dinsdag 7 januari 2020
Stappen sette
Stappen sette
dat kinne je letterlik en figuerlik dwaan.
Ik doch it letterlik.
2019 wie it jier fan de stappen,
mar leafst 11.526 stappen gemiddeld
per moanne.
Op jierbasis hast 4.000.000
It hâldt je fan de dyk,
sille wij mar sizze
want ik rin meast op de stoepe
Ik rin gâns mear as earder,
foaral troch de loppkes mei de pakesizzers.
Earlik sein,
fynt it lichem dat prima
mar fynt de geast it minder leuk
Foar 2020 gean ik net foar in rekôr
en gean ik foar it selde
en at it wat minder is
is it jier ek slagge.
zondag 5 januari 2020
8 jier lyn
Wij binne op it jierdeifeest
bij Jelske,
ús âldste pake- en beppesizzer.
8 jier lyn........
doe wie ik yn Frjentsjer oan it wurk, seit er ien
doe wie ik yn Australie, seit in oar
doe wie ik op wintersport, seit in tredde
doe wenne ik yn dyn hús, seit de fjirde tsjin dy tredde
doe wie ik ûnderweis op de boat
fan NewCastle nei Ymuiden
yn in fleanende stoarm, jou ik oan
hjoed 8 jier letter
Jelske mei it iten útsykje op har jierdei
dus yt sij en ite wij patat
de trije jonges, Roan, Samme en Nyck,
sitte graach op pake syn knibbel
en mei twa knibbels
is der wolris in wachtrige fan ien
is der wolris in wachtrige fan ien
en de jongste faam Brecht
dy wurdt net fergetten troch har twa âldste neven
Frouen
Ja minsken
der steane betiden ûnnoazele stikjes yn de krante.
Of, miskien kin ik better sizze
dat de LC romte jout oan ûnnoazelen.
In frouekwotum ynstelle,
hoe komme je derbij!
Dat is de ein fan de top 2000.
en it begjin fan neat.
Want hear Nicolai bedoelt wierskynlik
dat de helt frou wêze moate
mar dat doart hij net te skriuwen.
Beste hear Nicolai,
de top 2000 dy stelle wij mei ús allen gear
omdat wij iets leuk of iets goed fine,
net omdat it in man of in frou is
Yn dizze blog sil it kwotum helle wurde
want spesjaal foar jo
Tarja en Floor.....
dy mei ik beide wol lije
en harren muzyk ek wol
vrijdag 3 januari 2020
Boeken
Net wurkje is mear lêze.
Dat jildt seker ek foar mij.
Yn myn wurksume libben
kaam ik meast út op 40 oant 50 boeken yn it jier
Doe't ik noch wurke yn 2016 wiene it 51
net wurkjend yn 2017 wiene it 62
yn 2018 73
en 2019 stopt de teller op 80.
Gjin idee wat de moaiste wie,
ik ha se hast allegear útlêzen
en der sieten in oantal geweldige boeken bij.
57 boeken sitte yn it sjênre triller
de oare 23 wiene oars.
Lêze dat doch ik fanút de byblioteek yn Wommels,
neist de Jumbo en de bushalte
de wichtichste dingen yn Wommels.
In oantal boeken haw ik lêzen op de E-reader
mar dat hat net myn foarkar.
Sûnt 1998 sit ik op 989 boeken
en at alles goed giet
haw ik yn febrewaris it 1000ste boek yn hannen
Dat jildt seker ek foar mij.
Yn myn wurksume libben
kaam ik meast út op 40 oant 50 boeken yn it jier
Doe't ik noch wurke yn 2016 wiene it 51
net wurkjend yn 2017 wiene it 62
yn 2018 73
en 2019 stopt de teller op 80.
Gjin idee wat de moaiste wie,
ik ha se hast allegear útlêzen
en der sieten in oantal geweldige boeken bij.
57 boeken sitte yn it sjênre triller
de oare 23 wiene oars.
Lêze dat doch ik fanút de byblioteek yn Wommels,
neist de Jumbo en de bushalte
de wichtichste dingen yn Wommels.
In oantal boeken haw ik lêzen op de E-reader
mar dat hat net myn foarkar.
Sûnt 1998 sit ik op 989 boeken
en at alles goed giet
haw ik yn febrewaris it 1000ste boek yn hannen
| 1 | Mulder, Tiny | In moaie leeftyd | frysk |
| 2 | Winters, Willem | Papierfiskjes leze net | frysk |
| 3 | Wynstra, Mindert | Gek op skiednis | frysk |
| 4 | Lammers, Tjerk | Peer (Koelewijn) | muzyk |
| 5 | Norman, Philip | Eric Clapton | muzyk |
| 6 | Popoff, Martin | Metallica | muzyk |
| 7 | Scherpenzeel, Ton | Kayak | muzyk |
| 8 | Serrien, Tom | Klank | muzyk |
| 9 | Vahl, Rutger | George Baker | muzyk |
| 10 | Wild, Debs | Coldplay life in technicolor | muzyk |
| 11 | Cross, Charles E | Heavier than heaven (Kurt Cobain) | muzyk |
| 12 | Assante, Ernesto | Woodstock '69 | muzyk |
| 13 | Vinckx, Yael | Volgens Willem | muzyk |
| 14 | skriuwer | titel | soart |
| 15 | Hornby, Nick | Voetbalkoorts | sport |
| 16 | Nieuwenhof, Frans vd | Buitenkant links | sport |
| 17 | Sijtsma. Thomas | Het beest | sport |
| 18 | Geertsma. Jouke | Koffie en kleffe cake | Wommels |
| 19 | Wal, Giel van der | Dorps aan de trekvaart -Wommels | Wommels |
| 20 | Boersema, Maarten | 111 plekken in Fryslân | ynformatyf |
| 21 | Sangers, Jan J | Nijenhove | ynformatyf |
| 22 | Stelwagen, Jacob | Bommen op Saakstra's brug | ynformatyf |
| 23 | Vogelaar, Ella | Twintig maanden knettergek | ynformatyf |
| 24 | Baudewyns, Benny | Tati- Syndroom | |
| 25 | Bengtsdotter, Lisa | De vrouw die terug moest | |
| 26 | Bjork, Samuel | De jongen in de sneeuw | |
| 27 | Bollé, Johnny | Egyptisch blauw | |
| 28 | Borjlind, Cilla Rolf | Zwarte dageraad | |
| 29 | Cavanagan, Steve | Dert13n | |
| 30 | Connelly Michael | Twee soortem waarheid | |
| 31 | Dicker, Joel | De verdwijing van Stephanie Mailer | |
| 32 | Dis, Adriaan van | Indische duinen | |
| 33 | Gardner, Lisa | Tot op de bodem | |
| 34 | Hartman, Corine | Een duister pad | |
| 35 | Heijden, A.E.Th. | Helleveeg | |
| 36 | Hekman, Eddy | Een coupé verder | |
| 37 | Horst, Jorn Lier | De Kluizenaar | |
| 38 | Horst, Jorn Lier | Rode sneeuw | |
| 39 | Indridason, Arnaldur | Nachtstad | |
| 40 | Knauff, Marco | Gesloten deuren | |
| 41 | Mackintosh, Clare | Mea Culpa | |
| 42 | Mankell, Henning | De Daisy Sisters | |
| 43 | Mc George, Chris | Tiktak | |
| 44 | Nesbo, Jo | Middernachtzon | |
| 45 | Nimwegen, Goos van | Ouwejongenskrentenbrood | |
| 46 | Olinga, Gerard | De negende vrouw | |
| 47 | Patterson, James | Gerechtigheid | |
| 48 | Pelecanos, George | Wat het was | |
| 49 | Plante, Lynda la | Weduwen | |
| 50 | Robb, J.D. | Vermoord naakt | |
| 51 | Robotham, Michael | Verwachting | |
| 52 | Sigurdardottir, Yrsa | DNA | |
| 53 | Singelenberg, Marco | Figurant in de Hoofdrol | |
| 54 | Coben, Harlan | De ontdekking | |
| 55 | Baldacci, David | De aanslag | |
| 56 | Terpstra, Anita | Samen | |
| 57 | Harper, Jordan | Kind van de rekening | |
| 58 | Adolfsson, Maria | Misleiding | |
| 59 | Dijkema, Kaje | Over lijken op het hoogeland | |
| 60 | Nesser, Hakan | De vereniging van linkshandigen | |
| 61 | Läckberg, Camilla | Gouden kooi | |
| 62 | Tudor, C.J. | De terugkeer | |
| 63 | Vuyk, Simon | De blikken dominee | |
| 64 | Neuhaus, Nele | Moederdag | |
| 65 | Lindberg, Hanna | Stockholm Cuisine | |
| 66 | Martens, Lidewey | Steigereiland | |
| 67 | Zonneveld, Edwin P | Dodelijke driehoeken | |
| 68 | Atkinson, Kate | De wijde lucht | |
| 69 | Stroosnier, Jaap | De man die zijn baas liet verdwijnen | |
| 70 | Caeneghem, Johan van | De vernederde | |
| 71 | Roosmalen, Marcel van | Het zijn de kleine dingen die het doen | |
| 72 | Betten, Erik | De prijs | |
| 73 | Marsullo,Marco | Buitenspel | |
| 74 | Spek, Jeroen van der | bizarre locaties en hun verhaal | |
| 75 | Connelly Michael | Het recht om te zwijgen | |
| 76 | Martina, Roy | Emotioneel evenwicht | |
| 77 | Rhinehart, Luke | De dobbelman | |
| 78 | Frazier, T.M. | Tyrant | |
| 79 | Rose, Karen | Nergens veilig | |
| 80 | Grisham, John | De onschuldigen | |
| 81 | De Cominck, Christiaan | Ze noemden hem God |
donderdag 2 januari 2020
Fytskilometers 2019
It jier 2019 sit er wer op
en it is wer tiid foar listjes.
Earst it fytsen mar.
It doel is altyd 10.000 km per jier
en dat is slagge.
It wie in goed jier mei 11309 kilometer.
5 moannen mear as 1000,
en de útsjitter wie maaie mei 1906 kilometer
troch ús fytsfakânsje yn Frankryk
11309 yn 365 dagen is 30,98 km.
| 1760 | 2064 | 114 | 7330 |
| lisfyts | RIH | oare | Batavus |
Per fyts sjocht er sa út
Yn de list fanôf 1995
docht 2019 goed mei
Foar 2020 leit de latte wer 10.000 km.
dat moat slagje mei ien dei mear......
woensdag 1 januari 2020
zondag 29 december 2019
Sinne komt op
Op twitter folchje ik in oantal minsken
fan Skylge en Amelân.
Sij poste frijwol alle dagen jaloerskmeitsjende foto's
fan see, strân, dunen en foaral fan de sinne
dy't opkomt en dy't ûndergiet.
It is dêr net in dei gelyk.
Ik fyts hast alle moantiden in rûntsje
en bin meast ûnderweis at de sinne hast opkomt.
Dy opkommende sinne
dat is wol sa'n prachtich skouspul,
dat is wol sa'n prachtich skouspul,
dat wol ik sjen en belibje
en dat seit mij mear as de ûndergeande sinne
Sneontemoarn
-2 graden
in moaie loft
en iis yn de feart
Ik bin suver grutsk op dizze foto,
gewoan,
makke yn Wommels
bij it Trochpaad
vrijdag 27 december 2019
Rinne
Rinne yn it tsjuster is wol wat spannend
en dêrom sa leuk.
Twadde krystdei, tsjin de jûn
haw ik myn deistige meters noch net setten.
"Wol Samme ek efkes mij te rinnen"
app ik de soan.
In kertier letter stappe wij it tsjuster yn
en rinne wij fan ferljochte kryststêr
nei ferljochte krystbeam,
fan in ferljochte nepswaan
nei in heal ferljochte slide
Wij heare gelûden
mar sjogge de guozzen net.
Om it noch spannender te meitsjen
rinne wij oer
it "geheime"paad lâns de fiver
en troch de lytste strjitsje en steechjes
Hij freget en ik fertel him oer de ferkearsbuorden
en lis him út hoe't it bij de brêge giet,
at er in boat oankomt.
Earst it reade ljocht oan,
dan de auto's en fytsers dy't stopje,
dan de slachboom dy't del giet
en dan de brêge dy't omheech giet.
Wij gean om sûkelade en sûkelademolke nei beppe
en at ik letter thús wer bin,
bin ik wer 6000 stapkes fierder
Moai dien Samme
en dêrom sa leuk.
Twadde krystdei, tsjin de jûn
haw ik myn deistige meters noch net setten.
"Wol Samme ek efkes mij te rinnen"
app ik de soan.
In kertier letter stappe wij it tsjuster yn
en rinne wij fan ferljochte kryststêr
nei ferljochte krystbeam,
fan in ferljochte nepswaan
nei in heal ferljochte slide
Wij heare gelûden
mar sjogge de guozzen net.
Om it noch spannender te meitsjen
rinne wij oer
it "geheime"paad lâns de fiver
en troch de lytste strjitsje en steechjes
Hij freget en ik fertel him oer de ferkearsbuorden
en lis him út hoe't it bij de brêge giet,
at er in boat oankomt.
Earst it reade ljocht oan,
dan de auto's en fytsers dy't stopje,
dan de slachboom dy't del giet
en dan de brêge dy't omheech giet.
Wij gean om sûkelade en sûkelademolke nei beppe
en at ik letter thús wer bin,
bin ik wer 6000 stapkes fierder
Moai dien Samme
woensdag 25 december 2019
Freulepartij 1977
Samar ynienen dûkt der wol in aardige foto op.
In foto fan de Freulepartij 1977.
Ik wie krekt 23
en stie in oantal jierren bij de yngong.
Dat wie ornaris it plak fan Harm Tamminga
en soan Riemer letter
mar no hingje wij op of tsjin de hikke oan
Eeltsje Bootsma bringt ús in bakje
en in stikje brúne koeke.
Dit wie de ienige yngong
tsjinoer bakker Posthuma
en fan it keatsen seagen wij neat.
zondag 22 december 2019
Fuotbalje
Ik bin wer los.
de hiele moanne desimber alwer.
Freedtejûn efkes balje.
Wat in genot.
Wer hielendal fit en bin der sterker útkommen
soe in prof wol sizze nei in lange blessure.
Dus kin ik myn stikjes en wer skriuwe
foar de SDS side:
Freed 20-12
Efkes Balje
de hiele moanne desimber alwer.
Freedtejûn efkes balje.
Wat in genot.
Wer hielendal fit en bin der sterker útkommen
soe in prof wol sizze nei in lange blessure.
Dus kin ik myn stikjes en wer skriuwe
foar de SDS side:
Freed 20-12
Efkes Balje
Op boksing jûn, de freed foar kryst, at krystbuorrels lonkje wol it Efkes Baljen noch wolris de dupe wurde.
It eage freed tsjin seizen sa min dat er in dikke streep troch koe.
It wie Lieuwe Vriesema dy’t dêr persoanlik in stokje foar stuts.
“Ik kom wol efkes” wiene se wurden yn de app en dêrmei wiene der 8, it minimum oantal.
De ideale omstannichheden soargen der mei foar dat it wer in bijsûnder spannend en aardich potsje fuotbal waard. Mei 8 is der romte en in efterstân fan trije doelpunten (giele hesjes) kin mei wat tûk ferdigenjen wer maklik omsetten wurde yn in gelikense stân troch in oantal flymskerpe kounters.
Wij hiene juster allegear wol ien aksje dy’t as in eigen djiptepunt beskôge wurde sil.
Wij hiene lykwols allegear folle mear hichtepunten. It nivo fan de doelpunten wie tige heech. Mei in einstân fan 16-15 hiene wij allegear ús momint fan gloarje hân nei it meitsjen fan wer in prachtich doelpunt.
Myn momint? Dat wie om 20.08 oere, seach ik letter op myn “sportive” horloazje.
Op dat momint joech Ferrie Korbach in djiptepas omdat hij tocht dat der wol in snelle spits efteroan soe.
De bal wie op maat neffens him, de bal wie oan de hurde kant neffens mij en ek de tsjinpartij wie yn de ferûnderstelling dat er de efterline wol helje soe, sûnder gefaar. Wat mij mankearde wit ik net. Ik hie noch gjin kryst buorrel hân en gie dochs efter dy bal oan, hurd, hurder en noch hurder (of langsum, iets minder langsum en noch iets minder langsum) . Ik fleach troch de gelûdsbarriere (nee, dat wie gjin betiid fjoerwurk, wat jim hearden) myn hertslach fleach nei 133 (seach ik letter)
en ik ferbettere myn rekôr op de 60 meter (11,4 sekonden) dat festige wie op it sportfjild fan Spannum tidens de gemeentelike sportdei en al sûnt 1 july 1965 (10 jier) yn de boeken stiet en doe fêstlein is mei in diploma.
en ik ferbettere myn rekôr op de 60 meter (11,4 sekonden) dat festige wie op it sportfjild fan Spannum tidens de gemeentelike sportdei en al sûnt 1 july 1965 (10 jier) yn de boeken stiet en doe fêstlein is mei in diploma.
In meter foar de efterline, 2 meter neist it doel, koe ik mei it uterste puntsje fan myn tean de bal noch yn it doel skowe. It sil gjin gesicht west, dat “hurd”draven fan mij mar wij wûnen úteinlik wol mei 16-15 wylst de oaren de hiele partij in foarsprong hiene.
Dat wij dan ek noch de finale winne mei 2 doelpunten út, wie spitich want wij gean graach allegear nei hûs mei in oerwinning yn de bûse.
Sûnder hes: Lieuwe, Harry, Johan en Pieter
Mei hes: Sipke, Ferrie, Frank en Aant
Mei hes: Sipke, Ferrie, Frank en Aant
zaterdag 21 december 2019
Hichtepuntsje
Alle kearen wer in hichtepunt
foar it earst de fles jaan
oan de jongste pakesizzer.
oan de jongste pakesizzer.
Brecht,
hjoed twa wiken âld.
hjoed twa wiken âld.
Se hie gjin toarst.......
Yetris
Yetris, it seit hast nimmen wat,
mar it is de muzykgroep
dy't Roel Slofstra begeliede
mei it ferhaal oer Eije Wykstra.
mei it ferhaal oer Eije Wykstra.
Dat wie in tryst ferhaal
wat wol in moaie cd oplevere yn 1980.
wat wol in moaie cd oplevere yn 1980.
Roel wie doe 40
en is no 80 wurden.
9 konserten stiene der op it program
fan dizze reunytoer.
Tongersdei wiene wij bij it lêste optreden
yn de Gysbert Japiksseal yn Tresoar.
Roel Slofstra
noch altiten prachtich bij stim
song tal fan lieten mei moaie teksten
fan Reinder van der Leest, fan Tiny Mulder en fan Meindert Bijlsma
Moaie muzyk dêrbij fan Geppie Haarsma, Alco Hoogcarspel en Hans Kerkhoven.
In moai jûn, wêr't de tillefoan fansels útmoasten
en wêr't foto's meitsje net tastien wie.
dinsdag 17 december 2019
Smoke
Smoke
dat is net mear iets fan dizze tiid.
Dit wykein foelen mij twa dingen op
oer it smoken.
Ik wie yn Balk bij de wedstriid
Balk - Leeuwarder Zwaluwen
en foardat it begong
en neidat de opstellingen omropt wiene,
kaam de meidieling "dat smoke op en om it fjild hinne net tastien is "
Smoke efter de tribune mei wol
mar dat wie sneon it meast wynerige hoekje fan it sportpark
ik tink net dat dêr folle smokers stien ha.
Net smoke , it goeie foarbyld jaan as sportklup, ik fyn it prima.
It ferkearde foarbyld joech de LC
mei de krante fan sneon,
troch bij it ynterfjoe mei Hans Wiegel
in foto te pleatsen dy't "blau" wie fan de reek.
Ik fertink Wiegel derfan dat hij sein hat
dat dy foto pleatst wurde moast en gjin oaren.
It min foarbyld fan Wiegel en de LC.

dat is net mear iets fan dizze tiid.
Dit wykein foelen mij twa dingen op
oer it smoken.
Ik wie yn Balk bij de wedstriid
Balk - Leeuwarder Zwaluwen
en foardat it begong
en neidat de opstellingen omropt wiene,
kaam de meidieling "dat smoke op en om it fjild hinne net tastien is "
Smoke efter de tribune mei wol
mar dat wie sneon it meast wynerige hoekje fan it sportpark
ik tink net dat dêr folle smokers stien ha.
Net smoke , it goeie foarbyld jaan as sportklup, ik fyn it prima.
It ferkearde foarbyld joech de LC
mei de krante fan sneon,
troch bij it ynterfjoe mei Hans Wiegel
in foto te pleatsen dy't "blau" wie fan de reek.
Ik fertink Wiegel derfan dat hij sein hat
dat dy foto pleatst wurde moast en gjin oaren.
It min foarbyld fan Wiegel en de LC.

Hjir hie oars de foto fan Wiegel stien,
mar dat liket mij iets te folle
ear
foar dat sigaremantsje
maandag 16 december 2019
In nije busboekje
Dit stik giet oer it nije busboekje
net te ferwarren mei it bûsboekje.
It busboekje dus.
Mar miskien
is der wol hielendal gjin busboekje mear.
Miskien moatte wij it allegear wol opsykje
op ynternet.
9292.nl is dan de side.
It giet dus net oer it busboekje,
mar oer de tsjinstregeling.
Dy wurdt alle jierren oanpast
en dan is der mar ien ding
wat mij ynteressearret:
hoe let giet de lêste bus út Ljouwert.
"Ien nûmer minder", is de konklúzje
nei it besjen fan de line 92.
Ien nûmer earder fuort út Neushoorn,
út Sealen Skaaf of bij in oare festiviteit.
It wie 23.29
it is no 23.25 op freed em sneon
en 23.26 op snein
Spitich, ik hie der leaver in nûmer bij,
of twa, of trije.......
net te ferwarren mei it bûsboekje.
It busboekje dus.
Mar miskien
is der wol hielendal gjin busboekje mear.
Miskien moatte wij it allegear wol opsykje
op ynternet.
9292.nl is dan de side.
It giet dus net oer it busboekje,
mar oer de tsjinstregeling.
Dy wurdt alle jierren oanpast
en dan is der mar ien ding
wat mij ynteressearret:
hoe let giet de lêste bus út Ljouwert.
"Ien nûmer minder", is de konklúzje
nei it besjen fan de line 92.
Ien nûmer earder fuort út Neushoorn,
út Sealen Skaaf of bij in oare festiviteit.
It wie 23.29
it is no 23.25 op freed em sneon
en 23.26 op snein
Spitich, ik hie der leaver in nûmer bij,
of twa, of trije.......
vrijdag 13 december 2019
Brecht
Foar de 5de kear
binne wij pake en beppe wurden.
Ek no wer bijsûnder
dat dit lyts famke it libbensljocht sjocht.
Sûn en wol.
Moai om sa'n famke op de earm te hawwen
en der gewoan wat nei te sjen.
Nei dy eachjes
dy moaie blaue eachjes
dy't muoite hawwe
iepen te bliuwen.
Der wat mei te praten
al komt it mar út ien mûle.
dinsdag 10 december 2019
Hidde
Ik pak de foto der mar wer bij,
de foto fan 1960-1961
ik bin 6 jier, sit yn klas 1,
Hidde is 7 en sit yn klas 2
De skoalfoto is 60 jier lyn nommen
bij de herfoarme skoalle yn Wommels.
Al wer is ien ús ûntfallen:
Hidde Frankena,
Hidde Frankena,
noch mar 66 jier âld,
de safolste op de foto dy't net âld wurden is.
Hidde stiet op de foto op de twadde rige
as twadde jonge fanôf lofts.
De earste jierren wenje wij beide op de Hofkamp,
Hidde is net in sporter lykas ik.
Der stjit mij net folle fan bij
dat Hidde mei docht oan it fuotbaljen op de Terp
of it keatsen op it keatslân.
In saak thús, dan is der altyd wol wat te dwaan.
Boppedat is Hidde in fûgeltsjeman
en dêr haw ik wat minder mei.
Yn ús earste útgeansjierren
is Hidde wol fan de partij.
Ik ek......
Nei de Koornbeurs, nei it Park of nei
de Hobo String band yn Warkum
dat stiet mij noch wol bij.
Hij mocht soms it blauwe buske
mei de dûbele kabine brûke
mei de dûbele kabine brûke
Op fakânsje nei Skylge
dat stiet mij ek noch bij
want dat is op in ferkeard momint
foar Hidde
Hij hat Woltsje krekt dêrfoar moete
en syn ferlangen nei har is grutter as
de sin om wille te meitsjen yn dancing Dellewal of bar Wyb
De measten fan ús ploechje trouwe
en de earste jierren bliuwe wij goed kontakt hâlden.
Wij klaverjasse en boeredridge in hiel soad
en sa no dan hawwe wij in sportyf útsje.
Wij bamintonne of wij fytste
Alvestêdentochten yn Fryslân
en 11 heuvelentochten yn Epe
De bern wurde grutter
it wurk drokker
en ús kontakt ferwettert,
sa't dat soms giet
sa't dat soms giet
Wij binne doarpsgenoaten
dy't elkoar groetsje,
sa't doarpsgenoaten dat dogge.
Ik sjoch Hidde net folle,
wij hawwe ferskillende ynteresses
wij hawwe ferskillende ynteresses
Fia it tsjerkekrantsje bliuw ik op de hichte
fan Hidde syn striid tsjin allegear krupsjes
dy't syn libben yn de macht hawwe
It ienige kontakt wat er noch is
is fia Facebook.
Tsja, wij geane beide mei de tiid mei.
Rêst sêft Hidde
en sterkte foar Woltsje en de bern
maandag 9 december 2019
it Noard
It Noard yn Wommels
dat moat wol in pine-yn-'e holle dossier wêze
foar in gemeente.
Ek dizze wike wer swier materieel
om de safolste feroaring oan te bringen
Der sille dochs net
noch mear,
noch grouere betonblokken pleatst wurde
tocht ik efkes doe't ik lâns fytste
It Noard dat in diel fan syn funksje ferlern hat
dy't it hie
doe't ik wat jonger wie.
Je kamen dêr bijelkoar
en dat wie net allinne
om nei de grienteboer of de bakker
en ek net om oan te stekken yn de kroech
of ien oan te stekken bij "sigarenmagazijn van der Velde"
Nee, yn it Noard begong eltse reis.
Keatse, fuotbalje, folleybalje yn in oar doarp,
hjir praten wij ôf.
Ek foar in jûntsje út, begong it dêr
mei eventueel in foardrankje yn it kafee.
Mei de bus fuort, dy stopten allegear yn it Noard,
sels de line tsjinst fan de LAB
As jong mantsje sieten wij dêr
de nûmerbuorden te notearjen,
want dêr kaam de auto's fan trije kanten.
Letter kamen der mear auto's
en it Noard sa't it wie
koe it net mear oan,
seine wierskynlik ferkearskundigen en amtners.
It moast oars, it moat better, it moat feiliger.
Rânen, pealtsjes, peallen, betonstientsjes,
en al in skoft dy betonblokken
it jout it Noard in freeslik karakter.
Mar it kin net oars, sa't it skynt
It grutte en swiere (trekker) ferkear
nimt graach in stikje stoepe mei.
Se merke der neat fan yn harren hege kabine
dat se in betonblok heal út de grûn ride.
No is it wer oanpakt, ik bin benijd......
Hjir en dêr in foto weijatten (Tresoar, facebook) om sjen te litten
hoe't it west hat yn in tiid dat der folle minder autoferkear wie.
![]() |
| 1903 |
vrijdag 6 december 2019
Frank Blueka
It wie sneontejûn drok yn de stêd Ljouwert.
Ek ik wie dêr.
Net foar it Luna ljocht spektakel
mar foar in optreden fan Frank Blueka.
Ik nim it nimmen kwea-ôf
dat dy namme jim neat seit,
mar it is wol spitich dat ik dêr hast allinne siet
yn teater de Bres..
Frank Blueka libbet letterlik en figuerlik fan de muzyk.
hij komt mei in ferskaat oan ynstruminten
en hat ek yn dizze foarstelling in tema.
"Einstein was a Rolling Stone",
en dat makke mij nijsgjirrich.
Syn eardere programma
Neil Young meets Tom Waitz
fûn ik ek nijsgjirrich en boeiend.
Frank song ek dizze jûn wer prachtige selsmakke lieten
mar foaral ek Stones ferskes.
Dan wer op piano, de syntersizer,
de akoestyske of de elektyske gitaar.
Moai spile en moai songen.
Ik haw genoaten fan de mzuyk.
Einstein is te yngewikkeld
om dêr in konkreet ferhaal fan te meitsjen.
It slagge Farnk ek net hielendal.
De bylden op de eftergrûn en de muzyk soargen der wol foar
dat ik in jûn hie om oer nei te tinken.
Net folle publyk
wachtsje op de bus
dat soarge der foar dat ik nei ôfrin
noch in moai petear hie mei Frank,
dy't fan earder út yn it Hearrenfean komt.
Ik bin wol in bytsje fan fan dizze muzikant en aardige jonge.
Noch wat sitaten fan Einstein:
Logica brengt je van A naar B, fantasie brengt je overal.
Voorstellingsvermogen is belangrijker dan kennis.
Ons eigen geluk hangt af van de glimlach van de anderen.
Een avond waarop iedereen het eens is, is een verloren avond.
Te midden van de moeilijkheid ligt de mogelijkheid.
Het mooiste wat we kunnen meemaken, is het raadselachtige. Daar komt alle ware kunst en wetenschap uit voort.
woensdag 4 december 2019
Mienskip
At je as Wommelser op facebook sitte
mei alle privacy gefaren dy't dat meibringt,
dan is it in logyske stap
om ek "lid" te wêzen fan Mienskip Wommels.
Oant no ta levert it mij neat op.
Der binne trije ûnderwerpen,
dy't de boppetoan fiere
en lit dat no krekt dingen wêze,
dy't mij net oangean.
It giet it meast oer katten
dy't fermist wurde
en hast altiten wol wer werom komme.
Ek ús kat lit him soms dagen net sjen
en sit dan sûnder skuldgefoel samar wer foar de doar.
Wij belûke de mienskip dêr mar net bij.
It giet ek in soad oer folders
en de Boalserter krante.
Dy wurde regelmjittich net besoarge
en elkenien wit wol werom.
Foar in pear euro oeren pakketten folders rûnbringe
is net iets wat je lang folhâlde.
In strjitsje oerslaan is in oantreklike opsje.
It gemis oan folders yn de bus
is in populêr ûnderwerp
bij de mienskip fan Wommels
It hûntsje fan Okkema fan Easterein
is ek sa'n dinkje om it oer te hawwen.
Yn syn algemienheid
is der net folle begryp bij Wommelsers
dat ek gjin hûn mear yn Easterein wenje wol.
Alle dagen pakt hij de âld dyk
en letter op de middei rint hij werom,
Yn dy tuskentiid is der in melding dien
op ús aller mienskipside
en wurdt it hûntsje wer karakterisearre
as in gemien kring of as in leaf hûntsje.
Dêr is de mienskip yn Wommels it net oer iens.
Dat dy net samar los omrinne mei,
dêr binne wij it allegear wol oer iens.
zaterdag 30 november 2019
7 deugden
Bij de keunst let ik net allinne hoe't it der útsjocht
mar foaral hoe't it hjit.
Ferbaas mij hiel faak oer de titel.
Bij dizze keunstner wie it oarsom.
De titels wiene dúdlik,
de 7 deugden,
de 7 deugden,
Ik haw foto's makke
om der thús noch efkes rêstich oer nei te tinken
om der thús noch efkes rêstich oer nei te tinken
en te ûntdekken
at ik oansluting fyn
bij wat ik sjoch en wat ik lês as titel.
at ik oansluting fyn
bij wat ik sjoch en wat ik lês as titel.
Ik fyn dit slagge tige slagge keunst
![]() |
| moed |
![]() |
| gematigdheid |
![]() |
| wijsheid |
![]() |
| geloof |
![]() |
| hoop |
![]() |
| liefdadigheid |
![]() |
| rechtvaardigheid |
Abonneren op:
Posts (Atom)

































