woensdag 18 juni 2014

Tichtbij

Je hoege de wrâld net út om der in moai wykein fan de meitsjen. Foar de alfde kear hiene wij it Holtrop famyljewykein.
11 kear hawwe wij in kamping útsocht. De lêste jierren ien dy't frij is fan oare gasten.
Sa'n wykein dat wolle wij oaren net oandwaan.
In kamping mei sa'n 10 oant 15 plakken sykje is de earste klus.
Dat slagget de kommisje alle jierren wer
Sa kamen wij yn Hoogersmilde, Riis,  Formerum, Bloksyl, Fochteloo, Boertange, Jobbegea, Vledderveen, Dronten (2 kear) en no bij Boazum.
Boazum?  Ja dus.
Tichterbij kin foar ús hast net.
Tongersdeitejûns begjint it al. De legertinte dy't ús allegear plak biede kin en de biertap wurde te plak brocht. De tinte kin moai efkes útwaaie nei in jier rêst en de fetsjes bier kinne ta rêst komme om freed net allegear skom te happen.
Freed komme se oeral wei. Tinten, sleurhutten, optearsleurhutten en kampearweinen sykje plak.
It fuotfolleybal fjild wurdt oanlein en it kin begjinne.
Simpele formule. Net seure, lekker bijprate, bijdrinke en bijsjonge. Want twa muzikanten en in hiel grut koar soargje foar de muzikale noaten.
Dat koar hâldt meast tsjin ienen nachts op, de muzikanten geane dan noch troch.
It Wk op freedtejûn?
Gjin probleem. De iene nimt digitenne mei, de oare in beamer en wer in oaren komt mei instrak skerm.
Oranje bringt de stimming der aardich yn. It earste fet is samar leech yn de twadde helte.
Der hoecht neat sokke dagen, der mei fan alles: omhingje, wat sporte, mei de famylje en mei de geit prate, wat drinke, de geit fersette, nei de mummies (deade boel), nei de stêd of nei in eksposysje.
It is sokke dagen ek in kommen en gean fan minsken, want efkes wurkje, efkes kuorkebalje yn de Pein, efkes nei hús, it kin allegear.
Op sneon goed 4 oere it hichtepunt wêr't elkenien bij hopet te wêzen.
The Pitbrothers komme mei in ferrassend lekkere barbekjoe.
Sneins is it wer dien.
Dan is it in saak fan opromje
Wij krigen sa'n 300 foto's fan ús fêste fotograven yn de famylje en der steane allinne mar fleurige minsken op. En in mankelike geit.
Wat wolle je ek mei sok  moai kamping waar, mei safolle aardige minsken, mei sok lekker bier, mei sa'n wetterryksportfjildsje, mei sokke hearlike muzyk, en mei lekker fleis op in prachtige boerekamping yn de buert fan Boazum.
Der koene 65 minsken komme, der binne 62 west..... fan 4 wiken âld oant 67 jier  ta
de opperbaas fan de kamping hold wat tafersjoch

Martijn Kentie en Tjeerd Abma...beide bekend fan harren optredens

it is sneontemiddei in oere as 5

de Pitbrothers binne der mei harren "izeren lûkbealch"

De pakes moasten op de foto mei de pakesizzers en dat foel net ta, it wie hâlden en kearen

mei man en macht wurdt de legertinte wer oprolle ûnder tafersjoch fan ........

Oant takem jier



Geen opmerkingen: