Dizze skiere foto seit alles fan de tastân fan de diken en de paden hjoed.
Tusken Turns en Reahûs in beton reed, mei lofts de farske opwaaide snie, mei yn it midden de fêstferzen rommel fan ferline wike en lofts in reedlik begeanber paad.
Selden meinmakke dat de tastân fan it paad fan Snits nei Wommels sa ferskillend wie.
Sniedûnen, moai skjinne stikken, iispaden, gefaarlike richels, libbensgefaarlike brêchjes, iis en losse snie.
1 opmerking:
Sa lang ast do mar net op ûnbetrouwbaar iis weagest, dan moatte de help tsjinsten optrommelt wurde, en neffens Jan Oostenbrug moast do it dan yn koarten sels betelje....
Een reactie posten