Op twitter folchje ik in oantal minsken
fan Skylge en Amelân.
Sij poste frijwol alle dagen jaloerskmeitsjende foto's
fan see, strân, dunen en foaral fan de sinne
dy't opkomt en dy't ûndergiet.
It is dêr net in dei gelyk.
Ik fyts hast alle moantiden in rûntsje
en bin meast ûnderweis at de sinne hast opkomt.
Dy opkommende sinne
dat is wol sa'n prachtich skouspul,
dat is wol sa'n prachtich skouspul,
dat wol ik sjen en belibje
en dat seit mij mear as de ûndergeande sinne
Sneontemoarn
-2 graden
in moaie loft
en iis yn de feart
Ik bin suver grutsk op dizze foto,
gewoan,
makke yn Wommels
bij it Trochpaad
Geen opmerkingen:
Een reactie posten