"Hoe soesto der útsjen sûnder burd"
"Hasto dyn burd der wolris ôfhân"
Dat wurdt der wolris tsjin mij sein.
Suggestive fragen fan minsken dy't harren nocht hawwe fan myn burd.
Myn antwurden binne: "ik wit it net" en "nee"
Wêr't selfies hjoed de dei foar master opslaan moasten wij it earder dwaan mei wat baby foto's, in skoallefoto (mei oaren), "mei de nije fytsfoto's"en fierders neat.
Ferrassend wie it dan ek dat ik dizze wike in twiit krige út Sint Nyk.
Trije wurden:
"Aant sûnder burd"
Hiel aardich fan Rients Smeding (earder fan Wommels) dat hij dizze foto bewarre hat en mij dy tastjoerde.
Sûnder burd, mei lang hier, mar wat mij it measte opfoel is dat ik wat yn de hân haw.
1972.
Krekt 18 jier.
Dat moat myn earste bierke west ha.
1972.
Krekt 18 jier.
Dat moat myn earste bierke west ha.
Tsjoch!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten