woensdag 25 juni 2014

De trein


Wij sieten okkerdeis op de kamping ûnder of boppe Boazum.
It is mar krekt fanôf hokker side je dat besjen wolle.
Om de kamping te berikken moatte je oer in net bewaakte oergong.
Utsjen dus.
De trein giet fan Ljouwert nei Starum
of oarsom
Fanôf de kamping seagen wij de trein op sa'n 500 meter foarbijgean.
Wij hearden him net
wij seagen him gewoan alle kearen
hee, de trein wer....
in treine yn read en wite kleuren
Trij kear yn it oere sa wat
op freed alteast
Op sneon en snein en jûns
twa of ien kear yn it oere

In trein sa't in trein bedoeld is.
minsken fan A nei B bringe.
Fan Mantgum nei Molkwar
Fan Ljouwert nei Warkum
in trein sûnder haast
Tuft lekker rêstich troch ús moaie lânskip

De trein lâns Boazum
alle kearen wer in moai gesicht

De trein lâns Boazum
ek al sit er miskien mar ien yn
de masjinist

de trein moat altyd bliuwe
al is it mar om it lânskip yn beweging te setten

Wij hawwe gjin stoomtrein nedich
wij hawwe ús boemeltsje wol
Tusken Ljouwert en Starum


Geen opmerkingen: