vrijdag 27 december 2019

Rinne

Rinne yn it tsjuster is wol wat spannend
en dêrom sa leuk.
Twadde krystdei, tsjin de jûn
haw ik myn deistige meters noch net setten.
"Wol Samme ek efkes mij te rinnen"
app ik de soan.
In kertier letter stappe wij it tsjuster yn
en rinne wij fan ferljochte kryststêr
nei ferljochte krystbeam,
fan in ferljochte nepswaan
nei in heal ferljochte slide

Wij heare gelûden
mar sjogge de guozzen net.
Om it noch spannender te meitsjen
rinne wij oer
it "geheime"paad lâns de fiver
en troch de lytste strjitsje en steechjes


Hij freget en ik fertel him oer de ferkearsbuorden
en lis him út hoe't it bij de brêge giet,
 at er in boat oankomt.
Earst it reade ljocht oan,
dan de auto's en fytsers dy't stopje,
dan de slachboom dy't del giet
en dan de brêge dy't omheech giet.


Wij gean om sûkelade en sûkelademolke nei beppe
en at ik letter thús wer bin,
bin ik wer 6000 stapkes fierder

Moai dien Samme




Geen opmerkingen: