woensdag 26 november 2014

Groetnis fan Amelân

Fansels seagen wij efkes yn de mûne fan Hollum, en fregen wij ús ôf at dy mostert lekker is

Fansels frege ik mij ôf wêrom der trije stuollen yn de tsjerke stiene mei gatsjes yn de rêchleuning

Fansels frege ik mij ôf at Harrie Strubbe  dizze houten broek faak oan hân hat


 Fansels  fregen wij  ús earst ôf wêr't de menniste tsjerke stiet. 
Antwurd: oan it Vermaningpaad en wat efterôf



 Fanesels fregen wij  ús ôf at der ek in lytse ûnderbrekking 
wie (fan in jier as 5) yn de freundschaft?


Fansels  fregen ús ôf hoe't de maatskippij der hinne lizze soe
 at wij nea wat op de rige sette

En snein fregen wij ús ôf at it ek noch droech wurde sil......


dinsdag 25 november 2014

Nuon

Nuon
foarhinne PEB
Provinciaal Electriciteit Bedrijf
of Pake en Beppe
sa't wij seine.

Dy Nuon
dêr sit ik noch altiten bij
foar it elektrysk
omdat de stroom goed is
mar ek omdat ik sleau bin
te sleau om oer te stappen
want argewaasje
dat haw ik al jierren tsjin harren

Dat gebel op myn tillefoan
dy brieven yn myn bus
oanbiedings foar langjierrige kontrakten
foar gas
omdat ik dat bij in oar wei ha.

In pear lyn
haw ik sa'n belfaam sein:
"noch ien kear belje en ik stap oer
mei it elektrysk nei dy oare oanbieder,
dy fan it gas"

om foar tekommen
dat se no oan de doar komme
haw ik in plakplaat op de doar
"wij kopen niet aan de deur"

Dat helpt
ek tsjin geranium ferkeapers
en helaas ek tsjin koekeferkeapers
oant moandeitejûn
in Nuon jongfeint
in oanbieding
nettsjinsteande de plakplaat

soks mei ik net oer
dus
in twiit de loft yn
mei @Nuon der bij
"dat is net ferstannich fan
sa'n Nuon ferkeaper
om oan te beljen
wylst der stiet dat
ferkeapers net wolkom binne"
dat twittere ik moandei

de oare deis
in twiit fan Nuon:
"dat is zeker niet verstandig,
excuses voor het ongemak"

En of ik in DM stjoere wol
mei it adres
"dan komen we niet weer langs"

Dy eksuses is harren rêding
want in oerstap hie ik
yn earnstige oerwaging
dizze kear soe ik net sleau wêze.






maandag 24 november 2014

Op it fytske

Sneontejûn
het Bolwerk yn Snits
muzyk
Band of Friends
sis mar Rory Gallagher
mar dan sûnder Rory sels
dy is al dea
yn 1994 al

mar syn muzyk libbet
mei dy twa Ieren
en mei Marcel Scherpenzeel
in Nederlânske top gitarist

Wat in geweldige band
wat in geweldige muzyk
wat in geweldige jûn

en it moaie derbij?
op de fyts der hinne
en op de fyts werom

mei broer Lolke
en sels hij fûn it mar in eintsje
hinne
mar ek werom

noch trije kertier
nei prate oer dy moaie jûn
mei dy super band
Band of Friends

.

vrijdag 21 november 2014

Emosjoniele meganismen

ItAD fan hjoed
in artikel
wêrom jim
of de measten fan jim
en ik seker net
Bohemian Rhapsody
op ien ha wolle yn de Top 2000.

Ik sitear ti AD:
We zijn simpelweg weerloos
tegen deze van bombast overlopende mengelmoes
van opera, rock en pianopathos.
 De verklaring van dit fenomeen ligt in (en let no goed op )
"een ingenieuze cocktail van neuro-klinisch psychologische processen en cognitieve en sociaal emotionele mechanismen"


Wat in gelok
dêr haw ik dus gjin lêst fan ha.....

Ik bin benijd hoe't it mei mij sit
mei myn mechanismen
yn de holle

omdat ik dit nûmer leaver op 1 stean ha.


dinsdag 18 november 2014

Keunst op Amelân

"Dat is gjin keunst"
dat seit dy man yn de reklame
dy reklame fan Jansma Burdaard.

Oan dy wurden tocht ik
freed, sneon en snein
op Amelân
novimber de keunstmoanne
op toernee lâns 35 lokaasjes
om wurk fan 80 keunstners te besjen.

35 lokaasjes
35 kear op de fyts
35 kear fan de fyts
51 kilometer
80 ferskillende keunstners

yn hotels,
yn kroegen
yn tsjerken
yn skuorkes
yn galerijen
yn túnen
en op de dúnen

diggelguod,
sieraden
nifelwurk
houtsjes
toutsjes
bylden
skilderijen
ja in hiel soad skilderijen

It hat ús skoan foldien
sa'n keunstwykein
op Amelân
en wij fûnen it in hiele keunst
om alles te besjen
en om alles keunst te neamen

of is alles yn dit libben keunst?


















dinsdag 11 november 2014

Trilbroek

Jim kinne it wol
in tillefoan mei trilfunksje
geskikt at in oar it net hoecht te hearen
dat der in berjochtje binnen komt
of in twiitsje

dy trilfunksje
ek geskikt at je yn in romte binne
wêr't je dochs neat heare

Sa as moandeitejûn
yn de Tolhuistuin
sis mar Paradiso Noord
Wiene wij (Tiede, Leo en ik) bij in band
Bob Mould

Ik hie de tillefoan op triljen
want foar myn klupke stie der wat op it spul
SDS
krije se jild fan de gemeente foar keunstgers?

de tillefoan op triljen
want twiits dy't fan belang binne
en dy't troch oanwêzige SDS supporters
de loft yn twittere wurde
moatte wer troch twiten wurde
en dat hear ik te dwaan.......
ek op dizze jûn
just op dizze jûn

Sa haw ik it mij foarnommen
ek op dizze jûn
trochtwitterje
mar sa giet it dus net

Bob Mould hat skijt oan myn foarnimmen
hat skijt oan de trilfunksje fan myn tillefoan
fiif kertier hat myn tillefoan trille
mar net allinne myn tillefoan
ek  myn broek
fan mul oant boksen
en myn sjurt, myn skuon,
ja sels myn burd

It fielt as stean ik op de seedyk
mei wynkrêft njoggen

mei ferbazing sjogge wij nei
de power wêrmei  dizze as skoalmaster eagjende rocker
him beweecht op it poadium
de krêft dy't hij útstrielt
it snoeihurde lúd fan gitaar, bas en slachreau

dat alles
soarget der foar dat ik pas om kertier oer tsienen
at Bob útrockt is
en myn broek ta rêst komt
ik de oare wurklikheid ûnder eagen sjoch

SDS krijt keunstgers
dat twittert Friso Albada
in grutte Bob Mould fen
mar no net yn Amsterdam
mar yn Wommels
yn it gemeentehûs

In dûbel prachtige jûn dus.....

"dit wie heftich
foar in moandeitejûn"
sei ik tsjin de mannen dy't it mij útnoege hiene
om mei te gean

ja, seinen se wylst se de  eardopkes der úthellen
"do bist wol mei echte rockers fuort".







maandag 10 november 2014

Groet


Yn de tiid dat ik op in ûnderwiis administraasjeburo yn Ljouwert wurke hie ik te meitsjen mei de hear Brandt, direkteur fan de mafû dêr.
In aardige man op in bijsûnder lytse skoalle mei spesifike rigels.
De direkteur wie altiten belangstellend oer hoe 't op de fêste wâl wie.
Hij sels liet mij altiten yn syn brieven (ja dat wie doe noch sa) witte hoe't de omstandichheden dêr wiene.  In oersicht hoe't hij syn brieven ôfslute.

vrijdag 7 november 2014

Berlin

De wike fan de muorre
25 jier lyn ôfbrutsen
Berlin

Berlin
de muorre
1975 wie ik dêr
in legertripke
makke in soad yndruk
ien foto yn it plakboek
mei in sels makke tekst



Dit is net yn é wâlden
mar it skiedet twa wrâlden
de wrâld fan ûnderdrukking en noed
wêr't frijheit betelle wurdt mei bloed
en de wrâld fan frijheit fan frijheit foar elts gesin
mar wêr't it giet om it gewin


Yn 2014 wie ik der wer
Sightseeing
In soad herinnerings oan dy muorre







donderdag 6 november 2014

Rekkenje

Jellie bij de Scapino
wat keapje
in pear toffels foar Jelske
6.99
7 euro dus

Jellie jout in briefke fan 10 euro
famke Scapino sjocht en freget
ha jo it ek lytser?
Net lytser,
wol grutter
famke Scapino sjocht en tinkt

Hast wol in briefke fan 5, freget Jellie
Jawol seit famke Scapino
en se sjocht en tinkt

Se docht de 2 euro ek yn de kassa
en jout 1 euro werom

klopt net sei Jellie
ik soe no de 5 euro ha moatte
want ik ha no 12 euro betelle
it kost 7 euro
dus.......

Nee, seit famke Scapino
ja, seit Jellie
Nee, seit famke Scapino

Oke seit Jellie
jou mei de twa euro mar werom
en dan krij ik fan dij 3 euro

famke Scapino sjocht
famke Scapino tinkt

Rekkenje is net dy sterkste punt,
freget Jellie hoeden
Nee, seit famke Scapino

Sille wij it noch in kear prebearje mei dy twa euro
en dat briefke fan 5
Nee, seit famke Scapino
Jellie krijt trije euro werom.

At Scapino ynkoarten oer de kop giet, dan binne der miskien oersaken oan te wizen.






zaterdag 1 november 2014

Mearkes

 In Nederlânske útdrukking seit
"Je moet mij geen sprookjes vertellen"
dat betsjut
do moatst mij neat wiismeitsje.

Ik toch der fannemoarn oan
neidat ik it AD út de bus helle hie
en de krante útpakte
de krante fielde oars
hij fielde hurd

Yn it AD de ôfrûne wike
in soad oandacht foar de Efteling
it eardere mearkespark
dat útgroeid is ta willepark

No in boekje der bij
In mearke
fan Hâns en Grytsje
Fergees as yntroduskje
Leuk, tink ik earst
Leuk om foar te lêzen
foar Jelske, myn pakesizzer

Ik blêderje it troch
ik sjoch dy freeslike heks
ik sjoch dat hok mei traaljes
ik sjoch bange bern

en ik hear it mij sels al foarlêzen
fol fjoer
mei stimferheffing
mei de kreaklike stim fan de heks
fan dy bange stimkes fan Grytsje

Ik freegje mij oprjocht ôf
haw ik soks myn bern foarlêzen?
is dit mij earder foarlêzen?

It stiet mij foar fêst
dy oare 19 dielen fan mearkes bestel ik net
dit boekje lês ik net foar
Ik moat der net oan tinke
dit sil ik har besparje

Nee, it is dúdlik
ik haw hjoed al wer wat leard
ik leau net yn mearkes




zondag 26 oktober 2014

Tûzen

It begjin

Is dit in earste stapke op it grutte wide web?
Nee, dit is in nij stapke.
En miskien wol in stap.
Altyd dwaande om websiden te fullen fan bijgelyks fuotbaljen, keatsen en doarp. En net te ferjitten yn it skiere ferline fan myn freon Sibe de Seefûgel.
Bij dat fullen kinne je gelokkich ek wat fan je sels kwyt.
Mar it docht hieltyd mear bliken dat minsken earder op de teannen trape binne. Dat dit sa is wit ik út erfaring, want dêr haw ik sels ek lêst fan.
En omdat ik in hekel haw oan hieltyd mar wer ôf te weagjen wat wol of net pleatst wurde kin en wat wol of net goed is foar de klup of feriening en omdat ik oer in hiel soad dingen in miening kwyt wol, begjin ik dizze blog (wat in ferskriklik wurd) Dat dy blog yn it Frysk is normaal liket mij.
Ik hoop myn aai hjir kwyt te kinnen.
Sa faak as mooglik.
En let wol wat de titel is: datfynik.
En dat betsjut dat jim wat oars fine meie.
Like mij sels prima.

------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Dit wie op 23 desimber 2007 myn earste stikje.
op dizze blog
Bin no hast 7 jier lang dwaande
999 stikjes
Dit is nûmer tûzen
dy giet oer neat
dy giet oer tûzen
tûzen stikjes
dat is in goeie 140 per jier
dat is 12 per moanne
dat is.....


en 1001?
dy komt ek
dy giet oer Indie
dat wit ik no al.
en dêrnei?
dan giet it ek troch.
miksien binne de sifers oer 7 jier wol oars
minder kollums
minder stikjes
want neist de blog
is der wat bij kommen

twitter sûnt in jier as wat
feestboek sûnt dizze simmer
beide binne oanfullend
mar wat de takomst fierder bringt?

In rêstich muzykje, mar ja dat krije je at je dit op sneintemoarn betiid skriuwe.


vrijdag 24 oktober 2014

Lûd fan in berch





Tsjeard en Berber hawwe ús tongersdei witte litten dat sij op 5416 meter oankommen binne.
Sij binne lâns de pas gien wêr't de sniestoarm húsholden hat.
Dy wie wer iepen.
It soerstofgehalte is dêr 45 %.
Mar  sa't kollega Martine op feestboek sei:
 Sij minder lucht mar bij jim opluchting.

en sa is it mar krekt.

woensdag 22 oktober 2014

Reine

It waar
dêr begjint de dei mei
wekker wurde
de sinne al skinen sjen
of de wyn al gúlen heare
of de rein
dy't tsjin it rút klettert

Pyt harkje
mei ien ear
ek noch in heal ear
wat makket it ek út
at it no wiet is of droech
de wyn noard is of súd
fytse doch ik dochs wol
nei Snits
3 dagen yn de wike
of 4

It sil reine
groue buien
wurde ferwachte
it reint hûnen en katten
it storeint

it is hjerst
it waar is omslein
it wurdt wiet
seit Pyt
seit weeronline
seit it KNMI
seit buirenradar

reinpak mar mei

moandei
moarns droech
middei droech
tiisdei
moarns droech
missdei op trije drippen nei (yn Easte rein ) droech
woansdei
moarns droech
middeis droech

Reine docht it hast nea
sis ik dan
dat is gjin gefoel
dat binne hurde feiten

Sjoch marris op
www.hetregentbijna nooit
hurde feiten
moaie statistiken
sjoch marris nei it oersicht 
fan septimber 2013 oant augustus 2014.

"mazzel" sei der dizze wike immen op twitter
dat wie it miskien ek wol
dizze wike
mar trochstrings
neat gjin mazzel
de moaie wierheid

dus myn goeie rie
fyts wat faker nei it wurk
want jim hoege it net te litten
om de rein.

want reine docht it hast nea.
en at it al reint dan seit Kees van Stijn
#hetismaarwater








zondag 19 oktober 2014

Spannend

Utdagingen...
Dat stiet hast synonym oanTsjeard en Berber
ús soan en syn freondinne
Utdagingen
foaral yn de sport

Earst wie dêr de ultratrail
ein augustus
twa dagen en in nacht
drave yn de Alpen
oer ûnferhurde , stroffelige paden
en dat allegear mei avensearskuon oan
om op tiid binnen te wêzen.

Wij koene it folge
fia de ynternet registraasje

En dan is it oktober
tiid foar ûntspanning
tiid foar de fakânsje
tiid foar in útdaging

8 dagen India
en dan nei Nepal
de Himalaya yn
nei 5400 meter.

Moandei 13-10
in whatsapp fan 3000 meter:
"moarn geane wij echt omheech
kommunikaasje net mear mooglik
op 26 oktober wer kontakt"

Tongersdeitemoarn 16-10
om 9.00 oere
de LC op tablet:
"Sniestoarm yn Himalaya
20 deaden yn Nepal
hûnderten berchrinners fermist".

Spanning snijt troch ús hinne
Fragen:
Wêr is it krekt?
Hoe fier wiene se?
hoe ist mei se ?
Wannear heare wij wat?

Dy selde tongersdei
Om 13.00 oere
whatsapp fan dochter Anne-Marije
"berjocht hân fan Berber en Tsjeard alles dêr goed"

Wat in opluchting............

De sniestoarm wie yndie op harren trajekt
mar op 4500 meter
dat wie noch in dei as 5 rinnen...

It is no snein 19-10
Deaden wurde burgen
fermisten wurde noch socht
mar it waar is opkreaze
de berch leit er noch
Tsjeard en Berber binne ûnderweis
nei boppen
"sitte op 3650 meter
sûnder stroom.
It is hjir prachtich
alles goed
gjin nijs
goed nijs
kommende dagen út de loft"

De spanning begjint wer
bij ús










vrijdag 17 oktober 2014

Op in snein yn Warkum

De hjerstfakânsje is oan de gong
De strontrace fanút Warkum
Tradisjoniel is it sneintemiddeis foarôf drok yn de haven
boaten en taskôgers
kreamkes, wat muzyk, wat iterij 
en allgear minsken









\


maandag 13 oktober 2014

The ZZ Tops en oaren


Sneontejûn
WTC - Expo
In grutte hal
Trije bands
wêrfan twa út UK

Rockallround wie de earste
de band fan Jos Harteveld en freonen
Earder diene se Pink Floyd projekten
Of Heroes of Rock
Moai foarprogramma 
Net te lûd
Net folle minsken

The ZZ Tops
Nea seach ik de echten
no seach ik in sjootsje
"brothers and sisters"
draaiende gitaren
rock en blues
in prima band
in best oerke
Better as de echten
seinen sommigen
ik leau it gelyk
flink lûd.
iets mear minsken

ACDC tribute
de echten seach ik nea
Knalle
highway to hell
hell aint be a bad place to be
thunderstrucks
dravende en in fleanende gitarist
skitterjende solo's
ACDC stim
ACDC power
ACDC
noch iets lûder
noch iets mear minsken


In moai treffen.
Fierstemin minsken
Mar gesellich fol
Lekker rockt mei Siem Sikma fan Dronryp en syn maat út Burgum
Sprutsen mei ien fan de  baardmannen  in projekt fan fotograaf Arie Bruinsma.
In Wuite út Sint Nyk.
Beide broers diene mei oan it projekt.



I
Mar wie it no Hein of is it dochsWouter??

zaterdag 11 oktober 2014

Poes

Wij hiene 2 poezen.
Wij ha no noch ien.
Alde poes is dea.
Pakesizzer Jelske (2 jier) wie sljocht op âlde poes.
Alde poes mocht Jelske ek graach lije.
Brokjes, molke, in hiel soad aaikes, in krûpke,
Dat krige  âlde poes fan har.
Bij ús bleau it bij brokjes en wat molke
en soms in aaike
Mar âlde poes is dea,
Under de auto
Net skerp mear
Alderdom.

Wiken letter
Jelske komt
Wêr is poes?
"Ik wit net "liich ik
want moat ik dan sizze? dea?
freegje ik mij ôf
Mear in tema foar heit en mem
om te bepraten
at se wat âlder is
tink ik

"Fuort" sis ik der efteroan
om de leagen iets lytser te meitsjen.

Noch wat wiken letter
Jelske komt
"Wêr is poes no"
"Fuort? "seit se der efter oan.
"Komt net wer?"
"Nee, dy komt net wer" sis ik.

Noch wat wiken letter
foarop de fyts bij pake
ik sjoch in  fûgel lizzen
heal yn de berm
Sij sjocht him ek
"Dea?" freget se
"Ja"sis ik, "dea"
"nei de himel" ferstean ik.
"Ja nei de himel" sis ik ferbjustere

"wêr't poes ek is"
wol ik der hast efteroan sizze
ik doch it net

Folgjende kear at se wer freget
wêr't poes is
kin ik it gewoan sizze
"Poes is dea
en sij is no yn de himel"







woensdag 8 oktober 2014

Dropkick Murphys


Ien fan myn moaiste klips.
Wol in bytsje hurd sette fansels








zaterdag 4 oktober 2014

Aldemardum-Wommels

It soe in moaie freed wurde.
Neffens Piet  in folle simmerdei 
 Jellie wurket yn Aldemardum.
Dat wurdt dus it begjin fan in fytstocht nei hûs.


Stiennen dy fine wij yn Drinte. 
In oantal binne trochrolle
Dy lizze yn Gaasterlân. 
Sa as dizze bij Aldemardum


Krekt bûten Aldemardum in earste heuveltsje
Yn de dize sjoch ik "Luchtwachttoren 647" opdûken


Murnserklif en dêrnei Murns.
De klokkestoel mei tsjerkhôf.
Ferline jier toffele ik hjir al in kear om,
 ik bliuw no bûten it stek



En fansels wer in ferdwaalde stien





Sa stiet sij noch yn de mist

En sa fyts ik krekt dêrnei yn de sinne


De stien der stiennen bij Reaklif.
Dêr moat je efkes by stilstean
Letterlik en figuerlik

De nije slús bij Starum
It seizoen foarbij.
Leech

It froutsje fan Stavoren sjocht lyk. as mij rêst yn  de haven


Ek yn Hylpen rêst yn de haven

Tusken Hylpen en Warkum op it rinpaad, wat ek wol te brûken is as fytspaad de grinspeal fan de eardere gemeenten Warkum en Hylpen.



 It is noch betiid op de moarn mar in fiskje giet der altyd yn. 
Ek yn Warkum


54 hearlike kilometers.........Wat is Fryslân (op de fyts) moai!!!











woensdag 1 oktober 2014

Foarútsjen SDS1 - Nijland 1

Tusken Snits en Boalsert leit Nijlân.  Nijlân dat kinne wij allegear fan Aaipop op peaskemoandei.
Nijlân hat ek in tsjerke en dat dy op dat plak stiet en bijgelyks net op it fuotbalfjild hat te meitsjen mei it ferhaal dat twa kastrearde bollen ( ik neam se foar it gemak mar efkes Ate en Teade) dy't útmeitsje mochten wêr't de tsjerke stean moast.
Nijlân hat ek in kroech, mar dy neame se dêr herberch. Neffens Feestboek binnen de bruorren Ate en Teade de Boer dêr west.
At se ek yn de tsjerke west hat kin ik no wer net fine op Feestboek. Dy bruorren de Boer dy  fuotballen earder bij de ienige fuotbalklup yn Nijlân.
Se wenje no yn it "gebiet fan SDS" mar dat hat harren noch net op it idee brocht om wer fuotbaljen te gean. Miskien dogge je dat ek wol net.
Fan Nijland nei SDS ta gean is sa iets as fan Ajax nei Feyenoord? Ik freegje mij ôf: Is der ea wolris in spiler oerskreaun fan de iene nei de oare klup?
Der is wol wat striid ûnderling. Mei oare wurden dit wedstrydsje dat libbet faak omraak as streekderby. Yn eardere edysjes waard der fan alles útfûn om elkoar út de konsintraasje te heljen.

Dat liket der dit jier noch net op. Fierder as wat ferbale "tasizzingen" fan Eelke en Cor op it Greidhoekfestival haw ik noch net heard.
Der is (falske? ) beskiedenheid bij SDS en der is miskien wol in nij soarte fan realisme bij Nijland. Nijland wie ferline jier foaral dwaande om net te ferliezen (wat hiel lang slagge), mar om de ein waard dúdlik dat it gjin promoasje oplevere.

Bij SDS hiene se ferline jier lêst fan "in jier te lang de Blaauw", en dat levere sok min fuotbal op dat it publyk betiden sels nei Nijlân ta gie.
Bij SDS sit it dit jier better yn elkoar, dêr soe ik as Nijland suver benaud fan wurde. It minste oantal doelpunten tsjin en de measte doelpunten makke.
De fan WPB hast as miljonair weromkearde Erik Haitsma is fris en fit yn lea en holle en dat docht de ploech goed. Dat wurdt noch in hiele klau foar Eelke.

Ik soe it hiele rychje fan SDS spilers opneame kinne wa't dit jier it fuotbal oars belibbet.
Nee, dit Nijland sil it yn Easterein net rêde mei wat yn de kont hingje, mar kin better de wedstriid mar begjinne mei in 3-2-5 opstelling. Dat levere ferline wike ek twa doelpunten op yn de slotfase en de oerwinning.
2014-2015 is noch mar krekt los en ik haw noch net de kâns hân om Nijland te besjen. Ik moat it helaas dwaan mei allinne de foarside fan de presentaasjegids (miskien nimme se sneon wol in komplete gids mei foar mij).
De koppen fan de artikels leart ús it folgjende:
Trainers Douwe en Pyt stribje nei de twadde klasse,
Hein Damstra is fêst fit troch shiatsumassage,
Aede Piet Hoekstra is lofts ,
Sjoerd en Teake Kooistra hâlde fan "full-gass fussbal" en
Hotze en Hendrik komme ek.

Bij SDS gie it de lêste wiken nettsjinsteande de oerwinningen ek oer de ôfwêzigen. Bij Nijlân is it al net oars: Erwin Hoekstra skuorde syn inkelbannen, Cor Goeman kin wol mei in brutsen tean spylje tsjin Tonego mar net tsjin SDS en Albert Jan van der Belt sjocht wat fierder as de toer fan Njilân, hij is op wrâldreis.
Oh ja, it stiet net yn de gids, mar wij kinne der fan útgean dat de hast altyd gniiskjende haadsponser Jouke Huitema, mei in blau-wite sjaal ek syn rûntsjes wer makket om it fjild hinne.
Foarbeskôgingen binne aardich mar it ferhaal gelyk nei ôfrin is miskien noch leuker mei in winner en in ferliezer.
Dêrom soe it dizze ôflevering fan SDS- Nijland unyk meitsje at de beide trainers nei ôfrin efkes efter in parsetafel yn de kantine plaknimme wolle en harren ferhaal dogge en yngean op fraachjes dy't libje, sa as de taktyk, de wiksels en de útslach.

Dat is better as it ferhaal allinne yn de bestjoerskeamer dwaan bij de bestjoerders.