maandag 3 januari 2011

Fûgels

At it winter is bij ús yn de tûn dan is it meast ek winter bij ús yn de buert. En winter betsjut neist lijen foar fytsers (en oar ferkear) ek in minne perioade foar fûgels. It iten en drinken is net goed te finen.
Us tún rint normaal net oer fan fûgels, mar sok waar jout mij de kâns om dêr wat oan te dwaan.
Ik haw de simmertafel stean litten en smyt der itersresten op, foaral sa fier geskikt foar fûgels. Ik wit no dat se net sljocht op oanbakte ierpels binne en dat de oerbleaune krystbôle ek net favoryt is.
It fûgelhokje hinget al oan de muorre en ik ha mij altyd al ôffrege hoe't je dêr as fûgel ynkomme. Simmers gjin sukses, winters ek net dus.
At der in poat ûnder in hokje stiet en it is iepen dan is dat in fûgelhúske. Dêr komt de oerbleaune riis yn, de plaskes bôle en de apenuten. Ut de dop haw ik okkerdeis lêzen want oars moatte de fûgels der te folle foar dwaan yn dizze barre omstannichheden.
Fierders hinget der in fetbal, wat pitsjeboel en apenuten yn de dop (foar de domme fûgels) oan dat fûgelhúske.
En dan haw ik de kroade fierderop ek noch yn de tún delsetten. Mei in plaat derop sadat ik oerbleaune oaljekoeken, seane ierpels en makaroni ek kwyt kin.
Ik kin jim sizze dat myn ynset sukses hat. Ik besjoch mei nocht al dy fleanbewegingen, ik sjoch mei nocht nei de lytse en grutte fûgels dy't harren lekkerste hapke útsykje. En ik sjoch fûgels fjochtsjen om in Bildstar, dy't wij net opkoene.
Ja myn oandacht gie de ôfrûne wiken foaral út nei de fûgels. En wierskynlik bin ik de katten doe in kear fergetten. Juster tink ik. En dat hawwe se mij oanrekkene.
Der komt yn alle gefallen ien fûgeltsje minder. In fûgeltsje dat der goed útseach. In búkje noch goed fol mei apenúten, tink ik. Dy't ik út de dop helle hie. Ik sil de kat mar net straffe mei minder iten want dan bleaut der neat gjin fûgelguod oer.





Geen opmerkingen: