dinsdag 16 november 2021

Keunst bij de fleet

 Novimber is der keunst op Amelân.

Wij binne fêste besikers.

Noflik in oantal dagen oer it eilân fytse

en ús fernuverje oer de keunst.

"Kom der mar op" dat is soms wat ik tink

at ik wat nuveraardichs sjoch

Bij de projekten dy't yn de dunen stiene

hie ik dy tinzen.

De teksten dy't er bij stiene

makken it ek net altyd tagonkliker











woensdag 10 november 2021

Byld

 


Dizze foto kaam ik tsjin op Facebook

Ik fyn it in fantastysk byld.

It stiet yn Switserlân oan it mear fan Geneve

It byld út it fertriet en de iensumheid nei it ferlies

Sjoch hjir wa't it makke hat

maandag 8 november 2021

Wâldsein

 Buien hjir en dêr.

Hjir wie Wommels en dêr wie Waldsein

Beide like wiet, mar wij moasten der efkes út.

"de 11 stegentocht" stelde Samme foar

want dat fûn hij earder prachtich 

en syn broerke hie dêr noch net west

Learzens oan en in slach troch Wâldsein.







zaterdag 6 november 2021

Drugs

It is freedtetmiddei en droech
Kûbaard noch efkes om, op de fyts.
Ik fyts oer Swarte Beien rjochting Krabbedyk
en sjoch myn eagen út

Wat sjoch ik no?
Wol 40 pûden mei plestik tûntsjen yn de berm?

Dat sil dochs net troep wêze foar drugs?
Hjir iepen en bleat oan de dyk, dat kin dochs net?

Ik twitterje der oer mei twa foto's.
Trinus Hoekstra, wykplysje, pikt it op
en befestigt dat it drugsôffal  is

In pear oeren letter stiet it op omrop Fryslân






 

donderdag 4 november 2021

Boartsje

 

Krekt bûten Hartwert, op de dyk nei Burchwert boarte foarhinne de jeugd fan Hartwert. 

Sleatsjespringe en mei it tou nei de oare kant slingerje. 

Sa no en dan mei in wiete bokse thúskomme. It kin ek net altyd krekt goed gean. 

Sa te sjen hjoed wurdt dêr net mear boarte. 

Of der is gjin jeugd mear yn Hartwert. 

De natoer docht syn wurk. 

It is in moai oantinken oan it bûten boartsjen

maandag 1 november 2021

Moai


Ik mei dit wol lije......

Fierders mar net tefolle wurden oan smoarch meitsje


Bosk

 


Nei it bosk is foar bern altyd leuk.
Om foar ien of twa oerkes bosk nei Gaasterlân te riden
is hast út miljeu oerwagingen net mear ferantwurde.
Dus nei it bosk wat net te fier fuort is.
Spannum liket mij wat oan de lytse kant.
Wytmarsum dus,
dêr hiene wij noch nea west.
Mei in slach troch it doarp hinne,
wie it in moai loopke







zaterdag 30 oktober 2021

Gjin ûnsinnige fragen stelle

 Oates en toates binne der keamerleden

dy't fragen stelle oan de minister

Dat is harren rjocht, mar dan moat it wol earne oer gean.

Net oer in bushalte yn de Westereen.

Ik hie itselde gefoel as Ton van der Laan, 

redakteur bij de LC,

doe't Habtamu de Hoop dy fraach stelde

oan de minister, wylst de provinsje giet oer it iepenbier ferfier.

Ton van der Laan skreau der in satyrysk stikje oer....


verzoekt Tweede Kamerleden, met speciale aandacht voor de uit Friesland afkomstige Kamerleden Habtamu de Hoop en Romke de Jong, geen overbodige schriftelijke vragen te stellen of overbodige moties te maken voor de bühne, om goede sier te maken bij de (Friese) achterban;

verzoekt hen om voor moties te stemmen waar ze echt voor zijn, en tegen moties te stemmen waar ze echt tegen zijn;

verzoekt hen om zich met volle overtuiging te blijven inzetten voor de Friese zaak;

en gaat over tot de orde van de dag.

TON VAN DER LAANton.van.der.laan@lc.nl



Brecht

Wij mochten trije dagen oppasse op Brecht,

 ús jongste pake- en beppesizzer

Hast twa en se ûntdekt de wrâld mei dwaan en wurden.

Brabbelje en neisizze.

It wie in grut fermaak mei ien hiele koarte nacht

want doe wie se noch lang net útpraten

nei de bieb en eigenwiis in boekje útsykje

hagelslach, dêr kinne je lekker mei grieme

Ut de stoel, want wij gean nei bûten

de rinfyts ûntdekt

mei de fyts nei de boarterstún

nei Bogerman op de fyts, werom sjout pake de fyts wol

efkes de ôfstânsbetsjinning ophelje

boekje lêze


maandag 25 oktober 2021

Drave

Der binne wolken,

de temperatuer is 9 graden

de fochtichheid is 91 %

de fielt as 6 graden

de wynrjochting is súdsúswest

en de wynsnelheid is 23 km per oere.

Mei oare wurden: it is it momint

om in rekôr te draven.

Dat doch ik.

It parkoer leit tusken ús garaazjedoar,

Iens en ús garaazjedoar.

5 kilometer en net in stap mear.

Gemiddeld 7 minút 40 sekonden per kilometer

in nije rekôr, gewoan op in moandeitemoarn 

tusken 7.50 en 8.00 oere.

Ik sit thús in kertier út te switten

en analysear de sifers op Strava en MiFit.

Hoe flak is it skema, 

hoe is de hertslach

wat is de beste kilometer

wêr leit de winst ten opsichte fan foarige kear

en wat kin noch ferbettere wurde.

Drave , ik haw it krekt ûntdekt,

fyn der hielendal neat oan

mar doch it al, 

twa kear per wike, 

5 kilometer lang,

foar de sûnens, 

foar de útdaging 

en foar wer in nij rekôr



vrijdag 22 oktober 2021

Wat is der mis mei it Skarrelspultsje

Us bern gongen earder nei it Skarrelspultsje.

Dat is de "peuter"skoalle yn Wommels.

Earst yn de kelder fan it Dielshûs

en dêrnei yn it gebou fan de Igge.

Myn pakesizzers krigen plak yn it Trochpaad.

In moai plak sa ticht bij de skoallen.

Mar,

it Skarrelspultsje, wat is der mis mei dy namme?

Dat er wat mis mei is, 

docht bliken út  dit doek


Kidsfirst,

hoe krije se it yn de plasse.

Us jongste pakesizzer yn Wommels

giet nije wike foar it lêst nei it Skarrelspultsje

net om dit boerd, mar fanwege de leeftyd.

Gelokkich mar...

Kids first, hoe betinke se it.

woensdag 20 oktober 2021

Op stap mei twa boefkes

 At it skoalfakânsje is en it is tiisdei

dan wolle wij der noch wolris op útgean

mei de neefkes Roan en Samme

Nei iets wêrfan wij tinke dat se it wol leuk fine.

Tiisdei setten wij ôf nei de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

De eardere finzenis us, no kulturiel sintrum.

It wurdtsje "earder" kaam net echt oer

it wurd "finzenis"wol

Op foarhân is it al spannend

en bij it sjen fan dat grutte gebou,

mei al dy traaljes en grutte poarte 

is de ferwûndering al grut.

It is ek bijsûnder om dêr te wêzen

mei herinneringen oan in finzenis.

Mei al dy lytse bedriuwen

libbet it mear as ea soe ik sizze.


De jonges fûnen it wakker spannend hjir en dêr

en pake moast soms it foarbyld efkes jaan

foardat se de stoute sjuon oanlutsen

Ek noch efkes yn de dbieb sjoen

dy't ek yn it kompleks in plak hat

Moai en simpel fermaak.....









Op klompen



 "Op klompen troch de dessa" is in boek fan Hylke Speerstra. 

Mei syn kwaliteit om fertrouen te winnen 

en goed te harkjen wist hij út âld Ynje gongers ferhalen te lûken. 

Ferhalen dy't se net fertelle woene, 

mar dochs diene bij him. 

In prachtich boek, dat je wol faker lêze kinne as ien kear. 

Myn heit wie ek in Ynjegonger. 

Krekt as hast al dy oaren prate hij dêr net oer. 

Op dit stuit spilet yn Ljouwert in stik oer dy Ynjegongers. 

In teaterstik wêryn je fysyk "erfare"en "fiele" moatte wat dy 

Yndiegongers meimakke ha.  

Wij waarden ûnderdompele yn de omstannichheden fan doe 

mei foto's, 

bewegende bylden, 

gelûden en 

it yndringende ferhaal.   

En dat allegear yn ferskillende romtes.

It wie in bijsûndere erfaring doe't ik dêr justermiddei bij wie.

Wij hawwe noch wol wat foto's út heit syn argyf

 Sûnder ferhaal







maandag 18 oktober 2021

Poddestoel


 

Dit is de poddestoel fan de ANWB sa as wij dy kenne.

Dit eksimplaar stie op Flylân

mei dêrop de langste ôstân dy't op in poddestoel stiet

De poddestuollen wurde ferfongen haw ik begrepen.

Ik begryp wol dat de poddestuollen

wat minder fan belang binne

at er in knooppuntenrûte is.

Mar at je se dan ferfange wolle,

doch it dan goed





Lit ús dit asjeblyft gjin poddestoel neame.

Se stean op Flylân 

as ferfanging foar de echte poddestuollen

Freeslik.........

zondag 17 oktober 2021

Lofts

 


Freedtejûn wie ik yn Neushoorn

Dat wie lang lyn.

In hardcorejûn mei trije bandsjes

Spontaan idee fan Tsjeard om 5 foar healwei njoggenen

De bus gie 5 oer healwei njoggenen.

Skuon oan, mûlkapke en OV kaart sykje

en yn sân hasten nei de bus.



Hearlik sa'n jûn mei powermuzyk

en fleurige enersjike minsken

De Zwartekat wie der ek

ik hie der noch nea fan heard, 

mar se drukten mij in plakplaatsje yn de hân.

Snein fûn ik it werom yn de kontbûse.

Ik sil it plaatsje nearne opplakke

mar sil efkes yn dizze link oanjaan, 

sadat jim ek jim witte wat sokke lju dogge.



vrijdag 15 oktober 2021

1974

 7 july 1974 wenne ik op Flylân.

Wurke bij de Spar en wenne boppe de Spar.

Dy dei, it wie op in snein,

wie de finale fan it WK fuotbal.

Nederlân ferlear doe fan Dútslân.

Jammerlik en foar sommigen in histoarysk djiptepunt

Ik haw dêr gjin lêst fan.

Ik wie tongersdei efkes werom op it plak

wêr't ik doe wie om de finale te sjen.

It Posthuys op Flylân.


Der lei sân op de grûn, dat wit ik ek noch

en sûnt 35 jier wie dat fuorthelle


Wurkje bij de Spar 

dat die ik bij de griente en fruitôfdieling.





De froulju út Tsjalbert woene mar wat graach mei mij op de foto.......