zondag 10 augustus 2014
Beantsjes
Bij it klearmeitsjen fan de beantsjes dizze wike komme der herinneringen bij mij op.
Herinneringen oan it âlderlik hûs.
Myn heit wie in echte folktúnker.
In stikje bou yn eigen tún op de Hofkamp en letter oan de Molewâl
en meardere ekers op de folkstún yn it Bosk.
It wie syn nocht en syn libben om dêr syn tiid yn te stekken.
De sneinen yn huize Hofstra koene je dêrtroch úttekenje.
Sneintemoarn in stik keek en in fulde koeke.
Altyds wer...
Sneins ieten wij ek altyd beantsjes.
Altyd wer...
Yn july en augustus farske
De rest fan it jier de "ferpakte"
Beantsjes dy't wij earst meielkoar socht hiene op de bou
Beantsjes dy't wij dêrneist "kopten"
Bakken fol....
Wat in teamwork wie dat.
De beantsjes yn de wekflessen.
Tsjientallen wekflessen mei sparbeantsjes.
Sticker der op mei in datum
En sneins kaam der ien fan souder
Hast altyd
Want sa no en dan waarden wij ferrast mei wat oars.
Snijbeantsjes.
Dy hiene wij ek al earder klearmakke
Triedden der ôf en troch it molentsje
draaie en de snijbeannen der ynstekke
de finger net
Beantsjes...beantsjes en noch ris beantsjes
No iete wij se foaral farsk.
Yn july en augustus.
Hollânske beantsjes
Kocht bij Jumbo of ûnderweis
sa as dizze wike yn Lollum
Wij ite se troch de wike
want sneins ite wij graach wat oars.
Ik haw genôch beantsjes op snein hân
En de wekkflessen?
vrijdag 8 augustus 2014
Reaksje
Koartlyn skreaun ik wat oer de fierstente djoere kamping yn Frankryk. Sjoch hjir .
It ynfulde enkêteformulier is goed lêzen, want ik krige in hoopfolle reaksje werom. Hoopfol foar de fytsers yn 2015. De frânske tekst hawwe se sels efkes foar mij troch de fertaler helle. Sjoch ûnderoan.
Cher Monsieur/Madame HOFSTRA,
Nous ne parlons malheureusement pas le néerlandais, c’est pourquoi je vous réponds en français, avec une traduction automatique. Je vous remercie de votre compréhension.
Nous avons pris connaissance de votre questionnaire de satisfaction et nous regrettons sincèrement que vous n’ayez pas été satisfait de votre séjour chez nous. Au vu de vos remarques et des renseignements pris auprès du Comité départemental du tourisme de la Gironde, précurseur du projet « Vélodyssée » lequel nous a confirmé qu’il n’y avait aucune obligation en tant que labellisé « Accueil vélo » à pratiquer des tarifs préférentiels à l’encontre de la clientèle pratiquant le cyclotourisme ; nous envisageons de mettre en place pour 2015 un tarif spécifique pour la clientèle optant pour un séjour cyclotouristique.
Quant au service WIFI, Nous allons prendre des dispositions pour que l’année prochaine ce service soit en adéquation avec vos attentes, mais il restera payant.
Nous vous prions de bien vouloir nous excuser pour les désagréments rencontrés, et espérons que malgré cela vous garderez un bon souvenir de votre parcours dans notre belle région,
Cordialeement,
Geachte Hr./Mw. HOFSTRA,
Wij hebben helaas geen Nederlands, vandaar dat ik je een antwoord in het Frans, met een machinevertaling. Dank u voor uw begrip.
Wij kennen uw vragenlijst van tevredenheid en wij betreuren oprecht dat u niet tevreden bent over uw verblijf bij ons thuis(met ons). Met het oog op uw opmerkingen en gegevens met de departementale Comité van het toerisme van de Gironde, de voorloper van het project " Vélodyssée " die bevestigden ons dat er geen verplichting was(bond) als gecertificeerd " Welkom(Opvang) fiets " praktijk preferentiële tarieven tegen de clientèle te beoefenen de cyclus touring; wij zijn van plan om voor 2015 een specifieke prijslijst(tarief) voor de klanten die kiezen voor een cyclotouristique verblijven.
Als voor de WI-FI service(dienst), We gaan ondernemen capaciteiten(maatregelen) zodat volgend jaar deze service(dienst) is in overeenstemming met uw verwachtingen(wacht), maar hij(zij) blijven betalen.
Wij hebben helaas geen Nederlands, vandaar dat ik je een antwoord in het Frans, met een machinevertaling. Dank u voor uw begrip.
Wij verzoeken u vriendelijk om ons excuus voor het ongemak ontmoet, en ik hoop dat het u een goed geheugen van uw route(loop) in onze prachtige streek.
Met vriendelijke groeten,
Karine FENIE, Campsite Manager
Yelloh ! Village Les Grands Pins
SAS SILLO
33680 Lacanau-Océan

donderdag 7 augustus 2014
Balk-Wommels
Komt dat wer moai út. Jellie 7 dagen oan it wurk yn Balk.
Dus snein de fyts efterop de auto en de fytstocht begong dus yn Balk.
It gie rjochting Wikel, Sleat, Tsjerkgaast, Spannenburg en
it nije fytspaad lâns it kanaal fan Spannenburg nei Idskenhúzen, dan oer Legemar en Boarnsweach
Mei it potsje oer rjochting de Jouwer
It ferfolch wie Terherne, Tersoaltster slúske, Snitsermar, Snits, Reahús , Easterein en Wommels.
Totaal 67 kilometer en dat op in gewoane bukfyts..
dinsdag 5 augustus 2014
Iens
Sa op it earste gesicht stelt it net folle foar.
Iens, in doarpke fan minder as 100 ynwenners skat ik sa yn.
Foar auto's in dearinnend doarp.
Selskip Tetman de Vries song earder al.: Alleen naar Edens stiet dêr op de dyk.
Foar fytsers rint Iens net dea.
Sij kinne fia it fytspaad lâns de Boalsertertrekfeart yn en út fytse.
Iens, in dea doarp?
Oan de buordsjes te sjen bij lange nei net.
Suver mear piktogrammen as bij gruttere doarpen yn de omjouwing

Yn Iens kinne je sliepe, je kinne je geastlik ferrykje yn tsjerke, rinne is in attraksje, lykas farre, fytse, fiskje en .............lêze?
Dus soe ik gjin reden witte om net in kear yn Iens te sjen.
zondag 3 augustus 2014
Peace yn Riis
Peace yn Riis.
Dat leuke twajierlikse muzyk festival yn de teatertún yn Riis
Ik koe der dit jier net hinne.
Op fakânsje.
Oan de bylden te sjen en oan de lûden te hearen wie it gesellich.
It swingde......
Pakesizze Jelske wie foar dizze gelegenheid in weardige ferfangster.
Har bewegingen lykje sels wat soepeler as dy fan mij.....
Lykje...sei ik
vrijdag 1 augustus 2014
Rekôr
Rekôrs binne der om brutsen te wurde.
Dat jildt foar in soad dingen.
Nim no myn fytsen.
It is noch krekt gjin obsesje, mar ik moat der foar oppasse.
Kilometers bijhâlde.
Per wike, per moanne, per jier.
De moanne july 2014 levert in rekôr op.
It wie gjin doel mar it oerkomt je wol.
July hat krekt as oare jierren 31 dagen.
Ik fytste yn dy 31 dagen 2205 kilometer.
Dat is per dei 71 kilometer
Dat is per oere hast 3 kilometer.
Nea earder fytste ik yn ien moanne safolle.
De reis fan Súd Frankryk nei Fryslân soarge foar in stevige basis (2000 km)
It âlde rekôr wie fan july 1999.
2005 kilometer.
Ek net ferkeard oars.
Totaal sit ik dit jier no op 7300 kilometer.
Om de 10000 te heljen de lêste 5 moanne in makkie.
De muzikale noat komt fan Diff. Op 13 septimber yn Wommels op it Greidhoekfestival.

Taeke op de PC
Woansdei wie de PC.
It waard de dei fan Taeke Triemstra.
Ik haw djip respekt foar de keatser dy't blessearre is.
de keatser dy't sa graach keatse wol
de keatser dy't der safolle foar dwaan en safolle foar litte wol.
Taeke moast tidens de dei belies jaan.
Foar de heale finale stie hij syn plakje ôf oan Jacob.
Syn eigen beslissing dy't hij naam yn de twadde omrin tidens de partij.
Hij seach syn maten Daniel en Gert-Ane.
Syn maten dy't der ek safolle foar dogge.
Hij skeakele syn eigen belang út.
Trochgean levere miskien wol gjin goud op.
Taeke fertelde it tongersdeitejûn yn PC kafee,
op de wize sa't Taeke is.
sympatyk
earlik
ynteger
en mei ynholden emoasjes
Syn trije keatsmaten hearden it oan
en lieten ek sa dúdlik merkbite dat se grut respekt hawwe foar wat Taeke dien hat.
him sels opofferje foar harren.
Wat in grut sportman
wat fertsjinnet dit hanneljen in respekt
myn Fryske sportman fan 2014
Taeke Triemstra
ek al is it noch mar augustus.
Wembley sjongt mei mij:

.
dinsdag 29 juli 2014
In moaie namme mar wol wat lang
Wij fytsten yn Frankryk troch talrike doarpkes.
Om ús Frânske útspraak wat te oefenjen, sprutsen wij ûnder it fytsen de meast rare wurden en plaknammen út. Sa as de namme op it boppesteande boerd.
Je sille it mar alle kearen opskriuwe moatte.
Wenje yn St. Quentin-La-Motte-Croix-au-Bailly.
Doe't ik dat seach, tocht ik oan Iens.
Iens, dat moaie lytse doarpke noardeastlik fan Wommels.
Gewoan Iens.
Fjouwer letters.
Dêrom stiet dizze wike Iens sintraal bij mij.
Wat mij Iens haw ik wol wat.
Iens dus, ek al binne jim it der net mei iens.

maandag 28 juli 2014
Kin it ek in stjêrke minder?
Les Grands Pins
Kamping mei 5 stjêren
LaCanau Ocean yn Súdwest Frankryk.
Ik haw gjin idee wat it betsjut dat Les Grands Pins.
Ik tink fan "de grutte oplichters"
Nei 95 kilometer komme wij op ús tredde dei oan bij Lacenau-Ocean.
In toeristysk stedsje.
Wij hawwe ús nocht.
It wie suver te waarm foar sa'n ein.
Wêr is de kamping?
Wylst je hjir bij de Kliuw al wiisd wurde op in kamping yn Reahús, is dat dêr oars.
In syktocht en nei twa kear freegjen komme wij oan bij Les Grands Pins.
It is al oer seizen.
Wij skriuwe yn.
ID kaart der bij en de gebrûklike frach:
"Elekticity"
"Nee, dankjewol, merci, thanks, danke schôn"
Je moatte je rêde kinne yn it bûtenlân.
It komt op beteljen oan.
At ik it bedrach ôflêze kin op in kassa, is der neat oan de hân.
Oars is it betiden lestich.
Dat leit him net oan mij, mar oan dy Franzen.
Dy prate fluch en ûndúdlik.
"Quarante neuf", seit it fromminske wylst ik net mei sjen kin op de kassa
"Neuf" ferstean ik in bytsje as 9 en "quarante" klinkt as 14.
Ik lis 15 euro op de bar yn de ferwachtich dat it 14.90 is, in gemiddelde priis foar in nachtje op de kamping mei in lyts tintsje.
It fromminske sjocht ús oan, laket wat en skreaut dan it bedrag op in papierke.
49,00 euro.
It is waarm, wij ha ús nocht, wat dogge je dan.
Wij besykje noch efkes út te lizzen dat wij net mei in 4 tsjiloandriuwer binne mei in 6 persoanskarafan mar in tintsje fan twaenheale turf heech.
"5 stjerren" seit it fromminske.
"5 stjerren" sizze wij letter at it tintje stiet op in matich plakje, dat betsjut in swimbad wêr't wij gjin gebrûk fan meitsje, in eigen paad nei in oseaan, dy't wij oerdei genôch faak genôch sjogge en wifi wêr't wij 6 euro per dei ekstra foar betelje moatte.
Doe't ik thús kaam lei der al in en
kête formulier fan Les Grands Pins yn de meelboks.
Ik mocht in sifer jaan.
In 1 en seker gjin stjêr
woensdag 16 juli 2014
Sipke Stapert
In grut part fan myn jeugd spile him ôf op de Hofkamp en de Molewâl yn Wommels. Krekt dêr tuskenyn leit de Doctor Sipcke Stapertstrjitte. Yn de folksmûle hjit it mear de Sipke Stapert.
Nei wa is dy strjitte neamd?
It boek Minskestriid Minskelibben (1970) fan Marten de Boer: skriuwt der dit oer:
"Op dat selde Stapertstate waerd yn 1515 in tige forneamd man bern: Sipke Stapert. Hij wie forneamd om syn geleardens en doe't it sa fier wie, waerd it tiid om syn namme yn it Latyn to skriuwen. Hij makke der Cyprianus Stapert fan en dat stie tige deftich. Hij waerd ek Vomelius neamd, de Latynske foarm fan Wommels. Yn it stêdtsje Ments waerd hij leraer yn de rjochten.
Karel V hearde ek fan him en bineamde him ta"palatynschen graaf en Bijzitter der Keizerlijke kamer". Op 68 jierrige leeftyd ferstoar hij to Spiers.
De doctor Sipke Stapertstrjitte is yn de 60 jier aarchich feroare. De beukerskoalle stie oan it begjin oofts en en Hommema in bedriuw yn bliksumôflieders stie foaroan rjochts. Dy terreinen binne no beide opfuld mei hûzen.
It lêste part fan it "lange"stik is net echt feroare. De huzen binne wat opkreaze hjir en dêr en it binne foaral de parkearde auto's dy't it byld fulle.
Foarhinne wie hjir in rûntsje en it rûn it dea.
No is der in mooglikheid om op de fyts en rinde oansluting te finen mei de Hofkamp.
It brêgje dat de ferbining makket mei de Molewâl is der al hiel lang. It Staperthout is der kommen yn de tiid dat wij in oanatl jierren op de Molewâl wennen. Ik skat fan 1964.
woensdag 9 juli 2014
Legertinte
donderdag 3 juli 2014
Moai
En sa kom ik 4 dagen yn de wike at ik werom kom fan it wurk yn Snits of Beetstersweach ús moaie gemeente wer binnen. Alle dagen wer in útdaging om dit brêchje wer goed oer te kommen mei in reedlike gong.
Hjoed 3 july foarloapich foar de lêste kear. Fakânsje! 6 wiken lang........
Fuort op de fyts.
Fansels
dinsdag 1 juli 2014
Fakânsje
Wij hawwe twa kear op fakânsje west yn Frankryk. Ien kear reinde it te folle en binne wij mar gau werom gien en ien kear wie it fierstente waarm......en wiene wij bliid dat wij werom wiene.
Frankryk is net ús favorite fytslân. Der binne in twatal saken dy't ús tsjinstiet om in moaie fytsfakânsje te hâlden: de heuvels/bergen en de taal.
"Frankryk favoryt fytslân" stie juster yn it AD. Oars soe ik roppe: "dus gean wij der net hinne" mar it leit no wat oars.
Wij gean dit jier net nei ús favorite fytslân Dútslân, omdat wij alle rivieren no wol sa wat befytst hawwe: de Donau, de Elbe, de Rijn en de Weser.
Ek fanút Skandinavie binne wij al ris nei hús fytst.
Dêrom bij gemis oan in better alternatyf sette wij ynkoarten ôf nei Sauveterre de Bearn yn de buert fan Pau.
Fandêr sette wij lâns de Atlantyske Oseaan nei it Noarden ta. En al alles goed giet komme wij dan fansels yn Nederlân út. Tegearre op de "gewoane" fytsen. De lisfytsen bliuwe thús.
OMdat wij der fanútgean dat it moai waar wurdt hawwe wij it hús en de fytstassen troch west om te sjen at wij noch wat tsjin in fûle sinne hawwe.
woensdag 25 juni 2014
De trein
Wij sieten okkerdeis op de kamping ûnder of boppe Boazum.
It is mar krekt fanôf hokker side je dat besjen wolle.
Om de kamping te berikken moatte je oer in net bewaakte oergong.
Utsjen dus.
De trein giet fan Ljouwert nei Starum
of oarsom
Fanôf de kamping seagen wij de trein op sa'n 500 meter foarbijgean.
Wij hearden him net
wij seagen him gewoan alle kearen
hee, de trein wer....
in treine yn read en wite kleuren
Trij kear yn it oere sa wat
op freed alteast
Op sneon en snein en jûns
twa of ien kear yn it oere
In trein sa't in trein bedoeld is.
minsken fan A nei B bringe.
Fan Mantgum nei Molkwar
Fan Ljouwert nei Warkum
in trein sûnder haast
Tuft lekker rêstich troch ús moaie lânskip
De trein lâns Boazum
alle kearen wer in moai gesicht
De trein lâns Boazum
ek al sit er miskien mar ien yn
de masjinist
de trein moat altyd bliuwe
al is it mar om it lânskip yn beweging te setten
Wij hawwe gjin stoomtrein nedich
wij hawwe ús boemeltsje wol
Tusken Ljouwert en Starum
maandag 23 juni 2014
zondag 22 juni 2014
Maarten
It sil febrewaris west ha. Dit jier.
Albert Faber fan Hilaard wol wat organisearje
Maarten van Rossem in jûn sprekke litte.
Albert freget at ik mei doch.
Want twa kinne mear as ien.
Foar him nij en foar mij ek.
Ik hoech oer soks net lang te tinken
Krekt wat sa'n útdaging
Wij prate de risiko's troch.
Want dy binne der.
Wij doarre it oan..
Nei wat oerlizzen hjir en dêr hawwe wij it no rûn
It kin los mei de kaartferkeap.
De blog kin online
It logo is klear
It twitterakkount kin aktiveard wurde
Der kin neitocht wurde oer wat affysjes
Facebook en oare sosjale media moatte ús helpe mei wat publisiteit.
Wij binne fol fertrouen
Tongersdei 23 oktober komt hij nei Wommels.
Maarten van Rossem, ús "nasjonale brombear"
Hij komt nei it Dielshûs
Jûns om 20.00 oere
"Maarten van Rossem heeft een punt"
Mear oer de kaartferkeap en sa kinne jim hjir lêze.
Labels:
it Dielshûs,
Maarten van Rossem,
wommels
zaterdag 21 juni 2014
Langste dei
vrijdag 20 juni 2014
Wat grutter de leagen, wat earder men dy leaut.
Ik bin oertsjûge fan de ûnskuld fan de man dy't no fêst sit foar de moard op Marianne Vaatstra. Dy oertsjûging is basearre op al dat ûndersyk wat dien is troch meardere (sjoernalistike) ûndersikers dy't troch troch oaren as "komplottinkers" oantsjutten wurde. De ôfrûne haw ik alles der oer lêzen op ynternet. It byld wat dizze ûndersikers sketse is in reglemrjochte feroardieling fan ús rjochtsteat. Mei al dy oare missers fan justysje, wêrtroch safolle ûnskuldige minsken jierren lang op de diederstoel sitte moasten, stel ek ik de fraach hoe is it yn .....namme mooglik dat sokke saken barre yn Nederlân.
Hoe is it mooglik dat de feroardieling fan een boer yn sa'n rap tempo dien wurde koe mei in oanwezen abbekaat dy't net foar de rjochten foar dizze boer opkomme woe.
De saak Marianne Vaatstra wurdt yn dit boek beskreaun fanút it ûndersyk wat dizze minsken dien hawwe. In tsjok boek mei alle feiten op in rige. It boek is basearre op it deiboek fan Maaike Terpstra de mem fan Marianne. Net tsjinsteande rjochtsaken om it boek te kearen leit it der. Ik soe sizze lês it.
Ik haw al in man/frou as 4 op myn listje stean dy't it ek lêze wolle......
Ik keapje net sa faak in boek, wylst ik wol in soad lês. De byb foldocht mij hiel goed. Mar dit boek moast ik sels ha. Dat it dan ek noch persoanlik sinjeard is troch de twa skriuwers makket it ta in moai persoanlik besit
woensdag 18 juni 2014
Tichtbij
11 kear hawwe wij in kamping útsocht. De lêste jierren ien dy't frij is fan oare gasten.
Sa'n wykein dat wolle wij oaren net oandwaan.
In kamping mei sa'n 10 oant 15 plakken sykje is de earste klus.
Dat slagget de kommisje alle jierren wer
Sa kamen wij yn Hoogersmilde, Riis, Formerum, Bloksyl, Fochteloo, Boertange, Jobbegea, Vledderveen, Dronten (2 kear) en no bij Boazum.
Boazum? Ja dus.
Tichterbij kin foar ús hast net.
Tongersdeitejûns begjint it al. De legertinte dy't ús allegear plak biede kin en de biertap wurde te plak brocht. De tinte kin moai efkes útwaaie nei in jier rêst en de fetsjes bier kinne ta rêst komme om freed net allegear skom te happen.
Freed komme se oeral wei. Tinten, sleurhutten, optearsleurhutten en kampearweinen sykje plak.
It fuotfolleybal fjild wurdt oanlein en it kin begjinne.
Simpele formule. Net seure, lekker bijprate, bijdrinke en bijsjonge. Want twa muzikanten en in hiel grut koar soargje foar de muzikale noaten.
Dat koar hâldt meast tsjin ienen nachts op, de muzikanten geane dan noch troch.
It Wk op freedtejûn?
Gjin probleem. De iene nimt digitenne mei, de oare in beamer en wer in oaren komt mei instrak skerm.
Oranje bringt de stimming der aardich yn. It earste fet is samar leech yn de twadde helte.
Der hoecht neat sokke dagen, der mei fan alles: omhingje, wat sporte, mei de famylje en mei de geit prate, wat drinke, de geit fersette, nei de mummies (deade boel), nei de stêd of nei in eksposysje.
It is sokke dagen ek in kommen en gean fan minsken, want efkes wurkje, efkes kuorkebalje yn de Pein, efkes nei hús, it kin allegear.
Op sneon goed 4 oere it hichtepunt wêr't elkenien bij hopet te wêzen.
The Pitbrothers komme mei in ferrassend lekkere barbekjoe.
Sneins is it wer dien.
Dan is it in saak fan opromje
Wij krigen sa'n 300 foto's fan ús fêste fotograven yn de famylje en der steane allinne mar fleurige minsken op. En in mankelike geit.
Wat wolle je ek mei sok moai kamping waar, mei safolle aardige minsken, mei sok lekker bier, mei sa'n wetterryksportfjildsje, mei sokke hearlike muzyk, en mei lekker fleis op in prachtige boerekamping yn de buert fan Boazum.
Der koene 65 minsken komme, der binne 62 west..... fan 4 wiken âld oant 67 jier ta
| de opperbaas fan de kamping hold wat tafersjoch |
| Martijn Kentie en Tjeerd Abma...beide bekend fan harren optredens |
| it is sneontemiddei in oere as 5 |
| de Pitbrothers binne der mei harren "izeren lûkbealch" |
| De pakes moasten op de foto mei de pakesizzers en dat foel net ta, it wie hâlden en kearen |
| mei man en macht wurdt de legertinte wer oprolle ûnder tafersjoch fan ........ |
|
|
| Oant takem jier |
zondag 8 juni 2014
Wike 24 1966
Sneintemiddei harkje ik noch wolris nei Omrop Fryslân. In muzykprogramma mei sa no en dan wat sport.
Mar de muzyk boeit mij. Sa as hjoed at wike 24 fan 1966 sintraal stiet.
1966, doe waard ik 12 jier.
En as ik hjoed dy muzyk hear fan dat jier dan besef ik mij dat de muzyk doe ek al sintraal stie yn myn libben.
Ik hear Boudewijn de Groot mei syn Welterusten meneer de president en ik sjoch mij sels wer op souder mei in sebeare gitaar en hear mij sjongen mei safolle passy dat it krekt wie as woe ik Boudewijn stypje om de boadskip te hearen..
Wat bijsûnder dat ik mei myn 12 jier dat nûmer doe en mei myn hast 60 no noch altiten sa goed fyn.
Ik hear de Outsiders mei harren "Lijing all the time". Wat in prachtich nûmer bliuwt dat.
Ik sjoch de hiele list troch en fiel nostalgy nei al dy prachtige meisjongers as I am a rock (Simon & Garfunkel) , the Russian Spy and I ( Hunters) en Pretty Flamingo ( Manfred Mann).
En "troch de jierren hinne fyn ik Conny van den Bos mei "ik ben gelukkig zonder jouw" in hearlik nûmer. Tsja, ik kin it ek net helpe.
Man, man wêr is de tiid bleaun.

zaterdag 7 juni 2014
Ekskuus
Soms sit it tsjin op fakânsje. Dan hat de oanbieder de boel net op oarder. Dan begjint it min en dan wurdt it net mear goed. Sa is dit jier yn ús maaie fakânsje. Sjoch hjir
Soks lit ik dan al efkes witte oan de oanbieder. Yn fatsoenlik wurden jou ik oan wat der mis is. Om fan te learen en om yn evaluaasjes mei te nimmen. Dat lêste is dus slagge.
Beste heer Hofstra
Zoals beloofd zouden wij nog terug komen op uw klacht.
Van mijn medewerkster heb ik begrepen inderdaad dat de
tenten niet schoon en niet compleet waren op het moment dat u aankwam. Zij
heeft geprobeerd om te zorgen dat alle inventaris werd aangevuld en dat u
gebruik kon maken van uw tent. In haar optiek was dit gelukt rond 18;00 uur.
Als compensatie voor het geleden leed heeft zij inderdaad een flesje wijn
aangeboden en haar excuus aangeboden voor het feit dat de tent niet op tijd
klaar stond.
Bij deze wil ik u ook namens labyrinth ons excuus aanbieden
en wij zullen dit zeker in onze evaluaties meenemen.
Met vriendelijke groeten,
TEAM LABYRINTH
Labyrinth Outdoor & Travel - Group Adventures
Ruurloseweg 25
7021 HB Zelhem
The Netherlands
donderdag 5 juni 2014
Myn earste bierke
"Hoe soesto der útsjen sûnder burd"
"Hasto dyn burd der wolris ôfhân"
Dat wurdt der wolris tsjin mij sein.
Suggestive fragen fan minsken dy't harren nocht hawwe fan myn burd.
Myn antwurden binne: "ik wit it net" en "nee"
Wêr't selfies hjoed de dei foar master opslaan moasten wij it earder dwaan mei wat baby foto's, in skoallefoto (mei oaren), "mei de nije fytsfoto's"en fierders neat.
Ferrassend wie it dan ek dat ik dizze wike in twiit krige út Sint Nyk.
Trije wurden:
"Aant sûnder burd"
Hiel aardich fan Rients Smeding (earder fan Wommels) dat hij dizze foto bewarre hat en mij dy tastjoerde.
Sûnder burd, mei lang hier, mar wat mij it measte opfoel is dat ik wat yn de hân haw.
1972.
Krekt 18 jier.
Dat moat myn earste bierke west ha.
1972.
Krekt 18 jier.
Dat moat myn earste bierke west ha.
Tsjoch!
zondag 1 juni 2014
Fortarock
Je kinne net alles sjen. De earste twa al mist omdat de bus in oere te let wie omdat de Tomtom oer Zutphen wat oars sei as wat mooglik wie. Optredens sjoen fan:
Moonkings
Ghost
Skillet
Behemoth
Sabaton
Gojira
Alter Bridge
Graveyard
Slayer
Antrax
Iron Maiden
In hearlike dei ! Mei at ik dan dochs in top trije meitsje moat boppemjittich genoaten fan Sabaton, Graveyward, Slayer en Gojira
donderdag 29 mei 2014
Fan min nei moai
Himmelfeartsdei is foar Heech in topdei: Heechspanning. "Het straatfestival op Hemelvaartsdag" seit de webdside. Noch nea wie ik op himmelfeartsdei yn Heech. "In strjitfestival dat is neat foar mij", hold ik mij sels en oaren foar. Ik hie der nei al dy jierren wolris wat fan heard en hie mij der ek in byld bij makke.
In byld dat mij net oanstie.
Mar alles is oars at de Bruce Springsteen fan de famylje optrede moat op dizze frije tongersdeii. It wurdt ek oars at it wol reedlik fytswaar is en wij oars neat op it programma ha.
Net mei bysûnder hege ferwachtingen setten wij dus ôf. Dan kin it net ôffalle is de erfaring.
Ik moat sizze it oertrof alle ferwachtingen. Yn negative sin dan. Freeslik. Ik wie der al nei fjouwer minuten efter wêrom dit net leuk is. Fierstentefolle minsken yn te nauwe strjitsjes, lâns te lytse podia. It kaam allegear út. Bij muzyk stean te sjen slagget amper want der moat altiten wer immen lâns. En nea allinne, mar hiele famyljes.
Wij wiene it der gau oer iens dat dit in ferlerne middei wie sa. Heechspanning is in geweldich evenemint mar net foar ús.
It alternatyf dat leit miskien wol yn Boalsert. De stichting Bolsward Op Podium (BOP) hie yn it park wer it tradisjoniele festival en dêr soe in tribute Fleetwood Mac optrede.
Sa fytse wij tsjin fiven nei Boalsert en komme fan de hel yn de himmel. En dat past goed bij himmelfeartsdei.
Wat in romte, hiene wij ynienen yn dat prachtige park.
Bern dy't boartsje kinne (mei swimfesten om, want dêr is in pear jier lyn in jonkje ferdronken) , minsken dy't romte hawwe om te praten en wat ieterij wêr't je goed bij kinne. De biertinte hie it wat dreech ( de oanelkoar prater makke syn ekskuses ek al) , en dat hie ta gefolch dat der hiel wat lju efkes nei de Jumbo gyngen om mei pûden fol blikjes en sels kratten bier nei it park te gean. De Funky Five wie de earste band en dat wie prima hoewol it myn soarte muzyk net is. Tefolle getoeter!
Mar it optreden fan de Fleetwood Mac tribute band makke alle "lijen" fan de dei goed. Wat in hearlike sound brochten sij. Prachtich gitaarspul, sublym toetsewurk en goeie sjongerij, mei help fan bas en slachreau.
Alle tophits fan de band kamen foarbij en dat wie genietsjen. Sels it prachtige Need your love sa bad út harren Bluesperioade klonk as in klok. Tsjin achten fytsen wij lâns de Boalserttrekfeart wer nei hûs. Mei in hearlik Fleetwood Mac gefoel.
In byld dat mij net oanstie.
Mar alles is oars at de Bruce Springsteen fan de famylje optrede moat op dizze frije tongersdeii. It wurdt ek oars at it wol reedlik fytswaar is en wij oars neat op it programma ha.
Net mei bysûnder hege ferwachtingen setten wij dus ôf. Dan kin it net ôffalle is de erfaring.
Ik moat sizze it oertrof alle ferwachtingen. Yn negative sin dan. Freeslik. Ik wie der al nei fjouwer minuten efter wêrom dit net leuk is. Fierstentefolle minsken yn te nauwe strjitsjes, lâns te lytse podia. It kaam allegear út. Bij muzyk stean te sjen slagget amper want der moat altiten wer immen lâns. En nea allinne, mar hiele famyljes.
![]() |
| It optreden fan Martijn Kentie is it ienige wat ik sjoen ha |
![]() |
| en dat klonk goed dêr yn dat nauwe strjitsje |
![]() |
| sa hiene wij dochs noch wat leuks |
It alternatyf dat leit miskien wol yn Boalsert. De stichting Bolsward Op Podium (BOP) hie yn it park wer it tradisjoniele festival en dêr soe in tribute Fleetwood Mac optrede.
Sa fytse wij tsjin fiven nei Boalsert en komme fan de hel yn de himmel. En dat past goed bij himmelfeartsdei.
Wat in romte, hiene wij ynienen yn dat prachtige park.
Bern dy't boartsje kinne (mei swimfesten om, want dêr is in pear jier lyn in jonkje ferdronken) , minsken dy't romte hawwe om te praten en wat ieterij wêr't je goed bij kinne. De biertinte hie it wat dreech ( de oanelkoar prater makke syn ekskuses ek al) , en dat hie ta gefolch dat der hiel wat lju efkes nei de Jumbo gyngen om mei pûden fol blikjes en sels kratten bier nei it park te gean. De Funky Five wie de earste band en dat wie prima hoewol it myn soarte muzyk net is. Tefolle getoeter!
Mar it optreden fan de Fleetwood Mac tribute band makke alle "lijen" fan de dei goed. Wat in hearlike sound brochten sij. Prachtich gitaarspul, sublym toetsewurk en goeie sjongerij, mei help fan bas en slachreau.
Alle tophits fan de band kamen foarbij en dat wie genietsjen. Sels it prachtige Need your love sa bad út harren Bluesperioade klonk as in klok. Tsjin achten fytsen wij lâns de Boalserttrekfeart wer nei hûs. Mei in hearlik Fleetwood Mac gefoel.
Leaver net lisfytse
Yn Ljouwert is in lisfyts spesjaalsaak.
"Liever Ligfietsen"
Stiet oan it Zuiderplein.
Wat 15 jier lyn noch in takomst like te hawwen, hat it no net mear
De lisfyts hat it net oprêden
De lisfyts is hingjen bleaun yn it alternative sirkwy
in fyts foar loftsdraaiende joghurt iters op geitenwollesokken yn de sandalen
of in fyts foar hurdresers.
Jierrenlang hat de lisfyts fochten tsjin de foaroardielen
"pine yn'e nekke?
"min te sjen"?
"ûnhandich?"
"djoer?"
Foardielen dy naam men erchtinkend foar kundskip oan
"leit lekker!"
"goed foar de rêch!"
"aerodynamysker!
Men hearde ús net
De ferkeap fan lisfytsen groeit al jierren net mear.
De ferkeap rint hurd werom.
Elektrsyke fytsen binne der kommen
Net bij hûnderten mar bij miljoenen tagelyk.
Sûnder geswit 25 km per oere helje.
De lisfyts hat de striid definityf ferlern
Dêrom giet de lêste spesjaalsaak yn it noarden ticht.
It is spitich, mar it is net oars. It is it lot fan it produkt wat it krekt net helle hat.
Wêrom net?
Ik begryp der neat fan.
Wij binne noch bliid mei ús lisfytskes.
Abonneren op:
Posts (Atom)