Ik bin net katolyk. Ik haw der fierders ek neat mei. Fyts wol alle dagen twa kear troch Reahûs, in katolyk doarp. Mar dat makket mij noch gjin katolyk. Ek net in bytsje. Aardige en freonlike minsken dêr. Yn Reahûs. Bij Boalsert stiet it Oegekleaster.
No in pleats mei, sa te sjen in raar útbouwsel. Dêr stiet ek in tinkstien foar in ferstoarne pater. In sillich of hillich ferkleare pater. Ik wit it ferskil net. Titus Brandsma. Neffens Wikepedia is dit oer him te sizzen. Wikepedia is net altyd de wierheid hawwe wij okkerdeis wer lêzen kinnen. Lit ús mar sizze dat it measte wol wier is. De man is yn 1942 ferstoarn yn Dachau. Dan wit je it wol. Wrâldkriich II. Dy deade Titus is no oan it twitterjen. Ik mei graach oannimme dat de man altyd goed bij de tiid wie, syn tiid miksien ek wol fier foarút wie. mar dit rooit igge noch seam. Trije moanne lang kinne wij him folge op twitter as in "spannend" ferhaal, wêrfan de ôfrin bekend is. In goeie wike haw ik it prebearre. In deade man folge yn de lêste moannen fan syn libben. Tusken al dy oare tweets fan nijsgjirrige minsken en aktuele saken. Net dus.
Al dizze tweets wurde ûnderwilens folge troch 760 twitteraars. En hjoed dus ien minder. Want foar mij hoecht dit net. Lit ik mar sizze omdat ik de spanning mis. Ik sjoch ek noch dat de Pater sels net ien folget. Frjemd.
Krekt werom fan it optreden fan Gerry Wolthof yn Jimbar yn Wommels. De man út Veendam dy't Neil Young spilet. De man dy't yn 1985 yn de Soudmixshow de tredde priis helle. Wat in geweldige Neil Young stim hat dy man. 3 sets lang hat er ús meinommen yn it grut ferskaat fan lieten. It gefoel dat Neil syn lieten mei joech, wie yn de Jimbar. De perfekte omjouwing om in geweldich konsert te jaan, sa fûn de Grinser sels ek. Mar ik soe ik net wêze at ik gjin argewaasje hie. Twa sels dizze kear. Wêr't de measte argewaasje tsjin giet wit ik net. Tsjin de minsken dy't der net wiene en dus hiel wat mist ha of tsjin de minsken dy't der wol wiene mar gjin respekt foar de muzyk hiene en net 3 kear 30 minuten harren praatfolume net wat oanpasse kinne. Ik tink tsjin de lêsten, want fan de earsten hie ik gjin lêst mar fan de lêsten wol. Namkje Koudenburg makke in filmke, wêr't jim Gerrie net echt sjen kinne, mar dan hiene jim der ek mar wêze moatten. Te hearen is dêr de stim fan Gerrie, it meisjongen fan de leafhawwers en in gepraat fan de respektleazen.
"Utferkocht" hong der sneontejûn op de doar bij poppoadium it Bolwerk yn Snits. De 4 jonges fan Ten Years After hawwe noch safolle namme dat sij in seal fol krije mei keale koppen, grize hierren en (te) lange burden. Allegear leafhawwers fan it kompakte lûd fan Ten Years After. Allegear is krekt wat te folle sein, want efter yn de seal wiene der te folle dy't mear foar it praat kamen as foar de gitaar. En dat jout yn it Bolwerk swierrichheden. De desibelmeter stiet dan wol kreas ôfstimd op 90 sa wat, mar it is dan efteryn net goed te hearen. Alteast je krije dy jankende gitaar net fol yn de bealch, je fiele de drums net yn de lea, de bas docht je net triljen en it lûd fan de sjonger komt net oer. Doe't wij ús troch de mannichte nei foaren wraksele hiene (dêr is "vader Abraham" net populêrder fan wurden en syn broer ek net), omdat wy wol foar de muzyk komme (eamelje kin letter wol), seagen wy it entûsjasme en hearden wy it folle lûd, dat hielendal klopt. Oan de mannen op it poadium lei it dus net. De wite hierren fan basgitarist Leo Lyons wapperen as wie hij in jonge God fan 67 en hij wie it symboal fan entûsjasme. De âldsjes yn de groep diene it noch bêst. De tradisjonele jierren 70 drumsolo wie der fan Ric Lee en Chick Churchill sloech op de keyboards of wie it in waskboerd. Allinne sjonger Joe Gooch wie ynbannich en at dat no troch syn karakter komt, troch syn leeftyd (hij is noch mar 33) of troch syn sichtbere rêchklachten, it past hielendal bij in sologitarist. Machtich om te sjen hoe't hij hingjend op in kruk (hij wie hielendal stikken) Going Home spile. Doe waard dúdlik hoe goed dat nûmer is en wat der yn in gitaar sit en wat der út te heljen is. Twa oeren lang Ten Years After en dêrnei noch in oerke lekker nei-eamelje mei Ate, Ype, Elly, Lolke en Johannes, dy't der ek hielendal trochhinne siet, mar dêrtroch maklik yn te passen wie as 4-de man op de efterbank. Hearlik.
Myn maach of termen wiene de lêste dagen wat oerstjoer. Seker wat ferkeards iten tink ik dan al gau. Efkes tinke. De opbakte jirpels fan moandei dy sille dochs net 13 sekonden te lang bakt wêze. Of haw ik der sûnder opset 3 kuorrels sâlt te folle opsmiten. En de sla wie dy wol biologysk dynamysk wosken yn in lofts draaiende skjinmakbak. Of wie it miskien it Mona neigerocht. Wie dat hast oer datum miskien. Nee dan de soerekoal fan tiisdei de skuld mar jaan. Mei spek. Dat sil it grif wêze. Of wiene it dochs dy grutte mega krinteballen dy't ik woansdei iet, dy't fol sieten mei rezinen dy't mij net sa lizze. Op freedtemoarn betiid wie der foar Omrop Fryslân in wol hiel entûsjaste kok (Marco Poldervaart) dy't op absurde wize it der oer hie, dat "hij en syn team der klear foar wiene nei in jier hurd wurkje om de striid oan te gean yn in itensieders"keunst"wedstriid earne yn Europa". Jasses tocht ik en myn termen fielden dat oan, want ik wie samar it bêd út. Jasses, wat in freeslike droktemakkerij oer in kuorrel sâlt mear of minder of oer in blêdsje peterseelje lofts of rjochts op it fleis. Ik tink net dat ik ea te iten gean bij de Gastronoom. At ik wit dat it allegear sa krekt komt, dan yt ik al net lekker mear. Wat kin iten klearmeitsje dreech wêze. Ik tink dat ik ynkoarten mar wer in kear yt yn it wyksintrum fan de Lemmerdyk west yn Snits. Ek dêr wurdt it mei in soad leafde makke, mar sûnder babbelegûchjes. Nije wike stamppôt. Trije soarten: boerekoal, soerkoal en hutspôt. Allegear yn ien panne (fan myn kollega moat ik board sizze, mar dêr bin ik it net mei iens). Wat kin itensiede maklik wêze. En is it wat minder lekker, dan leit dat oan myn eigen smaak. Want oer smaak falt net te twisten. En smaak falt seker net te beoardielen. Bah, wat in wedstriid fan neat.
Ik bin gjin autorider en dat hat ta gefolch dat ik wolris wat muoite haw mei ferkearsbuorden. It ferkearsdiploma fan 1965 hat mij in flink ein op wei holpen om wat kennis op te dwaan, mar wurdt net ûndersteund troch praktykerfaring. Want sis no sels de measte ferkearsboerden hawwe mei auto's te krijen. Der is ien ferkearsboerd wat ik hiel goed kin. Alteast dat tocht ik. Mar ik haw hjoed dochs noch mar efkes opsocht wat it betsjut.
Myn idee wat it betsjut komt aardich oerien mei de wurklikheid. Ik twifele efkes omdat op de Burchwerterhoeke ek sa'n boerd stiet. En dêr wurde je as fytser net bliid fan. In smel paad fan ûngefear 100 meter, mei mear ûnkrûd as stiennen. Ik haw dêr noch nea immen op fytsen sjoen. In ferlern stikje fytspaad. It sil net faak foarkomme dat ik tsjin in fytspaad bin, mar yn dit gefal bin ik der poer op tsjin dat dit as fytspaad oanjûn wurdt. Fuort mei dat boerd. Gemeente Súdwest Fryslân jim hawwe in boerd oer. Wat sis ik: twa , want 100 meter fierder fanôf de oare kant stiet ek ien.
Ik lês 4 wiken it Parool. Net om te prebearjen mar omdat dat de ienige krante is dy't ik op myn winskbonnen noch bestelle koe. No ja de Telegraaf koe ek wol, mar dy wol ik hjir net wer yn é hús ha. Mar werom nei it Parool: 4 wiken foar 10 euro. Ik wit net hoe't se dy krante hjir bij mij yn de bus krije, wa't dat ding rûnbringt at der mear Wommelsers binne dy't him lêze. Wat ik wol wit is dat it in tige lêsbere krante is, mei in moai lettertype, sûnder razende koppen en mei goeie ferhalen. Yn dy kommende 4 wiken sil ik in goed byld krije fan Amsterdam. Want it Parool is in echte Amsterdamske krante. Sa stie der sneon in list yn de krante mei de populêrste Amsterdamske jonge en famkesnammen. Bij de jonges leit it der sa hinne: 1. Mohamed 2. Adam 3. Rayan 4. Max 5. Noah 6. Mohammed 7. Lucas 8. Olivier 9. Benjamin 10.Jayden Dit listje seit genôch. Opfallend is dat der seker twa Moham(m)eds binne. Of hat de iene kategory net op taalkursus west. Adam op twa? De Joaden dy't bij Amsterdam heare of wurde der safolle bern ferneamd nei de stêd. "What is a name", sei Shakespeare mar Jan Rot sjongt hoe ferfelend in ferkearde namme is.
En sa binne der wer tal fan nije wurden bij lies ik op ynternet. Fryske wurden. In stik as 20. Yn 2011 tweintich derby en yn 2010 fiiftich der bij wei. Want sa is it dochs? Der ferdwine safolle Fryske wurden. Dat docht it Fryske hert sear. De Fryske taal ferearmet hurd. Moaie wurden wurden allinne noch brûkt yn de poëzij wat gjin minske lêst, of yn de boeken, dy't al net mear mei de kroade bij je thús brocht wurde. In taal mei en moat feroarje mar mei dizze 20 nije wurden sjitte wy net folle op. Lit mij it moarn in kear besykje op it wurk. "Ja, freed nei Utert west, yn in lange rige autos stien fansels." "In file" "Ja in lange rige auto's troch in ûngemak op de oare baan. Mar wij stiene yn de koekeloerrige". "Yn de wat.....?" Ik bin benijd at se mij noch foar fol oan sjogge.
"Oh ja, ik wie op de beurs yn Utert en dêr wiene pilsmokkeltsjes en wij krigen in hipperhapke" Ik wit net at it dan wol goed komt mei mij. At ik dan ek noch freegje at se mij net mear Grutte Pier mar Griene Pier neame wolle ( ik ha mear mei it klimaat as mei it swurd) dan bin ik bang dat se my in flinke winterdip taskriuwe.
Op fersyk fan in goeie Jobbegeaster (net Algra) moast ik efkes kritysk sjen nei de Fryslân stand op de fakânsjebeurs. De grutte bal mei fideobylden wie al fan te foaren wiidweidich besprutsen. Ik haw der efkes bijsjoen, foar it skerm stien, mar it spruts mij net echt oan. Wat der no krekt barde is mij ek net dúdlik wurden dêr, ûndanks it feit dat der genôch Fryske famkes of kreaze jonges omstapten. Dat Fryske famke en dy kreaze jonge stie efter op it sjurt wat se oanhienen. Dat der ek minsken yn de stand it sjurt net oan hiene wie terjochte. Want doe't wij oanjoegen dat wij gewoan efkes seagen as belangstellende Friezen en net fan doel wiene om de fakânsje thús te fieren of yn eigen omjouwing, besocht se noch al wat. "Heeft u de elf steden al gefietst", begong se. "Ja", antwurden wij yn it Nederlânsk, want se hie ús al witte litten dat se gjin Frysk ferstie. "In vier of vijf dagen kun je dat doen", gie se fierder. "Ja en it kin ek yn ien dei" joech myn frou oan. "Dat bestaat niet, dat is onmogelijk". Tsja, twadde pinksterdei noch nea yn Fryslân west dus.
En dit is it byld wat wy de Hollanners foar hâlde. Farre mei molkbussen yn de boat. Wêr kin dat? It wie net drok yn de stand. At dat in goed of in min teken is wit ik net. Dat hinget der fan ôf fan hokker side je it benaderje. It hoecht hjir om mij echt net drokker en dan bedoel: kin it ek wat minder.
Yn de moanne jannewaris komt de hiele wrâld byelkoar op de fakânsjebeurs yn Utert. In dei as fjouwer kinne je in "wrâldtoer" meitsje en je oriïntearje op de kommende fakânsje. Ien kear yn de safolle jier geane wy der ek hinne om nei de tiid te konstatearjen dat it in slitaazjeslach wie foar de rêch (en dit jier ek foar de knibbel) om dêr 4 oeren om te toffeljen, dat it ien grutte papier fergriemerij is en dat it neat foar ús is, sa'n fakansjebeurs. Wij binne better te plak op de Fyts en Rinbeurs dy't ein febrewaris yn de Rai holden wurdt. Mar soms is it ek goed om te sjen wat der allegear yn de grutte fakansjewrâld is en hokker kant it út giet. Kampeare liket yn te kommen mar dan yn sokke lúkse "tinten" dat it neat mear te krijen hat mei kampeare. Unbidich grutte tinten mei in húske, in brûs, in keuken en leunstuollen der yn.
Der binne húskes op bungalowparken dy hawwe minder lúkse. Ik neam it net kampeare. It wie freed betiden in keunst om earne bij te kinnen. Want al dy standhâlders binne op jacht om emeeladressen te krijen. Dus jong en foaral âld fulle in formulierke yn, omdat se in priis winne kinne, en jouwe harren adres en tillefoannûmer op. En letter mar seure dat se allegear spam krije en ferfelende tillefoantsjes. Oh ja der moat fansels wol in fraach beändere wurde, want oars meie je net samar in reis fuortjaan. Oars is it lotsjen en dat mei net. Sa moatte je om in reis nei Nepal te winnen riede hoefolle a's der yn Nepal steane, foar in reis nei Egypte is de fraach at de Rijn of de Nijl in rivier is yn dat lân en at je antwurd witte op de fraach yn hokker wrâlddiel Súd Afrika, dan meitsje in kâns op it trip nei dat lân. De kâns dat ik wat win achtsje ik hiel lyts. Mei ien gokje bij in stand mei in goed doel hoop ik dat it immen takomt dy't der mear ferlet fan hat as ik. It wie betiden libbensgefaarlik om tusken de stand troch te skarreljen. At je efter ien lâns rinne woene, moaste je earst wol goed útsjen at der net in koffer op tsjillen efteroan kaam. Want de trend is ek om nei sa'n beurs te gean mei in lege koffer en thús te kommen mei in koffer fol folders. It byld is meast dat man de koffer meisleept en dat de frou oeral folders wei pleurt en de koffer besiket sa fluch mooglik fol te krijen. Begrutsjen hie ik mei de standhâlders fan Dordrecht mei de Mariapolder as efterlân. De folders wiene noch net oanpast oan de nije sitewaasje: In rûnrit troch spútsjefjilden dy't oantaast binne troch de gemy.
Nee dan Tuneezje. Dy lju dêrwei hawwe ynspile op de politike sitewaasje. Mei in negatyf reisadfys hiene sij oan trije boekjes wol genôch.
Mar om net mei de rotsoai sitten te bliuwen yn harren lân hiene se it hjir mar hinne sleept. En ta beslút: je koene hjir en dêr ek noch wat priuwe. Dêr haw ik mij ek ien kear oanweage. In bultsje riis, mei wat krûden en wat wjirmkes der op. Sis mar in hipperhapke. Kâns is oanwêzich dat ik mij dêr noch in kear oan weagje.
3 snaren, in Missisippie trommelmasjine te betsjinjen mei de foet, in houthakkersjurt, in tûnbroek, in pet en in burd. En in bluesstim. Oandacht foar Seasick Steve.
At je in hús bouwe litte wolle dan wurdt der skerp op tasjoen at it wol foldocht oan bepaalde betingsten en at it wol eaget. De polityk hat spesjale kommisjes ynsteld dy harren drok meitsje moatte om de fraach at iets yn de omjouwing past of at it net yn striid is mei ien of oar artikel yn in wet fan 1949 of iets letter of earder. Wij witte allegear wol dat oer smaak net te twisten falt, dus wat de iene moai fynt, de oare as freeslik beskriuwt. At dizze regear besunigje wol, dan soe om mij dit ûnderwerp wolris op de aginda komme kinne. Der falt hiel wat te besunigjen op dit soarte fan ynstânsjes. Seure dat rútsjes net 90 bij 90 mar 85 bij 88 wêze moatte en dat grienbrún better is as brúngrien moat sa gau as mooglik ophâlde. Ik tocht hjir oan doe't ik snein bij de Himert lâns fytste. Dêr stiet in hús te keap. Of better sein bougrûn mei in ruïne fan wat earder in hús wie. Hoe is it mooglik dat dizze rotsoai dêr salang sa lizze koe. Ik haw gjin idee hoe lang it lyn is dat dit hûs ôfbaarnd is. Ik skat wol 20 jier. En sa lang leit it der hinne sa't ik it no op de foto set ha. Je witte mar nea, mar miskien is der immen dy't dizze bou kavel mei in flink stik grûn keapet foar 399.000 euro. En miskien is der dan wer sa'n saakkundige bemoeial dy't bij de earste tekening kommentaar hat op it ûntwerp. "Dat it net goed yn de omjouwing past." . Myn reet, 20 jier leit der in binde dy paste wol goed yn de omjouwing seker. Alles wat dêr boud wurdt is better as wat der no 20 jier of sa leit. Ophâlde te seuren dus.
Fan efter it rút komt in lekker sintsje binnen. It liket wol foarjier efter it rút wei besjoen. Dus der mei de fyts op út. In flink wyntsje docht bliken. Earst mar yn de wyn. Burchwert, Boalsert Eksmoarra, Allingewier, hast Makkum en dan binne it ynienen allegear fûgels yn it lân. Ha fierders gjin ferstân fan fûgels mar it lykje wol grut útfallen einen of lyts útfallen guozzen. Dan nei Skraard, Longerhou, Skettens, Wytmarsum, de Himert, de Bieren op Wommels.
En foar je it witte is wike 1 wer foarbij. In wike mei meifallers en tsjinfallers, mei hichte en djiptepunten. Ik sjoch werom. Neffens de persintaazjes op "het regent bijna nooit" soe ik dizze wike ien kear wiet op it wurk of thús oankomme moatte. Dat klopt. De lêste middei soarge in mizerich reintsje foar wiete klean. Ik beskôgje in wiet pak seker net as in djiptepunt. It heart der gewoan bij neffens de statistiken. Ik krige in goed gefoel oer ús gemeente. Tiisdeitejûn in "lytslijen" melding dien oer de betonreed op Slyp bij Reahûs, wêr't it paad oer grutte lingte hieltyd ûnder wetter stiet of in iisbaan is. Woansdei al in tasizzing fan de gemeente dat it ynkoarten oplost wurdt. In hichtepunt? Minder bliid waard ik freed fan de tintelbonnen en de wensbonnen. Yn 2009 en 2010 krigen bij ditsjes en datsjes en it waard no tiid om se om te setten yn produkten. En dat falt noch net ta kin ik jim sizze. At je alles wol ha. Ik kin binnenkoart it Parool 24 dagen ferwachtsje, in sinne oplader, wat fytstiidskriften, in nije mikser en boksen foar de mp3. Echt bliid waard ik pas fan de earste oanblik fan it skriuwen fan Reaal. De lêste jierren is myn libben in stik minder wurdich wurden want de wearde fan de libbensfersekering is flink sakke. Mar no sjoch ik de kop: winstoverzicht 2010. Ik sitear: In deze brief informeren wij u over de aan uw verzekering toegekende winst. Over het afgelopen jaar bedraagt de winst voor uw verzekering: € 0
De nijjiertaspraak fan ús boargemaster lês ik altiten mei nocht en wille. Foaral it stikje oer de weryndieling sprekt mij tige oan. Miskien wie dat dizze wike wol it hichtepunt. Of bin dat dy 236 kilometers dy't ik dit jier al wer op de teller ha. It earste boek yn 2011 (Geheimhouding fan John Lescroat is in hoopfol begjin yn it nije jier.
It sil jim net ûntgien wêze. De liftwedstriid hat mij wer in skoftke fan de dyk holden. Wat in prachtich spektakel is it alle kearen wer. Wat machtich om te sjen dat sa'n groep jonge minsken op aventoer giet. Dy't harren sels wiismeitsje dat it in wedstriid is. Dat it relativearjen al gau begjint at der lang wachte wurde moat op in lift. Dat meidwaan ek leuk is. 10 jier lang ha se no liften. 10 jier lang bin ik der ek bij belutsen west. De earste kear nei Milaan frege ik harren om mij jûns tusken 7 en 8 te beljen om oan te jaan hoe fier se wiene. Dat nijs sette ik doe op myn SibedeSeefûgel blog. De jierren dêrnei is it útwreide. Fan tillefoantsjes nei sms-kes, nei emails , trackr en nei tweets. In moai ûntwikkeling. En dat allegear op side fan in fuotbalferiening. De lêste wedstriid wie ien fan de moaiste wedstriden om yn byld te bringen. Machtich moaie berjochten mei genôch lokaasje meldingen. De jongelju komme altiten optein werom. Machtige dagen, hearlike sfear en lekker bier. Ik moat bekenne dat ik dy liftdagen misse sil. Want harren wille, wie myn wille. Hjoed kaam Sytse lâns út namme fan de alle lifters mei in prachtige doaze mei Vino Liquoroso Dessert wine en Cantuccini Alla Mandoria Crisp Almond Cookies. Allegear tige tank, ik haw it mei in protte nocht dien en ik sjoch út nei jim boek.
Op woansdei 5 jannewaris skreaun Martsje de Jong in moai stik op har blog. Oer it fertutearzjen fan de Fryske taal troch tadwaan fan ûnder oaren de omrop. In pear wike lyn krige van Sjoerd van Beem, in jonge tritiger, in needgjalp:
De lêste tiid haw ik in protte argewaasje oan minsken om my hinne dy't (faaks sûnder dat se it sels witte) ús taal nei gichem helpe. It giet dan om minsken fan myn leeftyd en jonger, mar ek âlder. De measten binne thús opfieden mei de taal dy't ús sa nei oan it hert leit, mar troch dat se tsjinwurdich oeral en nearne yn it Hollânsk prate (moatte), fertink ik se der fan dat se ek hyltiid mear sa tinken gean. Dit liedt ta (mis)brûk fan ús taal op in wize dy't by my regelmjittich de grize oer de grauwe lûken docht. In oantal foarbylden:
# Wy hienen juster thús moatte fuotbalje # Dat soe toch oars moatte kinne # Ik wit net as ik sneon kin komme.
En gean sa mar fjirder. Aant, ik bin sels ek net altyd like suver, mar wit al dat it my dwaande hâldt. Hoe is dat by dy en kinne wy dêr miskien ek ien oft oare ludike aksje foar op tou sette?
Ik haw de meel efkes lizze litten. Mar hij stiet noch as in aksjemeel yn de boks. Ik haw noch gjin idee om dit oan te pakken. Ik krige fan Wybren Jorritsma nei oanlieding fan Sjoerd syn foarbylden in "aardich" stikje.
Stel, dat wy it der nea wer út kinne krije, dan bliuwt it dus sa en dan sille wy der dus mei akkoart moatte gean dat se yn de takomst sa sille prate. En dat net alinne, mar wy sille ek noch moatte ferkropje dat se der wis fan sille wêze dat dejingen binne dy't mar net kinne begripe dat it moderne Frysk sa moat klinke. Ik hoopje dat ik it net mear sil meimeitsje.
Ut: Ik woe dat ik in Drint wie, (Carla van der Heijde en Rients Gratema). Utjun by gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum fan de Afuk 2003.
Potferdoarje tocht ik. Foar 2003 seach Rients Gratama dit al oankommen. Wat doe as as grappige tekst sjoen waard is no de tryste wierheid. 8 jier fierder en je heare net oars mear. Wa kin ik de skuld jaan?
At je twitterje is it wol aardich dat je ek wat folgers ha. Net it oantal is lykwols wichtich mar de kwaliteit dêr fan giet it om. Oare twitteraars krije fêst lykas mij ek regelmjittich in berjocht fan in nije totaal ûnbekende folger. En dy folger hat mar ien doel: har of him ek folge. Moai net dus. Sa as dizze hjir ûnder dy't hopenlik gau har nocht hat fan mij. Beste frou Cory boatright, wat geweldich fan jo om mear as 33000 folgers te hawwen.
At it winter is bij ús yn de tûn dan is it meast ek winter bij ús yn de buert. En winter betsjut neist lijen foar fytsers (en oar ferkear) ek in minne perioade foar fûgels. It iten en drinken is net goed te finen. Us tún rint normaal net oer fan fûgels, mar sok waar jout mij de kâns om dêr wat oan te dwaan. Ik haw de simmertafel stean litten en smyt der itersresten op, foaral sa fier geskikt foar fûgels. Ik wit no dat se net sljocht op oanbakte ierpels binne en dat de oerbleaune krystbôle ek net favoryt is. It fûgelhokje hinget al oan de muorre en ik ha mij altyd al ôffrege hoe't je dêr as fûgel ynkomme. Simmers gjin sukses, winters ek net dus. At der in poat ûnder in hokje stiet en it is iepen dan is dat in fûgelhúske. Dêr komt de oerbleaune riis yn, de plaskes bôle en de apenuten. Ut de dop haw ik okkerdeis lêzen want oars moatte de fûgels der te folle foar dwaan yn dizze barre omstannichheden. Fierders hinget der in fetbal, wat pitsjeboel en apenuten yn de dop (foar de domme fûgels) oan dat fûgelhúske. En dan haw ik de kroade fierderop ek noch yn de tún delsetten. Mei in plaat derop sadat ik oerbleaune oaljekoeken, seane ierpels en makaroni ek kwyt kin. Ik kin jim sizze dat myn ynset sukses hat. Ik besjoch mei nocht al dy fleanbewegingen, ik sjoch mei nocht nei de lytse en grutte fûgels dy't harren lekkerste hapke útsykje. En ik sjoch fûgels fjochtsjen om in Bildstar, dy't wij net opkoene. Ja myn oandacht gie de ôfrûne wiken foaral út nei de fûgels. En wierskynlik bin ik de katten doe in kear fergetten. Juster tink ik. En dat hawwe se mij oanrekkene. Der komt yn alle gefallen ien fûgeltsje minder. In fûgeltsje dat der goed útseach. In búkje noch goed fol mei apenúten, tink ik. Dy't ik út de dop helle hie. Ik sil de kat mar net straffe mei minder iten want dan bleaut der neat gjin fûgelguod oer.
It jier is om en dan kin ik wer sjen hoefolle ik dit jier beweecht ha. 30 minuten per dei dat moat neffens ús gemeentebestjoer. Ik helje it mei gemak. Op de fyts allinne al. Yn 2010 haw ik 11196 kilometer fytst. Dat is per dei iets mear as 30.5 kilometer. Ik bin gjin hurde fytsers, oars hie ik wol in reesfyts en ûndanks it feit dat ik sa'n "flugge lisfyts" ha. Dus oer 30 kilometer doch ik seker 5 kertier. Dat betsjut dat ik foldoch oan de noarm dy't Littenseradiel steld. Miskien moat ik wol sizze dat dizze omjouwing (Littenserdaiel) ek wol hiel útnoegjend is om te fytsen. It hichtepunt lei dit jier op july, doe't wij fanút Basel nei Wommels fytsten, lâns alle bochten fan de Rijn. En fierders wat tripkes fan mear dagen yn Nederlân en foaral alle dagen op de fyts nei it wurk (30 km hinne/werom).
Dy 11196 kilometer passe aardich yn it rychje fan de lêst 17 jier. Der sit sels wer in opgeande line. Hoewol de "dipkes" fan twa jier hawwe mear te meitsjen mei in minder lange fyts fakânsje kilometers yn dy jierren. Yn Ierlân en Sweden te folle bulten.
It jier is wer om. Dus werom sjen. Weromsjen op it lêzen. Dat is maklik want ik haw sûnt 1998 myn boeken bij holden dy't ik lêzen ha. Of hie ik it der om dien want it binne der op ien nei 500. Ik liich der net ien bij. Yn 2010 wiene it 42:
Myn eigen 8 befiningen oer myn lêsgedrach: 1. Sitte mar twa boeken bij dy't wat mei Fryslân hawwe.# teloarstellend 2. It oantal Skandinavyske skriuwers is grut # opfallend 3. Der binne 12 boeken dy't troch in frou skreaun binne # tafal 4. Ien fan de minste boeken wie fan Kluun # tryst 5. Wenje 100 meter fan de byb # maklik 6. Lêze doch ik lizzend # liketlui 7. Kom nea mei al lêzen boek thús # htc touch 8. Lês net yn de tobbe # wiet
Jehannes Nauta dy wennet yn Easterein. Dêr is neat mis mei. Jehannes Nauta hat syn jierdei op 31 desimber. Dêr is wol wat mis mei. Want op it momint dat je op 31 desimber de kantine yn de sporthal yn Easterein ynrinne dan sweeft dêr it "JehannesNautafuortgeanfirus". Want wylst elkenien mar altyd beweart dat men neat mij jierdeifeessies hat, is de de jierdei fan Jehannes dêrop in útsûndering. At je yn in groep steane en wat bier bestelle wolle, dan is der altyd wol immen dy't seit: "Noch ien dan, want ik moat ek noch nei Jehannes". "Nei Jehannes? Oh ja, ik wit it al wer fan ferline jier en it jier dêrfoar en it jier dêrfoar ensf. dat Jehannes Nauta jierdei is en dat hast elkenien út Easterein bij him op de jierdei giet". En op ien of oare wize, wolle se dat net misse en wolle se net te let komme. "Kinst ek wol mei?" seit der hjoed immen. "Nee, dank je", foar mij bliuwt Jehannes in generaasjegenoat dy't ik faak tref at der earne goeie muzyk is en wêrfan ik wit dat hij op 31 desimber jierdei is en dat wol ik graach sa hâlde. Ik gean net bij him op de jierdei. En ik brûk it seker net om op 'e tiid fuort te gean. "Jehannes fan herte lokwinske, ik sjoch dy bij Ten Years After yn it Bolwurk yn Snits op 22 jannewaris. Dan drink ik ien mei dij. Op dyn jierdei.
Fannemiddei fytste ek efkes op de Slachte. De fjouwerkante eagen fan it wepmasterjen efkes nij sicht jaan. Op wei tusken Krabbedyk en Swarte Beien, myn favorite buorskip allinne al troch de namme, skrok ik fan de stilte. Neat hearde ik. Ik haw oars altyd muzyk om mij hinne. Thús mar ek op de fyts. Radio is myn ding. Pyt om 6.30 is myn wekker en bij de twadde alinea fan in antwurd fan in politikus yn "het oog op morgen" fal ik yn sliep. It is ek sa dat ik oars altyd wol wat hear. Ridende auto's , brommende brommers, wynmûnen, fûgels of oare bedriuwichheid. Mar op dizze winterdei, op de Slachte hearde ik neat. Sels gjin karbidbus of oerfleanende guozzen. Moaie hear de stilte. Mar no thús yn myn hok hear ik klanken fan Snow Patrol. "Run" in moai nûmer. En sa wurd ik dizze lêste dagen/oeren fan it jier wer meinommen troch de muzyk fan top 2000. Foaral freed at echt de bettere muzyk komt. Nee, gjin Omrop Fryslân freed. Dêr giet it net om de muzyk mar persoanlike feessies en oandacht. Sil mij benije hoe faak hij moarn wer troch it byld rint op tv. Dêrom foar him "Silence is golden"
Wylst ik de hiele dei dwaande bin mei it liftbarren, skrik ik jûns dochs wol efkes. It ferstjerren fan in bekende. Yn myn wylde jierren in soad mei him op paad west. Kliuw, Rien en in soad nei de muzyk. Hiel lang net sjoen. Gewoan omdat soks sa giet. Of tafallich. Hij yn Akkrum en ik yn Wommels. Ferline jier bij Brainbox trof ik him. Moai wie dat. Fansels dêr. Want wij wiene de selde leafhawwers yn dy jierren. Wij ha efkes bijpraten. Grutsk fertelde hij oer syn band mei syn soan. Koart lyn hearde ik bij tafal dat hij slim siik wie. Sa slim dus dat hij dizze wike stoarn is. Krekt wat âlder as mij. Mar te jong. Fierstente jong. Tryst.
It is no woansdeitemoarn. Betiid derôf. Want om 8 oere moat ik bij Jimbar stean. De lifters útswaaie, sterkte en sukses winskje en de lêste nijtsjes ophelje. Want fanôf no sit ik sa'n 20 oeren efter de kompjoeter om de liftwedstriid te ferslaan op www.vv-sds.nl . In hiel oh heden, mar leuk wurk. De reis giet nei Bergamo en ús soan docht foar de 10de kear mei. Foaral him en Beitske Kooistra winskje ik in soad sukses. En spesjaal foar Tsjeard Prodigy.
Ferline wike stiene der yn it AD wer in oantal siden mei nammen fan minsken dy't harren melde moatte bij de rjochtbank yn Ljouwert. It skynt sa te wêzen dat dizze minsken net te trasearjen binne omdat se bûten byld bliuwe wolle of omdat se dakleas of thúsleas binne. Dat de rjochtbank harren opropt soe betsjutte kinne dat se wat dien hawwe wat net mocht. It liket mij in ûnsinnige saak om hjirfoar in advertinsje yn de krante te setten. Noch ôfsjoen fan it feit dat se it AD net lêze (yn Marokko, yn Turkije, op de Antillen) is it dochs dúdlik dat dizze minsken just bûten byld bliuwe wolle. Der stiene 3150 nammen yn de krante fan ferline wike en myn ynskatting is dat der twa dakleazen him melde. Twa mei dysleksi dy't tinke dat de strjitpriis bij harren fallen is. Oh ja: foar de wissichheid noch efkes sjoen, der stie gjin Hofstra bij.
In moai byld. De Boalserterfeart bij de Krommesyl tusken Wommels en Burchwert. De feart wêr't ik foaral yn 1963 safolle op riden ha. As jonkje fan 9 wie it in hiele belibbenis om hielendal nei Burchwert of Boalsert te riden.
En der leit in lyts baantsje yn, sadat riders op it swarte iis ride kinne.
En yn de wintertiid telle fytsers en fytspaden net mei.
"Sympathy for the devil" is foar mij it bêste nûmer fan de Rolling Stones. In spannend nûmer fyn ik it. Der binne mear minsken dy't dat fine. Alteast dat docht bliken út it stimgedrach fan de Top2000 sympatisanten. Fan de goeie 30 nûmers fan de Stones dy't yn de list steane is Angie it heechst notearre nûmer (35) folge troch Sympathy for the Devil. Yn 2010 op nû 43. Dat is opmerklik stabyl want yn 2009 stiene se dêr ek al. De Fryske groep Bacon & Bones spilet it nûmer ek en dan klinkt allegear wat minder driigjend. Mar like goed is it ek bêst te priuwen. Lit mij mar sizze dat dit in Ktystútfiering is fan Sympathy for the devil.
Je ha ferskillende soarten wyn. Hurde wyn, flapwyn, reade wyn, kleare wyn, in stoarm wyn, Frânse wyn en wat al net mear. Ik bin sljocht op in kombinaasje fan twa soarten wyn. Hurde wyn en foar de wyn. Dy kombinaasje hat it ús al in oantal kearen goed dien op fakânsje. Sa makken wy jierren lyn in begjin mei de Northsea Cycle Route. Mei de trein nei Frankryk en fanút Bologne sur Mêre nei hús fytse. It doel wie rêstich oan en 14 dagen de tiid nimme. Dat kaam oars. In hurde wyn yn de rêch makke it ta in reiske fan neat. Wij fleagen troch Belgie, Seelân en de beide Hollannen. De bukfyts (doe noch gjin lisfyts) wie betiden net te hâlden en dan bin ik it ek net. It kin mij dus soms net hurd genôch waaie. Ik haw dêr noch in reden foar. De FKWWI. De Feriening Kollektyf Wynmûnebesit Wommels en Iens. Dy mûne dêr tusken dizze twa doarpen yn is ek in bytsje fan mij. 14 jier der wat jild yn stutsen omdat it in goed doel tsjinnet en omdat in inkele wynmûne yn it lânskip mij net steurt. Alle jierren krije wij boppedat in boppe modale rinte en op de oanskaf fan enerzjy sunige apparaten hat dizze feriening syn eigen subsydzje belied. Oan de ein fan it jier krije wy altiten in oersicht fan de produksje. Juster lei it briefke wer yn de bus: 1.111.053 kwh oant no ta. Dat is noch minder as 2009 en doe wie it al hiel matich, seit de skriuwer fan it briefke. Om twa reden is it dus moai dat it dizze lêste dagen fan it jier noch flink waait. Ik hoech net op de fyts nei it wurk (fakânsje) en it is goed om it minne wynjier iets minder min te meitsjen. En it is at de duvel der meispilet, ik hear no Aganinst the Wind op de radio fan Bob Seger.
Ik begjin mij wat ûngerêst te meitsjen. Oer it winterwaar. Oer de kjeld wêr't ik net fan hâld, oer it sâlt dat hast op is en oer de koarts. De 11 stêdenkoarts wol te ferstean. It sil dochs net sa fier komme dat ik aansens wer al dy ferhalen heare moat fan dy minsken dy't de tocht riden ha. Dy't mij oan de folgjende tocht in minderweardichheidskompleks oanprate. Minsken dy't harren wat mear fiele omdat sij de tocht wol riden ha en ik net. Noch mear soargen meitsje ik mij oer "dy Hollanners" dy't der sa nedich allegear bij wêze moatte. Lekker thús bliuwe soe ik harren ta roppe wolle, bij need yn it Hollânsk. At se it mar ferstean en begripe. It tsjinnet gjin inkele doel dat al dy lju hjir komme te feesten. "La,la,lal,alallallalaole, , hik..hik...ole, ole..la,lala,lallal ..hik.... It is ús wetter, it binne ús stêden, it wie ús idee en dus is it ús feessie. Wij moatte wat dwaan om dit ûnheil te kearen, mocht it troch gean. Wij moatte op tiid plannen meitsje. Myn hope is yn alle gefallen rjochte op de NS. Dizze hiele winter litte se reizgers yn de steek en ik rekkenje no ek op harren. Boppeliedingen stikken op de Iselbrêge bij Swolle. Treinferkear is ûnmooglik. De brêge fan Den Oever en Koarnwertersân wolle net mear omleech. It KNMI, de ANWB, Roover, de NVSH, de PVV, C&A en Obama, sij sille allegear in waaralarm mei in riidferbot ôfjaan moatte. En at dat net helpt? Dan sette wij Omrop Fryslân yn. Dy sette wij op Nederlân 1, 2, 3, 4, 5, 538, Veronica (bin der noch mear) en wij litte se dan de hiele dei de tune heare: Bliuw mar thús, bliuw mar thús. En at dat net genôch is dan litte wij dy tunes oanelkoar prate troch Geert van T. en melde der bij dy de hiele dei yn Fryslân te hearen is. Dan wit ik seker dat de minsken fan Easterwierrum gewoan bij de Dillebrêge stean kinne, sûnder ûnder de foet rûn te wurden troch dronken Ollanners en dan wit ik seker dat de minsken út Bartlehiem baas op eigen hiem bliuwe.
Kommende tongersdei sjongt Martijn Kentie út Ljouwert yn Jimbar yn Wommels. Leuke jonge, entûsjast en muzikaal. In Feyenoord supporter en ek noch famylje. Allegear pluspunten dus. Mei syn wat rauwe stim is hij in grut fen fan Bruce Springsteen. Dy syn lieten sille ek net ûntbrekke yn it repertoire tongersdeitejûn. Foar 60 fans joech Bruce in moai konsert om syn Promise cd te promoten. It konsert is te finen ûnder dizze link. De muoite wurdich om te sjen. En Martijn? Dy dreamt fan in karriêre yn de muzyk. Tongersdeitejûn fanôf 20,00 oere op it grutte poadium yn Jimbar.
"Ik wil het graag even met u hebben over uw uitvaartverzekering, past dat nu", sa begjint justerjûn in frommes foar de tillefoan tsjin mij.
"Ik haw gjin útfeartfersekering, it bêste", is myn antwurd, wêrby ik dúdlik meitsje dat ik fierder gjin diskusje mei har oan gean wol. Ik wachtsje gjin reaksje ôf en lis de hoarn der gelyk op. Net smite mar lizze dat is fatsoenliker. Dat se je wat oansmarre wolle is noch dêr oan ta, mar dat se suggereare dat ik dingen ha, dy't ik net ha, is in kwealike saak. Ik bin lid fan in begraffenisferiening, omdat ik opfied bin yn de sfear fan, at je net lid binne, kinne je de grûn net yn.
Fannemoarn krige ik fan de Lawei yn Drachten in mail mei de ûndersteande tekst.
En wêr doch ik in berop op myn geheugen. Ik haw gjin kaarten besteld foar Lenny Kuhr en bin der ek net west. Dêr bin ik wis fan. Myn (selektive) geheugen is noch goed. Dat fan de Lawei is gâns minder of soene se in kompjoeter de skuld jaan.
Oh ja: Myn geheugen seit wol dat ik op 23 jannewaris 2009 yn de Lawei wie bij Direct mei de Rockopera Tommy.
"Slaap kindje slaap" skynt it liet te wêzen om bern yn sliep falle te litten. It is mij nea opfallen at ús bern net sliepe koene. Je koene prate as in abbekaat, sjonge as in klyster en telle as in bankier, at de bern it sliepen net yn de sin hawwe, holp neat. In ûndersyk hat útwezen dat dochs dit sliepferske noch aliten it best wurket bij bern. Bij folwûksenen stiet Nights in white satin fan the Moody Blues op ien. De folsleine top 10 sjocht der sa út neffens in ûndersyk.
The Moody Blues - Nights in white satin 16,9% ABBA - I have a dream 13,9% Paul de Leeuw en Andre Hazes - Droomland 12,5% Guus Meeuwis - Het is een nacht 10,4% Marco Borsato - Dromen zijn bedrog 9,9% Supertramp – Dreamer 9,7% Reinhard Mey - Gute Nacht Freunde 9,2% Boudewijn de Groot – Avond 8,6% Mama’s en the Papa’s - Dream a little dream of me 8,2% Dinand Woesthof - Dreamer (Gussie's Song) 8,2%
Ik leau der neat fan. Dikke flaue kul. It komt der op del dat wannear it "dream" of "nacht" yn de titel stiet dat soks in garansje wêze soe om yn sliep te fallen. En dat Reinhard Mey der ien stiet mei Gute nacht freude fyn ik in belediging. Ik hear dat liet hast alle jûnen en hear it hielendal út. Ik begjin te slûgjen at der in poilitikus oan it wurd komt yn "Met het oog op morgen". It ûntwikende lange antwurd op de earste fraach fan Clary Polak is foar mij genôch om yn sliep te kommen. Yn in hiele djippe sliep. Nee, ik haw gjin lietsjes nedich.
20 desimber is ien fan de twa ien nei minste dagen fan it jier. De minste is moarn. Lang tsjuster, koart ljocht. Gewoanwei wurkje ik dizze dei, mar de minister fan ûnderwiis hat jierren lyn al besletten dat dizze krystfakânsje in wike foar de kryst yngean moast en dêrfan bin ik no de dupe. Dat is wat swier útdrukt, want ûndanks dizze frije ien nei koartste dei, is der noch hiel wat te moais fan te meitsjen. It wie krekt of siet ik op de kamping fannemoarn. In goed begjin mei waarme broadsjes en it AD. It sportdiel mocht der wêze (van Hanegem begjint al krekt sa te seuren oer Feyenoord as Cruyff oer Ajakkes), it oare part hat Telegraaf allures: It boeit mij gjin bounty hoe't it mei Conny giet nei de skieding fan Hans en it kin mij al hielendal neat skele wêr't frou Gaga harren skuon mei hakken fan 17 sintimeter meitsje lit). Fierders hie ik tiid ynromme om in rekkenkluske fan it wurk te dwaan ( mei de Outlook tiidklok oan fansels), koe ik de kafia's en de katten wat ekstra oandacht jaan, skile ik de ierpels, snijde de reade koal en bakte it fleis. De lêste 20 siden fan Zonsondergang fan Kim Smäge (in matich boek, want it spilet op en om it wetter en dat haat ik) moasten der ek oanleauwe en ik koe in begjin meitsje mei Borst syn "Alles op Heintje". Moai boekje en gelyk mar útlêzen. Fierders in slach om Kûbaard hinne op de fyts, kaarten besteld foar Ten Years After yn it Bolwurk yn Snits op 22 jannewaris, nije boeken helle út de byb, blog 10xlifte bijwurke, weppers op www.vv-sds.nl setten, fragen betocht foar de fuotbalkwis fan SDS , dizze blog beskreaun en wat nijs besjoen op ynternet. En ik slút net út dat ik Voetbal International en Nieuwsuur jûn noch sjoch en Met het Oog op morgen noch hear. En de Lc komt ek noch. Ik bin net ûntefreden. En moarn is it echt de minste dei fan it jier, ek dan sil ik wer in stevich programma meitsje om de dei sinfol troch te kommen. En dan is dit myn hit:
Bij dit geweldige nûmer fan de Doors haw ik fierders neat te melden. Jim Morrison mei the Doors op harren best: "The end". 27 jier mocht dizze intellektueel hij mar wurde (woe hij mar wurde) en dan safolle betsjutte foar de muzyk fan doe. En dy muzyk libbet noch altiten. Jierliks besykje tal fan minsken syn grêf yn Paris. At ik yn de buert bin, tink ik net dat ik dêr oan stek. Ik haw al ris in firtuele rin makke oer Cimetière du Père-Lachaise. It is foar mij bekind terrein wurden. Foar de leafhawwer de link en sykje op namme jim favorite deade. Harkje en sjoch nei hast 10 minuten Jim Morrison en syn the Doors. Super gewoan.
Tryater spilet op dit stuit Drang. Justerjûn wiene se yn Wommels. In stik nei myn hert. In trageedzje ferpakt yn hearlike humor fûn ik. Of sa't Tryater sels seit: in wrange komeedzje. Moaie teksten en moai spile. Is net foar neat nominearre foar in teaterpriis. De moaiste opmerking? "In moai gesintsje, allinne in mem te folle" Oant 22 jannewaris spylje se noch. Wa't der noch net west hat, hat dus noch in kâns. Ik soe him gripe.
woensdag 15 december 2010
Ik wit net wêrom ik dit stikje bewarre ha. It komt út 1977. Ut myn plakboek. Och yn de tarin nei Kryst kin it fêst gjin kwea. Bij it sykjen nei in tapaslik filmke kaam ik Robert Long tsjin mei Jezus redt. Der stie lykwols bij: niet voor de kleintjes en Godslievenden. No dan lit ik it mar. De diskusje oer it leauwen, de tsjerke en God hat al safolle slachtoffers oplevere. Dat punt gean ik út de wei.
De Ljouwerter Krante is sûnt in moanne as wat oars wurden. It sjocht der oars út. De iene fynt it moai, de oare fynt it minder. Sa sil it altyd bliuwe. Ik bin hiel bliid mei in nije rubryk dy't der sa no en dan yn stiet. In werom blik op in libben fan in immen dy't dea gien is. Net in BF-er of in BN-er mar in gewoane man /frou dy't foar de mienskip wat betsjutten hat. Sa seach de Ljouwerter werom op it libben fan in frou út Burdaard en winkelman út Ljouwert. Moai beskreaun. Wij krigen hjoed in tankkaartsje omdat wij kontrolearre hiene bij it ferstjerren fan Piet Terpstra. In moai kaartsje. Mei in soad tekst. It libben fan Piet waard beskreaun troch de eagen fan frou, bern en oaren. Piet wie werne op Brewaer, in pleats oan de Boalsertertrekfeart tusken Wommels en Burchwert. Syn hiele libben hat er dêr wenne. In man dy't midden yn it libben stie en op tiid fan de pôle kaam. In libben dat ek tekene wie troch tsjinslaggen: in heit dy't in eigen bern nei it grêf bringe moast. Harren jonkje ferdronken yn dy feart. Yn dy selde feart wêr't myn bruorke fan 5 jierren letter ek ferdronken is. Piet ferstoar ek op Brewaer. Troch in needlottich ûngemak mei de gersmeaner. Wat in tryst ein.
It kaam mij sneintemiddei net allegear bekend foar. Gelokkich mar. Want binnen de poarte fan de Bolkhuispoort yn Ljouwert wie it foarhinne it terrein fan dieven, ynbrekkers, moardners en oplichters. Finzenen dus. Mei bewakers. It gebou is bûten gebrûk fan justysje, mar folop yn gebrûk foar bedriuwen, keunst en muzyk. Sa as sneintemiddei stapte ik mei sa'n goeie 200 oare jonge en âlde Cash fans de poarte binnen, rûn oer binnenplakken op nei sellenkompleks safolle. De Boys named Sue koene net yn in bettere sfear harren San Quentin spylje. Mei wat gastsjongers waard it in echte Cashmiddei. Hearlik. Muzyk yn in lange smelle gong, mei balustrades en sellen oan alle kanten. De foto's sizze genôch en it orisjinele filmke fan Cash ek. (fotos jatten fan Twitter, mar dat moat kinne dizze kear)
En dêr wie der dan hjoed. De Ov sjip kaart. De profinsje docht der fan alles oan om minsken oan te trunen sa'n ding te keapjen. In anonime of in persoanlike. Foar mij de persoanlike dus. Want ik haw gjin geheimen. Se meie fan mij allegear witte, wannear ik mei de bus gean, wêr't ik hinne gean en hoe let. Ek meie set witte oan hokker side ik sit, op hokker stoel en neist wa. Busreizgje is net ferkeard. Ik sjoch mij sels wer sitten yn sa'n Frysker tusken skoalbern, studinten en âlde minsken. Mei allegear wat yn it ear. In Mp3 of in Schoonenbergje. Klaai ik net oer. Noch in jier as 3 dan geane se ek foar mij stean. Alteast wannear ik twa stokken en in rollator meinim. Net seure dan hie ik mar autoriden leare moatten. De OV sjip dus. Sûnt 1980, doe't ik noch alle dagen mei de bus reizgje, wie dat de strippekaart. Dêrfoar it gewoane buskaartsje. Yn myn plakboek fan 1980 sit myn lêste buskaartsje. Fan de Fram. Miskien wol útdraaid troch in konduktrise . Of net, wiene dy doe ek al fuortreorganisearre? Moai dat it ôfskaffen fan de strippekaarten útsteld is. Kin noch moai myn strippekaarten opmeitsje. Te begjinnen snein. Mei de bus nei Ljouwert. Tribute Johnny Cash yn it sellenkompleks fan de Blokhúspoarte.
De ôfrûne twa wiken hat de spanning yn it boek Heksenbord fan de Noarske skriuwer Tom Egeland mij aardich dwaande holden. 536 siden fol ferrassingen yn in typyske Skandinvyske styl. Karakters fan minsken goed delsette, ferskillende ferhalen trochelkoar en alles ynien komme litte yn in ferrassend ein. It is gewoan spitich dat ik der fierder neat oer skriuwe kin, want dat soe geheimen fan it boek ûnthulle kinne, dy't nije lêzers net brûke kinne. In absolute oanrieder en ik haw ûnderwilens al wer in Egeland klear lizzen.
It Wk komt net nei Nederlân. In freeslik berjocht wie dat ferline wike. Ik koe dy Blatter wol wat dwaan doe't hij de slúf iepenmakke en krekt die at it foar him gjin ferrassing wie. En dat mei roebeltekens yn de eagen. Mar tank sij VI hawwe wy it net krigen. Alle wiken dat filmke sjen litte wêr't Blatter ûnderút giet hat net bijdroegen oan in positive stimming.
2018 wat seach ik dêr al nei út. 64 jier bin ik dan. Gean der noch altiten fan út dat it echte wurkjen der dan op sit. Bin yn tinzen no al dwaande mei toeristysk bedriuw. Spesjalisearre yn rûnliedingen yn ús Heitelân. Ik seach kânsen om Fryslân en syn de ekonomy in flinke triuw yn de rêch te jaan. En mij sels. Al dy wrâldploegen dy't hjit hinne komme, soe ik bij de earm nimme. Moannen fan te foaren soene se lâns komme foar in "frisseluchtstaazje". Foaral de ploegen dy't yn it Fean fuotbalje moatte sille dat nedich ha. En dy dielnimmers wolle fansels wat sjen fan Fryslân, wat snuve yn ús provinsje. Sa sjoch ik de Malediven in besite bringe oan Blokhûspoarte, de Noordkoreanen bringe in besite oan fjoerwurkfabryk Schuurman, de Japanners geane oeral hinne en sjogge thús op de fideo wol wat se sjoen hawwe en wêr't se west ha. Mei de Russen nei it fierljeppen, mei de Sjinezen, dy't har ek wer pleatse, nei it keatsen en de Portugezen dy set ik op it skûtsje bij Ulbe Zwaga. De Ieren lit ik grutte pullen bier drinke bij Us Heit yn Boalsert, de Colombianen op wurkbesite bij de Weduwe Joustra en de Algerijnen lit ik oranjekoeken bakke bij de waarme bakker yn Wommels. En de Dútsers? Dy geane op besite bij in fytsefabryk yn it Fean.
Nee, ik bin hjir net bliid mei. Sil mij no oars troch it swarte gat fan net wurkje hinne slepe moatte. Dankje wol Menear Blatter, of Derksen en Genee.
Kommend wykein eart Fryslân Johnny Cash. En wêr kinne je dat better dwaan as yn de finzenis. Op sneontejûn en sneintemiddei treedt de band Boys named Sue op. Sij begeliede tal fan artysten dy't nûmers fan Johnny Cash sjonge. It liket in prachtige middei en jûn te wurden. It spektakel wurdt holden yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert en yn Wommels lykje hiel wat fans te wêzen dy't de reis nei Ljouwert meitsje. Sjoch hjir.
De coverband Boys Named Sue mei in moai lûd en in minne ôfstelling fan lûd en byld.
De namme Paradiso sil wol ôflied wêze fan it paradys. At beide mei-elkoar te fergelykjen binne en it paradys komt oerien mei Paradiso op freedtejûn 3 desimber dan hiene Adam en Eva net in min plak. Ien kear yn it jier komme de Ieren fan The Frames nei Amsterdam. Al 20 jier bestiet dizze groep om sjonger Glenn Hansard hinne. Bij it grutte publyk net bekend. Moat ek sa bliuwe soe ik sizze. Dêrom dizze wol miende oprop. Wurdt net entûsjast at jim muzyk heare fan the Frames. Nim de resinsje yn Oor mei in kuorrel sâlt. Realisearje jim dat ik totaal net muzikaal bin. Sjoch dy 1500 minsken dy't laaiend entûsjast wiene yn de útferkochte Paradiso seal as healwizelingen. Dan hat it kâns dat ik oan de ein fan folgjend jier wer twa oeren lang op de earste ring yn Paradiso twa oeren op gean kin yn myn muzyk. Wat in Ieren, wat in liveband, wat in spanning, wat in sjonger, wat in seal, wat in jûn......
Yn de wyk Lemmerwei West yn Snits dogge se fan alles om de sosjale bining te ferheegjen. It wyksintrum spilet dêr yn in grutte rol. Ienris yn de moanne is der gelegenheid om mei-elkoar te iten yn it wykgebou. Tal fan frijwilligers meitsje dan ûnder lieding fan ien út de wyk in waarm miel klear. Yn dizze wyk wenje in soad ferskillende kultueren en dy hawwe allegear harren eigen ytkultuer. Omdat ús skoalle yn dizze wyk stiet en ien fan ús meiwurkers foarsitter is fan dy wykferiening mochten in oantal fan ús dit sosjale barren meimeitsje. Foar 3,50 euro mochten wy tiisdeitemiddei oanskowe bij it waarme miel. Us iterssiedersfrou wie in jonge frou út India dy't mei de oare frijwilligers sop, hin tandori en in neigerjocht klear makke hie. En dy hin tandori smakke net lykas Knorr dat betocht hat. Dizze wie mei echte krûden en dus in echte smaak. Sa'n 60 minsken krigen it ieten optsjinne of sieten wij yn de Laitsjende Ko. It smakke tige. De salade, de hin en de riis wie foar de measten wol bekende kost. Mar it neigerjocht wie oare "riis" De foarsitter sei yn syn slotwurd dat hij sjoen hie dat elkenien it neigerjocht yn alle gefallen prebearre hie, mar dat hij konkludearje koe, dat it meast bij ien of twa hapkes bleaun wie. Ik liet mij net kenne: dat riishapke mei wat raar spul der yn en der op, soe ik net stean bliuwe. Want hie ik net earder op de jûn sein dat ik alles leste. Alles útsein sûpe. En it soe in belediging oan dizze Yndiaaske kokkin wêze at dit gerjocht fergelike wurde soe mei sûpe. Nee, it wie 1000 kear lekkerder as sûpe mar wol minder lekker as "green balls of fire", want dêr bin ik net sljocht op. Oer twa wiken hawwe se wer in sosjaal barren: krystkiene. Dat is net myn smaak.
Dat wurdt wat woansdei en tongersdei. Woansdei gjin barbekjoewaar mar glûpende kâld neffens de heer P.P te H. It terraswaar sil wol in 3 krije, it fiskwaar in 2, it diepfriesfiskwaar in 9 en it file waar in 1 of in 10, want dat is krekt fan hokker side je dat besjogge. Glûpende kâld ik wit net wêr't it wei komt mar it klinkt driigjend. Ik sykje al fêst de lange ûnderbroek op, út de plunjebaal komme twa termosjurts, lis twa pear wanten klear, twa en heale meter sjaal en in trijedûbele Unox mûtse sûnder reklame Myn fytssadel giet fansels tiisdeitejûn mei op bêd en de kâns dat ik woansdei nuchter yn Snits oankom, acht ik net grut. Gjin tee mar BB bij de Brinta. En myn kollega's yn Snits haw ik frege om nei mij út te sjen en mij fan de fyts te heljen at ik beferzen oankom. En asjeblyft set mij dan net gelyk ûnder de brûs. En at ik healwei ienen wer wat bij sûp en stút en nuchter bin, dan hoop ik dat ús waarman seit dat it noch altiten glûpende kâld is en dat der útgean gekkenwurk is. Fanôf dat momint sjoch ik al wer út nei de weromreis. Op nei de boerekoal. It wurdt in moaie dei woansdei.
Op de muorre fan de sporthal yn Easterein stiet in opfallend grut boerd. Buro 360 graden. It foel mij foaral op doe't ik siet te sjen nei de koerbalwedstriid Spannum - Boelensloane. As ûnkundige taskôger siet ik dêr. Ut ferfeling klinkt wat lullich. Ik woe net de hiele dei efter de kompjûter of yn in boek sitte, in frisse noas helje stie op it listje en trije kilometer fierderop stiet in sporthal. It "krakkemikkige" team fan de wâldsjers koe net op tsjin it frisse Spannum. Trije brezen of swiere knibbellapen en in flinke tatoeaazje oer it hiele bil sleepten de gasten mei yn de oanfal en de ferdigening. En it is bij koerbal al net oars as bij fuotbal. Argewaasje tsjin de skiedsrjochter, foaral fan de ploech dy't efter stiet. Der waard wol in soad fluite, mar at soks normaal is, wit ik net. Ik kin de rigels net allegear. De bal gie regelmjittich 360 de rûnte troch, op heech tempo en at der in gatsje fûn waard gie alles nei binnen. Je kinne je net ferskûlje yn dit spultsje. Je kinne wol efkes útrêste sa no en dan. Spannum wûn mei 25-15 of soks sa wat en dêrnei kamen de pupillen. En dêr hiene twa famkes in hesje oan. Moasten it tekoart oan jonges opfange. 25 jier lyn soe ik sizze, dat begryp ik hiel goed, no sis ik dat net mear. It is net iens sa'n mâle sport binne no myn wurden.
26 novimber 2010 soarget foar in tryst ein fan it jier. In jier dat al in falske start hie mei in soad snie en in bytsje iis. En no op dizze freed sjoch ik al wer in wite wrâld. Freeslik. Ik haw gjin hekel oan de winter, mar wol oan snie en iis. Alle goeie dingen fan it jier binne yn ien kear wer fergetten. Moaie herinnerings meitsje plak foar trystens. De lisfyts yn de garaazje kin wol nei efteren set wurde, want de snieskower moat no bij de hân stean. Noch in gelok dat ik op freed net wurkje. Fytse wurdt ek neat. Dus alle tiid om hjoed in blog te meitsjen. Foar it liften. Kommende jierwikseling foar de 10de kear fanút Wommels. En foar de lêste kear. Tiid foar in oersicht op in blog. Ik lis mij sels op dat it hjoed klear moat. Okee, moarn mei ek, mar dat moat it wol snijen bliuwe. Snie moatte wij ha, gledde diken der bij, dan kin ik der net op út, it fuotbal moat ôflast wurde en it hie moai west at ik net mei in moai boek dwaande wie. De lêste 470 siden Tom Egeland , ek dat fyn ik gjin straf. Miskien dochs noch in moai wykein.
Woansdeis hâld ik it waar wat mear yn de gaten as oars. Werom? Ik hoop altyd dat it middeis in oere as 5 wat droech is. Net omdat ik fan Snits nei hús fytse moat, mar omdat ik dan in oere train mei de jeugd fan E3. Allinne of tegearre mei Jelle. In prachtige groep jonges, wêr't wij gjin wurk fan ha. In groep dy't graach leare wol en dat ek docht. Hearlik om te sjen dat se sels foar de training harren eigen spultsjes al dogge. It klinkt raar, mar at der in groep oanwezen wurde moat dy't de training sels dwaan moat, dan is it dizze groep wol. Wij hawwe der beide in soad aardichheid oan en sa as hjoed wie ek wer moai om te sjen hoe't se reagearren doe't Jelle yn syn boskwachtersklean op de training kaam. Fol belangstelling want dat fûnen se wol hiel nijsgjirrich. It fjild wie hjir en dêr wat wiet mar it is ûnbegryplik dat foar sommige teams de trainingen sa maklik ôflast wurde. Dy jonges wolle graach dus wij gean troch. Utsein wannear de froast yn de grûn sit. Dan kin it net.
It liket kâld, mar ik moat der dochs mar út. Gjin trekpaad om, gjin Skrok om want rinnen is myn ding net mear. Op é fyts dus. Earst yn de wyn en dan is it maklik om efkes in doel te meitsjen. Nei it fuotbal yn Littens. Tongersdei yn Littens iten en dat smakke goed. Sjen at de tredde klasse A wat te rpiuwen is. Littens in freonlike klup mei freonlike minsken. Fiif foar twaen keapje ik wol in programmaboekje mei nû 863 mar ik sjoch net in minske. Steane allegear út de wyn bij it oare fjild. Littens - Wergea. Ik sjoch Kees Jansen, trainer fan Wergea en earder fan SDS. Hij sjocht mij. Wij fûskje: "Alles goed, en bist op de fyts". Ik winskje him sukses. Dat skynt soms te helpen. Bij Frjentsjer- Littens winske ik trainer Marcel Frankena (ek earder SDS) sukses en dat levere de earste punten foar Frjentsjer op. Wergea is better yn de kombinaasje en technysk alhielendal. Yn de hurdheid is Littens better. De earme fersoachster fan Wergea moat foar it skoft nei alle kanten fan it fjild mei de spuitbus en de spûns. It helpt, want net ien falt út. Skiedsrjochter is yn in rynske bui: giele printen, strafskoppen (oernimme) en in protte frije trapen om neat. Yn it skoft wring ik mij nei de kofje. Kantine yn Easterein is betiden te grut yn alle gefallen te heech. Dizze is te lyts. Kâlde fuotten wurde wer wat waarm. Yn twadde helte mar net wer yn it gers stean. Foar de oare lange side kinne se noch wol wat tegels brûke. Twadde helte is it ferskil noch grutter tusken beide ploegen. Donkere spits fan Wergea is útblinker, skoart seker trije kear. Read foar Littens spiler is logysk. Wer te let mei de tekkel en frustreart. Gelokkich hij byt net. Mei de radio oan hear ik dat it mei Feyenoord net goed giet en sc Hearrenfean wint. Skiedrjochter is noch krekt net genôch ferklomme om foar it lêst te fluitsjen. 2-5. In moaie kâlde middei yn Littens. No mar hoopje dat ik wer komme mei. Foar de wyn nei hûs. Dêr wachtet kofje. Dizze kear mei wat der yn. Ik bin wer waarm.