Wij fytsten yn Frankryk troch talrike doarpkes.
Om ús Frânske útspraak wat te oefenjen, sprutsen wij ûnder it fytsen de meast rare wurden en plaknammen út. Sa as de namme op it boppesteande boerd.
Je sille it mar alle kearen opskriuwe moatte.
Wenje yn St. Quentin-La-Motte-Croix-au-Bailly.
Doe't ik dat seach, tocht ik oan Iens.
Iens, dat moaie lytse doarpke noardeastlik fan Wommels.
Gewoan Iens.
Fjouwer letters.
Dêrom stiet dizze wike Iens sintraal bij mij.
Wat mij Iens haw ik wol wat.
Iens dus, ek al binne jim it der net mei iens.
1 opmerking:
By tafal kaam ik op dizze side en ik fyn dat Aant der in soad wurk op ferset.In dikke plûm.
Wat ik wol in bytsje nuver fyn is,dat aa jo reagearje wolle dat dan dy side yn it Nederlânsk is.
Kin eltsenien op dizze blogger in reaksje pleatse mei foto's
jangerben.
Een reactie posten