woensdag 16 juli 2014

Sipke Stapert

In grut part fan myn jeugd spile him ôf op de Hofkamp en de Molewâl yn Wommels. Krekt dêr tuskenyn leit de Doctor Sipcke Stapertstrjitte. Yn de folksmûle  hjit it mear de Sipke Stapert.
Nei wa is dy strjitte neamd? 
It boek Minskestriid Minskelibben (1970) fan Marten de Boer: skriuwt der dit oer:
"Op dat selde Stapertstate waerd yn 1515 in tige forneamd man bern: Sipke Stapert. Hij wie forneamd om syn geleardens en doe't it sa fier wie, waerd it tiid om syn namme yn it Latyn to skriuwen. Hij makke der Cyprianus Stapert fan en dat stie tige deftich. Hij waerd ek Vomelius neamd, de Latynske foarm fan Wommels. Yn it stêdtsje Ments waerd hij leraer yn de rjochten.
Karel V hearde ek fan him en bineamde him ta"palatynschen graaf en Bijzitter der Keizerlijke kamer". Op 68 jierrige leeftyd ferstoar hij to Spiers.



De doctor Sipke Stapertstrjitte is yn de 60 jier aarchich feroare.  De beukerskoalle stie oan it begjin oofts en  en Hommema in bedriuw yn bliksumôflieders stie foaroan rjochts. Dy terreinen binne no beide opfuld mei hûzen.

It lêste part fan it "lange"stik is net echt feroare. De huzen binne wat opkreaze hjir en dêr en it binne foaral de parkearde auto's dy't it byld fulle.

Foarhinne wie hjir in rûntsje en it rûn it dea.

No is der in mooglikheid om op de fyts en rinde oansluting te finen mei de Hofkamp.


It brêgje dat de ferbining makket mei de Molewâl is der al hiel lang. It Staperthout is der kommen yn de tiid dat wij in oanatl jierren op de Molewâl wennen. Ik skat fan 1964.



Geen opmerkingen: