maandag 10 januari 2011

Fûgels

Fan efter it rút komt in lekker sintsje binnen. It liket wol foarjier efter it rút wei besjoen. Dus der mei de fyts op út. In flink wyntsje docht bliken. Earst mar yn de wyn. Burchwert, Boalsert Eksmoarra, Allingewier, hast Makkum en dan binne it ynienen allegear fûgels yn it lân. Ha fierders gjin ferstân fan fûgels mar it lykje wol grut útfallen einen of lyts útfallen guozzen. Dan nei Skraard, Longerhou, Skettens, Wytmarsum, de Himert, de Bieren op Wommels.




1 opmerking:

Martsje de Jong zei

Sa te sjen binne it brânguozzen. Hiest ek noch efkes oer Penjum fytse kinnen, dêr bin ik grut wurden (yn oerdrachtelike sin, want it hâldt mei 1,68 wol op)