woensdag 13 april 2016

ZZ topper


Ik kin net oars sizze dat de prizen nei de besten gean

Op 27 juni yn de Heineken Music Hall....


zaterdag 9 april 2016

Haarlem


Dizze foto seach ik fannewike yn de krante stean
it Haarlem stadion dat ôfbrutsen wurdt.

No haw ik net in hiel soad mei dat stadion, útsein ien herinnering

7 novimber 1971

De tiid dat wij folgers wiene fan sc Hearrenfean
thús en soms út;
sa as dy kear.

ik wit it fan dizze wedstriis noch hiel goed,
it wie net waarm
en wij makken dy Haarlemmers wiis
dat it yn Fryslân dik winter wie
dat in barre tocht wie om hjir hinne te kommen
snie, iis ......

wij hiene in pukkel mei
dat is sa'n legertas
dêryn in akku
mei dêr oan fêst in toeter

it wie in hiel gesjouw

at wij op de knop drukten
dan die er toet...toet...toet

wij koene it sels krekt heare,
at it wat stil wie om ús hinne.
de spilers fan sc Hearrenfean hawwe der neat oan hân
sij ferlearen dan ek mei 2-0

woensdag 6 april 2016

Hichtum

In bysûndere jûn yn Hichtum.
De oanlieidng wie it boek de Treastfûgel fan Hylke Speerstra.

Yn De treastfûgel folget Hylke Speerstra it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it stienearme Súd-Dakota amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. Foar de oare húshâlding wurdt it in swalkjen tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan beide famyljes komme wer byinoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarje: de iene as oerwinner, de oare as ferliezer. Speerstra reizge foar dit ferhaal nei noch libjende tsjûgen yn Amearika en Dútslân, 


Jûn wiene yn Hichtum in stik as 11 neikommelingen fan ien fan dy famyljes,

de Hiemstra, no grutboeren dêr.

It waard in moaie jûn mei skriuwer/ferteller Hylke Speerstra

mei sjonger Adri de Boer,
it korps fan Burchwert,
en bijdragen fan boargemaster Hayo Apotheker,
en in lid fan de Hiemstra's.
En dat allegear ûnderleiding fan Bert Looper fan Tresoar.

Moaie ferhalen, 

om mij hinne hawwe se moai songen
der wiene prachtige ^lde foto's
en it wie goed foar ús Ingelsk
want dat wie it fansels foar it grutste part

Ynkoarten de Treastfûgel lêze 

want dit is in ferhaal hjer...





zondag 3 april 2016

Kedoeng...kedoeng...kedoeng



Sneons sjoch ik meast efkes bij SDS 1.
Wij steane dan op it selde plak;
de Bunnikside,
SDS-supporters,

Sneon 2 april
SDS 1 - Delfstrahuizen 1
tredde klasse A
in kelderkreaker of ôfgrûn klapper  (@Arjen Hut)

Wat hiene de mannen fan de Bunnikside der wer sin oan.
Op harren plakje tsjin de klaaiboksen oan,
op de noardeastside,
soene se yn alle rêst de wedstriid fan SDS 1 wer fersjen fan harren hierskerpe analyses.
Se kinne dêr de emoasjes fan al dat oare publyk net bij brûke.
Sij tinke en analisearje it leafst yn stilte, mei elkoar.

It waard in desyllúsje.
Hjoed hingje se allegear thús op de bank om mei stampende pine-yn-kop.
Dat is net kaam troch it spul fan beide ploegen,
ek net troch de sinne dy't it wat ôfwitte liet
en ek net troch in tredde helte.
Nee, dit lijen kin taskreaun wurde oan in lawaaimakkerskiste yn de boks bij VR QVC 1.
45  minuten lang moasten de analitisi dit lijen ûndergean
en se diene sa no en dan ek noch in lyts gebed mei de fraach:
kin dat brûzen ek wat sneller of kin dat ding ek út.
Beide gebeden waarden net ferheard wat in leauwen yn hegere machten net grutter makke hat.
Op de fraach oan it lêste Starumse fromminske, dy't sels net mei dat ding op de foto woe, wat de Bunnikside him hiel goed foarstelle kin, hoe't it west hie at se ferlern hiene, wie it antwurd dúdlik: net oars.
De Bunnikside hopet dat se dan in folgjende kear moarns om 9 oere fuotbalje moatte yn Easterein.

woensdag 30 maart 2016

Amando

Peaskemoandei
Aaipop yn Nijlân.

it waait dat it rikket
mar tradysje is tradysje
ik gean op de fyts
fanút Wommels

mei wynkrêft 8,
pûsters fan 9
wrot ik mij troch de wyn hinne
bliid mei alle strewelleguod,
hoe keal it ek noch is,
bliid mei elke pleats
bliid mei elke kontainer dy't oan de dyk stiet

want ik ha ferlet fan lijte

foldien fyts ik nei trije kertier
Nijlân binnen
grutsk op dizze boppemjittige prestaasje,
sa hâld ik mij sels mar foar,
want oare fytsers seach ik doe net.

dweiltrochwiet bin ik ek,
fan it swit

dat is net nij foar mij
dat switten

mar ik bin der op taret,
mei in plastiktas ûnder de earm
meld ik mij bij de yngong

"mei ik dy tas ek besjen"
sa freget mij in jongfeint yn it giele jas
mei in ingelsk wurd der efterop

"dat like mij gjin probleem"
sis ik fol fertrouwen.
Syn gesicht belûkt
"dit is wol in probleem",
sa lit hij mij witte
en hâldt myn spuitbuske
Amando omheech

"mei der net yn", sa seit hij strang
ek mei in foarsichtich "Ja mar"
kom ik net ta in diskusje

ik ha gjin sin om mij op dat momint,
oan sokke saken drok te meitsjen
"stom" sis ik allinne
en lit him efter mei myn spuitbuske Amando.

noch in gelok dat yn de bierlucht
op it festivalterrein
de switlucht fan in fytser út Wommels
net te rûken is.



dinsdag 29 maart 2016

ZZ top
















In wike as fjouwer lyn
krige ik in muzykblêd LustforLife ûnder eagen;
nijsgjirrige ferhalen oer optredens en bands.

ek in priisfraach
"wa stjoert in leuke look-a-like foto op fan....
ZZ-TOP

De winner krijt twa frijkaartsjes
foar in optreden yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam
op 27 juny 2016

mei myn omgekearde wintermûtse
myn sinnebril op sterkte
myn burd anno 1975
en mei de eftergrûn de fryske flagge
om de foto der wat útsrpinge te litten

goed slagge dus
dizze foto stie dizze moanne yn it blêd..






vrijdag 25 maart 2016

Kruif



De almachtige
Hendrik Johannes Cruijff
is ferstoarn op Wite Tongersdei

doe't ik it nijs hearde
tocht ik gelyk oan 
de ferlosser en oan it peaske wykein.

gjin tafal

de datum is ek gjin tafal, sizze guon,
want mei wat keunstich omtyskje mei sifers
kinne je mei de datum 24-3-2016
útkomme op 14.... (24-3-1-6)
sûnt de jierren santich it nije hillige getal

ek gjin tafal is
dat dy 68 wurden is:
6 en 8

It is wat, tocht ik sa krekt
neidat ik it AD troch bleddere ha...
jim tinke toch net
dat ik al dy ferhalen,
al dy mieningen fan bekende Nederlanders
en al dy âlde kij berjochten
trochlês.....?

nee dus, ik sjoch nei de 68 jier
dat is fierstente jong
en dat jildt foar him en ek foar al dy oaren
dy't jong ferstjerre 

Kruif wie in geweldige fuotballer,
in geweldige trainer
in geweldige rûzjemakker
geweldich foar de gehandikaptesport
en in geweldige famyljeman
mei oare wurden
hij wie ge-wel-dich...

Myn herinnering oan Kruif?

Dat is syn namme.
Wierskynlik haw ik yn it ferline
de namme ferkeard lêzen 
en oernommen
want it slagget mij hast nea
om de namme 
yn ien kear goed te typen:
alle kearen begjin ik wol mei de C
en jou ik in ferfolch mei in h......
ferkeard dus.....

Kruif,
ik skriuw it sa't ik it sis,
hat mij wierskynlik ek yn it ferline
fermakke mei geweldige fuotbalaksjes,
geweldige doelpunten
en in geweldich kampioenskip
(fan Feyenoord)
mar ik wit der neat mear fan.
Fuotbalsaken, ik bin it sa wer kwyt,
de emoasjoniele herinnering is der net
bij fuotbalsaken
nea.....
(of it moat al de tiid wêze dat van Brussel trainer wie bij sc Hearrenfean)

Ek net at ik yn myn plakboek fan 1971 
dizze opstelling fyn fan Ajax- NEC
mei Ch.. nee Kruif yn de spits
der hinne west mei Pier Alta,
soan fan de boargemaster hjir
en in grut Ajaxfan
Kruif is foar mij de man fan de taal,
drege saken werombringe ta ienfâldige sinnen.
en dêr hat Joop Visser in moai ferske oermakke



woensdag 23 maart 2016

Swart


Pakes meie graach wat pleagje
en grapkes meitsje.
Dat skynt yn syn algemienheid sa te wêzen.

Yn rou adfertinsjes sjoch ik it ek faak stean,
at in pake stoarn is
"nea wer in grapke"
en at dy fan de buorkerij komt
"nea wer op de trekker"

Ik bin ek sa'n pake.
mei graach wat pleagje
en in grapke meitsje

mei Jelske fan 4 dy't er hiel serieus mei omgiet.

sa wit se no hiel goed
dat myn favorite kleur swart is.

It wie bedoeld as in grapke
mar troch myn meast swarte sjurts
is it foar har de wierheid

At se freget wat fynst de moaiste kleaur fan de reinbôge
dan sis ik : swart
"nee pake, swart kin net"
en dan kies ik  "under protest" read...

Sij kiest altyd rôze
dat sil jim gjin nij dwaan.
alles wat oan Jelske linkt wurde kin
is rôze.    

bij it kleurjen,
wat se graach dwaan mei,
is de rôze stift al leech,
foardat de oaren oanrekke binne.

"Wol pake mei mij kleurje"
frege se hjoed, doe't wij efkes oppasten
"ik haw in kleurplaat fan K3", sei se der bij

K3, dan wit ik genôch....
dat wurdt it foaral rôse
en oare lichte kleuren,
tocht ik gelyk

"dat is goed" sei ik

"en do meist wol mei swart", sei se ek noch,
 wylst se mij de swarte stift oanjoech

Moai wurk,
it rokje fan de K1, K2, K3 yn swart kleurje
en sij de strikjes der bij yn pears
want rôze foel yn it neat bij dat hurde swart

Teamwurk



zondag 20 maart 2016

Samar in wike yn maart

Wer genôch fariaasje dizze wike., 
Op ien skoalle de Fryske wike ...wat in feest

en op de oare de Olympyske flaggedei.

hearde ik de earste skriezen op Skrok

ies ik it boek Broer thús en net yn de trein

yn de byb heake ik ôf foardat it haken begong

ferwûndere ik mij oer in moaie sammeling âlde ferpakkingen yn de byb

seach in B-junior fan SDS wol in goeie strafskop nimmen, 

fytse fia it Douwe Tammingapaad nei WPB-scJoure

seach ik dat in Nederlânner gemiddeld 2,79 km per dei fytst 
wylst ik dizze wike wer 30 km per dei helle


Balle ik freed mei net sa folle sukses en 

hiene wij in moaie muzikale jûn mei de Voskovs yn Itens


 ta beslút ferwûndere ik mij noch wat oer in krantekop.

woensdag 16 maart 2016

Kreative dei


It is de wike fan de leuke dingen op skoalle.
Op de Súdwester in Snits de Fryske wike,
en tiisdei op Skoalle Lyndensteyn
in Olympyske flaggen dei.

Prachtich wat  se yn de workshops allegear diene
mei de bern dy't allegear in beheining ha yn dwaan of tinken

se daagden de bern út om bijsûndere dingen te dwaan
en boppedat waarden se stimulearre
troch de oanwêzichheid fan in âld learling
dy't nei de Para-olympics giet yn Rio....
as fuotballer.

zondag 13 maart 2016

Fryske wike

Frysk stiet dizze wike sintraal op de Súdwester,
allegear aktiviteiten dy't mei it Frysk en de Fryske sporten te meitsjen ha

Se fregen mij foar de iepening......
omdat ik de djipfries bin op skoalle
omdat se my sportyf fine omdat ik alle dagen nei it wurk fyts
(en ek wer nei hús)
en omdat ik in spesjale fyts ha

in útdaging wêr't ik net foar wei rin


Wat ritsjes oer it parkearterrein en útdost mei in moaie Frysman sjurt

In praatsje fanôf de pikniktafel

mei foar en efter mij de 350 bern 

fertelle oer Grutte Pier en syn wize wurden

mei de Frieske flagge yn top





mei it prachtige koar fan skoalle dat song fan "wat bisto leaflik rizende simmermoarn"
en tal fan oare lieten


vrijdag 11 maart 2016

It riejouwend referindum












In oprop
foar it earste riejouwend referindum
op 6 april.....

It is noch net safier
mar it liket mij wol goed
om no alfêst te sjen at ik dit barren
yn myn agenda sette moat....

At ik it goed begryp dan giet it hjir om.
De Europeeske Uny hat al in gearwurkingsferbân sletten
mei Okkarine
Net om it lân ta te litten ta de Uny,
mar om de gearwurking wat mear status te jaan.

De Europeeske Uny hat al ja sein,
ek Nederlân....
En no meie wij der noch wat fan fine yn Nederlân,
wylst alle oare lannen der al definityf út binne
sij sizze allegear ja......

It wurd "riejouwend" komt mij hjir wat raar oer.
Rie freegje en rie jaan dat dogge je gewoanwei
foardat er in beslút nommen wurdt.

Jim kinne hjir in koarte útlús lêze wêr't it  dus om giet.

De senario's op 6 april

At der minder as 30 % in stim útbringt
dan stimt Nederlân definityf yn
mei it gearwurkingsferbân

At der mear as 30 % stimmers binne
en mear as de helte dêrfan is foar
dan giet it troch mei Okkarine

At der mear as 30 % stimmers binne
en mear as de helte stimt nee
dan nimt it regear dat mei yn harren definitive oerwegings
en dan beslute se dat it wol troch gean moat
fanwege de gearwurking yn Europa
en it foarkommen fan in isolemint fan Nederlân
en mei it each op de eksport ensafuorthinne...


Konklúzje: ik set it net yn de agenda.....


donderdag 10 maart 2016

Parkeare


At ik mij wat fermakke ha yn de foarjiersfakânsje?

Ja, seker, at it droech wie, gongen wij der op út..
en dat sil fêst wol in kear as 5 sa west ha...
treurich waar......

wat fytst yn eigen omjouwing
en op in "strieljende"middei hawwe wij efkes rûn.

Us rinlokaasje wie it Griene Stjêr gebiet,
krekt foarbij Ljouwert
at je yn Wommels wenje

Ek dêr wie it wiet en fochtich 
en foaral rêstich en ferlitten


It earste wat ús opfoel wiene de P buordsjes
Wij stiene op P3 

Minsken noch oan ta,
wat binne dêr in parkearterreinen
ik wit net hoe drok it der ornaris is 
mar it is gewoan in griis om te sjen:
safolle natoer opoffere foar auto's...

Is it dêr oars sa drok
dat der safolle parkearplakken nedich binne?
of is dat allinne foar festivals,
fregen wij ús ôf


De rinpaden hawwe dêr Fryske nammen
en ferkearsbuorden binne twakleurich



der stie ek noch in auto op P9

en hiel yn de fierte op P1 stiene ek noch in pear...

Wij hawwe ús 7 kilometer fernuvere...

dinsdag 8 maart 2016

Pynlik


Yn de kategory pynlike adfertinsjes ..........

zaterdag 5 maart 2016

Birth of Joy

Op 28 febrewaris 2014 wie ik yn Asteriks
foar in jûntsje
Birth of Joy,
We sell guns en
the Flying Trascals.
it wie in prachtige jûn
wêr't in (hammond) oargeltsje
sintraal stie.
en dat allegear foar 5 euro.

Op 4 maart 2016 wie ik wer yn Asteriks
foar in jûntsje
Birth of Joy en Silverfaces
en wer stie it oargeltsje sintraal
mei twa bands
en no foar 10 euro

Silverfaces:
in net oertsjûgjend earste nûmer,
mar dêr nei
in spetterjend optreden.
Foaral de uptempo nûmers
brochten it publyk yn in boppestebeste stimming
de jûn wie gelyk al slagge

Birth of Joy.
wat in muzykfeest,
wat in power
wat in lûd
wat in enersjy en
wat lûd

it like wol of hiene se de seal hast stil
en dat is in keunst yn Asteriks

Moaie jûn
mei echte Birth of Joy leafhawwers
of moat ik miskien sizze Doors fans....

en krekt as twa jier lyn
koe ik wer mei werom ride
mei twa fan dy Birth of Joy fans:
Simon Paul en Peter tige bij tige

vrijdag 4 maart 2016

It makket mij neat út

"It makket mij neat út"
klinkt wat ûnferskillich....

Yn de diskúsje oer in needopfang
foar asylsikers yn Wommels,
is dat myn reaksje.

It betsjut yn myn gefal
dat ik net tsjin bin.

at ik sis fan "foar"
dan soe dat betsjutte kinne
dat ik it graach wol.

dat is it dus net.
ik bin gewoan net tsjin.

"Tsjin" binne foaral de minsken
dy't gefoelich binne foar dy negative stikjes yn kranten
dy't bang binne dêrtroch

ek minsken dy't er flak bij wenje
en foar harren eigen gefoel en eigen belang opkomme
is it begryplik dat sij net tsjin asylsikers binne,
nee, dat foaral net,
mar tsjin asylsikers op dat plak.

hie it gemeentehûs leech stien
en dat wie geskikt achte  foar needopfang
dan wiene wer oare minsken
in oare snútboekside begong.

Ik bin it mei Ultsje Wiersma iens
"wat is in getal no?"
200 sûnder problemen of 50 mei problemen

ik bin ek foar in maksimale termyn fan 2 jier,
want 2 jier lang wurdt it hjir oars,
it praat sil hiel faak gean oer "dy" asylsikers
yn goeie en minne sin.

dat se hjir aansens wenje,
it makket mij neat út






donderdag 3 maart 2016

ZZTop


San adfertinsje freget om in reaksje........



.....dus op goed gelok dizze mar ynstjoerd
en de datum alfêst yn de agenda setten

zondag 28 februari 2016

Band of Friends

Se wiene der wer
yn it Bolwurk yn Snits,
Band of Friends
in tributeband fan Rory Gallagher

Oan immen syn lippen hingje
is in siswize at je immen graach praten heare meie;
Oan immen syn gitaar hingje
komt er bij as fariant
at je "begeistere" wurde troch in gitarist
dy't alles kin mei in gitaar

Marcel Scherpenzeel
sjonger en gitarist fan Band of Friends
soarge der foar dat ik hast wer ademleas
taseach en hearde nei Rory Gallagher muzyk.

in goeie band,
in fleurige band
want de basgitaris en de drummer
soargje foar it strakke ritme
en dogge dat mei in soad wille
en striele út dat se it nei de sin ha.

dat hie it publyk ek....
in gesellige seal fol mei gitaarleafhawwers

komme se wer, dan bin ik der wer.....

vrijdag 26 februari 2016

Theo as Jim


Goeie resinsjes
binne gjin garânsjes foar in folle seal

dat die justerjûn bliken yn Boalsert
stifting BOOG moast it mei fierstente min minsken dwaan
yn de grutte seal fan it Marnekollege

Theo Smedes is noch net bekend genôch,
om dy seal dêr wat foller te krijen,
wylst hij  skittere yn it stik "de Emigranten"
tegearre mei Freark Smink

Folle sealen hiene se doe,
en miskien gie de oandacht wol wat te folle út nei Freark......

Hawar, wij wiene der bij yn Boalsert
en ik haw genoaten fan it ferhaal
en it geweldige spul fan Theo Smedes

in stik oer it libben fan Jim Costello
en dat hielendal allinne delsette.....
wat in energzjy,
wat in teksten
wat in ferhaal.

thúsbliuwers hiene wer ris ûngelyk...



dinsdag 23 februari 2016

Bisar


Bij it AD hawwe se wol wat in frjemde foarm fan humor,
nei oanlieding fan it ferstjerren fan al dy ferneamde muzikanten.

boppe oan de treppen
it tichst bij de himmel
stiet de âldste
Charles Asnavour

de jongste fan dit stel is
Keith Richard fan the Stones

mar at dy de himmel wol oandwaan sil
is noch mar de fraach.....


zondag 21 februari 2016

Eameladres

Hûnderten stands op de Fiets- en Wandelbeurs  yn Utert;
se hawwe allegear wol wat te bieden en
der is oeral wol wat te winnen.....
in fyts, in reiske, in wykeintsje, in koffer of in kadobon.

"dit formuliertje even invullen"
sa wurde wij oeral oansprutsen
"en u maakt kans op...."

dit is it middel
op de beurs
om eameladressen te bemachtigjen
sadat ús mailboksen de kommende wike
en de wike dêr nei
folrinne mei machtich moaie "after beurs oanbiedingen"

om in kear in E-fyts te prebearjen
op in rom parkoer
moasten wij in formulier ynfulle
"voor de aansprakelijkheid"
sa lieten se ús witte,
en it koe net misse,
fansels mei de fraach oer it eameladres...

ik kin dus allinne mar iets binnen krije oer E-fytsen
en dat is dan mar sa.
miskien wurd ik dan noch entûsjaster
as ik no al bin
nei twa ritsjes E-fytse
yn de Jaarbeurshal yn Utert

Oars iets winne sit er net yn,
myn eameladres wie mij heilich juster.....

Fryslân wie ek op de beurs om it rinnen en fytsen hjir te promoaten,

It E fyts prebearparkoers

Nicole en Ingrid, twa Belgyske wrâldfytsters wiene der ek wer mei harren entoesjaste ferhalen oer de reizen en foaral om de boeken te ferkeapjen.


vrijdag 19 februari 2016

Boris en Antonis


Yn 1947 waard SDS oprjochte
yn 1997 wie it 50 jierrich jubileum
Sytse van der Werf makke
in moai liet oer it 35 + alvetal
 it gie oer Theun Boonstra en mij




dinsdag 16 februari 2016

Heimwee


Heimwee nei Hurdegaryp
hjit it stik fan Tryater, 
wêr't se dizze tiid mei rûnswalkje troch Fryslân.

In stik dat makke wie foar Oeral
yn 2014
en dat no nij libben yn blaasd is.

Mantgum, de Wjukken
in moaie lokaasje
en it siet rom mei in man as 50 op de tribune

"it stik duorret mar in oere"
siet mij wat yn de wei.
je  ferwachtsje dat oere dan hiel wat:
tefolle dus...
"it foel mij net ta"
dat klinkt better as 
"ik fûn der net folle oan"

nettsjinsteande it goed toanielspylje
kaam der gjin echt "heimwee"gefoel op
en dat hie wol moatten, tink ik

de teksten wiene mij te meager, te flak; 
it wie mij ek te traach,
útsein de imitaasjes fan Peter M en Jan K
kin ik mij net mear wat moais betinke.

Spitich ..oare kear better

de neisjit mei kwiske en fersykplaten wie best genôch.
mei as hichtepunt
dat ik it antwurd wist
op de fraach
foar hokker lân Vicky Leandros it Eurosjongfestval wûn hat.....





zondag 14 februari 2016

De wike fan...



It is alle wiken wol in wike fan....
de wike fan de soarch
de wike fan it ljocht
de wike fan de suvel
de wike fan it hert
en de feestwike

fan te foaren allegear fêstlein,
fia radio, tv en sosjale media
oandacht foar de wike fan......
sadat elkenien der rekken mei hâlde kin.

ferline wike wie it "de wike fan de lekke bân"
net oankundige
hij wie der ynienen

it begong op snein,
de Nazca mei in lekke bân yn de garaazje.
bûtenbân fersliten, binnenbân in oantal gatsjes

earst nije bannen keapje.....

dan moandei op de RIH
net leuk mei dat stoarmwaar op in bukfyts
noch minder leuk at op de Slachtedyk
mei wynkrêft  9 tsjin
ik ynienen op in felch fyts

de RIH moandeitejûn plakke...
de Nazca moandeitejûn bân ferwikselje

net goed dus
tiisdeitemoarn de iene leech de oare lek

tiisdeitejûn de Nazca wer oppompe
en dizze kear it fentyl wol tichtdraaie
de RIH in nije binnebân derom....

woansdei alles wer goed
Snits op en del
tongersdei alles wer goed
Snits op .......
mar net del
wer in lekke bân op de RIH.....

ik stel myn plakkwaliteiten gelyk ter diskusje,
mar it docht bliken dat it in oar lek is

Freedtemoarn mar wer plakke dus
dy RIH

No mar ôfwachstje at it bij ien "wike
yn it jier fan de lekke bân" bliuwt






zaterdag 13 februari 2016

Neushoorn



Op 21 febrewaris 2015 wie ik yn teater Romein
bij in optreden fan Physical Graffiti.
in tribute band mei Led Zeppelin muzyk

in dei letter skreau ik der wat oer
wat jim hjir noch in kear lêze kinne...

ik wie optein oer de seal en de band

Om no it selde te skriuwen hat gjin sin:
ik bin wer optein oer de band en ek oer de seal,
want yn Romein klonk it goed
hjir klonk it noch better,
der siet gjin ferkearde toan bij.

Allegear bliden gesichten justerjûn
yn de lytse seal fan Neushoorn

en sommige besikers
hawwe hjoed lêst fan de earn
tink ik,
want wat is it in tryst gedoch fan dy lju
dy't hiele en heale nûmers opnimme
op harren mobyltsje
en der foar soargje dat minsken der efter it optreden
alinne mar sjen kinne op dat akelich lytse skermke.

it moat út wêze mei dat gefilm.....

...gelokkich......
dochs noch iets fûn op op te protteljen.

moai wie foaral ek dat wij fan de tajefte
no allinne it lêste stikje net mear heare koene
fanwege de bus.
de klappen yn de drumsolo
wiene it lêste wat wij hearden

Dus yn 2017 binne wij der wer bij
en dan in kertierke earder begjinne.....?!

maandag 8 februari 2016

Foarlêze


It is tradysje dat ik ien kear yn it jier foarlês
op skoalle yn Snits.
In moaie tradysje, want foarlêze is in aardichheid.

Sels in boek útsykje wie der net bij,
ik krige ien taskikt
"Sneeuwwitje breit een monster"
like de juf wol geskikt foar groep trije.

Yn it wykein it boek efkes besjoen,
trochlêzen
en earlik sein: ik fûn it mar neat......

ik bin net sa fan de mearkes,
en "sneeuwwitje" fyn ik dus al neat
ik koe mij hast net foarstelle dat de bern dit leuk fine soene,
ek al stiet er ien oan oare priisgriffel op it boek.

Ik moat sizze
it foel mij net ôf.......
yn twa groepen haw ik it foarlêzen
en dat wie best wol aardich.

de stoere jonges fûnen it net in spannend ferhaal
want breide bisten besteane net,
seine se terjochte

mar oan de oare kant
wie der goed oandacht en ek wol wat meilibjen
fan de famkes





donderdag 4 februari 2016

dinsdag 2 februari 2016

Google


Frjemd
dy Google lju

Sij witte alles fan ús
echt alles,
alles wat wij dien ha

mar se witte net wij dwaan geane.
gelokkich bliuwe wij sels noch baas,
nettsjinsteande de adfertinsjes
dy't ús in kant út triuwe wolle