsers, dy't lizze.
Ik mei graach flak fytse, ik haat klimkes en ik haw neat mei ôfdalingen.
Ik haw ek neat mei reesfytsen. Dat giet mij allegear te hurd, je sitte tefolle foaroer en ik mei graach wat sjen, sûnder in stive nekke te krijen.
At ik thús op de bank lis, mei ik wol graach reesfytsen sjen. Ik ferbaas mij alle kearen wer oer de snelheden op dy tinne bantsjes, oer de maneuvres dy't se betiden úthelle moatte om retondes rûn te kommen, de keunst om hûnen en bern te ûntwiken en de technyk fan it taske oanpakke.
Oan de ein fan de rees leit de finish. Dêr geane se hinne: allinne, mei in groepke of mei syn allen.
Spannend ! wa wint der, der kin der mar ien winne, wa krijt de blommen fan de miss en wa komt op it boerd. Op it boerd foar sa lang at it duorret.
It is goed yn de war mei de fytserij. De beerput komt no hielendal leech en der giet net in belutsene frijút.
Lês dit stik fan Guus van Holland mar en dan witte je genôch. Ik sjoch ynienen hiel oars nei Peter Post, nei Breukink, nei Jan Raas en ek nei dy linkebal dy't bij de NOS ferslach docht.

zondag 14 oktober 2012
Utskelle is dat noarm?
De supporters fan Harkemase Boys steane bekend om it feit dat se der altiten binne en dat se foar sfear soargje. Justerjûn kaam de altyd oansprekkende ploech út de wâlden nei Snits. Nei de degradaasje sitte se yn de selde klasse as ONS.
Om safolle mooglik minsken nei it sportpark te krijen wie besletten de derby om 18.00 oere spylje te litten. Goed idee, sa koe ik earst yn de rein nei SDS -Grijpskerk sjen en dêrnei nei de derby.
Spitich dat it reinde, it sicht mei al dy paraplus is net oeral optimaal mar fierders haw ik mij poerbêst fermakke.
Wat mij tsjinfoel wie it stille Harkema publyk. Mei opsetsin wiene wij tusken de wâldmannen stean gien om sa ticht mooglik bij de sfear te wêzen.
No ropt elkenien wolris wat oer en tsjin in skiedsrjochter of ien fan syn assistinten, mar wat in oantal Harkema supporters der útkreamden wie net normaal.
It sfearmeitsjen bestie der foaral út om de grinsrjochter dy't hieltyd foar harren del rûn of draafde foar fan alles út te meistjen. En in wille dat se der sels oan hiene. Alle stappen dy't er die en alle beslissingen dy't er naam, it resultearre alle kearen yn in skelpartij. Der wie mear belangstelling foar de man mei de flagge as foar de wedstriid.
Spitich dat je sa'n man de skuld jouwe fan it feit dat de mannen it yn it fjild sitte litte.
Gelokkich wie der yn de twadde helte in oar plak.
Nije wike stiet WPB - Harkemase Boys op it programma. Foar de beker. Dat moatte de Harekieten winne kinne, miskien dat der dan mei iets mear respekt oer de grinsrjochter sprutsen wurdt.
Fan beide kanten......

zaterdag 13 oktober 2012
Boargemaster
Begjin dizze wike stie der yn de LC (op tabloid) in artikel oer de rol fan boargemasters bij "rampen".
Yn it stik waard oanjûn dat in ramp de posysje fan in boargemaster meitsje en brekke kin. Der wiene foarbylden dat in boargemaster hielendal ûnderút gie (Moerdijk) en gefallen dat in boargemaster him profilearre (Alphen aan de Rijn).
Doe't ik it stik lêzen hie, toch ik in flits fan in momint hoe soe dat gean at yn ús gemeente in "ramp" is.
Trije dagen nei it stik yn de krante is Boazum trending topic op Twitter en dat betsjut faak dat er aardich wat oan de hân is.
In grutte brân yn in lyts doarp en asbest yn de loft. Helpferlieners en parselju slingerje de Slachtedyk del op wei nei Boazum.
Yn ienen moat de boargemaster, frou Liemburg mei har gemeentelik apperaat oan de bak. Helpferlieners bijstean, kommunikaasje mei Boazumers en parse, opfang, befeiliging alles moat regele wurde.
Ik folch it wat op twitter en it falt mij dat fanút de @Keatsebaen1 iepen kommuniseard wurdt.
It liket mij sa ta dat it goed rint, foar sa fier je dêr fan sprekke kinne.
Ik haw der ek alle fertrouen yn.
Frou Liemburg is in pear jier lyn fol fjoer de striid oangien mei Jan Waterlander en hij is fan it toaniel ferdwûn en sij sil no mei sukses it fjoer yn Boazum mei wetter bestride en it asbest sil ek allegear wer ferdwine.
vrijdag 12 oktober 2012
In opkreaze fytspaad
Op 21 jannewaris 2011 skreaun ik dit ferhaaltsje oer in ferlern stikje fytspaad.
De kop hie doe ek wêze kind: it ûnnoazelste stikje fytspaad.
It leit bij de Burchwerterhoeke. It is amper 80 meter lang en der fytst nea immen op.
Nei myn miening tsjinnet it gjin inkel doel en fuorthelje hie net ferkeard west.
Grut wie myn ferbazing okkerdeis, doe't ik seach dat it paad net fuorthelle is mar opkreaze.
Fan trije tegels breed nei mar leafst acht tegels breed.
Der kinne no twa minsken elkoar ynhelje en tsjinkomme.
De kâns dat soks bart skat ik op minder as nul prosint.
It paad is noch wol like lang.
Amper 80 meter.
Mar wat docht dy bult dêr yn de midden?
Je soene hast tinke dat de tegels op wiene, mar dat sil net sa west ha.
Dan hiene se bij de gemeente (?) wol ien rige minder dien.
It probleem is in daam.
80 meter en dan op de helte in daam.
Om foar te kommen dat de tegels troch de earste de beste trekker mei wein út harren ferbân wipt wurde, is der in trochgong makke dy't mij gelyk oan it ferske "bij de púndyk del" tinken docht.
Wat in kreative oplossing.
At je dizze hobbel ien kear nommen hawwe, dan witte je dat je de folgjende kear de dyk wer del gean. Graue stiennen en fyn grint, ik kin amper sitten bliuwe op myn lisfyts.
Mar wat glinstert dêr sa as ik de sinne der op skinen sjoch.
Dat sil dochs net.....
Nee....dan sil dochs gjin glês wêze.
Ik fyn ien stik, twa stikken, trije stikken en ik sjoch der noch folle mear.
Ik hâld op fan sykjen.
Ik bin gekke Harry net.
Dat binne de lju dy't dit betocht ha.
Dy't dit dien ha.It is gewoan in skande.
Myn oprop oan alle fytsers: gean net oer dit paad, want sels in Swalbe bân sil dit net trochstean.
Loften
It sa moai at je jûns nei iten net op de bank it iten sakje litte kinne, mar op de lisfyts.
Kûbaard om sa lang it noch kin.
Mei wat gelok at it waar wat mei sit en at it iten betiid op tafel stiet kin it noch ien wike.
Dan is it tsjuster.......freeslik
Kûbaard om en geniete fan de pleats, it wite húske en de moune yn de sinne
en de moaie kleuren
zondag 7 oktober 2012
Tsjoch op in oar plak
Tsjoch is in feriening fan Fryske muzikanten. Sij organiseare Tsjoch konserten en it Tsjoch festifal.
Dat Tsjoch festifal waard al moai wat jierren yn de Lawei yn Drachten holden, mar op grûn fan ferskate oarsaken is socht om in oare lokaasje.
Yn Wommels hielendal.....
Yn Drachten mienden se al dat se der mei in bus hinne moasten want Wommels dat is in hiel ein fuort.
No binne wij tal fan kearen nei de Lawei riden en it foel ús alle kearen wer mei.
De bus út Drachten kaam net en miskien is dat it ferhaal wol fan it wat tsjinfallende oantal besikers. De fêste groep út dy kontrijen liet it miskien no wol wat ôfwitte en de Wommelsers en minsken út dizze omjouwing hawwe miskien noch net yn de gaten dat dit in unyk barren is wêr't in grut ferskaat oan muzyk is en

wêr't je der ek noch bij sitte kinne.
Mar leafst 70 ferskillende akt op 5 podia soargen foar in soad ferdivedaasje.
Ik haw der west fan goed sân oere oant tsjin ienen en haw mij tige fermakke mei. De optredens duorren allegear meast mar 30 minuten dus kinne je hiel wat meipikke sa'n jûn.
Myn oandacht gie út nei:
Jan de Vries, troubadoer út de Bildhoeke en mei syn karateristiek stim en nijsgjirrige teksten, hij song bûten doe't ik oankaam.
De Healers wiene mij net frjemd mar ik woe it bloeslûd dochs wer efkes heare en it fielde wer goed.
Melle Leegstra wie foar mij nij en hij stie yn in smoarhite boppeseal aardige ferskes te sjongen, dy't yn goed smaak foelen.
Ljoubjr DE band stiet ek regelmjittich op in poadium wêr't ik bin en ik moat sizze dat it nijsgjirrige muzyk is mar krekt myn sjenre net is.
Ik koe noch moai in stikje Adri de Boer en band meinimme dy't no hearlike nûmers fan James Taylor oersetten hat en it earste CD'tsje oerlange oan de slachwurker.
Herman & Rosita, binne de twa Belgyske gasten. In fermaaklik healoerke mei dit echtpear wat al hast 50 jier dwaande is mei it spyljen op ynstruminten dy't se sels makke ha. Werklik fan fan alles meitsje se wat: op in skistok en in húske ûntstopper fluiten se komplete lieten en op it poadium makken se mei wat handichheid fan in winterwoartel in fluit.
De prachtige humor fan Herman soarge foar in soad ynteraskje.
Joris Linsen & Caramba haw ik te koart bij west om wat fan te sizzen. Ik haw begrepen dat it prachtich wie.
Myn oandacht gie út nei Chris Kalsbeek. Mei syn harp en syn folle stim mei ik him graach Ierske lieten sjongen heare.
Streksum wie wer sa'n nije band (foar mij) en dêr haw ik mei genoegen nei heard.
Op ien of oare wize woe ik Pieter en Jens net misse.
Wêrom wit ik net want ik hie der noch nea fan heard.
It wie in prachtich optreden.
Twa jonges dy't foaral Mumford & Sons yn in eigen jaske stutsen hiene. Oandwaanlik om te sjen hoe't sy dy prachtige muzyk fan dy Britse band spilen. Gewoan yn it Ingelsk, sadat wij it ek noch meisjonge koene. In hichtepunt dit optreden.
Doe wie it tiid foar Thea en Foeke. Mochten jim fan Doede Bleekr hâlde dan stiet jim dit ek wol oan. Lekkere platte teksten en in healoerke is sa moai as wat.
Bacon & Bones wiene de lêsten dy't ik seach. Lekkere muzyk en soad entûsjasme op it poadium. Spitich dat yn dy seal it lûd wat dof oanhearde.
De ôfsluter, de Tsjoch Flying Hot Country Band haw ik in kertierke oansjoen mar bij sa'n samling fan muzikanten haw ik altiten it idee dat it de measte wille jout oan de minsken op it poadium.
Tsjoch yn Wommels hat mij bêst foldien. It kin om mij wol er. En sa fit as wat.
Mei de frou efter op it pakjedrager nei hûs fytst.
En dat wie al hiel lang lyn want pakjedragers binne oars net bedoeld om minsken te ferfieren.

vrijdag 5 oktober 2012
Tsjoch
Moarn is Tsjoch yn Wommels. Muzyk foar jong en âld.
Mar leafst 70 meast Fryske artisten op meardere podia yn it Dielshûs.
Moai is dat. Sa folle muzyk en sa ticht bij.
Haw wol in oantal kearen nei Tsjoch yn Drachten west, mar dit is better en foaral makliker. Op fuottten der hinne.
In programma mei in soad fariaasje haw ik al sjoen.
Fannemiddei kaam ik al efkes yn de stimming. Troch Herman en Rosita.
Twa Flaamske muzikanten dy't echte folksmuzyk meitsje.
Sij dogge dat gewoanwei mei 't Kliekske. mar binne hjir no tegearre.
Mei in hiel soad ferskillende ynstruminten lykas in draailier, fluiten en in lillepypkebonge.
Fannemiddei spilen se yn de studio bij Omrop Fryslân en dat die mij tinken oan in optreden yn Fryslân en oan myn platekast.
Yn 1977 diene sij yn Fryslân in toernee mei Roel Slofstra en Joop Feenstra.
It programma hjitte fan "Hwa laket dêr".

Yn myn plakboek fan 1977 fyn ik noch wat oerbliuwsels út it programmaboekje.
Yn myn elpee kast steane twa moaie elpees fan it Kliekske.
Kocht nei in optreden fan it Kliekske op é Lemmer.
Moarn bin ik der seker bij at sij optrede yn it Dielshûs yn Wommels.
Leuk nei 35 jier.
Labels:
't Kliekske,
tsjoch,
wommels
Abonneren op:
Posts (Atom)

.jpg)