donderdag 29 mei 2014

Fan min nei moai

Himmelfeartsdei is foar Heech in topdei: Heechspanning. "Het straatfestival op Hemelvaartsdag" seit de webdside. Noch nea wie ik op himmelfeartsdei yn Heech. "In strjitfestival dat is neat foar mij", hold ik mij sels en oaren foar. Ik hie der nei al dy jierren wolris wat fan heard en hie mij der ek in byld bij makke.
In byld dat mij net oanstie.
Mar alles is oars at de Bruce Springsteen fan de famylje optrede moat op dizze frije tongersdeii. It wurdt ek oars at it wol reedlik fytswaar is en wij oars neat op it programma ha.
Net mei bysûnder hege ferwachtingen setten wij dus ôf. Dan kin it net ôffalle is de erfaring.

Ik moat sizze it oertrof alle ferwachtingen. Yn negative sin dan. Freeslik. Ik wie der al nei fjouwer minuten efter wêrom dit net leuk is. Fierstentefolle minsken yn te nauwe strjitsjes, lâns te lytse podia. It kaam allegear út.  Bij muzyk stean te sjen slagget amper want der moat altiten wer immen lâns. En nea allinne, mar hiele famyljes.

It optreden fan Martijn  Kentie is it ienige wat ik sjoen ha

en dat klonk goed dêr yn dat nauwe strjitsje

sa hiene wij dochs noch wat leuks
Wij wiene it der gau oer iens dat dit in ferlerne middei wie sa. Heechspanning is in geweldich evenemint mar net foar ús.
It alternatyf dat leit miskien wol yn Boalsert.  De stichting Bolsward Op Podium (BOP) hie yn it park wer   it tradisjoniele festival en dêr soe in tribute Fleetwood Mac optrede.
Sa fytse wij tsjin fiven nei Boalsert en komme fan de hel yn de himmel. En dat past goed bij himmelfeartsdei.
Wat in romte, hiene wij  ynienen yn dat prachtige park.
Bern dy't boartsje kinne (mei swimfesten om, want dêr is in pear jier lyn in jonkje ferdronken) , minsken dy't romte hawwe om te praten en wat ieterij wêr't je goed bij kinne. De biertinte hie it wat dreech ( de oanelkoar prater makke syn ekskuses ek al) , en dat hie ta gefolch dat der hiel wat lju efkes nei de Jumbo gyngen om mei pûden fol blikjes en sels kratten bier nei it park te gean. De Funky Five wie de earste band en dat wie prima hoewol it myn soarte muzyk net is. Tefolle getoeter!

 Mar it optreden fan de Fleetwood Mac tribute band makke alle "lijen" fan de dei goed. Wat in hearlike sound brochten sij. Prachtich gitaarspul, sublym toetsewurk en goeie sjongerij, mei help fan bas en slachreau.
Alle tophits fan de band kamen foarbij en dat wie genietsjen. Sels it prachtige Need your love sa bad út harren Bluesperioade klonk as in klok.  Tsjin achten fytsen wij lâns de Boalserttrekfeart wer nei hûs.  Mei in hearlik Fleetwood Mac gefoel.




Geen opmerkingen: